zondag 28 februari 2010

Utprebearje

Tryater prebeare freedtejûn it stik Diplodocus Deks út. Yn de sporthal yn Makkum. Ik mocht dêr bij wêze. Dus mei ik der ek wat fan fine.
In akelich lege en foaral kâlde sporthal.
In dreech stik.
Want it wurdt omgekeard spile.
It duorret mij hast te lang, foardat ik it leuk begjin te finen.
Fansels der wurdt geweldich spile, der is in soad beweging en aksje mar ik (en ek oaren) hawwe muoite om it allegear te ferstean.
It binne allegear ropperige en lilke minsken dy't wurden ynslikke en dy't te hurd wolle.
En ik moat alle silen bij sette om it goed te hearen en dan ek noch om it omgekearde ferhaal op te pikken.
It frysk is wer moai, de teksten binne (foar sa fier te ferstean) best genôch mar de humor dy't der yn sit komt net bij it publyk telâne. De taspraak oan de ein is wol hiel lang.
Lauwe reaksjes nei ôfrin.
Miskien moatte je dit stik wol twa kear sjen om nei ôfrin te sizzen, wat in geweldige jûn.
Goeie rie fan mij: gean der wol hinne om it sels te belibjen.

vrijdag 26 februari 2010

Gewoan

Gewoan harkje nei dit nûmer en sjen nei dizze klip. Hjir krije ik hinnefel fan.

donderdag 25 februari 2010

Teplak



Hjoed alhiel ferrast.
In ansichtkaart mei de post.
Mei de regiopost ek noch wol.
In kaart fan myn heit.
Alhiel út Indie.
1947 sa te sjen.
Ik tink fan in nij rekord.
Ja fan kaarten dy't it langst ûnderweis binne.
Ik wit no wat dy kaarteûntfangers fiele.
Geweldich om in kaart te krijen fan je heit dy't yn 1998 ferstoarn is.
Dy 't nea wat loslitten hat oer syn tiid yn Indié.
En dy heit stjoerde yn 1947 in kaart út Indie, dy't no oankomt.
Rjochte oan Aant yn Wommels.
Ik wie der doe noch net iens, mar wat makket it út.
Alles is mooglik bij kaarten út it ferline.
Der stiet ek noch tekst op.


"Beste soan,
Hoe giet it yn Spannum? Wurdt der noch wat keatst of allinne mar kuorkeballe of knikkere? Wij keatse hjir net folle. Want "wa hjir de bal ferwachtet kin in kûgel werom krije."
Ik bin hjir frijwillich hinne gien en wol graach werom. It hat totaal gjin doel. Wij moatte ús net bemuoie mei ynterne saken yn it bûtenlân. Ynmenging hat gjin sin. Striid om neat. At wij hjir wei binne mei flink wat minder soldaten dan is der neat feroare. Hoop dat wij se dat yn Nederlân aansens dúdlik meitsje kinne, sadat it regear him ôfsidich hâlde sil fan konklikten yn de wrâld, wêr't it ek is: Libanon, Irak, Bosnie of Afganistan. Ik neam samar wat lannen.
Ik hoop dat wij hjir foar de simmer weibinne. It is hjir smoarhyt. En at it mij slagget, dan nim ik dat aapke mei, dan haw ik der twa thús.
Groetnis
dyn heit Jan"




woensdag 24 februari 2010

LC of AD

De haadredakteur fan de LC giet de profinsje yn. Hij wol no wolris witte wat de lêzers fine fan syn krante. Mar leafst 10 minsken kamen op de earste bijienkomst ôf. Dêr komme de minsken de doar dus net foarút. Dat is spitich want it wurdt wol tiid dat de LC feroaret. Op dit stuit in krante wêrbij je flinke muoite dwaan moatte om der langer as in kertier yn te lêzen. Alteast sa giet it mij en sa hear ik it ek fan oaren.
It is allegear krekt net. Krekt net (mei in inkele útsûndering) in leuke kollum, krekt net dat ferhaal wat nijsgjirrich is, krekt net in goed eftergrûnferhaal sûnder sensaasjedrift, krekt net mear as ien leuke strip.
Tsja wat bliuwt der dan oer?
In hiele soad dingen dy't ek al wit fia de radio. Gewoane nijsberjochten dy't de hiele dei lânsfleane op radio of ynternet.
Mei it AD sil ik it krekt efkes langer úthâlde: Alle dagen 4 leuke strips, alle dagen goeie kolumnisten, mear eftergrûn ferhalen, goed sportnijs en..... in moarnkrante.
Oh ja, wat echt in grut ferskil is binne de deade-adfertinsjes. De ljouwerter krante wit op "goeie" dagen minstens twa bledsiden fol te krijen wylst yn it AD alle dagen 1 of heechstens twa adfertinsjes steane.
Dat jou mij in better gefoel. Al dy adfertinsjes hoege fan mij net.

