vrijdag 31 maart 2017

In rûntsje ......

Wat in foarjierswike,
prachtich waar,
prachtich fytswaar
foar Jellie en mij

Moandei: In rûntsje Swette
Op de lisfyts
nei Weidum
en werom lâns de Swette
fia Boazum en de Slachte werom
40 kilometer

Tiisdei: in rûntsje Fluessen
Op de lisfyts
lâns Snits, Drylts, Jutryp en doe


lâns de Heegemermar en de Fluessen,





fia de fiskboer yn Warkum

en lâns it lûd fan tûzenen fûgels bij de Aaltsjemarpolder werom.
Totaal 85 kilometer


Woansdei
reinich dus rêstdei
Op de lisfyts
in rûntsje Kûbaard
8 kilometer

Tongersdei
mei de auto nei Wynjewâld
en op de bukfyts

in rûntsje Appelskea

65 kilometer
mei 12 doarpen foar de AFDFT17

dinsdag 28 maart 2017

AFDFT 2017


Snein 26-3
moai waar om in stikje
Tytsjerksteradiel,
Kollumerlân en Dantumadiel
te dwaan op de AFDFT2017


de bijsûndere tsjerke fan Jistrum

pypskoft oan de râne fan Koatstertille
mei útsicht op de tsjerke
en om it "tserkepaad" wat ôf te meitsjen
fytsten wij troch
Readtsjerk
Aldtsjerk
Oentsjerk
Gytsjerk
en Ryptsjerk



zondag 26 maart 2017

Metallica

Je sille mar in baan ha
en nei Metallica yn de Ziggo Dome wolle
yn septimber 2017

dan moatte je op freed 24 maart suver frij nimme
want in kaart skoare
sil in ynspannende bezichheid wurde





9.30
ynlogge
wachtsje op de wachtrige
10 oere
te let foar de wachtrige
kofje
10,20
hast bij de wachtrige

en dan it ferlossende tillefoantsje
fan Tsjeard
dy't oan de oare kant fan Wommels
ek sit te wachtsjen

"ik bin der troch"
moandeitejûn 2 kaarten
steanplakken, sa moai as wat

olleee

vrijdag 24 maart 2017

Letteretún


It hie sa moai wêze kind,
mei grutte stappen troch de Fryske letteretún
(moaie wurd)
ûnder lieding fan Pieter de Groot

hie.....
want nei in flinke striid mei de noardeastenwyn tsjin
stiene wij foar in tichte doar:
wij, dat wienê twa mannen en 7 froulju,

yn ferwûndering
mei ferbazing
dat it der net wie.

gjin lilkens,
want der wie  nimmen
dy't er in frije middei foar nommen hie

"it giet net troch"
sa liet de behearder ús tillefoanysk witte:
"te min belangstelling"

teloarstelling:
de helpkarkes waarden wer keard, de rjochting hús;
de auto koe fan it slot
en twa fytsers gongen wer op nei Wommels:
Anna-Marie en ik

gelokkich,
wij hiene foar de wyn.......

thús mar efkes de bondel fan Tsjebbe der bij
as treast





dinsdag 21 maart 2017

Herinnering en wurklikheid

Herinnering ien

De Terp
Wommels
1964
jûns, in oere sân
fuotbalje,
poatsje en kieze
hij as earste,
syn technyk
syn oanfalspul
syn gepiel
syn doelpunten
better bij him as tsjin him

Herinnering twa

it Keatslân
de Freulepartij
1968
Wommels mei Minne en Pyt
en in balkearder:
tûk, attint en linich
4de priis

Herinnering trije

fuotbalfjild
Easterein
SDS 1
argewaasje oer de spits
oer syn meiferdigenjen
oer de poat ynhâlde
oer syn sleauwens;
mar ek  ferwûndering oer
de lytse romte
it noaske foar it goeie plak
de doelpunten
de kampioenskippen

