zondag 29 november 2020

Trochtraapje

De lêste folle wike fan novimber

wer aardich wat kilometers trochtrape,

momumintsjes besjoen 

en op de foto setten.

Moandei nei de murd fan Húns

Tiisdei nei de oksen, Madonne, Eise em Lourens yn Dronryp

Woansdei nei de muontsen en de hoanne yn Folsegeare en Tsjalhuzum

Tongersdei nei Renatem Aukje, Willem, Eise en oaren yn Frjentsjer

Foto's fan de boppesteande reizen binne te finen op dizze Facebooklink

Freed nei Gysbert, Titus, Aukje en oaren yn Boalsert





















zaterdag 28 november 2020

Paceshifters

 


Twa fleskes wetter en twa koptillefoans 

dy lizze op ús te wachtsjen. 

Wij binne yn it Podium  yn Hoogeveen

in popseal mei in lytse kapasiteit.

Net sa lyts dat er mar 16 minsken publyk yn kinne

mar dat is dizze jûn wol it maksimum

It is in ynternet optreden fan Paceshifters

en de fans dy't ein oktober bij harren lêste konsert west ha,

binne útnoege.

Dus sit elkenien noflik ûnderút 

mei knipperjende ljochtsjes op de koptillefoan

en waksineljochtsjes op de tafel.

Dy koptillefoan is nedich, want it is aardich lûd

en de sang is dan hast net te hearen.

Mei de koptillefoan is de sang goed te hearen mar is it lûd wat dof.

Wij wikselje it wat ôf: koptillefoan op, koptillefoan ôf

Nei in oere is it dien.

De rockearen binne wer (wat) befredige

en it wetter is op.

"Wij kijken uit naar een zaal met 250 swingende fans"

seit de sjonger oan de ein.

Tsjeard en ik fiele it selde.

Dit wie in bysûndere erfaring,

mar it wie net super.







vrijdag 27 november 2020

In boek yn de marketing



 

It korps yn Wommels bestiet 100 jier

en dat waard fierd sûnder feest (troch koroana) mar mei in boek.

In boek oer 100 jier korps,

dat wie it ferhaal fan te foaren en flak nei de presintaasje.

1000 boeken oan de man/frou bringe falt net ta,

dus geane se op de marketingtour

en dan wurd ik erchtinkend.

Juster in folder yn de brievenbus

en ta myn grutte ferbazing is it ynienen in boek

oer Wommels, oer de sport, oer myn famylje en oer myn buorlju,

en sels oer mij.....

Dat lêste kin net.

Ik haw neat mei it korps.

Hielendal neat,

ek nea hân.

Ik hoop foar it korps dat it helpt

sa'n folder dy't op je gemoed wurkje kin,

bij myn famylje, bij myn buorlju en bij oare Wommelsers,

mar net bij mij.



donderdag 26 november 2020

Eeltje

 


In ferstjerrensakte.

Ien fan de safolle dy't ik ferwurkje foar Tresoar.

Eeltje Hotzes van Vellinga fan Boalsert, 

stjêrt yn 1851.

Hij is 25 jier wurden.

Deagean dat diene wol mear, mar dizee akte is bijsûnder

Eeltje wie matroas op barkschip de Jonge Jan.

en dat skip farde mooglik op Yndie.

Wêr't oars it plak fan ferstjereen fermeld wurdt is dat no net sa.

Eeltje ferstjert op  17 O 34 L en 41 N  29 B


At ik it allegear goed besjoch 
dan is dat yn de Reade See


dinsdag 24 november 2020

In kilometerteller

 Ik kin it mij foarstelle

dat in fytskilometerteller fan mij rôversguod is.

Jierren oanien boppe de 10.000 kilometer

en dit jier sels op wei nei in rekôr.

Sûnder teller op de fyts, fyts ik net.

Utsein moandeitejûn.

Werom fan de fuotbaltraining út Easterein

seach ik thús dat de teller fuort wie.