dinsdag 23 februari 2010

Op begraffenis

Moandeitemiddei om in oere as ien stapten wij yn de auto. It wie griis en it wie wiet. Om goed fjouwer oere kamen wij wer thús. It wie noch altiten wiet en griis. Wij wurde net bliid fan sok waar en seagen dus wakker brimstich.
"Wer bin jim juster op begraffenis west", frege de iene buorfrou de oare deis.
"Op begraffenis?"
"Ja, de oare buorlju seagen jim gean, Aant net oan it wurk, it wie begraffenistiid en jim wiene sa kreas yn de klean. Dus mei oare wurden: sij tochten dat jim op begraffenis wiene!"
"No buorfrou, it is skoalfakânsje, wij wiene dus frij, it waar liet ús tryst sjen, it wie gjin waar foar koarte broeken, en de broek wie krekt wosken en wij wiene gau útsjoen yn 6 kassen mei orchideeen (frysk wurd sykje ik letter op).
"Wie it leuk yn de Orchideenhoeve?", frege buorfrou belangstellend.
"Nee, wij rekken yn in begraffenisstimming dêr."

maandag 22 februari 2010

Hooligans

Mei hert en siel sjonge. Dat is in keunst. Of krekt net. Sit dat gewoan yn je.
Dy Ingelsen, dy kinne sa prachtich sjonge. Net allinne yn dy geweldige Ingelske bands mar ek bij it fuotbal. De hooligans, mei yn de iene hân harren bierke en hân as in fûst. De power. Of gewoan mei beide hannen yn de bûse. En nije ferskes dy oefenje se efkes op de stoepe foar de kroech. Dêr ha se gjin shantykoarerfaring foar nedich.

Wittenskippelike benadering

Alles wurdt tsjintwurdich wittenskippelik benadere. No lês ik de wittenskippelike benadering fan it reedriden. Wittenskippelik sjoen hie Annette Gerritsen de gouden medailje wûn op de 1000 meter at sij yn de binnenbaan finist wie, want wittenskiplik is bewezen dat at je wurch binne dat je better yn de binnenbaan finisje kinne. Dat hie 0,28 hûnderste fan sekonde skeeld en dan hie se earste west.
Wittenskippelik kin ik dit wol folge.
Mar ik barst yn trinenen út fan it gnizen at ik lês dat heechleraar S. wittenskiplik oantoand dat de rider yn de binnenbaan yn it neidiel is omdat it lûd fan it pistoal bij de start fertraagd oankomt bij de rider yn de binnenbaan. Ja, ja....

zondag 21 februari 2010

Aaipop allinne op peaskemoandei

Sneinetemiddei yn it Bolwurk yn Snits. Aaipop der op út. Trije band dy't spylje om in plakje op Aaipop. Aaipop? Ja, at je jong binne, bier lesse en net in ferskuorrende hekel oan Fryske muzyk hawwe dan binne je der bij. Alle jierren wer. Op peaskemoandei. Yn Nijlân.
At je wol niget hawwe oan Fryske muzyk dan geane je ek nei Aaipop der op út. It bestjoer fan Aaipop wie der, de trije bands wiene der, in trijekoppige faksjuere wie der, famyljeleden en kunde fan de trije bands wiene der ek al wie it mar foar de stim, der wiene Bolwurk frijwilligers, der wiene twa hânfol echte leafhawwers en ik wie der. Oh ja Jelte de Boer fertsjintwurdige mei syn freondinne de jeugd. En Femke de Wal seach al like streng as bij KlipkarPlus.
Skraal die it mei de blues, Kattenpilaar die it mei de stimmen en dy fan Justerjûn popmuzykten gewoan. Foar Aaipop geskikt neffens de sjuery en mij: Skraal.
Ernst, Johan en Sytse soargen foar in stevige Dylan set. En dat wie om te smullen.
It hat mij skoan foldien.

