zaterdag 31 maart 2012

Arcade Fire


At ik fan it fuotbal en fan de bûtentemperatuur net waarm wurdt, dan besykje ik it fan de muzyk te wurden. Dat is sneon wer slagge. Mei de Kandadeeske band Arcade Fire. Wat in hearlike muzyk, wat in sfear yn de seal en op it poadium.

vrijdag 30 maart 2012

Jelske

Hoi pake,

Heit en mem gean moarnier earne hinne en dan kin ik net mei. Wol pake op mij passe? It is om 10 oere yn Wommels.
Leafs Jelske


Se is noch mar 12 wiken en dan al sa gebruk meitsje fan de sosjale media. Wer giet dit hinne mei us jongste jeugd?
Mei wille haw ik efkes op har past. Se hie op lest (de dakjes en streepkes wolle hjoed net) sin oan wat en dan moat ik ofheakje, want der skynt neat boppe memmemolke te gean.
Myn besykjen har stil te krijen soarge foar in droege tonge en kiel. Bij mij. Want sa goed kin ik no ek wer net fluitsje. En fan in skiterich fluitsje woe se net stil bliuwe.
De oplossing wie de tillefoan. En dan foaral de muzyk dy't der 'ut kaam.
Bij John Prine waarden de eagen allinne mar grutter, bij Genesis foelen de eagen ticht.
Sliepferwekkende muzyk dus. Foar har.

dinsdag 27 maart 2012

Aaisykje

Krekt bûten Turns leit in maislân. Dat is net unyk yn Fryslân, mar ik fyts dêr no krekt alle dagen lâns. In maislân yn dizze tiid hat wat rûchs oer him. In hat wat fan in krosfjild, wêr't beriders fan krosmoters of  sjoffeurs fan krosautos harren thús fiele.
Yn de moanne maart stiet yn ien fan de iepensteande hikken fan dat stik lân in terrein auto. Jim kinne se wol. Stoere hege bak en wierskynlik mei  "fjouwertsjillenoantriuwing" (ik soe wolle dat dêr gjin Frysk wurd foar wie).
De auto stiet klear om it lân yn te riden. Alle moarntiden wer.
Efter it stjoer sit in man. Hij bellet en hij sjocht. Mei wa't hij bellet wit ik net mar syn eagen binne rjochte op it lân. In aaisiker dus. Anno 2012. Sa'n leafhawwer dy't it docht om yn de natoer te wêzen, dy't it docht foar de neisoarch, dy't it docht omdat er it in sport fynt.
It soe mij net ferbaze at hij de ljip oer de wjuk slaan sjocht (wit ik folle) dat hij mei auto en al it lân yn riidt en syn aaidedektor útskood om de krekte posysje te bepalen.
At hij de auto der dan foar útkomt om it aaike te stellen, wit ik net. Miskien hat er wol in gryphân bij him.
Ik wol it net witte.
Aaisykje 2013. Asjeblyf lit se it ferbiede.

zaterdag 24 maart 2012

Leaver dea as slaaf


Freed 23 maart giet de boeken yn as in simmerske dei.
Dan kin bij ús  in fytstochtje net útbliuwe.
In slach troch Gaasterlân.
Mei in oantal klimkes bij Aldemardum.en bij it Reaklif.
It Reaklif mei útsicht oer it Iselmar.
It is wat skier oer it wetter.
Yn de fierte twa boatsjes.
Op it lân ús monument.
Dêr kinne je net samar oan foarbij fytse.

Dêr steane je efkes bij stil.
It die mij goed om dêr efkes te wêzen!

woensdag 21 maart 2012

Kontainers

5 kontainers hawwe wij op dit stuit op it hiem stean. Se steane allegear foar hûs. Wij kinne noch krekt bij de doar komme. It is de moanne fan de kontainerwikseling.
Normaal brûke wij 3 kontainers: ien foar de rotsoai (griis), ien foar it grien (grien)  en ien foar it âld papier ( ek grien).
In wike as wat lyn ynformearre Omrin ús mei in brief. De grize kontainer en de grien kontainer foar it grien koene troch de nije ophelautos net lege wurde en moatte omwiksele wurde.
Bij de brief siet in skema en mei wat oandacht wie dat best wol te begripen at je de muoite namen om je der in foarstelling bij te meitsjen.
De digitale en papieren agenda waarden  bijwurke want wij hiene gjin sin om in kontainer oer te hâlden.
De mannen en frouen fan Omrin sille tefreden west hawwe doe't sij dit skema útsetten foar de hiele gemeente Littenseradiel. Ik tink dat se dêr op in freedtemiddei ien op nommen hawwe. Oant it momint dat der ien frege at se wol tocht hiene oan de âld papier kontainer yn Wommels.
Der sil lichtelik panyk útbrutsen wêze bij Omrin. "Sjit, dy ferrekte papier kontainers yn Wommels, dat haw ij net regele.
Dus hjoed krigen wij yn Wommels wer in brief fan Omrin. Griis wurdt no grien mei papier en de twa grienen wurde no ophelle.
Wannear? op 4-3-2012 seit de brief. Dat is it al west. Wij sille wol wer in brief krije. Dat it 4-4-2012 wêze moat. Ik soe sizze lit dy brief mar. Wij begripe it no wol. It falt ek net ta om it yn ien kear goed te dwaan.


