dinsdag 30 december 2008

Ik haw it helle

Dit moat in posityf stikje wurde oer de 11 stêdentocht: It grut teatraal aventoer fan Tryater, sa't it omskreaun wurdt. Grut is it seker, teatraal is it betiden ek mar in avontoer fûn ik it net. Ik haw genoaten fan de prachtige lokaasjes dy't se útsocht hiene, fan twa geweldige stikjes toaniel (yn Winaam en Hylpen) wêrbij wij sieten te frekken op de tribune mar meisleept waarden troch it ferhaal fan de riders.
Ik haw mei nocht sjoen nei it betiden net hielendal goed fersteanbere toaniel yn de Noardertsjerke yn Snits. Yn Harns waard ik ferrast oer de sjow fan de lûden dy't it iis en de riders meibringe. Ik miste lykwols de echte klou of it hichtepunt. Mei dûnsteater sûnder tekst haw ik neat. It seach der leuk út yn Dokkum, mar ik waard der kâld fan (-3). Ek fan de twadde foarstelling yn Harns haw ik kennis nommen. Yn Sleat kaam bij mij it gefoel dat ik mij bij de poat nommen litten hie. Dat fûn ik kits.
In posityf stikje? Ja dochs. It wie seker leuk om mei te meitsjen, it wie geweldich regele allegear. Mei safolle minsken op paad en wij hoegden nauwelijks op elkoar te wachtsjen. En wachtsjen dêr haw ik in hekel oan.
En yn de bus dêr hiene wij meastal de koptillefoan op mei ferhalen en lûden fan de 11stêden. En dat wie mar goed ek, want ik moat der net oantinke at wij dy net hiene, dan hie ik de hiele dei harkje moatten nei twa efter ús sittende froulju dy't it de hiele dei hiene oer harren bern: ik wit no alles fan se, ik wit dat se mei 6 jier al in fiterdiploma hawwe, in jastichtkrijersdiploma, in ôfwaskdiploma, in doartichterdoggersdiploma en in toskpoetserdiploma. At dy bern sa troch geane, dan hawwe se mei 10 jier al 4 kear safolle diploma's as ik mei 50. En tuskentroch hearde ik ek noch wat er der allegear yn it krystpakket siet en wat se dêr mei dien hawwe.
Leve de koptillefoan.

donderdag 25 december 2008

Fuort

Dat der yn 54 jier in soad feroare is, is wol dúdlik. Dat is ek moai, want ik moat der net oan tinke at ik gjin kompjoeter hie en gjin lisfyts mei mp4 spiler en gjin Us Heit Bier drinke koe.
Dat er safolle dingen bijkommen binne is moai mar at ik no werom sjoch dan bin der ek safolle dingen net mear dy't wierskynlik in wichtige rol spile hawwe yn myn libben.
Sa stiet de Herfoarme skoalle oan de Hofkamp der net mear, lykas de noadslachting, it gebou wat altyd in kommen en gean wie fan minsken en bisten. De bisten wiene meast dea de minsken net.
It hûs bij de suvelfabryk is al hiel lang mei de grûn gelyk makke en de faryk letter ek.

Kryst

Mei Kryst rinne de tsjerken (relatyf sjoen) fol. Raar is dat. Minsken dy't it hiele jier net in oerke yn de wike útlûke wolle om nei tsjerke te gean en dat op Krystnacht ynienen wol dogge.
Wêrom soe dat sa wêze? Wolle se miskien sjen litte dat se der noch wol bij heare? Fine se it sa bysûnder gesellich dat se it net misse wolle. Of is it gewoan de tradysje dy't heechtij fierd.
Tradysjes dêr bin ik sljocht op, derom bin ik mar net gien.
Ik fûn op ynternet in liet dan Johnny Cash. Hij beskriuwt dêryn it bidden fan immen dy't noch libje wol en dy't noch nea bidden hie. Dy't ek net tocht hie dat er ea bidde soe.
Soe it sa wêze dat wannear je de striid tsjin de dea stride dat je begjinne te bidden? Ek al ha je der nea folle fan witte wollen. It soe kinne. It is yn alle gefallen in prachtich liet wurden. En in moai gebet.

maandag 22 december 2008

Muzyk

Gjin lang ferhaal dizze kear. Net omdat ik gjin tiid haw, mar omdat ik net wol dat jim earst in lang ferhaal lêze en dan gjin nocht mear hawwe om nei dit nûmmer te harkjen. The Kinks mei Ray en Dave Davies en it prachtige nûmer: Celluloid Heroes. It filmke derbij sprekt foar him sels.


