zaterdag 30 mei 2020

Pealtsjes



Pealtsjes fuorthelje
dat klinkt mij as muzyk yn de earen.
At se de pealtsjes midden op fytspaden der wei helje
bin ik in lokkich man.

"Pealtsje", roppe wij elkoar ta
at er wer ien midden op it fytspaad stiet.
Der binne tal fan ûngemakken bard
fanwege dy rot pealtsjes

De gemeente lykwols
hat it ek oer oare pealtsjes, at ik it goed begryp.

Ik mei oannimme
dat se net dy betonblokken yn it Noard yn Wommels bedoele.
It is gjin gesicht, mar oh sa nedich
fanwege frachtauto's en trekkers (mei ûnerfaren jonge sjoffeurs)
dy't it net sa nau nimme mei it ûnderskied tusken  in strjitte en in stoepe

Ek ferline wike leine der wer meardere om
en dat betsjut dat it grutte ferkear wer heal op de stoepe ride soe
at se der net stiene
en lit op dy stoepe no krekt altyd allegear bern en heiten en memmen rinne
dy't nei skoalle rinne of der wei komme

Ik bin benijd hokker oare pealtsjes der wei helle wurde yn Wommels.
Ik bin der wis fan dat it pealtsje fan Easterlittens stean bliuwt,
dat stiet yn in oare gemeente

vrijdag 29 mei 2020

Om de bosken hinne





It rint wol ris oars mei plannen en routes.
"Kom, lit ús in dei nei Gaasterlân gean
dan kinne wij genot ha fan de bosken,
want it waait hjir wer omraak"
dat wie it útgongspunt, 
doe't wij de auto bij it fajite Galemadammen delsetten.

Wij ha 61 kilometer fytst 
en hawwe de bosken allinne op ôfstân sjoen.

At it der op oankomt 
binne wij gjin "yn it bosk fytsers"
Wij sjogge graach wat om ús hinne
en op in beam binne wij gau útsjoen.
Dêrneist wie it noch net echt waarm
en dan kinne je better net yn it bosk fytse
Dan mar in hurde wyn......

Dus fytsten wij


Troch Ealahuzen

.....................troch Ealahuzen

Krigen wij in nostalgysk gefoel bij dizze blikken

koene wij in kofje-te-gean skoare yn Balk

seagen wij Sleat fan in oare kant

ferwûnderen ek wij ús wer oer it grutte oantal hege wynmûnen yn de poler efter de Lemmer

Aldemardum, wêr't oars de terrassen op de Brink fol sitte, mar no bankjes bij de tsjerke en in ferdwaalde piknicktaffel romte jouwe om in fiskje op te iten

dinsdag 26 mei 2020

De Speld

Wolris heard fan Dee Speld?
Nee? Dan wurdt it echt tiid.
De Speld is in satyrisk online nijsprogramma.
Se jouwe oan hast alle nijsberjochten in draai,
dy't ferrassend en fermaaklik is.

Op dizze wepside steane hiel wat berjochten.
 Se komme yn dizze tiid mei 17 nije sprekwurden,
dy't je no hielgoed begripe,
mar oer 100 jier net in minsk mear wit
hoe't wij dat betinke koene

Wat foarbylden.

Toen ging de vleermuis in de soep 
Toen is het allemaal begonnen

Ik zit zo vol als een kapper 
Het heel druk hebben

Als Cambuur 
Jezelf te vroeg rijk rekenen

Na de regen komt een lied van BN’ers 
Het wordt alleen nog maar erger

De beste virologen liggen op de IC 
Niemand weet wat de juiste oplossing is

Een carnaval te ver 
Net iets te lang doorgaan

Een huishouden van Jan van Haasteren 
Niet weten wat je met jezelf aan moet

zondag 24 mei 2020

Het vierde gesticht

Feanhuzen, yn Drinte,
krekt oer de grins bij Haulerwyk
is bekend om syn finzenissen.
Wij sliepten in pear nachten yn in húske
 bij it museum dêr, want dat is der ek.

Feanhuzen hat lykwols in rike histoarje mei "gestichten".
Yn 1823 begong de Maatschappij van Weldadigheid 
mei de opfang en heropfieding fan
earme gesinnen, weduwen, wezen en bidlers.

Der wiene trije gestichten
fan 1200 minsken sa ûngefear.

It twadde gesticht is der noch,
dat is no in museum

Gesticht ien en twa binne der net mear
mar der is noch wol in fjirde gesticht:
it begraafplak fan Feanhuzen
sa'n kilometer búten it doarp,
wêr't no sa'n 16.000 minsken lizze

Dêr seagen wij efkes.





