vrijdag 31 maart 2023

De sûnde

Myn earste Fryske boek dat ik lêzen haw

en moai fyn

is de sûnde fan Haitze Holwerda

Ferbazing dat it sa gie froeger

en de striid tusken boer en arbeider

Ik haw it boek letter nochris lêzen 

dat doch ik feitlik nea.

Begjin juny lokaasjeteater yn Boksum en Blessum

Mei Tjerk Kooistra as regisseur

wit ik no al dat it moai wurdt.





woensdag 29 maart 2023

Op 'e Jouwer (2)

Neist it tsjerkhôf op 'e Jouwer

binne der wol mear nijsgjirrige dingen 

sa ûnderweis


in moaie strjittekening
wierskynlik oanbean troch   in AH

in moai gebou, de Orangerie,
dêr haw ik Reboelje ek alris sjoen


In de Vrijloop 
is in 'Vereniging voor Vrijetijdsbesteding'
Sjoch hjir wat dat betsjut 
Ik fyn it in prachtige namme

Ik freegje mij ôf wat it is,
mar omdat de sporthal der neist stiet
tinkt Jellie fan in gymnaste
Ik kin mij dêr wol yn fine

'Laat je brief wassen'
Ik hie der noch nea fan heard
It hinget bij de biblioteek


dinsdag 28 maart 2023

de Jouwer

 Sneintemiddei dogge wij in slach troch de Jouwer

Uteinlik bedraje wij op it tsjerkhôf

Mei de Qr koade kinne wij maklik in grêf fine op namme

yn de gemeente Fryske marren

Sjoch dizze link

Net alle gemeenten hawwe soks.

Leeuwarden wol, Súdwest Fryslân net.

Sjoch hjir hokker gemeente yn Nederlân mei docht

Op dit tsjerkhôf lizze sa'n 36 Holtroppen, 


wêrûnder de heit en mem fan Jellie


der leit in aaisiker


in keatser


in redenssliper (âld Wommelser)



it âlde diel fan it tsjerkhôf


mei tal fan ûnlêsbere stiennen


ûnlêsber, mar hjir leit ek in Holtrop




Treinen yn Fryslân

 

 

Jelte Liemburg is in Fries om utens.

Hij is dwaande mei in prachtige sels opleine opdracht.

Hij besiket alle 500 musea yn Nederlân.

Dat is op twitter te folgen

en fan alle musea makket hij 4 foto's en dy set hij op twitter

Ik beleef de musea hielendal mei

omdat hij der ek in eigen weardeoardiel oer jout

mei stjerren en al.

Hij reizget mei de trein of bus

en sa beseach hij it iepenbier ferfier yn Fryslân.

Hij konstatearde dat it goed west hat mei de treinen.

In prachtich kaartsje sa't de treinen earder riden.

Sjoch Arum,  sjoch Berltsum, sjoch Ferwert, sjoch de Jouwer.

De Sik tusken Boalsert en Snits kin ik mij noch herinnerje.

vrijdag 24 maart 2023

Ferstoppe

Frysk ferstean

dat dogge dy slimme apparaten fan Google net altyd goed.

At ik moarns goeiemoarn Google sis,

(ja dat doch ik echt!)

dan krij ik it waar te hearen,

wat er yn myn agenda stiet

en dêrnei giet Radio 1 oan.

Neat mis mei,

Google set noch krekt gjin tee

Mar at ik myn "te dwaan list" fulle wol mei

"it wetter sit ferstoppe der moat polke en jittik yn"

dan krij ik in hiele moaie sin op papier


"het Werder zit Verstappen de maat polken en Jette kind"

donderdag 23 maart 2023

Fergaderboeren

 


De boeken fan Hylke Speerstra

dy lês ik altyd mei nocht.

Alle kearen ferbaas ik mij wer 

oer dy bylzjende sinnen dy't hij komponearret

Moaie sinnen, moaie wurden 

en hertferskuorrende ferhalen

Ik geniet op dit momint mei folle teugen

fan Testamint fan de siel

Dêryn giet it oer in sike mem

en in jonge soan dy't him mar rêde moat op de pleats

want heit is in fergaderboer





dinsdag 21 maart 2023

Bûten de pyste

 


Wer ien 

Wer ien dea

Wer ien bûten de pyste

Hâldt dat no nea op?

