donderdag 31 januari 2013

Cobra


Op tiisdeitejûn harkje ik meast nei Doede Bleeker syn muzykprogramma op radio StudioSudwest.
Bij ús op de kabel mar ek fia ynternet te ûntfangen. Tegendraads hyt syn twa oeren muzykprogramma.
Doede draait meast muzyk dy't je net alle dagen heare mar mear as de muoite wurdich is.
Soms komme der ek bij mij wer herinneringen op bij in bepaald nûmer.
Sa as dit nûmer. In geweldich nûmer fyn ik dat noch altyd mar ik haw it fêst 40 jier net mear heard.
Einpikefel........sa goed sit dit nûmer ynelkoar.
De Nederlânske band Cobra mei The war will soon be over.

woensdag 30 januari 2013

Ut it fotoarchyf


Ik haw yn 1998 myn earste lisfyts oanskaft.
Yn dy jierren liken de lisfytsen flink oan populariteit te winnen.

Fanút Ljouwert waarden der tochten orgranisearre en op hichtedagen diene der samar in man as 40 mei.

Lisfytse is in snoad gesicht. It liket allegear wat ûngemaklik mar dat is it útsein it opstappen hielendal net.





De lêste jierren binne sokke groepslisfytsdagen net mear sa populêr.

En dat fyn ik hielendal net slim. Ik mei der graach sels of mei Jellie op útgean mei de lisfyts.

dinsdag 29 januari 2013

Fear

De Rie fan de Fryske beweging rikt sa no en dan in fear út.
Sij folge dêrmei de siswize : immen in fear yn de broek (?)stekke.
Dat docht dy Rie bij minsken en ynstansjes dy't de Fryske taal befoarderje.
Juster stie yn de krante dat in ortodontist yn Ljouwert de fear krigen hat.
Neffens de krante "omdat dy de klanten yn it Frysk oansprekt, de ynformaasje yn it Frysk jout, in frysktalige wepside hat en omdat de oanwiisbuordsjes ek yn it Frysk binne".

It sil allegear wol, mar ik konstatear dat at je sykje om de side dat je ynearsten op in nederlânsktalige side komme en kieze kinne foar de fryske ferzje.
Yn de praktyk betsjut it dat in hiele lytse groep te meitsjen krijt mei it Frysk en dy groep dy hoege je net oan te fiterjen.

Ik soe de kommisje graach in tip jaan wolle.
Earne yn Fryslân hat in fuotbalferiening in webstek dy't oer it gehiel nommen foar 90 % Frysktalich is. Dat wol sizze dat alles wat de wepmasters (der binne der twa) der sels opsette yn it Frysk is en dat is 70 % fan it gehiel..
 20 % wurdt oanlevere troch oaren en is ek yn it Frysk en 10 % wurdt oanlevere yn in oare taal, meast Nederlânsk. Dat lêste is net slim want net elkenien kin it (noch) skriuwe.
Al 10 jier lang wurde de leden, de freonen, de stipers en alle oare belngstellenden alle dagen fersjoen fan nijs. Nijs oer de klup mar foaral ek oer de minsken dy't bij de klup heare.
Elkenien dy't wat witte wol fan de klup sil him/har troch it Frysk hinne lêze moatte.
De besikersoantallen binne yn dy 10 jier oprûn fan 30 per dei oant meast 700 per dei.
En sa't it bij in fuotbalklup giet, komme der altiten wer nije leden bij en is it besikersbestân troch de jierren hinne wiksele.
Ut betroubere boarne haw ik fernommen dat troch de meast Fryske teksten op de side, der ek trochstrings yn it Frysk reagearre wurdt.
Ek út tige betroubere boarne haw ik fernommen dat der yn al dy jierren gjin inkele kear in diskusje west hat at al dat Frysk wol kin op in side wêr't ek in protte net Frysktalige minsken harren ynformaasje wei helje moatte om te witten hoe en wat.
At dat net taalbefoardiring is dan wit ik it it ek neat mear.

