woensdag 30 oktober 2019

Ljocht oan

In moaie aksje fan de ANWB
om tags te pleatsen foar fytsljocht.
Undersyk hat útwezen
dat troch sokke teksten op de dyk
6 fan de 10 minsken it ljocht oansette.
Dat wie earder 4.

Op meardere plakken yn Wommels steane se al
dus haw ik it parkearterrein bij SDS opfleure
sadat jeugdige fuotballer
en ek de âldtsjes
it ljocht oan dogge at se nei hûs fytse
fanôf in training of wedstriid




maandag 28 oktober 2019

Tsiis en bûter

Noch ien wike iepen
kommende tongersdei oan en mei snein
Museum it tsiispakhús yn Wommels

Wij binne freon
en dus sjoch ik alle jierren efkes
nei de fêste útstalling
en nei de tydlike tentoanstelling

Freed wie ik dêr
mei pakesizzer Roan
4 jier âld en altyd nijsgjirrich










 Dizze lêste foto joech mij in goed gefoel
mei it hús derop wêr't ik as jonkje fan 6 oant in jier as 12 wenne ha

(lofts op de foto oan de oare kant fan it wetter oan de Molewâl)

zondag 27 oktober 2019

In strak rûntsje

In strak rûntsje 
yn in straffe wyn,
sa wie it tongersdei
yn de kop fan Noard Hollân.
Fan Callantseach fia de dunen nei Den Helder
en fia it "binnenlân" werom







10.000 kilometer


Klink dan en daverje, 
de 10.000 kilometer no al ôflein yn 2019.
Fannemoarn earne ûnderweis
tusken Hichtum en Wommels
it doel fan 2019 wer helle.

Noch twa moannen te gean,
miskien sit 11.000 der ek noch wol yn.

Mar ik stribje der net nei........
ik pierewaai de kommende twa moannen noch wat
en begjin yn jannewaris 2020 wer mei it selde doel

woensdag 23 oktober 2019

Stappen meitsje

It sit er op dy 10 daagse fan mij.
Yn in momint fan ferstânsferbjustering naam ik mij foar
om 10 dagen oanien
10.000 stappen te setten.

Wêrom?
Gjin idee of miskien wol.
Heechstwierskynlik wie ik gefoelich rekke
troch al dy berjochten oer âlderen
dat se mear bewege moatte en dat rinne goed is.

Rinne, ik haw der neat mei
en dêrom wie it ek in healwiis plan.

Troch myn "hypermoderne" smartwatch
waard elk stapke registrearre.
en dat joech mij gelyk in goed gefoel
at ik moarn myn earste kopke tee sette.
Ik hie al 56 setten
omdat ek it loopke moarns betiid nei it húske gewoan meitelt.

En sa wie ik 10 dagen dwaande om stapkes te setten.
Jim seagen mij nei de Jumbo rinnen,
oer de van Sminealeane, troch it Bosk
en in opfallende omwennende seach mij sels
dy iene kear it Trekpaad omrinnne:
tja, dat wie op in dei dat ik jûns om 6 konstatearre
dat ik dy dei net slagje soe at ik net oer myn grinzen hinne gie.

De 10 dagen binne foarbij
neidat ik op de lêste dei
yn it skoft fan it Champions Leagie fuotbal
jûns om 10 oere
noch gau efkes 800 stappen sette
troch yn de garaazje wat hin en wer te rinnen.

Hjoed in rêstdei

der stean al 1570 stappen op,
ik tink dat it dan bij maksimaal 3000 stappen bliuwt.
Letter mar wer ris sjen.
Net omdat rinnen leuk is, mar omdat it foar "âldtsjes" as mij
goed skynt te wêzen en omdat je op syn tiid
in útdaging oan gean moatte

maandag 21 oktober 2019

Radio

De radio der út of de tv?
At dat de fraach wêze soe oan mij
dan giet de tv de doar út.
Ik bin in echte radio man.
Moarns is de earste hanneling at ik ûnder kom
Radio 1 oansette.
It nijs fan de wrâld troch Jurgen van den Berg,
in moai programma.
Gjin idee, hoe't hij der útsjocht
en dat kin mij ek neat skele.
It giet om de teksten, de toan en de professie.

Haw altyd al in radioman west.
Opgroeid mei Veronica. Top 40.
Langs de Lijn is no noch myn favorite programma.

De radio bestiet 100 jier
en der is in Önvergetelijke Radio lijst makke.
dy't jim

  hjir 

besjen en heare kinne.

Myn favorite top 5 is dizze.








zondag 20 oktober 2019

In nije hobby?