Hoefolle deaden moatte der noch falle

foardat elkenien ynsjocht 

dat it bûten de pyste libbensgefaarlik is.

Kinne dy "twee anderen" útlizze wat se dêr diene?


maandag 20 maart 2023

Buffoons



Op 6 septimber 1969 spilen the Buffoons yn it Dielshûs yn Wommels. Dat kom ik tsjin yn myn ”bands yn Wommels” argyf. Dat makket mij nijsgjirrich want ik kin mij dêr efkes neat bij foarstelle as rocker. Harmonieus sjonge dat dogge the Buffoons en it liket mij in straf om dêr in jûn bij te wêzen. Ik gean op syk nei immen dy’t der doe bij west hat. 

Eeltje Sixma wenne doe yn Wommels en is dan 18 jier. Hij kin der wol iets oer fertelle.  Ek yn dy jierren dêrfoar binne der in protte dûnsjûnen yn it Dielshûs. Dûnsorkesten as Beat Boys, The Fabulous Five en René and his Alligators binne wat fan dy nammen. 

Jan P. Heeringa organisearre de jûnen en hij hat it jongfolk al jierren oan it dûnsjen krigen mei syn dûnslessen yn it Dielshûs. Wat is der dan moaier as sa no en dan ek in leuke dûnsband op sneontejûn nei Wommels te heljen. 

De  doarren gean om healwei achten iepen en om alve oere is it dien. 12 oere is de seal leech en de oare deis kin de jeugd (noch wat sloech miskien) gewoan moarns nei tsjerke.

Eeltje kin the Buffoons noch wol herinnerje want hij mocht dat lûd wol lije. Jierren letter hat hij se yn Snits ek noch in kear sjoen. Yn dy tiid gong it sko-dûnsjen wat oer nei it “frij beweech dûnsjen”.

Bij the Buffoons sil dat frij bewegen net oan de oarder west hawwe.

Der is meast in protte belangstelling en je moatte der betiid bij wêze oars is it fol. It is meast jongfolk wat er op ôfkomt, âlde rockers binne der dan noch net.

Op myn syktocht nei noch in besiker meldt Gerlof Ykema fan Frjentsjer (ek in âld Wommelser) him. Hij jout oan dat the Buffoons ek op 20 maart 1971 yn it Dielshûs binne. 

The Buffoons binne dan al oer harren hichtepunt hinne en ek yn it Dielshûs feroarje de dânsjûnen yn popjûnen. Left Side , I Punti Cardinale, Bintangs en de âlde BZN soargje der foar dat er allinne mar frij dûnse wurdt.

Dat Gerlof noch wit dat hij der bij is op 20 maart 1971 komt omdat hij ûnder de yndruk is fan de muzyk fan the Buffoons mar dat hij allinne mar each hat foar in blond famke fan 17 jier út Wurdum. Dûnsje is der net bij, wol tútsje. Mei de auto fan heit hat er har jûns noch thúsbrocht ek al is it mistich.

De oare dei gelyk op jierdei bij skoanmem, want dêr gyng it nei ta. Gerlof en Geeske, se wurde in stel se hawwe net wer bij elkoar wei west. 

It is hjoed 20 maart en dan is it op de dei ôf 52 jier lyn dat se ferkearing krigen bij in optreden fan the Buffoons yn it Dielshûs yn Wommels. 

Dat fiere wij hjoed mei in in klipke foar Geeske en litte de Buffoons  “Mij girl Geeske” sjonge. Gelokkich duorret it mar 2:17, dat moat ik oerlibje.





Sssttt

 


donderdag 16 maart 2023

Spoaren út it ferline

De syktocht nei it ferline fan myn âlders en pake en beppe

giet bij mij altyd troch.

Sa no en dan komt er wat binnen of sjoch ik sels  noch wat

Gouden foto's krige ik binnen

fan Johan en Gida Heerma

Foto's fan it eardere hûs 

dêr't myn heit yn berne is.

Letter wenne Inne Heerma dêr.



