maandag 27 november 2017

Ad yn Max




Plak fan hanneling: Starum
Tiid fan barren: sneontemiddei 16.00 oere

Foar de twadde kear dêr
en foar de fjirde kear totaal
seach ik in optreden fan Ad Vanderveen

Foar it grutte publyk in ûnbekende
foar de kenners "goud"

It is wer in bysûnder moai optreden
fan Ad en Kersten en in trijetal muzikanten
yn in húskeamersetting yn kafee Max

It is altyd wer oars bij Ad en Kersten.
No mei in trombonespiler
foar  gefoelige muzikale oanfullingen,

mei de man op de steande bas,
as moaie basis,

en mei in toetsenist en akkordeonspiler
dy't blyn is
dy't prachtich en mei safolle passy spilet
dat it in lust is om dêr nei te sjen......

Kafee Max bestiet 100 jier
en dit is sa'n bytsje harren feessie.

Sa'n 50 minsken
yn it sfearfolle kafee,
binne nei twa optredens optein
en freegje net om mear.....
it hat moai west....it is genôch

mar de oanfulling,
krije wij wol
Ad en Kersten sjonge foar it poadium
noch efkes "If I needed you...."

ûngefear sa as op dit klipke,
mar dan noch folle moaier....
en tusken de minsken yn......
einepikefel





Ek spilen sij dit nûmer mei dy prachtige tekst oer âld wurde




vrijdag 24 november 2017

Hûnderttûzen

100.000 pageviews
op myn bloch "datfynik"
dat krige ik dizze wike troch.

100.000
dat is dochs in aardich getal
en dat yn hast 10 jier tiid.

23 desimber 2007 begong it
mei it stik It begjin
it hoe en werom wurdt dúdlik oanjûn,
sjoch ik no

Dêrnei haw ik 1500
stikjes skreaun
(dit is 1502)

wat foaral opfalt
en wat mij ek wol goed docht,
al hoe tryst de oanlieding ek is,
is it feit dat de stikken
"Ta oantinken fan"
in protte lêzen wurde
en wurdearre wurde.










Sûkerbiten

Nei twa dagen rein,
op moandei en tiisdei,
is it woansdei wer fytswaar.

Feitlik is it waar
dat tige geskikt is foar in fyts
mei wat elektryske help

Foaral at je de Bildthoeke as doel ha....

It wie dus in hiele traap
op ús gewoane fytsen

mar wol moai...
fytse
tusken al dy bulten sûkerbiten
dy't wachtsje op in oprop
fan de sûkerbitenfabryk









Der wiene noch in pear doarpkes
dy't ik miste dêr op myn AFDFT2017...

Wier,
Furdgum
Westhoek
Nij Altoenae

kin ik ek ôfstreepje

Noch 26 te gean...

woensdag 22 november 2017

Lekker ite


1978

Dat is it moaie fan JoeTjoep,
alle dagen wer nije filmkes.
Ek út eardere  tiden
doe't er noch hielendal gjin ynternet wie

Dizze is fan 1978
Bob Dylan yn de Kuip

it earste stadion konsert dêr
en tagelyk
myn earste grutte konsert



dinsdag 21 november 2017

In lêste groet.......

Hjoed
op dizze reinige tryste dei,
stie Ate foar it lêst stil
op de brêge fan Wommels

in moai gebaar fan de famylje
foardat de de lêste rit makke waard
nei Marssum

Mei lieten fan
Freek de Jonge,
Neil Young,
the Rolling Stones
en Wat de toekomst brenge moge
namen wij muzikaal ôfskie fan
ús aller freon Ate

Myn lêste muzikale groet oan Ate
komt út de mûle fan Cuby,,,,,,




donderdag 16 november 2017

Ate Vellinga

"Hast al heard dat Ate stoarn is"
freget myn broer fia de tillefoan..

Ik skrik....Ate...wat freeslik
hear ik my sizzen..