zaterdag 17 maart 2012

Syb

Foar de grap hawwe wij it wolris oer de postdo. As symboal fan trage of te lette berjochtjouwing. Wij feesboeke, wij kwetterje en wij mele ús betiden skeef. Alles wolle wij diele en wij binne boppedat sljocht op nijs.
Wij rinne de hiele dei mei de tillefoan om mei goed ynternetberik en at wij thús komme is ús earste loopke nei de kompjûter.
Wij kinne net sûnder de sosjale media meitsje wij ús sels wiis. 
Fannemoarn tsjin njoggenen hearde ik it lûd fan in bel. It lûd kaam tichter bij en waard ûnderbrutsen troch in stim. In roppende stim.
Dan witte wij it yn Wommels wol. Dat is Syb van der Meulen fan Easterein. Hij is de doarpsomropper en hat in boadskip foar elkenien. Yn in moaie Fryske tekst lit hij ús witte dat der hjoed in iepen dei is yn soarchsintrum Nij Stapert. Der sil gjin Wommelser wêze dy't hjoed thús is en moarn sizze kin dat hij/sij fan dy iepen dei neat wist. Om Syb syn bel en stim kinne je net hinne.
Justerjûn fytste, belle en rôp hij yn Weidum iets om en fannemiddei sil hij de Eastereinders oproppe om jûn nei it toaniel te kommen.
Hjir kin gjin twitter en feesboek tsjin op.

vrijdag 16 maart 2012

Op nei Aaipop

Ik begjin al aardich yn de stimming foar Aaipop te kommen. Peaskemoandei 9 april is it safier. Dizze wike moast op it alderlêste momint krekt foardat it nei de printer gie, it boekje  noch efkes trochsjoen wurde op taalflaters. Dat mocht ik dwaan. Dat foel noch net ta. Fierstetemin tiid.
Frysk is in drege taal om te skriuwen. seker at je it te min lêze en skriuwe. Blêden fol opmerkings leinen der oan de ein fan de jûn. Spitich dat der gjin tiid wie foar in twadde of sels in tredde kear neisjen, want je bliuwe ek dan noch flaters tsjinkommen.
Fan it programma waard ik wol waarm. 25 stikjes muzyk. Foar elkenien is der wat bij liket mij ta. Oansprekkende nammen, debutanten mar ek de mannen fan it earste oere binne der bij. 25 jier is it no holden en it soe dit jier ien grutte reuny wurde moatte.
Neist it boekje wat yn de foarferkeap ferstrekt wurdt bij it keapjen fan in kaartsje komt der dit jier ek in Aaipop krante út.  Dy krante sjocht der prachtich út en wurdt hús oan hús ferspraad.  Mei dêryn ek in bijdrage fan mij: de leukste Aaipopleafdes wurdt yn koarte stikjes beskreaun.

zondag 11 maart 2012

Damjen Frysk spul

In ferrassend moaie jûn op ynternet. Freedtejûn. It kampioenskip fluch damjen Frysk spul. Wêr't ornaris dammers stinne en tinke oer de folgjende set en it goed oan tiid dogge, giet it sa'n jûn om razend fluch tinke, net stinne mar skowe.
En nei it skowen as de soademiter de eigen tiid stil sette en in oar syn tiid oansette.
7 potsjes fluch damme en alle kearen 10 minuten de tiid, is it konsept.
Freedtejûn hie omrop Fryslân de kamera's yn it doarpshûs op é Gastmar del setten. Klaas Jansma mocht wat kommentaar jaan en dat waard in fermakelike jûn.
Konsintraasje en ûntspanning wikselen elkoar ôf. De spanning wie te fielen en nei in potsje Frysk damjen sjen wat net langer as 10 minuten duorret, hoecht gjin straf te wêzen. Ek al kin je rigels net iens. Boppedat wist Klaas Jansma op in hiel aardige wize de sfear oer te bringen nei de ynternet sjoggers.
Leuke petearkes, moaie opmerkingen en fansels mei gefoel foar humor.
In moai ynitsjatyf fan de dambûn Frysk spul.
It wurke nei in prachtich hichtepunt ta omdat yn de lêste partij der noch priis kânsen foar meardere wiene.
Myn bysûndere belangstelling gie út nei de partij fan in lid fan Hartwert en in lid fan Skearnegoutum, dy't yn Wommels en Easterein wenje, dy't Stoffel en Jelle hjitte.
In dramatyske ûntknoping foar Stoffel Bouma dy't yn Jelle syn lêste 14 sekonden ferlear, wêrtroch  Jelle Wiersma  úteinlik twadde waard efter winner Marten Walinga.
Stoffel Bouma en Jelle Wiersma yn harren lêste partij oan de ÿnternet tafel