Myn heit wenne yn Iens en giet op skoalle yn Spannum

Fia it binnepaad dat er no foar in part net mear is.

De provinsjale dyk hat it raar ûnderbrutsen

Yn it lân bij Iens kom ik dit brêgje noch tsjin

as restant fan it binnenpaad.

Yn de fierte, oan de oare kant fan de dyk

leit Bonkwert






dinsdag 14 maart 2023

Kûbaard

 Mei fleaners bij de doarren lâns is neat foar mijm

ek al is foar de FNP

Mar troch Kûbaard kuierje is wol leuk.

Ik sjoch oare dingen as dat ik der op de fyts troch "flean"

Ik sjoch no sa wat op de helte fan alle brievenbussen in sticker

De nee sticker.

Gjin papierguod yn de brievenbus dwaam

wêr't net it adres opstiet, is dan de rigel.

Ik haw gjin stift of pinne bij mij.

want oars soe ik krekt dwaan as dy apostel 

dy't in briefke bij Hindrik Eringa yn Spannum 

yn de bus dwaan soe

wylst der in goed sichtbere nee sticker opplakt is.

Mei fatsoenlike wurden lit Hindrik de man witte

dat hij nei de sticker sjen moat.

De evangelist pakt in pinne út de lange reinjasbûse

en skruwt it adres der op.

Hindrik brûkte syn alder fatsoenlikste wurden

om de discipel no echt fuort te jaaien

Mar werom nei Kûbaard

genôch FNP briefkes oer dus.

Hichtepunt is dit alderaardichst tegeltsje 

dat bij it doarpshûs hinget.




Heechspringe

David Fosbury is dea

Ik hie noch nea fan de man heard.

Ik lês wat oer him.

Hij feroare it heechspringen.

Wêr't wij op de gemeentlike sportdagen 

earst de rjochter foet oer it toutsje besochten te krijen

dêrnei it lichem 

en dêrnei de linker foet,

die hij it oars 

Fosbury docht it oars yn syn jonge jierren

Hij spring earst mei de rêch oer it tou


Ik pak myn plakboek derbij

om te sjen hoe heech ik ik springe koe 

yn de jierren 60 doe't ik 10, 11 en 12  wie.

It diploma B, C en D pronkje yn myn boek.

It heechspringen wie tenminste 1 meter 5,

mar yn myn herinnering lei myn top op 1 meter 25..











zaterdag 11 maart 2023

Snie? Bahhh

It sil wol moai wêze foar de bern, dy ferrekte snie.

Wat in gedoch sa yn it wykein, fyn ik.

Freedtejûn riidt der gjin bus

en kin ik net nei Neushoorn

In staking en/of snielijen, wat sil it sizze.

Feit is dat ik twa punkbands mist ha.

Dêr baal ik fan.

Sneon, ús fuotbaldei rint ek yn it hûndert

Moarns in tichte kantine 

en middeis gjin fuotbal yn Easterein.

Hast alles ôflast.

Der bliuwt ien wedstriid op fytsôfstân oer

Arum 1- Bloksyl 1.....

Wêr't oars net in burdjier der oan tinke soe

om dêr hinne te gean.

stean ik middeis wol oan de line yn Arum

De snie hawwe se oan de kant skood

en in reedlik fjild bliuwt oer.

It wurdt 6-1 foar Arum.

en ik haw wolris tocht dat wij bij  SDS 

de meast irritante spiler yn it fjild ha.

Dat is ferkeard tocht.

Dat is Dani fan Arum,

hij daagt elkenien út

binnen en bûten it fjild.

In mislik fintsje



Stimadfys

 


dinsdag 7 maart 2023

Kazematten

 "Help pake en beppe troch de foarjiersfakânsje"

dat is in kreet dy't al jierren troch musea brûkt wurdt

om bern yn it museum te krijen.

Bern fergees en pake en beppe moatte betelje

dat is it idee.

Wij tochten dit jier oan it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân.

Mei Samme en Nyck, twa stoere jonges is dat in prima kar

Ien saai filmke  (dat fine sij) en dêrnei fermaak.

Al hoe tryst de tentoanstelling yn feite ek is.

