vrijdag 29 juni 2012

Pearl Jam: Machtich

Wat in moaie jûn yn it Ziggo Dome yn Amsterdam mei Pearl Jam. Ofrûne tiisdei wiene wij der bij doe't de nije muzyktimpel echt doopt waard. Marco Borsato hie it aldernijste der ôfhelle, mar no wie it tiid foar 15.000 útsinnige Pearl Jam fans. Foar de tolfde kear spilen se yn Nederlân,
Wij stiene miskien wol 100 meter fan it poadium ô mar krigen like goed de folle laach fan dy fantastyske band. De stullen op de tribues koene der wol mei want der wie net in minsk dy't sitten bliuwe koe.
Hast twa en heale oere rock sa't it bedoeld wie. 




 Mei in moaie setlist. Hoewol dy fan woansdei doe't se harren twadde konsert dêr joegen, wie ek net min. En dy op Rock Werchter dit wykein sil ek net ferkeard wêze. Mei soarch wurdt alle kearen in ferrassing foartovere. 


En wij wiene net de ienige dy dit geweldich fûnen. Sjoch hjir
Dêrom freedtejûn dizze livestream sjen en heare fan Rock Werchter








zaterdag 23 juni 2012

Freedtejûns is der it poadium Asteriks yn Ljouwert. Yn de âlde finzenis de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Op him sels is it al moai om dêr binnen te stappen. Der giet in wrâld foar je iepen. It libbet dêr oan alle hoeken en hennen mar it it strielt noch altyd in finzenis út. Hege en griisgiele muorren, stevige doarren en de selblokken.
Freedtejûn wie der in hardrockjûn en it like mij goed om myn âldste swarte teasjurt oan te lûken en myn kisjes oan te dwaan om mij ris in jûn yn de hurde rock sfear te bejaan.
Sa moai, dat der in bus riidt nei Ljouwert en nei 10 minuten rinnen, gean ik de poarte troch en sykje myn wei lâns binnenplakken, gongen en treppens. Earne dêr boppe is de seal en it is der swart fan de minsken. Net omdat it fol is mar omdat swart de oanklaaikoade liket te wêzen.
It programma is djippe, swiere rock. Trije groepen mar leafst en dat betsjut avenseare. Want om 23.15 oere is it dien. In fêste eintiid haw ik begrepen en dat is prima, want om 23.30 giet de lêste bus nei Wommels.
All Systems Go is de groep wêr't it om giet. Sij komme suver wat oan de lette kant oan, sjoch ik op twitter en sij hawwe hast gjin tiid om ta te rieden. Nei de twadde groep fluch de eigen ynstruminten it poadium op en dan giet it krekt foar healwei âlven oan. It is lûd, it is ferskuorrend lûd, mar it bringt de sfear krekt net. De setlist wurdt ôfraffele, der is gjin tiid om wat op te bouwen mei it publyk en dat brekt harren him om 23.10 oere op at se it poadium ôfgean omdat de tiid der op sit.
Lau hantsjeklap (miskien wolle wij wol mear) komme se noch werom foar de útsetter.
Dan is it ek 23.15 oere. Dien dus.
In lyts kertierke letter sit ik yn de bus en midsnacht bin ik wer thús mei sûzjende earen mar in goed gefoel nei safolle stoner-, metal- en hardrock.
Oh ja, it kost dêr mar 5 euro yntree en de bierglêzen sitte goed fol.
Nei wike Serveert Betty dêr.

zondag 17 juni 2012

De dei nei

De Slachte wie hjoed hielendal wer foar mij allinne. No ja, op fiif fytsers en in rinner nei. In hearlike rêst sa as altyd, útsein juster. Juster hiene sa'n 15000 rinners en kuierders besit naam fan "myn" stikje dyk.  Fannemoarn efkes lekker fytst tusken kilometer 20 en kilometer 8.


Bij kilometer 20 de oase fan Wommels. Neist de tinte, de húskes stiene der noch wat auto's dy't stean bleaun binnen nei Slachtepop.

Foar wa't it net sjoen hat juster, mar wat oandacht freegje foar dit boerd. Oandacht foar it swimbad mar mear noch foar it Greidhoekfestival. In hiele goeie reden om op 15 septimber nei Wommels te kommen.