zaterdag 20 februari 2010

Yntegerens

Foar de goeie betsjutting haw ik it wurd "yntegerens" mar efkes opsocht yn it wurdboek. Bij mij stiet it op ien fan de earste siden. It wurd ynteger wurdt omskreaun as: Iemand die over een intrinsieke betrouwbaarheid beschikt, en daarnaast 'staat' voor zijn zaak, geen 'dubbele agenda' hanteert, en geen emoties veinst.
Ik bin ynteger.
At ik beskuldige wurd dat ik net ynteger bin, dan spat ik fan alle kanten iepen en ticht. Earst foaral iepen en dan ticht. Dan brúst it mij, lykas Tryater brûze sil. Dan is it suver better dat ik efkes gjin stikjes skriuw op myn weblog, dat ik net twitterje en dat ik mij net sjen lit yn it doarp. Ik haw binnenkoart mear tiid foar dizze weblog.


maandag 15 februari 2010

Danksij Dick



Ik haw neat mei hûnen. Ik haw ek neat mei hynders. Meitsje rare bokkesprongen at ik se foarbij of tsjinkom en skite op de dyk. Dat dat skiten op de dyk samar tastien is, raast oan de protters. In lyts hûnekeuteltsje efterlitte op de stoepe levert hast in finzenisstraf op(en terjochte) mar 5 kilo hynderstront efterlitte is gjin probleem. Dat reint wol fuort!
Hjoed stie yn de krante dat de Ingelske thriller skriuwer Dick Francis ferstoarn is. Dick Francis dat is de man dy't boeken skriuwde dy't yn de hynderwrâld spilen: De hoogste hindernis, Misdaad in galop, Fatale Finish, Volbloed in hinderlaag binne titels dy't dat dúdlik oanjouwe.
En krekt dy skriuwer, mij al syn boeken oer hynders en de misdied dêrbij, hawwe der foar soarge dat ik myn lêseagen brûk wêrfoar se bedoeld binne.
Allegear boeiende boeken skriuwde dy man.
Gelokkich haw ik dêrnei ûntdekt dat der mear skriuwers binne. Yn totaal bin ik troch 465 boeken hinne kommen sûnt novimber 1998. Ja, ek dat hâld ik allegear bij. Want ik bin as de dea dat ik foar de twadde kear yn it selde boek begjin.
"The horse with no name" spesjaal foar dochter Anne-Marije dy't wol fan hynders hâldt en tusken de Ingelske hynders wennet.

zondag 14 februari 2010

Onkomfortabel

It meast freeslike wurd wat ik dizze winter faak lês is "Onkomfortabel". In raar wurd. At je in nije bank prebearje en dy bank sit lekker en goed dan soe it sa wêze kinne dat je sizze: it sit "komfortabel". Sit dyselde bank net lekker dan sis ik dat dy bank foar gjin meter sit. Ik hear it mij net sizzen dat dy bank onkomfortabel sit.
Nee, it wurd "onkomfortabel" dat soe krekt sa'n raar wurd wêze as "nozel". Je kinne wol "ûnnozel" wêze mar net "nozel".
Ik haw de pest hekel oan dat wurd "onkomfortabel".
Is de temperatuur om en bij 0 graden en is de wyn matich oant wat hurder dat krijt it waar de titel onkomfortabel.
En dan sjoch ik der tsjin oan om der út te gean en docht meast in te dikke jas oan en in mûtse te folle op de holle.

zaterdag 13 februari 2010

Hichtum

It wie noch net echt fytswaar hjoed. Op de fyts sitte is kâld, op de fyts lizze is noch kâlder. Mar hawar, de stoute (âlde) skuon oandien en op nei de Amerikaanske Basis yn Boalsert om nije skuon te heljen. Stevige rinskuon wylst ik hielendal net fan rinnen hâld. Moaie skjinne diken. Fia de Bieren,de Burchwerterhoeke en Hichtum. En Hichtum dêr haw ik wol wat mei. Fan febrewaris 78 oant april 82 ha wij dêr wenne. In tsjerke, wat pleatsen mar frijwol gjin boeren en wat tsjerkehúskes. En yn ien fan dy húskes wennen wij. Wat is der nei 30 jier oars en wat is it selde bleaun.
De blombakken op de dyk, de reade lantearnepeallen en de dûbele boerden "Hichtum" ( je soene it ris misse kinne) jouwe in oar oansjen. En de kamping Fûgelfrij jout oan dat Hichtum mei gien is yn de ûntwikkeling fan de lytse rekreaasje.
De tsjerke en ús húske sjocht der noch krekt sa út as oars. En de bewenners? Ik soe it net witte, útsein Jan en Griet Kooistra. Dy wenje noch altiten oan it wetter.