Ate kin ik al
fan de Herfoarme leger skoalle
yn Wommels
wêr't hij in klasse heger siet

wij fuotballen,
wij keatsten
wij potbaanden
wij beltsjedrukten
sa't jonges fan ûngefear
deselde leeftyd dogge

op de Mulo
bleau Ate mij ek foar

de Mulotiid en dêrnei
wie de tiid fan útgean.
wat Ate en ik dielden
wie de muzyk.
net samar earne hinne
mar doelbewust:
om de muzyk:
BZN (de hurde),
Hobo Stringband,
CCC Inc.
Cuby......

sa fûnen wij beide ús paad,
op syk nei wurk
op syk nei de leafde
en op wei nei folwûksenheid

wij wiene jierren op paad
nei it betelle fuotbal
nei útwedstriden fan sc Hearrenfean

ús mategroepke hâldt stân
ek at de earsten ferkearing hawwe,
en de earsten bern krije



wij kaarte,
wij sporte,
wij fytse
wij libje ....

Moaie herinneringen oan Ate
dy't fol belangstelling bleau
foar it gesinslibben fan ús allegear
wylst hij sels gjin relaasje hie

de jierren gean foarbij
en Ate tref ik no yn it doarp,
bij de brêge
bij it fuotbaljen
bij de muzyk
bij ús thús at hij komt om fuotbaljen te sjen

wer letter
as frijgesel
treft hij wer oare maten,
freonen dy't mei him út gean
dy't wat op him passe

muzyk,
dat wie syn passy
dêr rekke hij net oer útpraten
dêr mocht hij graach hinne
en the Rolling Stones
wiene syn  favoriten


Ate

ik sjoch him noch stean
dêr yn Eindhoven
mei de Fryske flagge en syn reade mûtse
op dy ferware foto
bij in wedstriid fan Eindhoven- sc Heerenveen

Ate

ik sjoch him noch stean
op ús trouerij
yn syn liende pak
en  op klompen
en foaral mei in soad wille

Ate

ik sjoch him noch sitten
nei de alvestêdentocht
dy't hij yn 1978 gewoan útfytste


Ate

ik sjoch ús noch sitten yn de Kuip
yn de rein yn 1978
at Bob Dylan yn de fierte optreedt


Ate

ik sjoch him noch stean
foar de Jimbar
tidens de liftwedstriid yn 2005
want liftsje dat koe hij as de beste,
sei er sels

Ate

ik sjoch him noch stean bij de brêge
plichtsgetrou
mei de klomp it jild binnenhelje,
it skrift bijwurkje
en dêrnei altyd yn foar in praatsje
oer fuotbal, oer muzyk
oer him, oer mij.

Ate'
ik hear him noch praten
oer de muzyk, oer de gitaren,
yn de auto yn 2011
mei Elly oan it stjoer
en Ype, Lolke, Jehannes, Ate en ik efteryn
nei it konsert fan Ten Years After
yn it Bolwurk yn Snits

Ate
ik sjoch him noch sitten
op it Greidhoekfestival yn Wommels,
at it rinnen en stean net mear sa goed giet
en hij syn stoel meisleept
nei de oare tinte
foar wer in nije ferrassing

Ate

ik sjoch him noch stean bij SDS
op de ferneamde Bunnikside
tsjin it boerd oan fan de LC

en sa binne der oaren
dy't oare herinnerings hawwe oan Ate
miskien wol
bij it iishockey fan Feenstra Flijers
bij it froulju's fuotbal bij SDS
bij it biljerten
bij it .......

Dy Ate
dy is der net mear
65 jier âld
stoarn yn Drachten..

Ate
grut respekt hie ik foar him;
hoe't hij omgie
mei al syn tsjinslaggen
mei al syn teloarstellingen
en mei syn ôftakeling

mar altiten
belangstellend
optimistysk en freonlik

Ate is stoarn
"fijne Ate: seine wij faak
stoarn
samar
ik skrok mij "dea....."