 De Nije Kromme leit der op kilometer 19 rêstich bij. Alle boaten dy't dêr juster leine hawwe al wer in oar plak socht.

Ien fan de Rabo banken op tusken de 18 en de 19. In fleurich gehiel.

It sirkus op de Kliuw wie noch yn djippe rêst fannemoarn.

It is geweldich om te sjen, hoe skjin it der allegear hinne leit nei juster. Ik haw gjin rotsoai sjoen. Ik soe hast sizze om mij meie se dit prachtige stikje dyk oer 4 jier wol wer in dei brûke.

Ek dan wol ik best wer wat iten en drinken oanjaan op kilometer 17 oan Tsjeard en Berber tidens de slachterin en kofje mei in broadsje helje foar Jellie op kilometer 20 tidens de kuiertocht.

vrijdag 15 juni 2012

It einpikefelmomint fan dit EK

Ieren, in machtich folk.
Harren muzyk, harren guiness, harren lân it luts ús trije kear nei Ierlân ta. Op de fyts, mei de hynderkarre, liftsjend en mei de auto.
De Ieren soargje no al foar it einepikefelmomint tidens dit EK.
4-0 efter en dan de Spanjaarden stil krije. Mei harren Fields of Athenry.
En dat sjonge the Dropkick Murphys ek. En dy steane moarn yn Tilburg op it poadium tidens it Mundial festival


Lente in Parijs

Der binne fan dy boeken dy moatte je lêze. "Lente in Parijs "dat is sa'n boek. Neidat ik in pear moanne lyn yn Paris west ha, mij fernuvere ha oer it libben yn Frankryk, de minsken dêr en de attraksjes, komt sa'n boek op in goed momint.
It libben yn Paris wurdt troch Stephen Clark besjoen mei de eagen fan in ferbaasde bûtenlanner. Yn dit gefal in Ingelsman.
Mei aburde humor sleept hij de lêzer hiel Paris troch, komt hij de Frânske rigels yn al syn fasetten tsjin en ûntdekt hij it eigensinnige en sjofinistyske gedrach fan de Frânsen.
Ik haw wat glimke en ôflake mei dit boek.
It boek is aardich te fergelykjen mei "Door Ierland met een koelkast" troch Tony Hawks.
Hjoed mar ris sjen at der noch in leuk boek fan dizze Clark yn de byb is, want ik haw begrepen dat hij him nettsjinsteande syn konfrontaasjes yn Paris hij dêr no wennet.

zondag 10 juni 2012

Slachteboekje

Wij hawwe de Slachteboekjes krigen. Wij dat betsjut yn dit gefal myn frou. Sij sil rinne. Ik bin mear foar it op tiid kaarten bestellen. Twa slachteboekjes dus. Ien foar har en ien foar in leafhawwer út Beetstersweach.
In paadwizer wurdt it neamd. Dat is it seker.
It is in moai boekje wurden. Fol ynformaasje wat der allegear te sjen is at je meidogge.
It wit net krekt hoefolle attraksjes der wol net binne ûnderweis mar it is suver in skande dat dit allegear organisearre wurdt foar minsken dy't oer it ginneraal it leafst trochrinne.
Dat wie ek myn erfaring doe't ik yn 2000 meidie. Ik hie it allegear "mei gemak" útrinne kind at ik mar net stoppe wie yn Reahûs. Dy lêste 8 kilometer nei Raard wiene in hel en hat ta gefolch hân dat in ein rinnen fan myn ferlanglist skrast is.
De slachtemarathon dat wurdt in kultureel feest. In soarte mei Kulturele Haadstêd en dan sûnder dy miljoenen en sûnder in haadstêd. Mei allegear entûsjaste frijwilligers bij de dykfakken.
Ik hoop fan herte dat de meidoggers nei de tiid it foaral net hawwe hoe gau se wol net binne wiene mar dat se oanjouwe dat se krekt op tiid binne wiene omdat der safolle te sjen en te harkjen wie. Dat se der de lêste kilometers tsjinoan rinne moasten omdat se te lang genoaten fan de ferdivedaasje.

