donderdag 31 december 2015

woensdag 30 december 2015

Suterich

Samar in foto...
yn de Súdhoeke
Samar in byld
of net samar

wat seit dit, wat is dit?

Is dit
it tryste byld fan de fertuteazing?
in wize om aaisikers te kearen ?
it sammelplak foar âldizer?

of leit it miskien al klear foar de âldjierslepers?




dinsdag 29 december 2015

Black Honey




In klipke
gewoan omdat se sa'n hearlik nûmer is
en omdat se oer in pear wiken yn Ljouwert binne

dizze garaazjerockers út Brighton (Ingelân)


zaterdag 26 december 2015

Rinne

It is al bytsje in gewoante
op earste krystdei,
in eintsje rinne

no, ja in eintsje...
ik fyn it in hiel ein
at it mear as in kilometer is.
















Starum begjinne wij
wêr't je wol "in kûgel troch it doarp en de haven jeie kinne"
soe Rients Gratama wol sizze


Oan de oare side fan Starum leit de ferlitten jachthaven
mei de boatsjes fan de minsken dy't 
de skiepkes  (figuerlik) en it skipke (letterlik) op it droege ha

De flaggemêst op it Reaklif liket sa wol in wynmûne



Op dit terrein wie yn 2015 de start en de finish fan de Frysman.
Op 9 july 2016 is de twadde edysje. De muoite wurdich om efkes te sjen.


Op wei nei it pittoreske Laaksum, mei in fiskboer dy't earste krystdei fiert


Nei Laaksum komt er gjin ein oan Warns, wat in lang doarp is dat.

In kreas rûntsje (dat fûnen wij beide)  fan 13 kilometer en noch fit ek nei de tiid


vrijdag 25 december 2015

Kryststikje


In kryststikje meitsje
dat is neat foar mij
dat gepruts mei tûkjes en tridzjes 
en oar niffelguod

en doe skille Joop
fan de redaksje fan Diggelfjoer
at ik in stikje skriuwe wol
in Kryststikje......

Ik hoechde net lang nei te tinken...
myn earste kryststikje





woensdag 23 december 2015

Winkelje

Ik wie dizze wike op in frije dei yn de stêd
wêr't ik oars allinne kom at ik wurkje moat

Om myn nije persoanlike OV kaart wer fol te setten nei in begjin saldo,
moat ik nei sa'n oplaadapparaat bij it stasjon yn Snits
soks kin no ien kear net yn ús doarp

Jellie hie wat boadskipkes
en sa sprutsen wij ôf om nei oardeloere
wer bij de auto te wêzen,
"ik rêd mij wol", sei ik fol goeie moed.

winkelje is net myn hobby, doch it ek nea
en ik bin it suver ferleard.

want wêr't ik yn it ferline yn Snits fan de iene CD saak
nei de oare platesaak tôge,
mij fernuvere oer al dy moaie en nijsgjirrige CD's
moat ik mij no fermeitsje yn  de lêste platsesaak fan Snits

op it Grutsân
yn Snits neame se dat Grootzand,
sa at se tsjin it Snitsermar ek Snekermeer sizze.

alderaardichste winkelfeint dêr,
in protte Cd's, DVD's en langspylplaten
genôch kar,
mar nei in heal oerke haw ik it wol sjoen
en haw ik myn kar makke
CD fan Rory Gallagher
in deade muzykheld

Om de tiid wat troch te kommen
en de drokte te meien
rin ik it Grutsân oer,
mei it allesizzende boerd "second hand kleding"
troch in tuskenstrjitsje
mei it noch mear sizzende boerd
"rainy day weather kleding"
oer it Lytssân (Snekers sille wol Kleinzand sizze)
in stikje Toppenhústerdyk
en werom
nei it begjin fan de Easterdyk

Oh heare, wat in minsken riunne dêr om
en ik moat noch minstens in kertier wachtsje
dus de Prins Hendrikkade mar lâns
nei it parkearplak
en rom op tiid meld  ik mij dêr
yn de stille hoop dat Jellie har nocht ek al lang hat....
it mei net sa wêze,
krekt op tiid is sij werom bij de auto,
in stik entoesjaster as mij oer dizze lêste 90 minuten