Mar wolle jim krekt witte wêr't dit liet oer giet sjoch dan hjir. Oersetten yn it Nederlânsk.

woensdag 17 december 2008

Fryske top 100

Hawwe jim de Fryske top 100 al ynfuld op ynternet? Nee? Of hawwe jim der noch nea fan heard. Dat kin hast net. Fanôf septimber is Omrop Fryslân dwaande om it lykje te litten dat dit it wichtichste barren is nei de 11-stêdentocht. Mei reklame spotsjes, mei Geert âld-wiif fan Tuinen yn de haadrol en syn kompaan, wêr fan ik de namme net wit want alle kearen at hij dy sizze sil hat Geert it wurd al wer.
Alle sneontemiddeis wurde minsken hast twongen harren list yn te sjoeren, te sms-en en âld wiif fan Tuinen ljurket wat oan syn tee, en praat mear as de helte fan it programma fol. Sa wichtich fynt er de muzyk net. Sa wichtich fynt er syn harkers ek net. Nee, sa wichtich fynt hij him sels. En it tillefysjeprogramma op woansdei dat is in parody op in tillefysjeprogramma mei Geert oan it wurd en dy oare dy't der bij sit.
Wol frjemd allegear, want oars docht Omrop Fryslân ek net folle oan Fryske muzyk.
Ik haw myn list al hiel lang lyn opstjoerd. Net omdat Geert en syn maat dat sa graach wolle. Nee, want dan soe ik it krekt net dwaan. Mar gewoan om it Fryske muzyk is.
En at ik jim wie soe ik it mar gau dwaan, want oars rinne jim it risiko dat Geert persoanlik bij jim lâns komt. En dat is net in feessie.
Myn list:
1. Eilân - Doede Bleeker (fan syn nije lêste geweldige CD: Omarmd op Texel)
2. It reint yn de sinne - Sytse van der Werf (Hard rain is gonna fall fan Dylan yn it Frysk, mei in moaie tekst)
3. Op een dag - Gerrit Breteler (nei syn yndrukwekkende optreden yn Jimbar yn 2007 heart hij der yn thús)
4. Grûn fan dyn bestean - Sult ( in prachtich liet wêr't songen wurdt "ik wol wêze wa't ik bin, myn woartels hoedzje dêr't ik kin, myn wjukken útslaan nei eigen sin, it libben boartsje sa't ik bin)
5. It reint yn é Gastmar - Jarje ( fan Stoffel 2 LP's fan Jarje te lien, dy't hast werom kinne mei de prachtige Fryske blues út de jierren 70)

Yn dit filmke fan Gerrit Breteler docht bliken dat it optreden yn Jimbar ek yndruk makke hat bij him.

zondag 14 december 2008

It gefoel

Ik fyn mij sels in Fries. Dat fynt in oar ek, sa fernim ik wol. Bij mij giet it al faak oer it Frysk. Is der in diskusje oer Fryske plaknammen dan tinke guon dat se mei mij de diskusje wol efkes oan gean kinne. Sij tsjin en ik foar.
Dat doch ik net. It hat gjin sin om te bekfechtsjen mei minsken at je dochs oan je stânpunt fêsthâlde. Mar meitsje mij net wiis dat Uitwellingerga in bettere namme is as Twellegea. Top en Twel soene neffens mij prachtige nammen wêze foar in goed produkt yn it bûtenlân. At je dat wolle. Ik wol dat hielendal net. Dêrom bin ik ek foar it ferfryskjen.
Wat folle earnstiger is oan myn Frysk wêzen, is myn gefoel foar de 11 stêden tocht. Of miskien better sein, myn gjin gefoel.
Ik haw der hielendal neat mei. Ik wit net hoe gau ik in oare stjoerder op sykje moat at Omrop Fryslân foar de safolste kear wer in rider oan it wurd lit dy't in sterk ferhaal hat oer syn 11 stêden gefoel. Al moannen wurde wij troch de Omrop teistere mei dokumentaires en âlde bylden. Ik haw der neat mei.
En de inkt fan it boppesteande stik is noch net droech of ik moat jim al in bekentenis dwaan, dy't heaks stiet op it boppesteande. Ik sil oan de 11 stêden tocht meidwaan. Fan Tryater. Fan moarn 6 oere oant jûns 6 oere in tocht lâns allegear foarstellingen mei hopenlik kjeld en in protte oare ûntbearingen.
Mooglik dat ik dan ek wat in 11 stêden gefoel krij en miskien wol ik dan al dy útsjoeringen fan de Omrop wol sjen yn útstjoering mist.
Op 29 desimber sil it heve en giet it oan. Fansels mei it foarbehâld dat wannear dy dei de echte tocht is , dy fan mij net troch giet. Dan wurde wij gewoan oan de kant setten. Foar it echte gefoel......