Stel je foar dat Herfoarmen en Katoliken bijelkoar lizze




















zaterdag 23 mei 2020

Heatmap

Koroana is negatyf
en Strava is posityf.
Dus bin ik bliid mei Strava
en lit ik alles fêstlizze sûnt begjin april.

Alle diken en oaden 
dy't ik befytst ha, komme yn blau werom op de kaart.
Fyts is faak it selde, dan wurde se read.

Mei in útstapke nei Starum
in útstapke nei Ferwert
no in moaie oanfulling troch ús midwike yn Veenhuizen

per 22 maaie 2020

vrijdag 22 mei 2020

Midwike

Wij wiene in midwike fuort.
Yn it finzenismuseum stean wat húskes te hier.
Dat is yn Veenhuizen.

Wij betochten op snein
wij kinne der ek wol op de fyts hinne.
It like moai waar te wurden
en mei de wyn like it net ûngeunstich

Moandei fuort




Strava leit alles fêst oer de hinnereis
dy't fia Jirnsum, Akkrum, Nijbeets, Wynjewoude , Waskemar en Haulerwyk giet.

74, 56 kilometer yn 4 oeren en 11 minuten
Wij moasten 52 meter klimme
en de wyn wie gemiddeld 18, 3 km per oere.
Dat wie iets flugger as ús,
want ús gemiddelde wie 17,9 km per oere


Freed werom



It selde paad lâns fytse like ús neat,
dus keazen wij de súdlike route
fia Donkerbroek, Jobbegea, de Knipe, Oudehaske, Snits

74,14 kilometers yn 4 oeren en 15 minuten
Wij moasten no 45 meter klimme
en de wyn wie gemiddeld 15,2 km per oere
Wij wiene flugger,
want ús gemiddelde lei op 17,4 km per oere
(ik moat er wol bijsizze dat it de earste 2 oeren net folle waaide
mar fanôf Aldehaske de wyn wat draaide en flink tanaam)

De wike


De kommende dagen noch wat aardige dingen
oer de 4 dagen dagen dat wij dêr wiene



Andries

Wêr wie ik doe't ik lies dat Andries Ekhart der net mear is.
'Hommels ferstoarn', raast de kop boppe in nijsberjocht.

Ik wie yn Snits.
Siet bij it kafetaria bij it spoor
Ofkuolje mei in sêfte ijsko,
ûnderweis fan Feanhuzen nei Wommels.

Yn Snits dus,
dat wie fêst gjin tafal
dat ik it dêr hearde fan Andries.

Ik haw mei him wurke yn Snits,
bij de gemeente
ik as amtner op ûnderwiis
hij de wethâlder.

Wat in pracht fint wie dy Andries
om mei te wurkjen.
Freonlik, fatsoenlik, belangstellend en meilibjend
en fol taalgrappen

Hij hie iets relativearjends,
hij makke it net allegear grutter at it wie
hij wie him sels sûnder "opsmuk" en strik foar.
Sa gewoan as in brúne boan
en hij wie der altyd bij
at er wat te fieren wie,
mei in bierke binnen
en in sjekkie efkes bij de doar

Andries, krekt as mij fan 1954,
wij folgen elkoar op twitter
en hiene sa noch in moai kontakt mei elkoar.

Op twitter wie hij de man fan  de wurdgrapkes,
fan Cambuur
en fan de PvdA
emei foaral foar it sosjale ûnderdiel fan dy partij

Ik tink mei respekt oan Andries Ekhart
dy't krekt foar syn AOW samar dea is.

Ik libje mei de famylje mei
en winskje harren sterkte mei dit grutte ferlies

Bij myn ôfskie krige ik in cd
mei lieten dy't útsocht wiene troch myn kollega's

It mist mij hast net
dat Liwarder Blues fan Piter Wilkens
troch Andries oanjûn is,
want Andries wie fansels in echte Ljouwerter.
De stelling fan Andries wie dan ek:
It moaiste fan Sneek is it spoar naar Leeuwarden


woensdag 20 mei 2020

It flybjen is dien,,,


Koroana hat hiel wat konsekwinsjes.
Ek foar it keatsen.
Dat yn de want spuie en flybkje
dat mei aansens net mear.

Fermaaklik fûn ik dit stikje fan Martsje de Jong út Bitgum.




Dus hoe komt it mei "Spui yn de want" yn Hartwert

zaterdag 16 mei 2020

Nochris 1927

1927, hast 100 jier lyn
doe wie eletrisiteit noch net sa fanselssprekkend
at ik dy adfertinsje sjoch.