"Bist ek op it Grutsân west" freget se
Ik jou oan wat ik foaral sjoen ha:
Ingelsktalige buordsjes mei teksten wêr't ek gewoane
Nederlânske en Fryske wurden foar binne

"bij Jan Sikkes", seit se
"dêr moast wêze, dêr kinst gedichten lêze
fanne ...dy..eh hoe hjit er ek wer. Henk...Henk. uhh
"van der Veer", gok ik
Ja krekt....leuk

"Moai", sis ik, "wat leuk, wannear moast wer nei Jan Sikkes?
freegje ik ..........út de gek.
dy poezy moat ik dan mar oan mij foarbij gean litte



dinsdag 22 december 2015

Van Doodstil naar Boerengat

 Van

Doodstil

nei























Boerengat,

dat is de titel fan in "lomgread"

In nijsgjirrige titel 
en ek noch in nijsgjirrich tema:
Reizgje mei de bus fan
dat iene plakje yn Grins
nei dat oare plakje yn Seelân

Net mei "snelbussen",
mar mei dy gewoanee streekbussen

In moai ferhaal
in prachtige reis
fan hast twa dagen
mar in hiele útsykerij

Dit liket mij foaral in moaie fytstocht ta.....
2016?

Sjoch  hjir



zaterdag 19 december 2015

Efkes Balje

2015 sit er hast wer op.
In jier dat ik noch lekker fuotballe op freedtejûn.
Ik sjoch dêr mei in soad wille op werom.
It is moai dat je as âldere noch meidwaan kinne en meie tusken wat oare âlderen en jongeren.
Dat der rekken holden wurdt mei ús troch fisyk fuotbal wat te mijen.
Efkes Baljen op freed is in begryp wurden en it is in plak foar belutsen SDS-ers dy't gewoan efkes lekker sportyf bezich wêze wolle op freedtejûn.
In moaie sfear en moaie kontakten.
En nei de tiid skriuw ik meast in ferslach, at ik der bin.
En dat ferheget myn goeie gefoel altiten.

It lêste ferslach fan 2015.

Foarôf oan it Efkes Baljen wurdt er wakker "ept" oer wol of net der wêze. It like goed foarôf, der wiene mar in pear krystbuorrelbesikers, dy't mei spyt yn it liif ôfsizze moasten.
Efterôf kaam it beste epke fan Klaas van der Weg. "Sil ik Mikel meinimme"
Mei Mikel wiene der 9 mannen en ien jonge. Mar wol 10 en in even oantal.
En Mikel soarge der persoanlik foar dat party PJSMB der flink op los skoarde yn it begjin. It mear balbesit wie dan wol yn de ferhâlding fan 58% tsjin 42% foar partij 4xK+A, mar se rûnen alle kearen wer yn de "tefolleromteweijaan" fal.
PJSMB hiene ek noch in supporter bij it sliepkeamerrút hingjen bij Robert en Wypkje dy't  "pake, pake "roppen bleaun oant oaren tsjin Sipke seine dat it miskien goed is om efkes werom te roppen.
Under it roppen fan de jonge supportster wie it wol 10-4 wurden, it waard sels 11-5 en der wie al immen fan PJSMB dy't frege at it ek oars moast mei de hesjes.
"Nee, wie it antwurd, "want wij hawwe de oertsjûging dat it noch spannend w urde kin", wie it antwurd fan de A yn ploech 4xK+A.
De pakesizzer jout har del en dan keart it tij. It wurdt spannend want nei de stân 11-5, wurd it 11-6, 11-7, 11-8, 11-9, 11-10 en 11-11. De klok koe alle mominten healwei 9 oere slaan en it folgjende doelpunt is dan beslissend.
Dat doelpunt komt fan de foet fan degene dy it net nedich fûn de hesjes oars te ferdielen.
In sinderjende pot fan beide kanten en de grutte finale moat dan noch komme.
It wurdt in koarte finale. It ynheljen, it winnen en de eufory hat syn tol easke bij 4xK+A. Partij PieterJohanSipkeMikelBertus makken gau dien wurk. En dan hawwe je dus allegear wer tefreden gesichten want 4xK+A (Kampman, Korbach, Kooistra, Klaas + Aant) wiene nei de tiid noch yn hegere sfearen.....
Op earste Krystdei en Nijjiersdei gjin Efkes Baljen mar op 8 jannewaris kin it gewoan wer, tinke wij. Wij sjogge der no al wer nei út.
Aant

