vrijdag 30 oktober 2009

Geitewollensokken

(Sis mar Durk) Skeringa is de man fan de geitenwollen sokken. No't it wat minder mei de man giet, wurdt dat stik fan saken der hieltyd bijhelle as in negatyf punt. Of omdat it sa apart is. It is dochs te mâl foar wurden dat in sok in ûnderwerp fan petear is. Dat selde jildt foar klean. Ik sis altiten it giet om de minsk en net om hoe't er der bij rint.
Mar werom nei de sokken. Neffens in algemiene omskriuwing yn de enseklopedy beskermt in sok tsjin kjeld en it foarkomt it de wriuwing tusken foet en skoech.
(Sis mar Durk) Skeringa dy woe fansels net yn de kjeld sitte en dêrom hie hij altyd lekkere waarme geitenwollensokken oan en dêrneist wurke hij mei hiele skerpe woekerpolissen dy't der foar soargen dat hij de kommende 280 jiernet yn de kjeld hoechde te sitten. Dat oaren dêrtroch wol yn de kjeld komme te stean, is eigen skuld: hiene se mar geiten wollensokken keapje moatte ynstee fan woekerpolissen.
Geitewollensokken hat net allinne in letterlike betsjutting. Figuerlik hat it folle mear betsjutting. De geitenwollensokken kultuer komt út de jierren 70 en it wie de tiid fan de flowerpower fan 'vrijheid, ongehoorzaamheid, vrolijkheid en hoop'. In moaie tiid, soe ik sa sizze.
Ik kin mij dêr hielendal yn fine. Ja, slimmer noch ik fyn mij sels in produkt fan de geitenwollesokkentiid.
Ik haw sels trije ferskillende soarte sokken ta myn beskikking.
1. De enkelsokken foar de simmer en ja seker ek yn de sandalen.

2. De SDS fuotbalsokken út de jierren 70, dy't neffens elkenien foar gjin meter stean mar symboal steane foar it âlde SDS. Ype Burggraaff en ik sille, sa lang wij fuotbalje, dy sokken oanhawwe want wij kinne de sokken der noch goed ynsette mei sokke sokken oan.

3. De legersokken: at dy fan geitenwol makke binne betwifelje ik mar dat is it ienige fan myn legerútrêsting (lichting 75-1)wat mij nea tsjin stien hat. Ik draach se mij genoegen en American Base hat se altiten yn foarrie, yn de selde kleur en maat.

En (sis mar Durk ) Skeringa dy hat wierskynlik safolle ôfdroegen mar noch net fersliten geitenwollensokken lizzen, dat syn hiele kapitaal (sa'n 46 miljoen euri's, (bron Pieter L)) der maklik yn past. En (sis mar Durk) Skeringa is wol hiel raar fan syn sokkel fallen.
Mar efkes rocke op sokken soe ik sa sizze.

zondag 25 oktober 2009

God of de duvel

"Ik ben God niet" sei Louis van Gaal dizze wike neidat syn Dútske ploech ferlern hie. In goeie wike nei it presintearen fan syn boek "de Totale Mens" wie der mar ien dy't efkes tocht dat er God wie. Dat wie Louis sels. Moai dat der nei in wike ta ynsjoch kommen is dat God wierskynlik de totale minsk makke hat en dat hij allinne mar in boek skreaun hat wêryn hij in totale minsk betocht hat nei syn syn idee. En dat ynsjoch fan Louis van Gaal kaam nei in nederlaach en net yn ferbân mei de thomasfiering. Want hjoed wie dat it tema yn in soad tsjerken. Wat ik der fen begryp is dat je op dy dei je twifel wat mear sjen litte meie as oars. "Thomasvieringen zijn er voor twijfelaars met verlangen en voor gelovigen met vragen". Ik wit net at ik wol ta ien fan dy groepen hear, mar it is wol in nijsgjirrich punt.
Op dizze dei fan de Thomasfiering gong ik net nei tsjerke mar nei Sult. It stik Heksershol waard opfierd op in heasouder fan in pleats bij Molkwar.
De prachtige (technyske) fynsten fan Piter Stellingwerf, de aparte lokaasje en it moaie Frysk makke dit stik ta in bysûndere erfaring.
Ek no wer. It wie in tryst ferhaal, wêr't net God de haadrol spile mar de duvel.
It stik wie in frije fertaling fan in ferhaal fan de bruorren Halbersma en stiet yn Rimen en Teltsjes.
En at van Gaal hjir bij west hie, dan hie der fêst fan sein, dat hij it oerfrysk allegear poerbêst ferstean koe en dat hij seker foar de duvel net bang is. Dit froutsje ek net.