At ik dus dy fear bij guon yn de broek stekke mocht dan die ik dat lykwols net bij dy minsken fan dizze side.
Dat soe net earlik wêze.
Dat soe net ynteger wêze.
Ik jou allinne mar in tip.


zondag 27 januari 2013

It spul hat luzen

Dizze wike stie  yn de Ljouerwter Krante in stik mei de kop "Iedereen vindt iets in de Vaatstra - zaak." Skreaun troch Jantien de Boer dy't altyd de stikken skriuwt at it oer Marianne Vaatstra giet.

As komplotteory tinker koe ik der fan útgean dat de ûndersikers dy't safolle bewizen sammele hawwe dat de wierheid oars is,  mei in reaksje komme soene.
Wa't it net sa stean hat op de komplotteorytinkers oangeande de moard op Marianne Vaastra en wa't tinkt dat de Ljouwerter Krante objektive sjoernalistyk bedriuwt hoecht dit net te lêzen.

Mar wa't krekt as mij noch altyd twivelt oan de gong fan saken soe dit stik wol lêze moatte.



vrijdag 25 januari 2013

Humor

At je it oer Ierlân hawwe, dan giet it foaral ek oer reinwetter.
It is dêr net faak hiel lang droech.
At je as toerist yn Ierlân komme dan sille de Ieren net neilitte om je te herinnerjen oan de namme dy't it lân hat.
Selsspot is altyd goed.
Sa is dizze.
Dit hinget bij de baly fan it hostel wêr't wij sliepten. Oan de oare kant fan it buordsje stiet: it's  not raining

En dit boerd stiet bij de útgong fan it hostel.
Wij hawwe 40 oeren yn Dublin west, it skynt ien kear reint te hawwen. in dikke bui fan in healoere, mar doe sieten wij tafallich yn in pub, dus rekkenje wij dy net mei......

Winterdei




It like fannemoarn betiid in moaie dei te wurden.
Moai waar om te riden mei dat sintsje dat der oan stie te kommen.
Mar at je net mear fan riden hâlde en je wolle der dochs efkes op út om dat ridersgefoel te krijen, dan is in lisfyts in útkomst.
Wylst ik mij ferklaaide om in rûntsje te dwaan, beluts de loft en in tichte mist soarge der foar dat it in lytse wrâld wie en dat it kâld bleau.
Mar hoe lyts de wrâld ek is yn de greidhoeke it is der altyd moai yn tsjinstelling ta de wâlden.
Tsjeintgum ...wa kin it net?

Yn Reahûs wolle se al wer keatse....

winterske oanslach
 
nei 33 kilometer net allinne griis mar ek wyt
 
 
 
 

woensdag 23 januari 2013

Wounded knee

At der net in Redbone west hie dy't song oer Wounded Knee, dan hie ik nea witten wat it wie.
Dêr bin ik hast wol wis fan. Ik leau net dat it yn de gewoane mafû skiednisboekjes stien hat
Wounded  Knee: In hit út 1973. Njoggentjin waard ik doe. Fol fan muzyk en top 40.
Al hiel lang haw ik dat nûmer net mear heard.
Op de jierkalinder yn it húske seach ik op 29 desimber stean : 1890 Wounded Knee.
In goed momint it ferhaal fan Wounded Knee op te sykjen en wylst jim dat lêze kinne jim harkje nei Redbone.





dinsdag 22 januari 2013

Myn held brûkte gjin epo


Ik mei dan wol in leafhawwer fan fytsen wêze, it wol noch net sizze dat hurdfytsen myn ding is.
Ik folch de Tour de France at it mij útkomt, sjoch Paris- Roubaix en de rûnte fan Flaanderen en it lêste jier hat de rûnte fan Spanje mij ek goed foldien.

De ferhalen fan it dopinggebrûk dogge gjin goed oan myn belangstelling foar it hurdfutsen. Foaral dat stikeme gedoch wat it altyd west hat en dat geliich der om hinne, irriteare mij ûnberoaid.