Herman Finkers hat in prachtich liet makke oer de 11 stêden

zondag 7 december 2008

Meast irritante side

It jier is hast om. En foardat it jier om is wurde der al allegear klasseminten opmakke. Wat is it beste fan dit en wat is it minste fan dat. Dêr soe ik net oan meidwaan wolle. Mar ik kom der dit jier net ûnderút.
Yn 2007 en earder wie ik noch wol in trou besiker fan kaatsen.nl. In oersichtelike side mei keatsnijs en útslaggen. Sûnt begjin 2008 hawwe se de striidbile net begroeven mar oppakt. At je alle berjochten op dy side nochris besjen soene dan hat mear as de helt in negative lading. Mei skriuwers as Rynk Bosma en Geert van Tuinen waard altyd iets socht om tsjin de KNKB oan te skoppen. Djiptepunt yn 2008 is wol wurden dat in sekere Gerrit Lettinga (Gerrit wa?) de romte krijt om syn eigen ik te profilearen.
En helaas is dat in ik wêr't ik hielendal neat mei ha. Ien fan de bestjoerders fan in keatsferiening rôp op om net mear op dy side te sjen foar keatsnijs. In goeie oprop, mar ik tink net dat it wurket. Ik rop de side út ta meast irritante side fan 2008. En normaal sykje ik der altyd in kreas stikje muzyk bij, fyn ik sels. Dizze kear net: irritante muzyk bij in irritante side. Ik soe der net nei harkje at ik jim wie.

woensdag 3 december 2008

Dea

It aaisykjen is in skoft lyn al dea gie, ûndanks Anita Andriessen. It keatsen is neffens www.kaatsen.nl ek al dea, ûndanks dat Anita Andriessen it keatsen in waarm hert ta draacht en no is Anita Andriessen is dea.
Dat is net earlik. At der de lêste jierren ien politikus wie, dy't har net gedroech as politikus mar mear as belangbehertiger dan wie sij it wol. Belangenbehertiger fan Fryslân. Tusken en boppe de partijen. Want Anita hie mar ien belang: Fryslân.
Spitich dat wij no fierder moatte mei politici. Wa past no op ús heitelân?

dinsdag 2 december 2008

35 jier minder jong

In reuny kin ek in sukses wêze. Dat bewiis waard snein yn de Koperen Tún levere troch de twa eksamenklassen fan de MDS yn 1974. Fan 16 oant 22 oere mochten wij herinneringen ophelje. Mei 6 learkrêften. Wêr't wij doe fan mienden dat se âld wiene mar wêrfan sommigen mar in 10 jier âlder wiene as ús.
Wat mij opfoel wie dat elkenien syn eigen herinneringen hie en dat bij it hearen fan sommigen saken der ek bij oaren wat begjint te dagen.
Dat ik doe fol siet fan BZN dat stie harren noch wol bij. Ik gie yn dy tiid in protte om mei Teun Nicolai (pikefange wie syn hobby en Leonard Cohen syn muzyk en Harkema syn klup) en Ate Eijer (útgean wie syn hobby, Green Apple syn band en Jobbegea syn klup).
En it moaie fan dizze reuny wie ek dat wij neat hoechden. Wij hoechden net te kuierjen nei de earder skoalle (sa as sa faak mei soks) wij hoechden net nei muzyk of nei taspraken te harkjen. Wij hoechden mar ien ding: mei elkoar prate, bier drinke en sa no en dan wat fleis bakke. En Teun moast sa no en dan in sjekkie draaie. Dat hij no bûten roke moast wie oars as doe.
In gouden formule fan Jouke en Kees de twa organisatoren. Moai dat er ek efkes stil stien waard bij it ferstjerren fan ien fan ús klasgenoaten: Gerrit bij de Leij. Mar 48 is hij wurden.
En tanksij Ate syn dochter en frou kaam ik wer feilich yn Wommels en Ate yn Jobbegea.
Ik slút altyd ôf mei in klipke.
Dizze is foar Ate omdat hij noch wist te fertellen dat dizze muzyk altyd tusken de middei draaid waard yn de 5 Pennies. Ik wist it net mear.