Krekt bekommen fan al dy moaie reaksjes
nei myn optreden op de jûn foar de Freule
yn de haven fan Wommels
mei ik al wer oan de bak
as ferhalenferteller

Dit wykein bin ik frege om mei te dwaan
oan de

  Ferhalenjûn 


in provnsjaal barren op tal fan lokaasjes.

It bestjoer fan museum it Tsiispakhús yn Wommels
hat mij frege
om ek in bijdrage te leverjen,

Sûnder betinktiid haw ik mar ja sein.
Freed 15 novimber sil it wêze
en ik sil besykje mij wat oan it tema te hâlden.

It tema is: As stiennen sprekke koene....

In moaie útdaging de kommende trije wiken


zaterdag 19 oktober 2019

Drive N cryin


Mei aardich wat bravoer oankundige
de Amearikaanske band Drive N Cryin.
Sij binne aktyf sûnt 1985
en it wie dêrom dat er aardich wat midden fjirtigers
en begjin fiiftigers nei it Bolwerk ta kommen wiene
op dizze freedtejûn.
Ik woe mij ferrasse litte en hie gjin ferwachtings.
De measten  hiene dat wol,
fanút eardere optredens of fanút jeugdsentimint.
Dy measten wiene teloarsteld.
It swingde gewoan net.
It wie ynspiraasjeleas,
it wie plichtmatich,
it wie stiif en saai.
Dat gefoel oerhearske bij te folle lju
dêr't ik mei sprutsen ha.

Ik seach ek in stive, saaie band
mei leden dy't it net meielkoar troffen hawwe,
like it wol
Se hiene neat meielkoar:
der stiene 4 yndividuele muzikanten

En dochs haw ik genoaten fan de sound,
fan de hurde nûmers
fan de heal akoestyske set
fan de aparte stim fan de sjonger.

Ik bin bliid dat ik se sjoen ha
en komme se ea wer
miskien gean ik dan wol wer,
mei oare ferwachtings
dan falt it net ôf.

Ek posityf wie de goeie sfear
en de aardige minsken dy't ik wer sprutsen ha.
It foarprogramma fan Junkyard Dogs wie prima
mei rock út de jierren 70:
Uriah Heep, the Sweet, ACDC en Van Halen
it kaam allegear foarbij.

Superposityf  wie ik oer it waar:
ik hie werom foar de wyn
en it wie gewoan droech.


donderdag 17 oktober 2019

Foarlêze


Woansdei is it wer safier:
ik mei foarlêze,
net foar de Freule yn de haven dizze kear,
mar foar de bern fan 3 oant 7 jier
yn de byb yn Wommels

Yn it foar al leuk
en dan bin ik mij noch mar oan it ynlêzen


maandag 14 oktober 2019

Gasmasker


De tekst fan dit stikje wie koartlyn nijs
en dat die mij earne oan tinken.

It is simmer 1975
en de steat is dwaande
in goeie soldaat fan mij te meitsjen.
Havelte is it plak fan hanneling
en earne yn dy waarme simmer
moatte wij in romte yn mei in soarte fan gas,
net deadlik, nim ik oan,
mar wol sa sterk
dat je it better net binnen krije kinne.

In gasmasker moat passe
en dat slagget meast wol
mei dat fleksibele spul.
It slagget bij mij net.
Myn burd, dat dan al op reedlike lingte is
soarget er foar dat it net luchtticht is.

15 sekonden binnen
en ik mei der gelyk wer út...
ik krij tefolle skeadlik "gas" binnen.
It is net fertroud....

In folgjende kear hoegde ik net wer mei,
dus begripe jim wol dat bij in gasoanfal
ik as earste ûnderút gean sil
sûnder of mei gasmasker


donderdag 10 oktober 2019

Madrugada

Sa'n 10 jier krige ik in ceedeetsje
mei de opmerking: dit fynsto fêst moai.
It is moai dat oaren witte wat myn smaak is.
It klopte.
Tiden lang draaide ik dy cd
want dy geweldige sjonger
en dy hearlike gitaren
soargen foar in geweldige sound.

Sa'n sound dy wol ik wolris live sjen,
want der giet neat boppe in konsert.
Ik hold de webisde yn de gaten
en moast ta myn teloarstelling konstateare
dat se net mear optredens diene.

Oan begjin 2019 doe't ik de namme
foarbij kommen seach yn de agenda fan Paradiso.
Ik seach it te let: ik koe net.

En dan is dêr 013, it poppoadium yn Tilburg.
9 oktober yn de agenda dêr.
Mear fans yn Wommels gelokkich
Lucas giet mei Ate en Jurgen
en der is noch plak yn de auto..