Bierpriuwe

"Wat wolst op de jierdei"
freegje se meast rom op tiid..
"dochs mar in spesjaal bierke"
sis ik dan.

en sa drink ik faak
bijsûndere bierkes,
krigen of sels kocht.

In treffen mei in biertroebadoer yn de Jumbo
koe ik fansels net misse,
omdat it oer spesjaal bier gie..



Yn it gongpaad fan de koekjes, de kofje en de tee
















stie it allegear klear....
de om oandacht razende etiketten
fan it spesjaal bier



in muzikale boel ek noch



Wij moasten it bier
ynskinke,
besjen
berûke
bekletse
en priuwe
en dat allegear ûnder lieding fan biertroebadoer Jan Nota út Peinjum


Bierkes oeral wei
út Nederlân

út Dútslân in dûbele of in triple

út eigen provinsje:


it wie in fermaak en it goede fan it libben



Cornet ...in pracht bierke


i
t moaiste fleske: Fries Helden Stout



 En Jan,
dy fetelde oer bier
en song
oer froulju
mar foaral ek oer bier


In wie in prachtige jûn
Hallo Jumbo!

Wommels

Ut de Ljouwerter Krante
fan earder 
in pear artikeltsjes
om efkes wer wat herinneringen op te heljen



It strontprojekt fan Ids Willemsma dat ek in pear wiken op de Terp yn Wommels lei


1964, doe wie dit in hiel gefaarlik punt.
Der wie minder ferkear as no
mar it útsicht yn de bocht bij de brêge
rjochting de Terp wie dramatysk min.....



dinsdag 14 november 2017

It falt net ta




It is wat 
âld wurde meie,
it falt net ta;

se sitte dúdlik yn de hoeke
wêr't de klappen falle

Geastlik of lichaamlik lijen
geane somtiden hân yn hân

it tinken wurdt wat ferjitlik
en in fal leit op de loer

falle,
dat mei net mear sa faak;
tehúzen jouwe boetes
at je te folle falle

dus.. in gat yn de merke





En sa wurde de âldtsjes twongen
om djoere kursussen te folgjen
yn sportskoallen

leare om te fallen......
om foar te kommen dat je wat brekke


soe oars ek wol wat wêze 
foar de besitters fan de nije I-Phone
sa'n falkursus mei as doel de snútfoan hiel te hâlden
want dy brekt gelyk midstwa
bij de earste de beste fal


 in fjoerwapenferbot yn Amearika
dat soe oars ek wol wat wêze
dan falle dêr fêst minder deaden

en fierders:

falle de mosken noch net fan it dak

is it kwartsje bij mei noch net fallen

fal ik oer sokke berjochten

lit ik miskien wol in stek falle

bin ik net op myn efterholle fallen

fal ik miskien wol út de toan


zondag 12 november 2017

Ferkiezingsritsje

Sneintemoarn, suterich waar...
fytse?
dat heart der oars wol bij op sneintemoarn

in ferkiezingsritsje miskien?






nee, net elektrysk
mei in Stella
mar gewoan op eigen krêft




Ik sjoch nochtis nei de loften,
en beslút
in CDA ritsje te meitsjen











Efter Kûbaard slacht de twivel ta
mar it boerd fan de Christen Unie
skuort mij troch alle twivel hinne



Ik kom droech thús
en bin wat in FNP-er is
op syn eigen omjouwing




vrijdag 10 november 2017

Bolwerk yn Snits

Poppoadia yn Fryslân,
ik bin der gek op.
Asteriks,
Neushoorn.
Iduna en
it Bolwerk yn Snits

Oer it Bolwerk,
dêr't wol in goeie programmearing is,
seur ik faak.

Oer de waarmte
oer de minsken dy't dêr te folle prate
en te min nei de muzyk harkje,
oer it lûd dat net oeral like goed is
en oer dy freeslike boksen
dy't de helte fan it sicht op it poadium fuortnimme

dêrom is dit goed nijs
hiel goed nijs

ik hoop dat it 9 desimber klear is
bij Purperdicular