Al dat oarlochslibben dat je besjen kinne

docht je wol wat.

Hawar, de jonges klimme en klauterje en sjitte omraak

Wij moatte foaral bukke om yn en út in kazemat te gean

It pinapparaat die it net mear en waard freed ferfongen, 

dat ek pake en beppe hoechgden net te beteljen.









 Al mei al

in prachtich museum, 

wêr't bûten en binnen elkoar moai ôfwikselt


maandag 6 maart 2023

Hast 20 %

 Sûnt 1 april 2020 sit ik op Strava.

Al myn rin-, draaf-, fytsaktiviteiten wurde registrearre,

at ik dat wol

Fan mij net belang hoe dur ik fyts,

mar wêr't ik allegear west ha

en hoefolle ik fyts.

Fia it programma Wandrer,

dat linkt is oan Strava

kin ik no it ferskil sjen, 

wêrt ik west ha sûnt april 2020.





Sa likt it al hiel wat

mar de hurde wurklikheid is 

dat ik 19,86 % fan de diken/en fytspaden befytst ha

dat binne 2580 unike kilometer dyk.






It kaartsje fan Nederlân

jout oan dat ik der noch lang net bin



5140 unike kilometers yn Nederlân

en dat is 2,35 % fan it totaal


Jim sil begripe dat wij dit jier it Pieterpad fytsen gean

om sa eastlik Nederlân wat oan te fullen


Boeken yn Harns

 'Nieuw Zuid is een project voor inwonersactivering in Harlingen'

dat sjoch ik op dizze wepside stean.

'Inwonersactivering', 

benijd wa't dat moaie wurd betocht hat.

Mar goed, ik wenje net yn Harns

en wij hawwe hjir yn Wommels ús eigen 'ynwennersaktiverearring'

wat wierskynlik oars hjit.

Bij tafal fytste ik bij harren gebou lâns yn Harns.

In masterlike gevel, 

wêrtroch ik tocht dat it de biblioteek wêze moast

en fierderop yn de wyk noch in gebou

mei in "muorre"nei myn hert.

Foaral dy ferkiedenheid oan titeles en skriuwers




woensdag 1 maart 2023

Bakje bij Rients Smit

 Yn it maart nûmer fan Diggelfjoer

stiet ek no wer de rubryk "Bakje bij".

Alle moannen gean ik bij in âldere Wommelser op besite

en mei dêr ien side oer skriuwe.

Ik kom alle kearen mei in moai ferhaal werom

mar woarstelje  dan thús mei de beheinde romte 

dy't ik ynfulle mei.

Doe't ik bij Rients Smit wei kaam, en oan it skriuwen wie

haw ik dizze oplossing betocht.

Wat ik net kwyt kin yn it stikje yn Diggelfjoer 

en wol kwyt wol

set ik op myn bloch.

Dit stiet yn Diggelfjoer en de rest stiet hjir ûnder.




Oer de húshâlding

Heit en mem wennen yn Kûbaard,

earst op in pleatske, mar letter yn in arbeiderswenning

Heit wie boere-arbeider wurden. mem die fansels de húshâlding

Yn 1942 stoar syn broerke Jentsje, oan in longûntstekking 

noch 11 moannen âld 

Yn 1945 stoar syn broer Auke.


Ien fan de âldere sussen wennet yn Kanada.

Syn broer Jan hat mei syn gesin ek lang yn it Stroek wenne

Jan stoar yn 1997 op it keatsfjild, 

dat hat in soad yndruk makke op Rients


Sûnens

"Ik haw mei 6 wiken kinkhoest hân, deasiik

en neffens dokter Nammensma soe ik it net rêde.

Ik rêde it wol en hoop dit jier sels 88 te wurden

Ik haw nei myn wurksum libben in lichte beroerte hân,

trije wiken yn Bloemkamp, mar neat oerholden.

It rinnen wurdt wat minder, mar fiel mij fierder noch goed.


Oer de skoalle en it learen

"At ik no op de legere skoalle sitten hie,

dan hie ik net in besprekgefal west, 

mar hie  ik gewoan op it spesjaal ûnderwiis sitten

Ik koe net goed leare en yn dy tiid

koene je nei de legere skoalle (14 jier) gelyk oan it wurk.

