vrijdag 30 maart 2018

Argewaasje




Yn de LC dizze wike
in opiny stik oer de âlderen,
oer de ferfelende, yrritante âlderen
kin ik better sizze.

Oer ús dus
oer mij

"Met z'n tweeën naast elkaar blijven fietsen"
dy sin,
dêr giet it hjir oer

As "fytser fan al den dei"
haw ik dêr ek in soad argewaasje oer:
dy twa E-bike fytsers op leeftyd
rjocht op, kop omheech
en de gong der yn
neist elkoar.

Gjin muoite nimmend oan
efkes gas werom te nimmen,
op in fytspaad dat foar trije op in rige
in te krappe bedoening is

Sij sille wol prottelje
at se mij tsjin komme:
dy giet ek net oan de kant.

Nee dat klopt.
gean sels mar efterelkoar fytsen

en sa klopt it byld,
It iene âldsje hat argewaasje oan de oare
en de oare oan de iene......

âldstjes op de dyk?
allegear argewaasje




donderdag 29 maart 2018

Rûntsje Frysman



Dizze prachtige fytsroute
kin ik jim oanbefele:
It fytsrûntsje fan de Frysman,
de triatlon dy't dit jier op snein 24 juny holden wurdt
fanof de lokaasje Reaklif.

In rûntsje fan 45 kilometer
dat dy atleten 4 kear fytse moatte
wij mar ien kear...

Wij starten yn Riis en fytsten "omstekeard"


Hotel Jans..... mei dêr efter de teatertún

Bij Himmelum binne se dwaande mei de rûnwei

It sicht op it gemaal fan Starum

Bij it Reaklif de Frysman lokaasje ..no in keal kampke lân
De earste Dútske peasketoeristen troffen it mar op Laaksum

it laam kaam krekt út it skiep wei

sûnder dat de boer der bij wie.....

hoeke bij Laaksum

ticht bij de Iselmar efter Aldemardum en Nijemardum

sicht op de wynmûnen dy't Lemmer mei Urk ferbynt..

It "oer de" Seedyk kiekje

Gitaarke slaan




Op dit stuit dwaande
yn Jimi Hendrix;
in kleurryk boek
fan in kleurrike gitarist
yn de jierren 60

Hij stie bekend
krekt as Peter Towsend fan the Who
om it stikken slaan fan de gitaar
bij it lêste nûmer 
(mei ik hoopje)

In fermaaklike anekdoate,
doe't the Who en Jimi Hendrix Expierence
op it seld festival optrede soene



woensdag 28 maart 2018

Dinky toys


Trije fan ús pakesizzers binne jonges,
ien dêrfan is noch te lyts
om mei auto's te boartsjen.

De twa, Roan en Samme
meie graach mei auto's boartsje.

Doe't ik dat fannewike wer seach
en de tafel folset waard mei auto's
tocht ik wer oan myn bernejierren

thús wiene der allinne mar jonges
dus auto's wie it boartersguod.

ik wie in echte Dinky toys-auto-boarter,
sa stiet mij bij.
dy izeren auto's op in skaal fan 1:43,
dy auto's fan izers,
dy auto's sûnder gelûd
en sûnder ljochtjes
sûnder oandriuwing
de auto's dy't net stikken koene

efkes sykje op ynternet
mei help fan myn herinnering
kom ik de modellen tsjin
dy't wij hiene begjin jierren 60















donderdag 22 maart 2018

Nyck





Samme hat in bruorke,
de flagge kin út
mei in blauwe ballon


Nyck is 20 maart berne

bylden sprekke fansels:
in grutske pake Aant en beppe Jellie


woensdag 21 maart 2018

In mearke

It moat in mearke west ha
foar 4 jonge knapen út Michigan
om foar it earst op toernee te gean nei Europa
en te spyljen yn oeral útferkochte sealen

In mearke dat ik meimakke
wie yn Doornroosje,
in prachtige popseal yn Nijmegen

Tiisdei 20 maart
in dei dy't al geweldich begong
omdat ik foar de fjirde kear pake waard
en in moai ferfolch krige
yn Nijmegen.