Foar de dravers meitsje ik in útsûndering. Sij moatte de gong der just ynsette om in goeie tiid del te setten. En at je net fan blaasmuzyk hâlde dan kin it noch wolris in kreaze tiid wurde.

zaterdag 9 juni 2012

Fytsferfier yn Paris


In reinige moarn dus tiid om foto's te romjen. Dat betsjut fuortsmite of argiveare.
Of op myn blog sette.
Sa as dizze twa.
Makke yn Paris.
At je gjin sin ha om dy hiele Champs Elysee oer  te rinnen dan kinne je je lekker deljaan efter op de fyts.
Oerlevere oan in "lisfytser"
Ik haw rûn..........


vrijdag 8 juni 2012

Konkours

De hynders rinne, drave en springe dizze dagen wer yn de buert fan Snits. In moai plak dêr tusken Ysbrechtum en Turns. Tongersdeitemiddei wie de maksimum snelheid op de dyk dêr al werom brocht nei 30 km per oere om al dy auto's mei hynderkarren de gelegenheid te jaan it lân fatsoenlik yn te draaien.
In moai rom stik lân wat opfleure is mei flaggen en tinten.
Mar op ien of oare wize haw ik it idee dat it ek hast alityd buiige dagen binne.
Op it rinpaad lâns de Frjentsjerterfeart wêr't ik skynber wol fytse mei, in pear fierôf foto's makke.

dinsdag 5 juni 2012

Uit de lijken


De jierren begjinne te tellen.
Dat moast ik konstateare op ús #hfw Holtrop Famylje Wykein.
Wat begong as útdaging fan de kâlde kant om ris sjen te litten oan ús oantroude Holtroppen hoe't je iets slachfeardich regelje, is nei 11 kear útgroeid ta in famylje spektakel sûnder wjergea.
Noch altiten leit de basis yn in kamping foar ús sels, dy't op de romte leit, in gersfjild om te balskoppen en te balslaan, net te fier fuort want wij komme dochs hast net fan de kamping ôf en in slachter (Bigmans of sa) yn de buert foar it fêste bargjeknoeien op sneon.
Yn de rin fan de jierren binne der wol wat saken bijkommen dy't it feest noch grutter meitsje.

De âlde legertinte, kocht op de Harkema jout ús al in jier as 8, in goed ûnderdak bij suterich waar en as keet bij nacht.
It slepen mei kratten bier is allang foarbij. De hiele famylje kin no sels it bierke tappe op  "ús eigen" biertapperij. Omdat Pyt it net altiten goed mei ús foar hat, tsjinnet in potkachel yn de legertinte as opwaarmer.
Dit jier sieten wij yn de Frije wiken op minkamping Singel yn Jobbegea. De lege kamping op freedtemiddei feroare yn in lekker folbesette kamping mei sleurhutten, famyljetinten en tal fan bijsettinten. En fansels de legertinte dy't it winter wer goed trochstien hie en wij koene mij wille konstateare dat it oantal gatten net talriker wurden wie.
Neidat it bier oansluten wie (en it earste bierke preaun) en it folleybalfjild útlein wie,  koe it begjinne: foetfolley mei twa stuiten.

Wij tinke dat wij der patint op oanfreegje want dat is in spektakel. De bal fleach betiden de hiele kamping oer, want der wie altiten wol ien dy't krekt de twadde stuit helle en de bal wer om heech krige.
Freed en sneon hast de hiele dei gie it der om wei.

in aksjefoto

Mei op tiid in bierke út de eigen taap en dy bierkes waarden ek noch brocht.

De minder sportiven leinen lekker yn de sinne, praten mear bij as de sporters, gyngen der mei de hûn de frou / de man op út en genoaten fan it bijelkoar wêzen.
Tuskentroch noch efkes it "TheodeJong apparaat" útprebearje op de famylje mei tal fan kwisfragen en ek dat wie in iepenbiering. De iene wist alles fan Feyenoord (ik net), de oare alles fan films (Tjeerd Abma)
en Haagse Ramon wist al it oare.

Jûns wie der muzyk fan Abma/Kentie on tour.