 
Klaas Jansma kaam yn it einspul lâns en miende te sjen dat Stoffel der goed foarstie en dat Jelle noch mar in heale minút tiid hie om wat moais te betinken.

  Yn de lêste heale minút makket Stoffel in lyts flaterke en Jelle sjocht en skoot razendsnel syn folgjende set, wêrtroch Stoffel yn ferlerne posysje stiet en it oerjaan moat.  
Stoffel begrypt der neat fan dat hij dit út hannen jûn hat en set te houtsjes efkes werom foar de analyse


En Klaas Jansma sjocht de dramatyk: "Bouma jonge hoe kin dit no, en wat giet der troch jo hinne"?

Jelle Wiersma sjocht it glimkjend oan. Hij profitearde optimaal fan in flaterke en waard twadde.

Ik sjoch no al út nei in kampioenskip fluchkeatse!! Wêr? wannear?

(de foto binne thús makke fanôf ynternet)


vrijdag 9 maart 2012

Slachte

Minsken dy't altyd yn de auto omride sjogge ûnderweis neat fan de omjouwing. Dêr komme se efter at se in kear de fyts pakke. Se ferbaze harren oer dingen dy't der altyd al binne en se wize oare fytsers op dy nijsgjirrige saken.
Minsken dy't altyd op de fyts sitte, sjogge de helt mar fan wat minsken geandewei wol net sjogge. "Moast rinnen gean, dat sjochst gewoan folle mear".
Sij ha gelyk. Ik jou dat ta. Want dat is no krekt it probleem. Ik hoech net alles te sjen. Ik wol best oan wat dingen foarbij gean.
Wêr't ik net oan foarbij gean op de fyts en wêr't ik wol each foar ha, binne dy lytse monuminten oan de kant fan de dyk. Momuminten mei in tryst ferhaal.
Ik bin benijd hoefolle fan de tûzenen rinners fan de Slachte dit monumintsje fan de dyk ôfsjogge en de muoite nimme om efkes te sjen wa't hjir de dea fûn hat troch in ûngelok mei de brommer.



woensdag 7 maart 2012

Excellentie

Se bliuwe leuk.
Ek al binne se fan 1981.
De strips fan Excellentie.
Se stiene yn de LC.
Sommigen kom ik tsjin yn myn jierboek.
Der is neat feroare tink ik.

dinsdag 6 maart 2012

In kompliment foar Hugo

Earlik is earlik, mar tafallich op dizze earste fan de maartmoanne, de nasjonale komplimentendei, moat ik Hugo Borst in kompliment jaan. Ik haw him al meardere kearen in wierskynlik goed betelle âldwivestikjeskriuwer neamd, mar foar ien kear hat hij him sels oertroffen sûnt hij
rekke is troch in  "ôfbrander".
Mei nocht haw ik de analyse lêzen hoe't hij oansjocht tsjin it probleem Rutger Castricum. Hugo Borst hat gelyk at er seit dat hij trochslein is en dat hij syn talint (wat dat is hij seker) op in ferkearde wize brûkt.
Minsken stikken meitsje lykas hij mei Job Cohen dien hat, is net iets om grutsk op te wêzen.
Yn DWDD seagen wij ynienen in ûnseker jonkje dat hast mei triennen yn de eagen de diskúsje oangean moast mei in oantal hearen út de polityk dy't it graach oer de ynhâld ha wolle.
Hugo, de komplimenten en litte wij hoopje dat dit it begjin is fan dyn fierdere ûntwikkeling as AD stikjeskriuwer. Dat it kinst hast bewezen mei dyn fuotbalkollums.

zondag 4 maart 2012

Weryndieling

De kommende wiken sil der diskusje fierd wurde oer de takomst fan ús gemeente Littenseradiel. It prachtige stikje Fryslân wat oerbleaun bij de foarming fan de fierstentegrutte of noch te lytse gemeente Súdwest Fryslân.