Mei Mooon (echt mei trije O's)
in trijemansformaasje yn it foarprogramma,
wie neat mis.
lekkere sang, moaie nûmers  en in prima sologitarist

Oer Greta van Fleet
de sprookjesband
wiene de mieningen nei de tiid ferdield.


It wie net ferkeard,
de gitaar jankte hearlik
de bas en de drums soargen foar in goed ritme
it hammond oargel klonk as fanâlds
de nûmers joegen in lekker sound
mar de krêft en tagelyk de swakte fan de band
is de stim fan de sjonger...

dy kin best wol ris begjinne te ferfelen....
wat skreauwerich en at it lûd net hielendal goed ôfsteld stiet
dan begryp ik dat sommige minsken
nei in pear nûmers wat nei efteren of de bar skowe.

stimbehearsking is miskien in oandachtspuntsje
foar de sjonger
lykas syn presintaasje
dêr moat de ferbazing en it ferlegene der noch wol efkes ôf
om de oandacht fan in grutte tinte op Pinkpop te krijen en te hâlden

Ik wie noch neat yn Doornroosje
en dat is spitich.
want it is in moaie en gesellige popseal
bij it stasjon yn Nijmegen







maandag 19 maart 2018

Doede

Butenstaanders
it muzykprogramma fan Doede Bleeker
op tiisdeitejûn op omrop Súdwest
wie foar mij fêste prik.

Oan't ferline wike...

Fannemoarn betiid opskrikt troch
de wurden "RIP Doede Bleeker...."

Tragysk, 65 jier
en hij fielde foar mij as in muzykfreon.

Op tiisdeitejûn:
hij efter de mikrofoan
en ik thús bij de radio of kompjoeter

"Noch even in plaatsje fan Cobra
spesjaal foar Aant út Wommels
want ik weet dat dy dit in geweldich nummer vindt,
en ik ook"
Ik hearde it him meardere kearen per jier sizzen.

Doede, draaide prachtige muzyk út eigen kolleksje,
fan the Outsiders, Bruce, Eaglesmith, Tom Russell
fan the Bintangs, the Dubliners en John Prine
fan Sandy Coast, fan Boudewijn de Groot en Advanderveen

ik sil him misse op dy tiisdetejûnen

Ik sil him ek misse bij de optredens fan de Bintangs
of bij dy fan Ad Vanderveen,
wêr't ik him de lêste kear yn desimber 2017 troffen ha
yn kafee Max yn Starum,
doe't hij de iepening die


Foto makke yn 2017 yn Starum troch Maikel Galama fan Warkum
Doede,
ik sil him misse
at wij troch Starum fytse:
en gjin fiskje mear helje kinne bij him.

Moaie herinneringen oan Doede.

Bin bliid mei syn lêste CD
"Omarmd op Texel"
in prachtige CD
mei libbenslieten



Spesjaal foar dij Doede
Cobra . the war will soon be over my love
draai ik him no foar dij .......



zondag 18 maart 2018

Ungemakken

Data, se binnesa wichtich
om in goed byld te krijen fan bepaalde saken

Begrippen as, "in hiel soad",
in ferrekt lyts bytsje
dêr kin ik neat mei.

Moai is dan ek dat de registraasje en publikaasje
fan de ferkearsûngelokken
no realisearre is

In nijsgjirrige wepside
wêrbij je mei filters
goed yn byld krije kinne wat je witte wolle

Nim no de omjouwing fan Wommels

Dizze kaart is fan 10 jier oanr en mei 31-12-2016
Blau is ûngemak sûnder deaden of ferwûnen
Giel is gjin deaden mar wol letsel
Read is in deadlik ûngemak


Dit binne de gegevens fan de lêste twa jier.