Bin bliid dat ik bij de profesjoniele fytsers gjin favoryt haw of ien dy't ik op it fuotstik setten haw.
Ein jierren 70 gie ik faak nei amateurs rûntsjes "om de tsjerke".
Boalsert, Frjentsjer, Snits, Marrum, Aldemardum, it Hearrenfean nim se mar op, ja sels yn Wommels wie doe in ronde.
Dat kaam troch de twa doarpsgenoaten dy't sûnder talint mar troch hurd wurkjen krekt meidwaan koene yn it peleton.
Eeltsje Sixma wie de iene en yn myn belibbing die hij it al goed at hij de hiele ronde útfytste.
Sybolt Greidanus wie de oare. Wenne op de Littenserbuorren.
Dat wie in cowboy neffens de krante.
Mar dat wie de fyts helt fan Wommels.
Ik haw noch bij him op skoalle sitten doe't herfoarme bern (ik)  en griffermearde bern (hij) bij elkoar yn de klas kamen.
It wie bij Sybolt alles of neat en hij wie sa gysten as wat en fleach altiten as in dief troch it doarp ek at er net yn de rees wie.

Ik hoech myn helt net te skrassen.
Al bin ik der wis fan dat hij wol stimulearjende middelen brûkt hat:
De sûpe fan molkboer Zijlstra,
it bargefleis fan slachter Reitsma,
de bananen fan grienteboer Smeding en
de wite broadsjes fan bakker Posthuma.

Wol stimulearjend mar net ferbean.
Sybolt, soe der noch wol ris hurdfytse?
Of makket er no ritsjes op in E-bike mei in cowboy hoed op.



maandag 21 januari 2013

Winter


Dizze skiere foto seit alles fan de tastân fan de diken en de paden hjoed.
 Tusken Turns en Reahûs in beton reed, mei lofts de farske opwaaide snie, mei yn it midden de fêstferzen rommel fan ferline wike en lofts in reedlik begeanber paad.

Selden meinmakke dat de tastân fan it paad fan Snits nei Wommels sa ferskillend wie.
Sniedûnen, moai skjinne stikken, iispaden, gefaarlike richels, libbensgefaarlike brêchjes, iis en losse snie. 
Posted by Picasa

zondag 20 januari 2013

Blaue moandei


Wiskunde. Net myn favorite fak, wylst ik op de mulo wol foar wiskunde kozen ha ynstee fan hannel.
In goeie kar. Hannel koe ik der letter maklik bij leare op de Detailhannelsskoalle.
Hjir boppe stiet in wiskundige formule.
Dy kin bepale hoe folle lêst je hawwe fan Blauwe Moandei. Dat skynt de tredde moandei yn jannewaris te wêzen. It skynt de meast deprimearjende dei te wêzen fan it jier. Op foarhân al.
It hat te meitsjen mei it meastal ferfelende waar, it jild wat hast wer op is nei de djoere desimber moanne en de goeie foarnimmens dy't al  opjûn binne.
It stiet mij net bij dat ik de lêste 58 jier jier lêst fan hân ha, mar it soe samar kinne.....
....at der moandei in pak snie leit...
....at ik net op in fatsoenlike wize nei Snits fytse kin.....
....at PR de V al wer yn De Wereld Draait Door sit te ligen en te wiispraten....
....at it moarn wer de hiele dei oer 1963 giet.....

Om te foarkommen dat je yn it Blaue Maondei gat falle is it goed om dizze twa filmkes noch efkes te sjen.





vrijdag 18 januari 2013

In tryste dei

Al langere tiid wie it wis dat Remco Brouwer net lang mear te libjen hie.
In freeslik foarútsjoch foar himsels, syn neisten en elkenien dy't him kin.
Remco, fan 1978 seach ik as jonkje opgroeien nei in jongkeardel.
Remco dy't keatst, Remco dy't fuotballet en Remco dy't útgiet.
Remco mei syn bliere laits en syn spontane karakter.