Net allinne de teller, mar alles wat er bijheart op de fyts.

Stellen, professioniel stellen,

bewust alles der ôf helle,

sadat dy op de eigen fyts brûkt wurde kin.

De kommende wiken hâld ik wat fytsen yn de gaten

want ik haw in fertinking.

Der skarrele ien bij de fytsen om doe't ik oankaam.

Hij seach wat skruten.

Bang dat dy no warskôge is bin ik net.

Hij kin gjin Frysk lêze en it is sels de fraach

at syn Nederlânsk goed genôch is.



maandag 23 november 2020

Komplot

 


Komplottinkers hawwe noch nea sa as yn de belangstelling stien as no.
Der wurde komplotten ferûndersteld oer 5G en oer koroana.
Je binne komplottinker en dêr hawwe je serieus oer neitocht.
It ûntstiet troch der iets oer te lêzen wat je rekket

Komplottinkers wurde útlake, mar dêr kinne se wol oer.

Ik bin ek in komplottinker
Net oer de 5G of de koroana
mar oer de saak Marianne Vaatstra

Jasper S is net de dieder
dêr bin ik fan oertsjûge 
op basis fan alles wat ik dêr oer lês 
en noch altiten tastjoerd krij,
al 15 jier lang.

Ik sil jim der net mei fermuoie
mar de striid dy't sommige minsken fiere
om dy wierheid boppe tafel te krijen is ûneindich

Dy striid wurdt útfochten foar rjochtbanken
en hat al hiel wat slachtoffers makke

Mar ja, at je hjir hillich fan oertsjûge binne
dan hâldt it net op.

Komplottinkers fan no,
ik leau net yn harren boadskip
mar ik begryp in komplottinker wol

Ik sjoch út nei de dei 
d
at sommige minsken harren mûle echt iepen dogge
en dat de echte dieder oppakt wurdt




zondag 22 november 2020

De mich




"De biografie van een Vlieg" is in koart ferhaal fan Jaap Robben.
In grappich ferhaal mei in djippere betsjutting.
Dat kin hast net oars at er dizze wike online oer nei praten wurde kin.

24 grutte plakaten wiene der nedich
om it ferhaal út te typen
en in stik as wat bushaltehokjes om se oan te plakken

Jim kinne it ferhaal lêze yn Ljouwert.
It kin noch oant en mei tiisdei 24 novimber.

Wij hawwe dat hjoed dien.
op de fyts derbij lâns
in route fan in kilometer as fiif yn en rûn de binnenstêd fan Ljouwert.
Bij alle buorden moasten wij laitsjen
of yn alle gefallen glimkje
om it wûnderbaarlike libben fan de mich.


En dizze hawwe wij nei ús kealende hurddravende soan appt....

donderdag 19 november 2020

Toets

Ien kear yn de wike train ik in groep jonges bij it fuotbal.

Dat is in aardichheid moat ik sizze en foaral ek yn dizze tiid,

je binne der efkes út en bûten en dwaande.

Dy jonge binne noch gjin 17 of krekt wurden.

In moaie leeftyd.

Traine, dat slagget harren net altyd

want der is wolris in blessure, je fiele je wolris net sa fit

en der binne toetsen of leaver sein toetswiken, 

"Toetswike, ik kom net"

"Moarn in toets, bin der net"

Moai dat dizze jonges de skoalle boppe it fuotbal ferkieze

want proffuotballer wurde sit er al net mear yn.

Toets, dat wurd koene wij earder net.

Wij hiene it hiele jier lêst fan rippetysjes.

Net mear as ien op in dei, wie in bytsje de rigel.

Ik siet net op fuotbal doe't ik 17 wie,

dus kin net út eigen erfaring sprekke 

at ik de training ôfsein hie 

at er de oare deis in rippetysje op it programma stie.

In rippetysje seagen je oankommen

in ûnferwachte oerhearring net.

Dat wie alle dagen in driging.