Sjoch hjir foar it hiele lân en mei wat geknutsel,
kinne je sels opsykje wat je witte wolle

vrijdag 16 maart 2018

Lêst maklik fuort ?



At ik in boek út ha,
gean ik noch wolris op syk nei in resinsje.
Wol nijsgjirrich om te sjen
wat oaren der fan fine.

Sa ek mei dit boek.
Ik kaam der twa tsjin:

"goed boek, leest makkelijk weg"
seit de iene
"Prima boek om in je vakantiebagage mee te nemen. Leest makkelijk weg!"
seit de oare

Ik waard er suver tryst fan
at dit yntryste boek dizze omskriuwing krijt

selden in boek lêzen
dat safolle stof joech ta neitinken
oer geheimen fan minsken
oer it tafal
oer in beslissing mei grutte gefolgen
oer leafde
oer fertriet
ja oer it libben
sa't je dat net ha wolle

"leest makkelijk weg"
dat jildt net foar mij...

"In boek mei djipgong oer it libben
wêr't karakters fan minsken sa goed del set binne
dat ik mij suver in ûnderdiel fielde fan dy mienskip
en wêr't ik te dwaan hie mei it lijen, it geweld, it fertriet,
ja sis mar alle ellinde dy't er wêze kin.

Ik hoopje net dat ik sa'n boek mei nim
op fakânsje....
it soe de fleur wat fuortnimme



woensdag 14 maart 2018

Myn generaasje




Pop Pioniers is de titel fan in muzykboek.
In prachtich boek, kin ik wol sizze.

Moaie ferhalen oer de begjinjierren fan de beat,
de jierren 60,
mei de opkomst fan de podia en de festivals.

It wie in genot om te lêzen
ûnder oaren oer My generation fan The Who








maandag 12 maart 2018

Hieslum

It is wer moandei
it begjin fan de wike
mei nije doelen

Kertier foar achten op it sadel
en rjochting it Iselmar

Eksmoarre, Allingawier Skuzum,
Piaam, Gaast, Ferwâlde
Parregea, Dedzjum
en Hieslum

Dêr komme je net alle dagen
dêr moat je foar opfytse

Tiid nommen foar wat foto's

bij it tsjerkhôf









in opkreaze pleatst hast tsjin it tsjerkhôf oan


Moaie tekst: foar minsken mei mooglikheden   

yn 'e lijte fan de pleats

En dan te betinken dat er ek noch in kamping en in fleanfjild foar modelfleantúchjes is


Stimme

Op 21 maart meie wij stimme,
sa lit de fierstentegrutte gemeente mij witte.
Net foar in nije gemeenterie mar foar "het raadgevend referendum"


Ik haw gjin idee wêr't it oer giet
en de gemeente hat gjin sin om dat te fertellen:
sykje it mar lekker út op de wepside,
dat sizze se yn de brief dy't der bij levere wurdt.

Ik haw in poging dien,
mar nei 9 klikken op ynternet
noch gjin dúdlikheid

at de gemeente it net nedich fynt
om mij wat mear te fertellen
dan fyn ik it net nedich om te stimmen.

ik ferwachtsje dat de wrâld net gelyk fergiet
at ik net stim


donderdag 8 maart 2018

Wite fyts




"Pop pioniers", is in prachtich boek
fan Tom Steenbergen
oer de jierren 60.

moaie beskriuwingen,
moaie herinneringen en prachtige foto's

It boppesteande stikje giet oer 1967
at de provo's mei harren plan komme
oer de wite fytsen yn Amsterdam

It komt net echt fan de grûn
en dy foarige iuw

De lêste 5 jier is dat wol oars wurden,
gjin wite fytsen
mar wol lienfytsen
yn allegear hippe kleuren

Tûzenden fytsen, f
oaral út Sjina
wurde der "dropt"yn grutte stêden,
lykas Amsterdam

Sa gek wie it idee noch net fan dy wite fytsen yn 1967