It optreden dêr kin ik net beskriuwe,
dit hiene jim heare, sjen, fiele moatte.
Twa oeren lang  nei dy geweldige stim fan Sivert Høyem harkje
en twa oeren lang dy gefoelige gitaren heare
en dy drums en dy toetsen en dy mûlharp
en it entoesjasme fan 3000 fans

It wie bisar goed.
Dankjewol Tiede van der Velde,
dy cd krige ik fan dij




Fan harren optreden yn Paradiso earder dit jier is in live registraasje. Sjoch hjir mar leau mij, live is it noch 1000 kear better.....
Hjoed spylje se yn Tivoli en dat is fansels útferkocht.

woensdag 9 oktober 2019

Slachreamme

Myn stikje appeltaart sels opite
dat slagge net mei twa hongerige jonkjes.

En slachreamme,
dat giet er ek wol yn bij Samme en Nyck

dinsdag 8 oktober 2019

In lullich buordtsje

Freedtejûn 4 oktober,
wij komme út sealen Schaaf
en prate entoesjast nei,
oer in jûntsje rock fan poadium Asteriks dêr.

wêr't dy persoan mei dat reade jaske rint, rûnen wij ek lâns
Wij stekke de Noorderwei oer
op wei nei de Noorderbrêge
omdat de auto dêr stiet.

Wij dat binne myn broer Lolke en ik.
Hij 190 en ik 185 lang.

Wij rinne oer de stoep
en rinne flakbij de beam lâns.
It is dêr tsjuster
en wij binne beide wat foaroerrinners,
dus sjogge net faak stjerrem

Us loopke hjirlâns
wurdt Lolke hast fataal.
Mantsjes fan de gemeente Ljouwert
hawwe yn alle wiisheid besletten
om it behâld fan in flinke tûke fan de beam,
dy't wij krekt foarbij rûn binne
en dy't flink oerstekt op de stoepe,
in hegere prioriteit te jaan,
as de feilichheid fan minsken
langer as 1 meter en 80 sentimeter





Myn broer rint rjochts op de stoepe
en ik lofts.
Bats....
skrik,
jeetje, wat is dit
Lolke sjocht efkes wol stjerkes.....

ferbazing oer wat er oan de hân is
fielt Lolke wat fan skea hij oprûn hat boppe op de holle
troch in oerstekkende beamstam.


Wij sjogge oan beide kanten fan de mânske tûke
in lullich blauw buordtsje
dat gjin ljocht jout
en bedoeld is om minsken te warskôgjen.

Wij sjogge ûnder it buordtsje de útstekkende punt

Dat warskôgjen is aardich mislearre.

Unbegryplik,
dat dit op sa is.

Wat in gelok
dat wij foaroerrinners binne
en dat it dêrtroch bij in flinke skram
boppe op de holle bleaun is.

De foto's komme fan Google Maps.
De opnames kinne wol jierren âld wêze,
dus is it miskien al jierren sa


De gemeente reageart ek op dit stikje





maandag 7 oktober 2019

Asteriks





In jûntsje Asteriks
it alternative poppoadium fan Ljouwert.
Earder yn de Blokhúspoarte
no yn sealen Schaaf.

4 optredens foar 7,50
en ek noch bijsûnder aardich.
J. Hunter wie wat te betiid.
De Londenaren fan Probably Oslo
moasten der efkes ynkomme, 
mar neidat de sjonger syn stim op oarder hie,
klonk it prima
De Haagse band Niko wie enerzjyk 
en hie in prima sound

Black Leather Jacket út Belgie wie top.
Hearlike garaazjerock dan wol punk.
De 50 man publyk hiene in prima jûn

Niko



donderdag 3 oktober 2019

It libbet wer



Goed 37 jier is it no
dat wij wenje oan Swingoerd:
De trochgeande stjitte yn plan Walpert,
mei al syn sydstrjitsjes
lykas de Klampe, Pipegaal, de Roede en Saad

37 jier lyn kamen wij hjir mei twa bern
en om ús hinne tal fan oare jonge gesinnen.
It gersfjildsje tsjinoer ús
wie middeis nei skoaltiid,
jûns en yn it wykein
it plak wêr't bern boarten:
plakjeboartsje yn en om it strewelleguod
en ik fuotballe ek graach efkes mei de jeugd.

Bern wurde grutter,
it boartsjen is oer
en it wurdt stiller op de buert.
It stikje grien krijt in nije bestimming:
op tiisdei en tongersdei
at de kontêner dêr delsetten wurdt op de râne.

Mar no, 2019 brûst it wer.
Jonge gesinnen mei bern
dy't net ferslaafd binne oan spulkompjoeters
binne alle dagen drok oan boartsjen.
Bern dy't dêr wer fuotbalje
it is in lust om te sjen

It libbet wer!