Mar de jierren begjinne te tellen bij mij.
"Ik ben uit de lijken"rôp ik Haagse Ramon ta doe't hij nei it bargjeknoeien op sneontejûn frege wêr't ik bleaun "voor het volgende potje".
Mei in ferbrânde kop fan de sinne, it bealch dy't net mear woe en mooglik it bierke tusken troch, moast ik tasjen hoe't de jonge garde de iene nei de oare revânsj wedstriden spilen. Oant it tsjuster waard.
Takem jier sil ik mei in bettere kondysje nei it #hfw komme moatte, want noch earder ôfheakje kin net.


Ek de twa jongste famyljeleden wiene oanwêzich: pakesizzer Jelske en nichtje Kristina

Kamping Singel wie in gaadlik plakje mar takem jier geane wij krekt as oare jierren wer op syk nei in leuke kamping dy't foldocht oan ús betingsten

zondag 3 juni 2012

Skoareboerd

It komt wolris foar dat ik healwei in fuotbalwedstriid pas oankom.
Is it in wedstriid op nivo (standertalvetallen) dan fyn ik dat ferfelend, seker at ik net wit hoe't it stiet.
At ik net wit hoe't it stiet fyn ik der gewoan neat oan. Bij sport giet it om winne en ferlieze en de spanning dy't dat mei bringt. Dy spanning kin ik allinne mar fiele at de skoare  mij bekind is.
Ik bin dan ek bliid mei it skoareboerd bij SDS en ik bin noch blider dat it bijholden wurdt.
Wurdt in skoare boerd net bijholden  (batterij leech, it let ynskeakele) dan sil ik freegje moatte: "Hoe stiet it".
"Ik soe it net witte, ik bin hjir krekt, ik ha se noch net skoaren sjoen." wêrbij hij/sij der fan útgiet dat ik dit fertaal as in sekere 0-0 stân.
Mis, ik wol it net ûngefear witte ik wol it krekt witte.

Ik kom ek noch wol in inkele kear bij it keatsen. Gjin hiele wedstriden mar in stikje fan de dei of sa. Bij it keatsen haw ik dat probleem net. Ik folgje ien of twa slaggen en sjoch bij de earste de beste bopppeslach of kweaslach wêr't it reade of wite houtsje oanhongen wurdt en ik bin op de hichte.

Moandei wie ik op de Bûnspartij foar it keatsen. De Bobo's neame it in Nederlânsk Kampioenskip mar dat haw ik oars noch net in minsk sizzen heard. Op it haadfjild wie it noch rêstich en de standen fan de 3 perken wiene goed te sjen.


 It earste perk: "Dy mei dy wite sjutsjes binne read oan de tillegraaf en steane dus 4 earsten gelyk em 6-2 efter"
Moai, mar myn belangstelling lei net sa sear bij de roppers fan Folsgeare tsjin Skettens mar mear bij Minnertsgea tsjin Sint Jabik op it bijfjild.

Efter de tribune waard it al efkes oars. Dêr wiene wat mear minsken.
De tillegraven stiene efter it perk en waarden skynber ek noch bijholden troch in telegrafist. Wierskynlik foar de keatsers.
Net foar de taskôgers. 
Want bij it keatsen, op in fjild mei 4 perken dy't je allegear folgje wolle, moatte je gelyk sjen kinne hoe't it stiet.
Wat in drama, mei dy mini skoareboerden en al dy minsken mei harren fleurige klean op de eftergrûn.  Der wie gjin skoare te sjen en meielkoar stoareagen wij ús skeel om dochs noch wat spanning fan al dy partijen mei te krijen. ( "stiet it no 4-2 of 6-2, nee der hingje twa oan, nee trije dat komt fan dat reade bloeske, en it is net 6-2 mar skjinne 6, want der hinget gjin witen oan, dat is de pet fan dy man neist dy frou mei dat reade bloeske en sa te sjen is it spul foar reade, mar dat wit ik net seker).
Nei in healoere stiene de eagen mei bryk yn de holle en hie ik it wol sjoen. Dochs mar wer nei Folsgeare tsjin Skettens. Ik seach gelyk hoe't it stie.