zondag 28 maart 2021

Joadske bern

 



Om oandacht skreauwende buorden 
steane meast oan drokke diken.
Dit boerd is amper te sjen fanôf in drokke dyk

Tusken Wommels en Burchwert wurdt oandacht frege foar 
"de terugkeer van de Joodse kinderen"

Ek op Djiplân  bij de famylje van der Werf 
spile in ferhaal, wêr't no oandacht foar is.

Op dizze wepside kinne jim der alles oer lêze.

It ferhaal fan it famke fan Burchwert stiet hjir


vrijdag 26 maart 2021

Emigraasje

Emigraasje,
dat wie ein jierren 40, begjin jierren 50 populêr.
De romte en sels boer wurde wolle
wie de dream fan talleaze Friezen.
Yn de LC fan doe fyn ik wat stikjes hjiroer. (sjoch ûnderoan)

De oanlieding fan myn sneupen dêrta wie de ûndersteande pasfoto
dy't ik fûn tusken âld fotomateriaal fan Jellie har âlders.

In foto út 1950, fan Jellie har mem Annie
mei op de efterside de tekst:
Voor de pas , voor Canada 1950.

Tjeerd en Annie, sij wennen op 'e Jouwer,
makken ek konkrete emigraasje plannen.
Se hiene op dat stuit (1950) ien famke (Eltje)
en beppe Annie wie yn 1951 swier fan de twadde.




It wurdt simmer 1951  
en de koffers kinne ynpakt wurde
om mei de boat nei Kanada te ferfierd te wurden

Begjin septimber1951 stie yn de LC dit stik mei foto.....


It gesin út de Jouwer, wêr't de Holtroppen wennen?

Nee, it wiene Dijkstras dy't mei 8 bern nei Kanada gyngen.

En de Holtroppen dan?

De Holtroppen seinen op it lêste momint ôf fan dizze reis.

Yn septimber soe mem Annie befalle fan harren twadde

en dokter hie oanjûn dat reizgjen net mear ferantwurde wie...

It gie oer en fan útstel kaam ôfstel.

Op 18 septimber 1951 waard Jeltje berne,

de reden fan it "net trochgean"


Op 1-1-1977 trof ik Jellie (nammen feroarje) yn de Panbar yn Snits,

wij trouden yn 1978

krigen 3 bern en hawwe no 5 pake- beppesizzers.


.....dat hie dus allegear ek oars rinne kinnen


Noch wat stikjes út de krante fan doe oer emigraasje





woensdag 24 maart 2021

De jierren 50 - diel 1



It liket sa lang lyn: de jierren 50.

It is ek lang lyn en ik bin fan dy jierren.

1954.

Ea krige ik in boekje as oantinken oan dy tiid

It lei jierren op souder, mar no gean ik it dielen

Foto's fan dy tiid

it is prachtich om herinneringen op te heljen.


HJir wit ik fansels neat fan,
mar ik mei oannimme
dat yn huize Hofstra mem Hiltsje dit ek brûkte


Dat ik hjir út iet is wis. dy panne hawwe wij noch.
Ha pap zegt Fik
Mis hoor, lacht Mop
Poes roept, eerst ik
Tís allemaal op

de ynhâld fan de la mei medisinen

Flipje fan Tiel, dat wie de baas fan de sjem
en mei de segels koene je boekje krije of keapje


Nije wike mear.........

maandag 22 maart 2021

Frysk

 


Frysk,

Ik tink deryn, ik dream deryn en ik skriuw it hast altyd.

Mar lêze, 

Fryske boeken lêze, 

dat doch ik dan wer net sa folle.

Alle jierren tink ik dat it oars moat,

mar der binne te folle moaie Skadinawyske trillers,

dus meitsje ik mij alle jierren wiis dat ik der net oan ta kom.

It is 21 maart 2021

en ik set myn tosken fanôf hjoed yn dizze twa Fryske boeken.

Geart Tigchelaar, 

ik neam him foar it gemak mar in kollega lange ôfstânsfytser

hat de iene skreaun

en Hilda Talsma hat mooglik in aktueel tema oanboarre:

Lockdown.



Drylst

Dat rinnen net myn hobby is, mei jim allang dúdlik wêze.

Mar soms, at it te hurd waait, at it te kâld is

om in lekker ein te fytsen,

dan moatte je patroanen trochbrekke.

Dus rûnen wij juster fan Snits nei Drylts 

oer de âlde Himdyk....

en  rûnen wij fan Drylst nei Snits 

oer it rin/fytspaad lâns de Geau.

10 kilometer 

en it foel mij net of.













zaterdag 20 maart 2021

Al wer in wike foarbij...

 De dagen fleane om, de wiken ek.

Altyd wol te dwaan: 

Iets mei koroana en oppasse.