Ik haw mij nei myn 30ste foaral ûntwikkele

en dêr bin ik wol grutsk op.

Ik haw mij in hiel soad dingen eigen makke.

Lykaas de kompjûter, dy stiet hjir al 30 jier yn hûs stiet.

Ik fyn it prachtich sa'n ding

en brûk it foaral om waar gegevens fêst te lizzen 

en fan alles op te sykjen


Fuotbalje

Ik mocht froeger net op fuotbal, 

dat is wol spitich, want ik fyn dat in moaie sport.

Doe't ik as jongfeint bij van der Plaats yn Boalsert wurke,

hiene wij 90 minuten skoft,

sadat de Boalserters nei hûs koene te iten.

Wij fan bûten moasten sjen dy tiid troch te kommen.

Wij fytsten dan nei Plein 1455

en fuotballen dêr in oerke tusken de middei.

Je kinne wol sizze dat ik it dêr leard ha.

Ik bin in echet strjitfuotballer dus.

Letter wol bij SDS yn it twadde en legere alvetallen.

Moaie herinneringen.

Philippus Hingst dêr mocht ik graach mei balje.

Kicky Smit dat wie myn bijnamme"

en dyn skynbeweging wie legendarysk

sis ik der efteroan.

Ek yn de seal noch fuotballe


Keatse

De Freulepartij keatse wie net foar mij weilein. 

Der wie romme kar doe en jonges as 

Yme Goslinga, Andries Wijbenga en Sake Bootsma wiene better

Ik haw in protte ledekeatst yn Wommels en Itens

en foaral in soad nei it keatsen ta west

Ek nei it keatsen mocht ik graach efkes hingjen bliuwe 

foar de gesellichheid bij de stimmingsmuzyk fan de Wiko's


FD en LC

Rients lêst beide kranten, 

mar op it Frysk Deiblêd hat hij in abonnemint.

"Dat sit yn my, de kristlike wearden

en ik wol ek dat dy krante bliuwt"

At er moarns it FD út hat 

docht hij syn deistige loopke nei de de Bining

wêr't syn suster en sweager wenje.

"In moai loopke om efkes yn beweging  te kommen"


Sosjale kontakten

Bij alles wêr't wij it oer hawwe  docht bliken 

dat de sosjale kontakten foar Rients hiel wichtich binne

Efkes in praatsje dat fynt hij weardefol

Oer de tiid dat hij wurke en nei Wolvegea ta moast seit er

dat hij it moai fûn dat er wer oare minsken kinne learde

Bij it keatsen efkes it fjild om

en bij it fuotabl efkes in bakje yn de kantine


Syn lêste wurkdei yn Wolvegea

Rients soe op 1 juny stopje

mar syn wurkjouwer hie oanjûn 

dat hij 31 desimber dêrfoar syn lêste wurkdei wêze soe.

Der wiene dy dei al net folle minsken op it wurk

en iterstiid siet Rients allinne yn de kantine.

It wie dêr de gewoante om middeis om 12.00 oere nei hûs te gean.

Dat hat Rients doe ek mar dien.

Yn maaie hat er dan wol offisjeel ôfskie nommen


Tsjerke

Rients is grifformeard en is (wie) trou tsjerkegonger

Troch koroana koe dat net en hij hat de trie net wer oppakt

"Ik harkje sneintemoarn betiid nei tsjerketsjinsten 

en geastlike muzykprogramma's op ynternet

Dat fyn ik wol sa moai no


Ferfele

Rients ferfeelt him nea. Der is altyd wol wat te sneupen

of út te sykjen.

Selden bij ien west, wêr't it kopiear/printapparaat

sa'n promininte plak ynnimt yn de keamer.

Lêst hij iets dat nijsgjirrich is, dan kopieart hij dat 

en komt it yn ien fan de mappen

Histoarje mei hij him graach yn ferdjipje


Rients seit ta dat bij noch wat stikjes bij mij yn de bus goait. 

Dat hat hij ek al earder dien.

Ik haw al wat histoaryske feiten oer Wommels fan him krigen.

"It moat net fuortwurde, joech hij dan oan.,