Herinnering fjouwer

bushalte Wommels
moarn 7 oere
1995
ik wachtsje op bus nei Ljouwert
in fytser, ûnderwei nei KMA
foaroerbûgd
yn him sels keard
"moarn " sei ik
"môge", mompele hij

Gjin herinnering

oan de tiid dêrnei;
yn it selde doarp wenje
en him miskien 3 kear sjoen
yn de lêste 20 jier

De wurklikheid

18 maart 2017
Siep Visser
Siepie of Siepy
is net mear
ferstoarn
64 jier âld


zondag 19 maart 2017

Muzuder rock


De gemeente Ljouwert hat tal fan festivals en poppodia.
Grutte podia en noch gruttere festivals.
Yn in net hielendal fergetten úthoeke fan dy gemeente leit Reduzum.
In doarp mei kreativiteit wurdt er wolris sein.
Foaral ek op muzikaal gebiet. Reduzum hat ek in kroech sa't earder hast alle doarpen in kroech hiene. De kombinaasje Reduzum, kroech, kreativiteit, entûsjasme en muzyk komme yn maart wer bijelkoar: Muzuder rock.... in festival... mei stevige muzyk: rock en punk sa't je it graach heare wolle yn in doarpskroech op in moaie sneontejûn.

Op it programma bands dy't best wol ris mei je gefoel op de rin gean soene.
Wat te sizzen fan De Tigers fan Greonterp dy't swiere betiden drege opswypkjende muzyk meitsje, dy't sommigen miskien wol ticht bij in spontane depresje bringe kinne. Je kinne der ek fan opfleurje, sa seach ik om mij hinne en sa fielde ik it sels ek.

Wat te sizzen fan bands mei nammen as Bad Mood en der Untergang.
Kin Bad Mood der foar soarchje dat ik mei in goed sin nei hús gean en soarget dêr Untergang der foar dat ik mij fiel as yn de "zevende hemel".
Antwurd: ja en ja.
It rockte en it punkte en it klonk mij as hearlike muzyk yn de earen.
Ek Ravenne, de ienige band mei in frou op it podium, paste hielendal yn dit programma en myn muzyksmaak.
Neist al dat geweld op it "grutte" podium , mochten wij efkes ôfkuolje bij Roel en Marty, dy't songen bij de muzyk fan Johnny Cash en sa...
In moaie jûn op in prachtich festivaltsje en dat foar 9.99 euro; dy iene sint werom fûn ik fannemoarn yn kontbûse.....
Noch 998 sinten sparje en dan folgjend jier mar wer...
No al sin oan.


Ravenne

Roel en Marty

Der Untergang

Bad Mood

it begjin foar 2018

maandag 13 maart 2017

AFDFT17

It soe in moaie dei wurde 
sa sei ynternet en de waarman

Om 11 oere kaam it sintsje der heal troch yn Wommels
dus mar op reis op myn AlleFyskeDoarpenFytsTocht2017 
(AFDFT17) foar in stikje súdwesthoeke


mar hoe tichter ik bij it Iselmar kaam, hoe tichter de mist,
Sa as hjir bij Skuzum.
De waarman
dy't fanôf myn fytsradio meireizge
om te sjen dat de wurklikheid
betiden oars as it foarsizzen,
hie it no ek oer mist......
ja..ja

fansels it dearinnende Piaam noch efkes trochwest,


en üteinlik 58 km fytst mei de sinne der op lêst bij
dy't er net mear foar soarchje koe dat myn stienkâlde fuotten
waarm wiene foar't ik thús wie

Dat ik 14 doarpen bijskriuwe kin 
joech mij lykwols wol in waarm gefoel

Fiksje


Ik fyn it frjemd 
dat ik dit spannende boek net spannend fyn,

it gie oer terroristyske oanslaggen
oer moslimbern dy't ynset wurde
en oer driging, 
oer plysjeaksjes,
oer de wrâld fan no dus....