donderdag 17 december 2015

Krystbuorrels

















"Mijd de plakker en de activist"
dat wie de kop yn it AD
fan in artikel oer de gefaren
fan de krystbuorrel


Je moatte tal fan soarten minsken mije,
sa as,
de plakker
de minddulle sûnensfreak
de drinker
de boppetallige
de nijsferslaafde
de- jûn -bin- ik- lekker- gek- froulike kollega
de aktivist

Mij te gefaarlik
ik ha mij ôfmelden



woensdag 16 december 2015

Wurkje


Dankjewol Rutten. stie der boppe.......


dinsdag 15 december 2015

Muzikaal oppasdei


Freed wiene Jelske en Roan wer bij ús,
ús twa pake-en beppesizzers
wat hiene wij wer in wille
om dat stel......
se mochten harren muzikale keunsten ek heare litte
ûnder lieding fan lûkpûdespylster Jellie.

Jelske is hast 4 en wit hoe't it giet
Roan is noch gjin 10 moanne
en leart alle dagen safolle....

zondag 13 december 2015

Fragen oer it fertriet


Twa wiken bin ik no dwaande
mei it boek Tonio fan A.F. Th. van der Heyden.

it giet net hurd
om de haadstikken troch te kommen;
it is mear as gewoan in boek lêze
it is in boek ûndergean.

hoe yndringend de dea wêze kin
is  hast net te beskriuwen,
mar Van der Heijden docht it yn dit boek,
omdat hij skriuwer is
en omdat it oer syn soan giet
21 jier wie dy,
doe't er op de fyts ferûngelokke
yn Amsterdam nei in jûntsje Paradiso....

it fertriet wat de skriuwer en syn frou ûndergean
is hast ûndraaglik....

fannemoarn wer in 20 siden lêzen,
en dan moat ik der efkes út
út it boek
en út é hús
dus op de fyts,
de romte sjen
en it libben fiele

ik fyts dizze sneintemoran
rjochting Iens
en kom bij it grêf lâns
fan myn âlders,

myn âlders, Jan en Hiltsje
dy't ek in bern ferlearen,
Meindert
5 jier âld
ferdronken yn de freeslike Boalserterfeart
wêr't ik no graach lâns fytse mei......

ik wie doe 6....

en wylst ik Iens útfyts
rjochting Hinnaard
freegje ik mij ôf:
hoe gongen myn âlders om mei dat fertriet ?
fielden sij it ek as fale,
sa as van der Heijde dat foaral fielt

binne sij der ea boppe-op kommen?
hawwe sij treast fûn bij de tsjerke
en bij it leauwen?

of fûnen se de treast bij ús,
de trije jonges dy't er noch wiene
of  bij de nije Meindert
dy't letter noch berne waard?

of hat it stilswijen harren goed dien?

Fytsend oer Skrok
haw ik gjin antwurden
allinne mar mear fragen....








vrijdag 11 december 2015

AFAS

In kantoar sûnder printer
in kantoar sûnder papier
is dat de takomst?

Ik wie hjoed op it AFAS kantoar
yn Leusden
ynstruksje krije oer nije software.