Foar it smoken dêrnjonken
wie in grut ferskaat oan merken
De brân yn de piip
wie hiel gewoan

Der stiet noch krekt net bij
dat it sûn foar lea en longen is.......






vrijdag 15 mei 2020

De naeimachine



Bij sommige apparaten stean je net stil
hoe lang se der al binne en
hokker wichtige funksje dat apparaat hân hat.

Nim no de naaimasjine.
Yn dizze tiid in apparaat foar hobbyisten
mar yn it skiere ferline in apparaat
dat je troch de tiid holp omdat earmoede oerhearske
en it naaien bittere needsaak wie
om it grutte oantal bern yn de klean te krijen

Dizze adfertinsje is fan 1927 en stie yn it literêr blêd.
Dat begryp is wol,
want ik fyn it in literêr pronkstikje.

 In prachtige tekst......

maandag 11 mei 2020

Optellen en aftrekken


Jelske fan 8 komt in moarn bij mij sitten
yn de rêst fan it kantoar
Húswurk meitsje
yn dizze koroanatiid.

Se lit mij sjen wat se dwaan moat
en se ferbaasd mij
oer wat se allegear al net wit fan rekkenjen.

Ik seach ik wol in nij begryp stean yn har boek.
Wij hiene it altyd oer optellen en aftrekken
mar it is mij wol dúdlik dat dat lêste yn dizze tiid net mear kin

dus hawwe sij it no oer "erafsommen"




Tiid

De tiid hâld gjin skoft
is in moai sechje dat sa wier is as in ko.
Hoe âlder ik wurd,
hoe mear ik lêst haw fan it gefoel
dat de tiid hieltyd hurder ljocht

Tetman de Vries dy song der al oer.

Ik fûn oer de tiid dit prachtige fers.



It komt út in boekwurk fa Sljucht en Rjucht fan 1927
dat ik tydlik yn besit ha.



zondag 10 mei 2020

Lege buorden

Trije buorden sûnder ynhâld
dy sjoch hast alle dagen
at ik myn rûntsje fyts

Buorden dy't oars wat sizze
oer wat er kommende wei is.



Sjoch op Wommels.nl stiet op dit boerd
mar dat levert net folle op.
In hast lege agenda:
trije eveneminten oant 2 jannewaris 2021,
wêrfan twa seker net trochgean.




Dit boerd seit alles
it is der net weihelle,
je kinne net mear sjen wat er opstien hat
en it is reedlik bestân tsjin waar en wyn

Fan ellinde sakket it wat ynelkoar....


Ik haw oars in hekel oan buorden dy't er net mear ta dogge.
No net.
Dit boerd mei stean bliuwe
It docht mij alle kearen herinnerje
oan dy tiid dat libbene muzyk
in ûnderdiel wie fan myn libben

Foar altyd stean litte dus.....

vrijdag 1 mei 2020

April

It "thúsbliuwen" begjint earne yn maart.
Allegear  beheiningen
mar fytse mei noch wol.
Yn de buert bliuwe is it beste
sa seit ús grutte baas Rutte.
Ik fytste yn april noch nea safolle as earder.
1370 kilometer,
is in gemiddelde fan goed 45 kilometer per dei.



En beste Mark, ik die it yn de buert.
Spesjaal foar jo haw ik Strava oanstean
at ik der op út bin.
Der ûntgiet harren net in kilometer
en mei de reade linen yn it midden kinne jo sjen
dat ik ticht bij Wommels bleaun bin.
Ferjou mij ús útstapke nei Starum
dat wie op in moandei
it waaide hurd en der wie oars gjin minske op de dyk.
Ik haw mar ien kear flybe......
De Snitsermar om koe ek krekt fûnen wij.....

Wat hat dizze koroana moanne noch mear oplevere
oan relevante gegevens
It muzyk útgeanslibben,
dat hat net folle koste.
Ik haw no mar wat mear muzykboekjes kocht
mar dat falt net tsjinelkoar wei.
It ynfieren bij Fryske Hannen hie normaalsprutsen
yn april minder wêze moatte as yn april.
Mear derop út en minder binnen,
dat is it normaal.


Dit jier net.
Mar leafst 666 skans en dat is 170 mear as maart

It boeklêzen is aardich gelyk
en it tillefysjesjen is nei it 0-punt sakke.
Gjin fuotbal, gjin tv sjen.

Mear, folle mear tiid
hawwe wij trochbrocht mei de 5 pakesizzers.
Dat is alle kearen wer in feest en in útdaging
om it wat leuk te meitsjen.
Dat ik folle mear rûn ha as oars
dêr bin ik wis fan.

"Ëintsje rinne pake?  "