dinsdag 9 februari 2010

Homeshopper

Mocht ik net witte wêr't ik mei myn jild hinne moat, dan bestelde ik alles wat yn de folder fan Homeshopper stiet. Mar leafst 96 bledsiden fol "orisjinele" produkten. En at ik dat sa troch sjoch en 10 prosint leau fan al dy geweldige ferhalen dan wurd ik wer jong en fit en dan is it libben in makkie. En wa soe dat net wolle.
Ik krij lekkere sêfte fuotten mei de Magic Touch, want dy ferwidert mei in grove raspkop maklik en fluch alle yl en hurde hûd.
En fansels doch ik at ik thús kom gelyk it mini-waarmte wûnder mei keramyske strielingstechnology oan, want dizze kanjer ferwarmt it hûs yn sekonden.
It betsjut wol dat ik de thermotherapie mei waarme stiennen net nedich ha en dus wol foar in skaplike priis op merkplak sette kin.
De FormulaOne sportstoelsitting, dy't ekstra stipe jout wêrtroch nek en skouderspieren sparre bliuwe, montear ik fansels op myn Sinner Demon lisfyts. Mei de prachtige kleurstelling met "gedistengeerde" griistinten fal ik tenminste op.
Offalle dat doch ik mei de nije 4StepSlimbelt. Sa te sjen ferdwynt it búkje nei 7 dagen at je it mar goed strak fêstsette en genôch pinestillers nimme, tink ik.
En ik rin it hûs aansens efkes troch om te sjen wêr't de doar der út moat. Want de Mighty Gym moat in stevich kezyn ha, sadat ik regelmjittich hefbeamtechnyk beooefenje kin. En at ik dan kapot bin dan spring ik myn snugglies, wêrfan se sizze dat it komfortabele slippers binne, dy bringe mij op sloffen nei de sliepkeamer.
En nei in drokke dei dûk ik yn myn Bamboosleeper want dat is in matrastopper en ik fal yn sliep mei myn holle op de multifunksjoniele V-pillow en ik dream oer de Roll on haarverwijderaar , de draagbare ultracompacte smartstitch, de EpilXpress, de pantstretcher en de flextoes. En at ik nachts wekker skrik, baaiend yn it sit dan nim ik gau in bad en fertrou ik op myn Bathassist.
Sprookjes binne it. Of leugens.

zondag 7 februari 2010

Sa kin it ek

Werom wit ik net, mar hjoed helle ik de fideobân mei in reportaazje oer Reboelje út de kast. Al hiel lang gjin fideo mear sjoen en dizze bân seker net. It wie in dokumentaire fan Omrop Fryslân oer de beste Fryske band dy't der ea west hat. Ja, dat fyn ik. Moai om it allegear wer te hearen en no ek wer te sjen. En doe efkes op You Tube sjoen at der ek filmkes fan Reboelje binne. En dan kom je dit filmke tsjin. It prachtige nûmer "Noflike jacht". En it bijsûndere is dat Reboelje net te sjen is mar wol te hearen en dat de Fryske tekst wol te hearen is mar net te sjen. In leafhawwer hat him oerstten yn it Ingels mei yndrukwekkende printsjes der bij.

donderdag 4 februari 2010

Spoar

Ik fytste sneon bij Spyktille en ynienen tocht ik oan Ronald Koeman. Wêrom wit ik net, want der wie gjin ko te bekennen en ek gjin trein.
Want Ronald Koeman mei dan wol fuotbaltrainer wêze ik tink altyd oan him at ik in trein hear of sjoch.
De trein nei Valencia. In sneltrein. Dy hie konfortabele koupés en dy stoppe nearne. Dy trein dy koe hij net ride litte.
It duorre net hiel lang dêr yn Valencia. Hij wie noch net iens goed op stoom of se setten him al wer op de trein. De boemeltrein nei Nederlân.
Gelokkich foar him pakte Louis van Gaal it fleantúch nei Munchen en sa stapte Ronald op de trein nei Den Helder en stapte der yn Alkmaar út.
Nei in moanne as wat die bliken dat hij ek hjir ûntspoarde.
En no sit hij mooglik thús op in dea spoar.
It wurd tiid dat Ronald in goeie trochtochte kar makket. Peking, dat liket mij wol foar him. Earst in orientearend petear. Mei de trein der hinne. Earst nei Moskow en dan 7600 kilometer yn 7 dagen mei de Peking Express. Kin hij lekker lang neitinke oer de goeie fragen.
En werom wer mei de trein. Kin hij lekker lang neitinke at dit it echt is.
En miskien moat hij der noch wol in kear hinne. Om de lêste puntsjes op de i te setten (lês: om noch wat mear jild en oare ekstra der út te slepen).
In moaie lange proseduere.
Miskien makket hij dan wol in kear in goeie kar. En wij hawwe efkes gjin lêst fan dat wolfernoege gesicht.