Ik merk noch neat fan de diskusje. Wij hawwe it der noch net oer hân oan de bar yn de sportkantine, bij it stek tidens in fuotbalwedstriid of gewoan bij Jumbo at wij de tomaten útsykje.
De boargers wurdt de kommende wike om in miening frege. Se wurde opropt om nei praatjûnen te kommen. Want it moat ommers fan ûnderen droegen wurde, sa't it sa moai hjit.

Sa'n diskusjejûn sil foar in oantal minsken in útsje wêze, mar it liket mij mar neat om nei al dy mieningen te harkjen dy't fol sitte fan persoanlik belang.
Dan kin ik better ûnder de lieten fan Bob Dylan ( Like a rolling stone, the times they are changing, a hard rains'gonne fall) myn miening oan it papier tafertroue.
Wij ha gjin kar yn dit stik fan saken. Neidat S. Galema fan Hartwert, as deputearre it ferdomde om de rezjy yn hannen te nimmen en der samar in grutte súdwest gemeente wie, hat T. Schokker, dy't der no oer giet, oanjûn dat ferplichte ferkearing sykje en troue de ienige opsje is foar de oerbliuwe gemeenten.

Wij moatte ferkearing sykje mei Frjentsjeradiel, mei Harns, mei Menameradiel, mei it Bildt en sels mei Ljouwerteradiel.
Makket it wat út foar mij? Nee, it makket no neat mear út. Ik leau yn it lytse, yn it behearsbere mar dy kar is der net mear.

Wij sille ús ferlies tajaan moatte, wij hawwe striden foar wat wij wurdich binne mar wij moatte opgean yn in gehiel.

It makket no gjin byt mear út. Ferdiel de hiel brot mar. Hokker neistlizzende gemeente wol ferrykt wurde mei in moai stikje grûn en aardige minsken.
Turns wol bij Reahûs bliuwe: moat kinne.
Waaksens en Lollum as ien gehiel bij in gemeente: doch mar.
De profinsjale dyk as skieding ek bêst.
Wjelsryp en Baaium bij Noardwest, ik kin der mei libje.
Ik haw gjin sin om mij drok te meitsjen omdat myn gefoel oars wol as de foarskreaune wurklikheid.

Littenseradiel, it wie sa'n moaie gemeente, hat oan de ein ta striden foar selstannigens mar is der net mear mei tank oan bestjoerders lykas Galema, dy't bij syn ôfskie sels grutsk wie op wat hij presteard hat.



vrijdag 2 maart 2012

100 jier

Ik fyts 4 dagen yn de wike troch Reahûs ûnderweis nei Snits. Reahûs is in katolyk doarp. Dat kinne je sjen oan de tsjerke: In katolike. Yn Reahûs is noch kafee, in skoalle en sûnt in pear jier ek in kamping. Oan it wetter.
Werom nei de tsjerke. Ik kin mij noch herinnerje dat ik as Mulo learling in kear yn de tsjerke west ha. Ik kin mij der fierders neat mear fan herinnerje.
Fannemiddei wie ik yn de byb yn Wommels. It boekje "100 jaar gereformeerde kerk yn Wommels" fan Hinne Bokma werom brocht. Leuk om te lêzen. Foaral oer de tiid dat ik wat nammen tsjinkom fan minsken dy't ik kin. Aardich om te lêzen hokker ûntwikkeling der west hat. Diskusjes oer rjochten foar frouen, oer it sjongen fan de belidenis, oer de swarte pakken en oer it oerlêst op de kreake.
Dat sokke dingen spilen yn de tiid dat ik jongfeint wie, dat is dus noch mar fan krekt lyn.  Ik haw der net folle fan mei krigen. Ik wie herfoarme.
Wylst ik it boekje werombring, sjoch ik yn it Littenseradielster hoekje in boekje lizzen mei de titel : "Het geheim van de Oude Polle". In spannende titel mar mar it is net mear of minder as de skiednis fan 100 jier katolike tsjerke yn Reahûs.
"Dy moat ik ek mar lêze", flitste it gelyk troch mei hinne. Mar mei it trochblêderje wie myn entûsjasme al fuort. Wat in freeslik boekje, hast sûnder alineas, hast gjin illustraasjes en te folle algemiene katolike ynformaasje, wat mij no krekt neat skele kin.
Ik haw it mar wer werom lein. Dêr kom ik net troch. Mar net foardat ik fan it omslach en fan twa siden in foto makke ha.
Ynkoarten dochs mar ris in tuskenstopke meitsje yn Reahûs. De tsjerke noch in kear besjen mei eagen fan in folwoeksene. Miskien ûntdek ik dan it geheim ek wol.