zaterdag 30 juli 2022

Klokkestuollen

 


39 klear

noch 27 te gean

5 moannen te gean

Gerry as Neil

 

In moai affysje, sis je dan wolris

Sa as dizze

Op de papierkontener bij Jelle de Young



Gerry Wolthof yn de tún

Hij sjongt en spilet as Neil Jong

In moai konsertsje mei noflike lju

en kâld bier


vrijdag 29 juli 2022

Klokkestuollen yn.......

Twa dagen fytst en 15 klokkestuollen "ophelle"

Ien oernachting yn Ravenswâld.

Thús hast in dei wurk om it allegear wat te dielen

en fêst te lizzen

Dit wie in moaie haal

In moaie groet fan Anne Hellinga op it tsjerkhôf yn Koartehimmen




Koartehimmen

Oerterp

Siegerswâld

Donkerbroek

Easterwâlde

Fochteloo

Appelskea ( nij B&B)

Langedike



Elsloo



Boyl

Aldehoarne

Ketlik

Mildaam

Nijskoat




Fochtelo

Der binne plakjes dy bliuwe je bij.

Sa as it tsjerkhôf yn Fochteloo

wêr't in fertutearze klokkestoel stiet.

Yn Appelskea warskôgje se mij al,

gean net oan dy fan Fochteloo hingjen

want dan dondert hij ynelkoar.

In gemeenteman dy't oan it snoeien is

jout ek oan dat er "op ynstoarten stiet"

In suterige klokkestoel op in âld tsjerkhôf d

at net mear yn gebrûk is.

De kontoeren fan in earder tsjerke lizze der noch.

Der wurdt hjir mar ien kear yn it jier meand

wêr't troch der bijsûndere planten en ynsekten binne





Fochtelo

twa klokken

alles liket suterich

Sa te sjen mei it noch wol brûkt wurde as struifjild

hjir stie it tsjerkje

mei sicht op it nije tsjerkhôf oan de oare kant fan de dyk

bewarre rêsten


in âld grêf mei in moderne QR koade foar mear ynfo

flinke bibelteksten

lekker lang gers
































donderdag 28 juli 2022

Burd


 It burd en de Burd

it lidwurd makket neat út

It kin beide

(op it pont fan Grou nei it Eilân)




Klokkestoel yn Rottum (25) en Nijskoat (26)

 Twa dagen op de fyts fuort

op syk nei klokkestuollen.

Wij komme wer op bysûndere plakjes

Wij hiene earder 24 klokkestuollen hân en telle fierder


25 Rottum


De peallen lykje miskien wol hout mar it is stien




Ien grêftrommel 

26 Nijskoat

Bij it kreamatorium en it nije tsjerkhôf 

stiet in tsjerkje mei klokkestoel

it âlde tsjerkje fan Nijskoat









maandag 25 juli 2022

Pop yn Riis

 It is bloedhyt yn de teatertún yn Riis

at it "Gaasterland Popfestival" sneintemiddei plakfynt.

In oven gelyk en respekt foar al dy hûnderten dy't

de sinne trotseare

Wij sitte noch krekt yn it skaad.

Wij hawwe de (lichtgewicht) kampearstuoltsjes mei

At minsken it yn dy tropyske omstannnichheden sa lang úthâlde

dan moat it programma wol goed wêze.

Dat is it.

In geweldige programmearing

mei hast allinne mar hichtepunten


Tim Birkenholz, de sjonger gitarist fan Electric Hollers
set allinne mei syn gitaar in hearlike bluesset del.
Wat in gitarist en hij krijt it publyk lyk al stil


Ad VanderVeen, bij it grutte publyk net echt bekend, wylst hij mei syn 35 cd-s wol tige produkyf is. In hearlik optreden yn kafee Max in oantal jierren lyn stiet mij noch bij.
Myn ferwachtingen binne te heech.
Se boeie net genôch en om mij hinne wurdt hieltyd mear lûd praten oer oare dingen.
Spitich dat hij sels net yn de gaten hat dat je bij in optreden fan in oere
net tefolle lange ferhalen fertelle moatte..


De ferrassing fan de dei komt fan Barrelhouse.
Hearlike blues en Tineke Schoenmaker en band  krije it spul nettsjinsteande de waarmte yn beweging
Lekker gitaarwurk fan de bruorren Laporte 


Op it lytse poadium it tuskenprogramma.
Moai hoe't se dat dogge dêr
De Dj dy't muzyk út de jierren 60 en 70 draait
of  Two Faces dy't live dat repertoire ek bringe.
De "pauzes" sinne suver gjin pauzes



Jan Akkerman is de gitarist mei namme 
en hij makket it wier.
De Brainbox en Focus nûmers dogge it noch goed bij dit publyk
Presintator Douwe Kool oerfalt Jan Akkerman suver at hij oanjout dat it tiid is.
Hij wol noch graach efkes trochgean


Tink net dat ik bij it optreden fan Amy Winehouse trip efkes in wyntsje helje of sa

Sij spylje foar Jan Akkerman en band

Gjin foto mar wol in swingend optreden.

Net myn sjênre, mar in prima band

en de fuotsjes komme hieltyd mear los

no't de sinne ek wat sakket en foar mear skaad soarget.

De lêste band Hayfever hâlde wij tegoed foar in letter momint

op in earder tiidstip

Gaasterland Pop 2022 is in prima muzykdei

yn in relekste sfear mei jong en âld 

en in prachtige lokaasje.

Wij hawwe ús fan trije oant healwei âlven prima fermakke

De programmearing sit goed ynelkoar

It iten is bêstgenôch en it bier is lekker kâld.

Jan de Boer en konsorten, tige tank

wij hoopje der oer twa jier wer bij te wêzen