It húswurk in dei net leare

en dan in ûnferwachte oerhearring krije.

Ek al telden dy wat minder mei foar it gemiddelde

it koe dochs wol soarchje foar in funest leech sifer op it rapport.

It rapport, dat bleatlei hoe't it echt siet mei de sifers.

At bliken die, dat je wolris in leech sifer net melden hiene thús

en dat it net allinne dy achten en njoggenen wiene dy't je wol meld hiene.

Ik haw gjin idee hoe't it no is

en ik hoech it ek net te witten.

Ik bin bliid dat de toetswiken wer foarbij binne

dan kinne dy jonges wer lekker traine.



Trochtraapje nei Lollum, Wommels, Makkum en Wûns

 Keunst en fytse dat is myn tema yn novimber.

Dus ek no wer trije dagen trochtrape. 

16-11 nei it Ingelske doarp Lollum

Yn Lollum stiet in oarlochsmonumint

Ik haw dêr al ris earder oer skreaun.

Dat kinne jim hjir lêze




17-11 nei de Freule yn Wommels

In moai ein fytst en útkomme yn Wommels

Op de Terp stiet de Freule.

Sij is de grûnlizzer fan de Freulepartij, 

in jongeskeatspartij om gouden klokjes.

Sij soarge foar de Freulewenten 

12 karakteristike hierwenten bij it keatsfjild

Sij is de oanlieding dat er in Freuleleane is yn Wommels

en de oanlieding foar de jûn fan de Freule

it (reuny)feest fan Wommels en fiere omkriten




18-11 nei Wûns 

Mei in hurde wyn tsjin

fytsten wij it lûd fan seefûgels en guozzen temjitte

Wat tichter bij it wetter wat mear gekrijs

Wûns , in moai momunint as oantinken oan de Kanadezen

dy't foar ús frijheid fochten ha en dêrbij omkommen binne





18-11 nei Makkum

Yn Makkum ek twa oarlochsmonuminten

twa bijsûndere keunstretondens.

2 kleurrike gevelstiennen yn it Waachgebou

en Westenwind, in byld op de dyk




















dinsdag 17 november 2020

Beam


 Dêr stean je dan op de Littenserbuorren

mei in krúske op de bealch.

Dan witte je it wol.

It is dien, it is oer, it is foarbij.

Oer net al te lange tiid

wurd ik hjir weihelle

mei grof geweld

tsjin de flakte.

Itselde lot as de buorbeammen

dy't folle earder hjir wei moasten.


Mar ik haw hope

dat der wat foar yn it plak komt,

dat myn fierstentegrutte gemeente

in beam fuorthellet 

en der twa  nije beammen plantet.

Der is plak genôch



zondag 15 november 2020

Trochtraapje nei Gau, Ysbrechtum en Baard

12-11 nei Sibbeltje fan Gau

Yn Gau stiet Sibbeltje,

Sibbeltje Gjaltema.

Sij sjocht út op de tsjerke fan Gau

wêr't har tinkstien ynmitsele is.

Sibbeltje liet bij har stjerren jild efter

wêr't de earme bewenners fan Gau, Goaingea en Offenwier

mei kryst 8 pûn bûter en in krintebôltsje fan krigen.





13-11 nei Brechtje, Theuntsje en Tjaltsje yn Ysbrechtum

Yn Ysbrechtum steane trije froulju
wêr't trije doarpkes nei ferneamd binne
sa giet it ferhaal:
Ysbrechtum, Turns en Tsjalhuzum

Ek yn Ysbrechtum in oantinken
oan it reedriden en tusken Snits en Ysbrechtum
leit it Douwe Tamminga lân








15-11 nei de Baarderkat

Leons en Baarders koene earder net sa goed meielkoar.
Leonsers waarden de hûnen neamd en de Baarders de katten.
Se koene as hûnen en katten

Sneontemoarn, bij it lemieren fan de dei
fytste ik nei Baard