vrijdag 16 oktober 2009

Riejouwers

Ik haw it net sa stean op riejouwers. En foaral net at it minsken binne dy't in flinke steat fan tsjinst hawwe bij de selde organisaasje. Nim no dy direkteur fan it Friesland College. Goed syn bêst dien, earst ek wol wat delsetten mar yn it lêst net mear goed foar de ûntwikkeling fan de skoalle. Sokke minsken geane net sels fuort, se krije ek gjin ûntslach mar wurde riejouwer. Fansels krije se in sek jild mei.
Foppe de Haan wie ek riejouwer bij sc Hearrenfean. Sa'n twa en heale dei yn de wike. In bytsje bemuoie mei dit en dat. De skoalmaster wat úthingje en tige frijbliuwend allegear. Riejouwer fan Emmen (stiet ûnderoan) en riejouwer bij it Fean (stiet hast ûnderoan)
Dat Foppe graach op it Wk yn Afrika wêze wol, begryp ik wol. De kâns dat se him freegje as analist wie net sa grut want hieltyd mear minsken fine him net mear echt te leauwen. Dus hoe soargje je dan dat je der wol bij binne en dat je foar en tidens it WK wer yn de belangstelling steane en de alleswitter wer úthingje kinne?
Je wurde trainer yn Sud Afrika. 8 moannen lang. De frou seach it wol sitten. De bern ek wol. Want je regeleje der fansels moai wat tikkets bij sadat de famylje it WK ek meimeitsje kin. Ja Foppe dy is der in master yn om it ek allegear te ferdigenjen. Sa'n kâns, altyd in kear nei it bûtenlân wollen.
En sc Hearrenfean dan? Dy hawwe bekind makke dat de fakatuere net wer ynfold wurdt! Soks seit genôch.

zondag 11 oktober 2009

Tiid

Wol ynspiraasje mar te min tiid, is de reden dat der net folle aksje op dizze blog is. Mar wylst ik dit skriuw moat ik mij sels gelyk mar wer tsjinsprekke. Gjin tiid hawwe is flauwekul. Gjin tiid der foar meitsje wolle omdat oare dingen wichtiger binne, is it neffens mij. (momintsje: efkes de radio sêfter sette,want fan rap rekket myn kop oerstjoer).
At je it iene dogge kinne je it oare net dwaan. At je op fuotbal sitte, dan is de bedoeling dêrfan dat je sneons of sneins fuotbalje wolle. En tsjintwurdich liket it der op dat foar sommigen dat allegear hiel frijbliuwend is. Want der binne ek oare dingen dy't sa nedich op sneon moatte. Dat je as teamsporter oare dupeare dat wurdt faak net realiseard. Je eigen ploechgenoaten mar ek tsjinstanners. Hearemetyd, want binne der dit seizoen al in soad fuotbalwedstriden ôflast om dat der te min spilers binne.
Team sport is mear as tiid hawwe, it is foaral tiid der foar nimme wolle.
Dus dat der hjir efkes neat bij kaam te stean, hie neat mei tiid te meitsjen. it hie mij sleauwichheid te meitsjen en oare prioriteiten. Kubaard om, Hinnaard om, Spannum om, Tsjom om, allegear rûntsjes dy't mij it meast ynspireare om wer wat te betinken.
Oh ja, juster hie ik samar wer tiid oer: it fuotbaljen tsjin Wardy gie net troch. Krekt, te min spilers. En dat hie oars gau 4 oeren koste. Dy koe ik dus moai brûke om Hinnaard om te gean en dit ferhaaltsje te betinken. En ik beloaf betterskip!!