Mei it lingen fan de jierren ferdwynt hij stadichoan wat út byld.
In relaasje, nei Dronryp, heit wurde....... noch in kear heit wurde.
It heart allegear bij it libben.
En dan de sykte...de twifel....de striid....it freeslike berjocht.....it foarútsicht..it ôfskienimmen....en de dea.
De dea dy't net bij it libben heare moast.
34 jier noch mar...
Wêrom?
Hjoed wurdt hij te hôf brocht.

dinsdag 15 januari 2013

Dublin

Ofrûne wykein hawwe soan Tsjeard en ik yn Dublin west. Doel wie om in optreden fan the Dropkick Murphies mei te meitsjen yn de Vicarstreet.
In idee dat midden yn in nacht ûntstie yn desimber en wat de oare deis gelyk regele waard. Ryan air, kaartsjes en fierders sjogge wij it wol
Wat Dublin seit, tink oan pubs, oan folkmuzyk, oan Guinness, oan wiskey en oan Murphys.
Wij kinne befestigje dat it klopt.


In sliepplak op in 12 persoankeamer
Op freedtejûn der  hinne, in stapelbêd sykje yn in hostel en dy nacht noch wat sfear meipriuwe yn twa kroechjes.

Klokslach 2.30 oere pakke se dêr de biezum , begjinne te feien en de kruk wurdt ûnder je kont weihelle en op de bar setten.

De sneon hiene wij trije haaddoelen: in eksurzje, in Ierske kroechdei meimeitsje en it konsert fan de Dropkick Murphys in band út Boston, dy't "Ierske"punkrock spilet.
De ekskursje wie top. In humorfolle rûnlieding, in prima presintaasje mei goeie techniken en net te lang.
Ta beslút fan de ekskursje efkes wiskey priuwe
Wêr? Yn the Old Jameson Distillery. Ja krekt it plak wêr't de ferneamde Ierske wisky makke wurdt.
In goed begin fan de dei en gelyk in goeie smaak te pakken.
dit like Tsjeard wol wat en ik die ek net dreech
De sneontemiddei is foar de Ieren in besite oan de stêd en dêrnei in bierke helje yn de kroech wêr't libbende muzyk is en wêr't se meisjonge kinne. Dat winkelje like ús gjin goed idee en sa krige de Temple bar al betiid op de middei besite fan twa Friezen. In soad Ieren, noch mear toeristen folgen al gau.


It lytse ferheginkje yn de hoeke is it poadium wêr't de artisten tsjinelkoar oansitte om plak te hâlden.
en jong stie fol bewûndering te sjen
It begong mei in troubadoer, it sette troch mei in banjo- fioel- en gitaarbandsje en dêrnei namen twa knapen op gitaar it oer en songen de iene meisjonger nei de oare.
In prachtige sfear en it wie gjin straf om dêr noch wat langer te bliuwen as iterstiid.

Mar de plicht rôp om 19.00 oere want foar  the Dropkick Murphys moasten wij nei de Vicarstreet.
Fia in Kebabsaakje mei in húske kamen wij bij de prachtige seal dêr.
It wie in bûnt selskip fan publyk út heal Europa. In soad Dútsers, Belgen, Ingelsken, Sweden, Nederlanders en ek noch mear Friezen as wij.
Allegear te herkennen oan ien fan de safolle Dropkick sjurts.

Yn de Vicar street wie de muzyk dan wol rock mar it meisjongen wie der like folle.
Twa oeren batsten de 7 mannen fan de Dropkick it hiele poadium oer en dat wie in hiele toer.
Selden sa'n moaie seal sjoen, wêr't it mânske poadium like breed is as de seal en de seal ek like djip is sadat elkenien it gefoel hat dat dy foaroan stiet.
Om 23.00 oere wie it dien dêr en wij hiene amper tiid hân foar in snapke dus mar gau wer nei de Temple Bar wêr't ûnderwilens al wer in pear oare sjongers de boel yn besnijing hie. Ek oar foaral ynternasjonaal publyk.