In moderne wurkwize
hanteart AFAS
digitaal wêr't it kin
digitaal omdat it moat

Ik kom binnen,
wurd ferwezen nei in automaat
"typ hjir" trije letters
fan foar- of efternamme

myn gegevens komme yn byld
wa't it ik bin
wat ik dêr doch
wêr't ik wurkje

"klik"seit de automaat noch
en binnen 5 sekonden
rollet der in prachtich paske út
mei gegevens en ...pasfoto

in learromte mei 15 kompjûters en
30 byldskermen
bij de doar in monitor
mei Google maps
mei dêr op it oersicht wêr't de kursisten weikomme
en hoe't se hjittte
en wêr't se gewaonwei wurkje

gjin learboeken, gjin lesboeken
gewoan ien kompjûter en twa skermen
en oan de slach

der wurdt gjin skriuwblok
mei bedriuwspinne útrikt,
om oantekens te meitsjen?
neat fan dat alles

oantekens kinne op de tablet....
at je dy bij je hawwe

AFAS in moai en modern bedriuw
in bedriuw fan de takomst
alles giet giet dêr fia wurkroutes,
ik bin der hast wol wis fan dat ik moarn
de rekken yn de mailboks ha...
automatysk ferstjoerd.

Gjin papier?
net hielendal wier
op it húske gelokkich wol
kontfeie kin noch net digitaal

mar ik slút it net út foar de takomst

NB
Ik fûn op ynternet noch in aardich ferhaaltsje oer "klantbeleving bij AFAS".
It fielde yndie sa, mar de ûntfangst bij de automaat wie no wol mei gastfrjoulju.
En de lunch wie geweldich !



donderdag 10 december 2015

Ticketmaster


Dit is in frustrearjend plaatsje,
komt yn byld at je kaarten bestelle wolle
wylst in hiel soad oaren dat ek dwaan wolle

tefolle tagelyk
skoften sitte je te wachtsjen
en it resultaat
de lêste trije kear 
wie 0



woensdag 9 december 2015

Sosjaal


Der wurdt wolris wat seurd
troch iene en oare
oer it bijelkoar sitten
mei de tillefoan 
of tablet yn de oanslach
binne hânberik
wachtsjend op 
in piep, in tring of in oar lûdsje

nee,
dan froeger sizze se dan,
doe wie net alles better
(sizze se op foarhân bij)
mar 
froeger
en dan wize se mij op dizze foto

Oh ja sis ik dan
en dan wiis ik ek nei dizze foto
lekker is dat:
twa fan dy froulju mei dat irritante breigelûd
tik.tiktiktikiititktititktik
ien dy't sit te krantelêzen
twa dy steane te boeklêzen
en twa dy't mei de rêch nei de oaren
de oare kant útsjogge

dat is sosjaal

vrijdag 4 december 2015

10.000


Ik notear:
tongersdei 2 desimber de 10.000 helle,
10.000 km op de fyts yn 2015

altyd in moai momint,
suver moaier as in jierdei

wat is no 10.000 kilometer?
sis mar, in reis nei Luanda yn West Africa
of in reis djip yn Mongolie is dat ek.....






































Mar myn kilometers falle it meast binne dit gebiet





Manifest No Nonsens skoalle

Bern hawwe it drok op skoalle,
en masters en juffen ek;
der is altyd wol wat te fieren
of bijsûnders te dwaan.

Ik kaam in manifest tsjin.
it Manifest  fan de NO NONSENS skoalle
mei as ûndertitel:
"efficienter onderwijs doe je zo!"

De wurde 15 aktiviteiten beskreaun
dy't om ferskate redenen
útband wurde moatte op skoalle,

It Manifest is fan 2010,
ik bin benijd at er skoallen binne
dy't sa'n kar makke ha doe,
en hoe't it der no hinne leit......

Top 15 onzin activiteiten

1. Schoolreisjes
2. Verjaardagen juffen en meesters
3. Het moederdagcadeatje
4. Sinterklaasviering
5. Schoolzwemmen
6. De weekendkring
7. Het tussendoortje
8. De klassen rond bij verjaardagen
9 De inloopochtend
10. SchoolTV
11. De weeksluiting
12. Subsidiebesteding
13. Voorlessontbijt
14. Sociaal emotinele vorming
15. Verlengde schooldag


donderdag 3 december 2015

Moai sein

(boarne LC 28-11-2015)

dinsdag 1 december 2015

Roan



Roan
9 moannen no,
gewoan moai om nei te sjen.