it boek lêst maklik
en it ferhaal sil best wol basearre wêze op in wurklikheid,
dy't ûntstean kin
mar it wol mij net oan allegear...

dat komt neffens mij troch it feit
dat it boek spilet yn Ljouwert
op bekende lokaasjes
as Heechterp, Bilgaard, Schieringen
allegear te ticht bij

it wol mij net oan dat sokke oanslaggen
hjir yn Ljouwert plakfine,
raar is dat

ik hâld fan non-fiksje boeken
en dit komt mij foar as fiksje,
gjin wurklikheid 

mar miskien haw ik myn eagen wol ticht
foar de wurklikheid






donderdag 9 maart 2017

Roan en Samme


Roan mei auto's en trekkers

Roan yn de boarterstún efter it stjoer

Samme op ferkenning ûnder de tafel

Samme sjocht poes rinnen



woensdag 8 maart 2017

It stiet mij oan

Snútboek
je wolle der hast net oan
mar je kinne der hast net sûnder

dêr bart it "allegear":
trij soarten snútboekers binne der:

Sij dy't der bij heare wolle
sa no en dan de profylfoto feroarje
der oars neat opsette
mar foaral de "it stiet mij oan knop"yndrukke

De twadde groep binne sij
dy't harren (kommende) belibbenissen (alfêst) diele
en it  dêr drok hawwe mei

De tredde groep binne sij dy't
in protestaksje begjinne op snútboek
omdat se net tefreden binne

Net tefreden binne
oer it sakjen fan it hús nei wer in ierdskodding
oer de fryske muzyk op Omrop Fryslân
oer it wol/net ferlingen fan in kontrakt bij scHearrenfean
oer in fontein dy't net op it goeie plak delsetten wurde sil
of oer in fontein dy't net moai genôch is

en wij mar "tomkes"delsette
want dat kost neat en seker gjin muoite
en it liket sa ûnskuldich
dat "it stiet mij oan"
mar oh wee..... at it net nei de sin fan de baas is
dy't ek meisjocht op snútboek

dy kin it samar net oanstean....


zondag 5 maart 2017

Efkes Balje

Freed wer Efkes Balle.
It wie wer in moai potsje.....

Foarhinne wie bier gewoan bier. Neat gjin smaakjes en spesjale bierkes. Oke, der wie "donker" bier mar dat wie foar foar froulju om de boarstfieding op gong te hâlden of soks sa wat.
Kom no yn in supermerke as Jumbo en der is mear ferskaat oan bier as oan griente en fruit bijelkoar.
Bier smakket ek net altyd gelyk want dat hat mei de omstannichheden te meitsjen. Bij waarm waar falt it der yn as in preek yn de âlderling en it skynt nei in oerwinning ek better te smeitsjen. At je de twa winnende doelpunten meitsje is it hielendal hearlik. Dat moast ik justerjûn meardere kearen heare doe't ik mei Pieter Veenje weromfytste nei Wommels. "It bierke smakket aansens best" sa liet hij mij bij alle hikken witte.
It wie opmerklik fan ploechje 6 ( Wouter, Folkert Rients, Wiebren, Sipke, Menno en Pieter Messi) om yn de finale de twa kânsen dy't se krigen gelyk te benutten. Yn de grutte partij wie it meast neist, oer, latte, peal of der stie ien fan ploechje 5 ( Ferrie, Remco, Frank, Harrie en Aant ) yn it paad.
Oan de oare kant wisten dy wol rie mei de romte en de kânsen. Strak en fluch nei foaren en skoare. De útslach fan de grutte partij wie dan ek net spannende te neamen, it op en delgeande spul wol.
De finale wie de Pieter Messie sjow. Ûnbegryplik dat twa Efkes Ballers dit wykein nei Barcelona binne om Messi te sjen, wylst de Messi fan de greidhoeke gewoan op freedtejûn mei harren stiet te baljen.
Myn bierke smakke justerjûn wat bitter, mar dat wie dan ek in spesjalen.
Aant