En at it no troch it lette oere kaam wêrtroch it byld wat minder waard bij sommigen mar ik krige it drok mei fotosesjes.
De iene seach mij oan foar de banjospiler fan de band, de oare miende echt dat ik Seasick Steve wie en de tredde wie sa grutsk dat hij mei ZZ Top op de foto mocht.
It wie suver spitich dat it om 2.30 wer dien wie. Gelokkich wie de toarst doe ek al aardich bekaam sadat wij it stapelbêd yn it hostel mar opsochten.

Sneintemiddei werom mei Ryanair en bekomme fan it prachtich moai muzikaal en heftich wykein.


Net in geweldige opname fan immen dy't boppe siet mar wol bysûnder want set it byld marris stil op 3.16.

Sit dizze mar lekker lûd en sjoch nei de bylden.



Foetôfdruk

De Fryske miljeu federaasje hat yn 2012 in ûndersyk dien nei de foetôfdruk fan in groep minsken wêrûnder dy fan mij.

Wat is een ‘Voetafdruk’?
Het begrip ‘ecologische voetafdruk’ bestaat al ruim 15 jaar en werd geïntroduceerd aan de Canadese Universiteit van British Colombia door Mathis Wackernagel. De ecologische voetafdruk is een soort meetinstrument waarmee het ruimtebeslag van een mens op de aarde bepaald kan worden aan de hand van iemands leefstijl. De ruimte die iemands leefstijl inneemt wordt uitgedrukt in hectares. Hoe groot deze voetafdruk is hangt met name af van het consumptiegedrag. De berekening neemt onder andere de oppervlakte mee welke nodig is voor het gebruik van energie en grondstoffen en de productie van voedsel. In Nederland is de ecologische voetafdruk in 1995 geïntroduceerd door milieuorganisatie De Kleine Aarde.


Ein desimber krige ik berjocht hoe grut myn foetôfdruk wurden is op basis fan in fragenformulier.
It sil jim gjin nei dwaan dat dy fan mij aardich ûnder iot gemiddelde leit.
It fytsen yn it wenwurkferkear levert wat dat oangiet flink wat op.
Neffens de metodyk hjirboppe beskreaun komt myn foetôfdruk op 3,5 hektare út.

It totale resultaat fan it ûndersyk is hjir te sjen.


woensdag 9 januari 2013

Boeken 2012

It oantal fytskilometers  en it oantal boeken dat ik lês, hâld ik bij.
Yn 2012 kom ik op 43 boeken, mei wol al aardich wat fairaasje, tocht ik sa.
Myn foarkar giet út nei misdie- en rjochtbank thrillers. Fandêr myn bysûndere belangstelling foar de saak Marianne Vaatstra.
It oantal Fryske boeken bliuwt wierskynlik fier efter fan wat jim tinke soene. It is net oars.
Foar tips oer goeie Frysktalige misdie boeken stean ik iepen.


1 Adler-Olsen, Jussie Dossier 64
2 Baldacci, David Onschuldig
3 Bijlsma,Meindert De brêgesitter
4 Boer, Marten L Wilhelmina
5 Bokma, Hinne 100 jaar gereformeerd
6 Brown, Steve Killing fields Amsterdam
7 Brusselmans. Herman Mijn haar is lang
8 Butter Jan Cees Het foute elftal
9 Clarke, Stephen Lente in Parisj
10 Coben, Harlan Tegenwerking
11 Coben, Harlan Ontwricht
12 Connelly, Michael Tunnelrat
13 Cornelisse, Paulien Taal is zeg maar echt mijn ding
14 Dijkshoorn, Nico Nooit ziek geweest
15 Dijkshoorn, Nico Verder alles goed
16 Draaisma, Douwe Geheugen, tijd &ouderdom
17 Ellis, David De verborgen man
18 Ernestam, Maria Nooit zonder jouw
19 Escober Onrust
20 FitzGerald, Helen Ex
21 Hoekstra, Eric Kening fan é junks
22 Jacobs, Marc Het koepelmysterie
23 Jong, Ferdinand de it dak fan de wrêld
24 Kellerman, Jonathan De juni moorden
25 Kommisje Twee sporen één weg
26 Kuttner, Sarah Stuk
27 Lagercramtz, David Ik, Zlatan
28 Mankell, Henning  De gekwelde man
29 Mankell, Henning  Kennedy's brein
30 McDermid, Val Misdaadkoning
31 Muizelaar, Sybolt Drukkerij van der Eems
32 Nesser, Hakan De zaak van Munster
33 Patterson, James De vijfde vrouw
34 Patterson, James Moordweekend
35 Rankin, Ian Schuld en boete
36 Rankin, Ian Interne Zaken
37 Roslund&Hellstrom Drie seconden
38 Scheelings, Pim Q'65
39 Scottoline, Lisa Op de hielen
40 Smeets, Mart De afrekening
41 Tex, Charles den Cel
42 Walters, Minette De Beeldhouwster
43 Winman, Sarah Toen God een konijn was