Iets mei in jierdei dy't wij wol fiere

Iets mei kilometers dy't ik wol fyts

Iets mei âlde Diggelfjoeren en herinneringen

Iets mei eardere gemeenten  en twitter

Iets mei stimme en hope

Wat plaatsjes.......

Baaium, it dykje wêr't je hast nea lâns komme

Baaium mei in nuttige oanwizing

Begjin 2001 lei it der sa noch bij yn Wommels

Fûgelhutten, moai útsicht en in prachtich plak  om in namme efter te litten

ik haw de fûgels gewurde litten yn de Súdhoeke

2002, de tiid fan www begong

it AD mei de koppen nei de ferkiezings

Het grote Bosatlas puzzelboek helle

stimme  en it moat wat Perienkomme mei de foto op de ID kaart

Fan 44 nei 18 gemeenten: Op twitter pleats ik alle dagen de gemeenten dy't er net mear binne

Sa as Utingeradiel  


maandag 15 maart 2021

I Punti Cardinali

 

Op myn sneuptocht troch de kranten fan 1971 kom ik dit tsjin..

In adfertinsje fan it Dielshûs, 

dy't yn dy tiid leuke bands nei Wommels helle.

As 16 jierrige wie dat moai om in begjin te meitsjen 

mei it besykjen fan live optredens.

Op 8 febrewaris spile dus I Punti Cardinali.

In prachtige namme at ik dat sa sjoch, mar it seit mij fierders neat.

Wêrom dizze band, wat wie dêr no sa bijsûnder oan.

In Italiaasnke topband?

Hoe sit dat?

Ik gean op syk en wurd holpen troch in sekere Peter Smit.

Hij hat yn 2008 alles op in rychje setten oer dizze band.

Nijsgjirrich ferhaal mei in link nei Borsato.....

Lês hjir


Op Joe Tjoep gie ik op syk nei en fyn ik in hit

en stel mij foar dat dit sa yn it Dielshûs ek sa west hat.

Ik kin it mij net herinnerje,

miskien wie der wol wat betters 

yn de Koornbeurs yn Frjentsjer of yn it Park yn Boalsert



zaterdag 13 maart 2021

Stimme

Stimme, earder wie it in plicht.

no is it in demokratuysk rjocht.

Je kinne dêr gebrûk fan meitsje

at je it idee hawwe dat it wat bijdraacht.

Dat haw ik net altyd.

Polityk bedriuwe is in gemien spultsje.

Je sizze fan alles ta, meast komt der neat fan op de hispel.

Je wurkje gear mei oaren, dy't je earder foar bagger útskolden

Je slane je sels op it boarst, at je in hiel lyts dinkje foar elkoar krigen ha

Je sykje oare skuldigen at er iets hiel gruts ferkeard gien is

It is om al dy redenen selden dat ik in praatprogramma sjoch mei politisi der yn,

dat der om hinne draaie en ûnfatsoenlik diskuseare, ik fyn it mar neat.

Nije wike moat ik stimme 

want dat doch ik meast wol.

In lestich putsje dat stimmen foar de twadde keamer.

Safolle partijen en neat te kiezen, seit de FNP,

de partij wêr't ik myn hiele libben op stim at it kin.

Ik stim no op Habtamu de Hoop

in jonge fint út de Súdhoeke.

In aardige jonge, fuotballer, keatser, Fryskprater

en tagonklik.

Ik jou him dizze 4 jier myn fertrouen

en at syn dwaan en litten mij net oanstiet

dan sprek ik him oan tidens in tredde helte bij SDS

of yn de supermerk of bij it keatsen

en at hij in boppeslach is, 

dan sil him dat ek sizze








vrijdag 12 maart 2021

Ien auto, twa kisten

 Ien auto, twa kisten,

dat wie fannemoarn it tryste byld 

dat oan ús foarbij gie, 

doe't wij oan de kant fan de dyk stiene.


Tusken de Fabrykswei en it Noard

wie it oan beide kanten fan de dyk

twa lange rigen mei fertrietlike minsken.


Twa tige aardige doarpsgenoaten.

beide troffen troch koroana,

gyngen foar it lêst troch Wommels.


It hat wol wat, sa'n earbetoan oan de dyk

mei al dy minsken dy't in lêste groet bringe wolle.


Tjitze en Doet,

beide belutsen doarpsgenoaten

fertsjinje dit.......



donderdag 11 maart 2021

50 jier lyn (1)

1971, dat is no 50 jier lyn.

De tiid is omflein en ik sjoch werom

mei help fan de Ljouwerter kranten fan doe.

De kommende tiid sa no en dan in opmerklik berjocht 

oer Wommels yn 1971

Hjir kin ik mij yn de fierte iets fan herinnerje.

It bijsûndere is wol dat Lútzen dêr noch altyd is yn de buert.