woensdag 3 februari 2010

Weryndieling

Soms begryp ik bepaalde saken net. De weryndieling yn Súdwest Fryslân bijgelyks. Ik bin dêr tsjin. Mar dêr giet it no net om. It giet no ek net om de proseduere dy't yn de gemeenten west hat dy't der ta laat hat dat riedsleden foarstimd hawwe.
It giet mij no om de ferfolchproseduere. Want it is dochs wol hiel raar dat binnen de gemeenten al hiel hurd wurke wurdt (ja, dat kin bij in gemeente want ik haw der ek wurke) om de bureaus gear te smiten.
It is foarbarich dat boargemasters al foar de fut kiezen of gewoan fuort gean.
It is frjemd dat de gemeenteriedsferkiezings fan maart yn dy 5 gemeenten net trochgean mar trochskood binne nei novimber. Hoe sa nei novimber?
Freed wie der noch in harksitting yn Snits. Dêr wiene Twadde Keamer leden dy'de beslissing ein maart nimme moatte. Der wiene in soad krityske lûden en it liket noch net in ferlerne saak. De rede fan ús boargemaster Liemburg wie prima fan opset en joech oan dat it net allinne om de 5 gemeenten giet mar om folle mear.
Ik bin benijd at dizze Twadde Keamer it oandoart om dit heechmoedige gedrach ôf te straffen. Dan kinne se yn maaie miskien dochs noch stimme. Op de FNP. Dy binne tsjin.

maandag 1 februari 2010

Kwaliteit

Nee, ik lit mij net wer ferliede ta it hawwen fan krityk op de Wommelaars. Omdat se de doar hast net út te krijen binne, dat skreau ik in skofke lyn doe't it oantal besikers bij in Sneinslûd wat tsjinfoel.
Pyt Paulusma, rôp sa as alle wykeinen ek dizze snein wer dat wij wer min waar krije soene en dat thús bliuwe al wer de beste opsje wie.
Dêrom wie it in wûnder dat sa'n 35 minsken út Wommels de stoute learzens oanlutsen hiene, de swiere sniebuien trotsearden om om 16.00 oere yn it Dielshûs te wêzen om it optreden fan trio Bauke van der Woude bij te wenjen.
Neist de 35 út Wommels wiene der ek noch wiere helden. 15 man/frou fan bûten Wommels. Ik gean hjir net seuren dat der noch wol wat stuollen klear stiene foar noch mear Wommelaren en net Wommelaren. Nee, ik sjoch leaver nei de kwaliteit fan dit publyk. Dat wie fan útsûnderlik heech nivo. En dat wie ek nedich want tekstskriuwer Bauke (en soms oaren) liet ús meitinke, ja sels meiprate. Dit prachtige publyk soarge der foar dat it in moai optreden waard mei lieten oer it lytse lijen thús, it grutte lijen yn de wrâld en de humor op de strjitte en yn de wenboat bij Parregea.

Net de kwantiteit mar de kwaliteit fan dit publyk wie bepalend om it in tige slagge middei/jûn te neamen. Ik wit wol seker dat dit geweldige publyk wer komt at Gerrit Breteler op 28 maart optreedt yn it Dielshûs.




It foel efkes stil sneintemiddei. Bauke van der Woude liet it publyk witte dat hij mei dûbele gefoelens op it podium stie yn Wommels. Wie it net sa dat Sytse van der Werf op dizze dei optrede soe? Bauke hie foar it optreden mei Welmoed van der Werf kontakt hân en sa hearden wij dat it al wer wat better giet mei Sytse en hij drok oan it revalidearen is yn Beetstersweach.