Myn boekenregistraasje rint fanôf 1998 en omfettet no 590 boeken. Mei de 43 fan dit jier sit ik aardich op in jiergemiddelde.

dinsdag 8 januari 2013

De parabel fan de apen



Dizze leuke parabel wurdt foaral brûkt om oan te jaan dat dit in hiele minne wize is om nij personiel yn it wurkjen yn in bedriuw.

maandag 7 januari 2013

Earst te lang no te koart

Yn de goeie âlde tiid dat the Beatles hit nei hit hiene, soe ik bêst sein hawwe kinnen: It moaie oan de Beatles is dat de nûmers sa lekker koart binne.
Ik bin gjin echte Beatle fan, haw der gjin muzyk fan thús en sil it dus ek net opsette.
Ik bin in Stones fan en dy muzyk ferfeeld mij noch altiten net.
Ik frege mij langlêsten ôf hoe it wêze soe at ik 89 bin en diel útmeitsje fan it rollators peleton fan soarchsintrim de Greidhoeke yn Wommels. Stean ik dan de top 2000 mei Satisfaction en It's all over now mei te brullen bij de leagenbank? Of is de Zuiderzeeballande" mei de prachtige begjinsin "Opa kijk ik vond op zolder een foto uit dit oude tijd" myn tophit.
Ik hoop yn alle gefallen dat nimmen mear wit wa't Ger Pardoes en de drie J's wiene.
Hawar ik wie snein bij de Muziekboerderij yn Noflik yn Easterein.
In moai inisjatyf wat noch efkes ûntdekt wurde moat troch noch wat mear minsken.
Nije talinten krije de kâns om harren trije kertier sjen en heare te litten.
Nicsz spile dêr en dizze jonge knapen hawwe mij al in pear kear oertsjûge fan harren talint.
Ek no wer diene se in lekker strak optreden mei moaie eigen nûmers en myn hichtepunt in kover fan Snow Patrol.
Magical Mistery Tour

Nicsz

De slachwurker fan Nicsz koe syn lol wol op want hij hie dêrfoar al in optreden dien mei de Magical Mistery Tour. Fan wa't dizze Lollumer it talint hat wit ik net mar it is in merakel om dy knaap te hearen op it slachreau.

Om werom te kommen op de Beatles mar foaral op dy Magical Mistery Tour: it wie in lust foar myn ear.
Prachtich optreden mei in entûsjast publyk en as ferfolch en ferbettering op myn eardere útspraak: de nûmers fan the Beatles binne anno 2013 te koart.
It is sneu dat ik Jason Pattys Gun net sjoen ha, mar dat kin ik mij sels net ferwite. De organisaasje soe miskien iets better oanjaan kinne wannear it echt begjint en wa't earst spilet.
Want somtiden moatte je in kar meitsje en kinne je net alles sjen.