Neffens mij yn Tanzania

Je soene seker sizze kinne dat dy 1500 gûne fertuten dien hat......


woensdag 10 maart 2021

Bizar boek



 Ik wie warskôge.

"Do wurdst fan de sokken blaasd", sei immen dy't er wat fan sizze mocht,

op it kaft fan it boek.

In bizar boek.

In oar wurd kin ik der net foar betinke.

Lês it net, soe ik fan it dak ôf raze wolle.

Mar dat doch ik net,

dat makket just nijsgjirrich

en krekt dat wurd wie op mij fan tapsssing

Wêrom lês ik troch, at it ferhaal bizar is,

at ik mij hielendal gjin foarstelling meitsje kin

wat dy minsken meimeitsje.

Ja krekt,

 ik wie nijsgjirrich hoe't dit komme soe.

Nijsgjirrigens wint it fan sûn ferstân.

Dus mei oare wurden

Lêze dan boek.......


zondag 7 maart 2021

Wenningneed

De Terp yn Wommels is in moai plak foar eveneminten. 

Yn gewoane tiden is dêr dan ek faak wat te dwaan. 

Wij meie hast neat (mei de klam op wij), mar de politike partij fan Wommelser Habtamu de Hoop koe dêr hjoed wol kampanje fiere. 

It tema slute oan bij Habtamu syn persoanlike sitewaasje. 

Hij woe wol yn eigen doarp bliuwe mar kwaam yn Easterein telâne fanwege de wenningneed yn Wommels.  

No is der neat mis mei Easterein want dêr hawwe se moaie kreake yn de tsjerke, moaie bluesjûnen op snein, in prachtige fuotbalklup en dêr wenje ek aardige minsken. 

Mar, it is gjin Wommels....

Doe't ik hjoed de tintsjes en de doazen stean seach op de Terp, tocht ik oan Boudewijn de Groot. 

Hij song yn 1966 Woningnood en der is dus net folle feroare troch al dy regearingen dy't wij hân hawwe yn de ôfrûne 55 jier....





woensdag 3 maart 2021

Sis net dat it der net is hjir

 Asjeblyf

sis net dat it der net is hjir.

Koroana.

Yn it tsjerklik krantsje 4 stikjes

oer minsken dy't ferstoarn binne.

Alle 4 troch koroana

wêrfan 3 direkt linkt wurde oan Bloemkamp yn Boalsert

en ien yndirekt.

Koroana,

it liket soms sa fier fuort.

mar it is tichtbij.

4 doarpgenoaten 

dy't er oars noch west hiene.

Ynintsje, ynintsjes, ynintsje

dat soe ik graach fan it dak ôf raze wolle

Ik doch it net.

De minksen dy't oer ús gean witte it sels ek wol

mar binne te ôfhinklik fan te folle partijen en ynstânsjes.

Wat pynlik dúdlik wurden is

is it feit dat wij der net klear foar binne,

foar sa'n pandemy.

Dat nim ik net ien kwea ôf,

want sa'n senario as no

koe net ien him foarstelle.

Koroana

sis net dat it der net is....

maandag 1 maart 2021

Oanfierder

Ik kin grutte argewaasje hawwe oer gedrach fan minsken.

Nim no Tadic, Berghuis en Dumfries,

alle trije oanfierder bij in topklup yn Nederlân.

Walchlik hoe't sij harren gedrage yn it fjild.

Dat hat neat mear te meitsjen bij professioniel gedrach.

Sij binne in min foarbyld foar de oaren yn it fjild 

en foar it publyk en foar de jeugd.

In oanfierder dy hiene wij op ús nivo ek.

Dy hie de bân oan,

dy regele de opstelling

en dy die de toss

dy regele de wiksels

en tekene it formulier nei ôfrin.

De oanfierder mocht yn it fjild wol wat sizze tsjin de skiedsrjochter

en drige der wat skeel te ûntstean yn it fjild,

dan stapte de oanfierder der tusken en suste de ploechgenoat.

Us oanfierder gie sels net oer de skreef

want dat soe in min foarbyld wêze.

Us oanfierder wie meast net dom.

Dat is no wol oars yn it betelle fuotbal.

De lju mei freeslik gedrach wurde oanfieder

want wat ferantwurdlikheid sil him yn toom hâlde,

sa wurdt er sein.

Net dus.

Se binne de oanfierdersbân net wurdich........

Dizzen wol




Fytse yn 2021

 


Twa moanne ûnderweis

en it giet as it spoar mei de kilometers

Nea earder fytste ik yn febrewaris safolle.

De goed 800 fan febrewaris en de 900 fan jannewaris

haw ik ôflein op dizze diken.

Wat reader wat faker ik dêr west ha.

Yn maart sil ik der in flinke nije hoeke bij fytse...