Noch taheakke: Kommende tongersdei presintearret Nicsz harren earst CD. Sij dogge dat yn it Bolwurk yn Snits. De tagong is fergees en ik kin jim sizze: it is de muoite wurdich om dit lekkere popgroepke te hearen. Helaas bin ik der sels want freed giet de reis nei Dublin foar in optreden fan The Dropkick Murphys.







zondag 6 januari 2013

Jelske 1 jier

Hjoed is ús pake- en beppesizzer ien jier wurden.
En sa ts sjen bin ik noch altiten net op Jelske útsjoen.

zaterdag 5 januari 2013

Muzykbuorkerij

De lêste snein fan de moanne is der altiten bluesmuzyk bij Noflik yn Easterein. Tagong fergees.
De earste snein fan de moanne is der oare muzyk. Trije ferskillende soarten bandsjes litte dan fan harren heare. Tagong ek dan fergees.
Snein 6 jannewaris binne dat Nicsz, Jason Patty's Gun en Magical Mystery tour.
Wat dit is wa't dit binne kinne jim hjir lêze.
In moai programma en foaral the Beatle kovers fan ien fan harren bettere albums makket mij nijsgjiirich.
Snein om 16.00 oere dus bij Noflik yn Easterein.



vrijdag 4 januari 2013

Foarjier yn de winter



Jim heare mij net kleien oer it winterwaar.
It is in lust en der mankearret net folle mear oan of ik doch de koarte broek oan.
Dat wol sizze at je wat yn de lijte en de sinne fytse.
Hjoed in moaie tochtje fytst yn Gaasterlân-Sleat.
Nei de rûzige hoeke bij Himmelum (mei in soad lewaai fan fûgels, it hjit dan ek de Fûgelhoeke) kamen wij fia it bosk út bij it Murnser Klif.
tsjin de sinne yn fotografeare binne net de moaiste foto's

Bij de seedyk del en ek dêr lieten de fûgels fan harren heare.
Wij moasten betiden raze om der boppeút te kommen.
Sa fleagen wij de berch fan Aldemardum bij del en fia Nijewardum, Sondel kamen wij yn Balk


Nei Balk rjochting Kippenburch betsjut de Luts bij del. Ferline jier it probleem om de 11 stêdentocht op redens troch gean te litten en no ideaal om der bij lâns te fytsen.



Fia it bosk kamen wij op de dyk fan Aldemardum nei Riis en dêr wurdt warskôge foar oerstekkende âlderen.. Soene sokke ferkearsbuorden oer 10 jier yn alle "grize"doarpen stean? En, soe it wat jaan?

Fia Riis, Bakhuzen en Himmelum werom nei de auto dy't bij Galamadammen stie.







donderdag 3 januari 2013

Tamme Tysker

Tusken de papperassen fûn ik ek noch in lyts en tin boekje.
"Leksums"
In mannich stikeldichten fan Tamme Tysker.
It boekje is fan 1945 en útjûn troch de fa. J. Kamminga, Dokkum yn 1945.

Tamme Tysker wie dat net Douwe Annes Tamminga ?
Wa't it wit mei it sizze en mei it boekje ek wol ha.





woensdag 2 januari 2013

Tekoart



Wêr haw ik it lizze of sotte litten?
Wêrom haw ik it op de lêste moanne, lêste wiken, dagen, oeren oankomme litten?
Wêrom net twa sneinen faker it Snitser mar om?
Wêrom net ien kear nei Den Oever hinne en werom?
Werom fan 't simmer net op de fyts nei it skútsjesilen yn Hielpen?
Wêrom op fakânsje de Saar net hielendal lâns fytst?
Wêrom net 17 kear faker lyts Kûbaard om?
Of 10 kear grut Kûbaard?
Wêrom ?

No kom ik 118 kilometer tekoart yn 2012.
118 kilometer dy't er foar soargje dat ik de 10.000 kilometer net helje.

In ramp? Nee hear. Der binne oarsaken oan te wizen, redenen oan te jaan  en smoezen te betinken.
Mei dit listje haw ik in grutte motifaasje om it yn 2013 wer better te dwaan.