zondag 31 december 2023

zaterdag 30 december 2023

Molkbus

 Yn Noardeast Fryslân en yn de Wâlden

dogge se krekt of kinne wij net sûnder karbidsjitte.

Se litte de wrâld foarkomme 

of soe der in stikje siel út Fryslân helle wurde.

Hiele dikke flaue kul!

Molkbussen binne rôversguod haw ik wol begrepen

Dy fan ús is it hiele jier in papierbak

bij mij op kantoar.

Dy komt der net út,

ek net op âldjiersdei

It is in moaie herinnering 

oan de molkfabryk yn Wommels

wêr't myn heit op wurke

en wêr't ik yn myn jeugd flakbij wenne





vrijdag 29 december 2023

Burd

 Wêr is it mis gien?

"Wat bedoelst"

Mei dyn burd

"Hoe sa mis"

Hoe sjochst der dan út sûnder burd?

"sa dus"

Dat lange hier is dat fan dy sels?

"ja, lang en frij fet"


Dit is de lêste foto, sûnder lang burd

en de earste foto mei in begjinnend burdtsje.

Maart 1975 siet ik yn tsjinst

en hie in hekel oan skeare en skuonpoetse.

Dat lêste kaam ik net ûnderút

dat earste koe ik wat oan dwaan.

It burd steanlitte 

en dat befalt noch altiten goed.

Yn april 1975 wurd ik lid fan SDS,

bin dan 20 jier.

Ik haw nea yn in jeugdalvetal fuotballe.





woensdag 27 december 2023

De beam fan wiisheit

 



De ôfrûne 4 wiken haw ik harke nei in podcast

oer Hylke Speerstra mei Martine van der Steege fan LC.

Wat in wysheit kin der yn ien persoan sitte.

Wat in prachtige ferhalen oer wat him dreaun hat,

wat him dwaande hâldt en wêrom.

Oer de tiid dy't noch foar him leit

no't hij 87 is

Yn it lêste diel komt de fraach

hoe hij tinkt oan syn dea en wat er dêr nei noch is

Hylke Speerstra sjocht in beam foar him

dy't alle winters dea liket

mar elts foarjier wer begjint.

Dat it nea echt ophâldt, dat leaut hij 

mar hoe........?

Dit soe dy beam wêze kinne

In beam bij Bakkefean

In beam dy't syn woartels net ûnder de grûn hat 

mar dêr boppe, 

sadat ús dêr alle dagen oer ferwûnderje kinne



zondag 24 december 2023

Lemmy

 Hjoed is it 78 jier lyn 

dat Lemmy fan Motorhead berne is.

Op 28 desimber 2023 is hij 8 jier dea.

Ik betocht him fannemoarn bij syn lêste learzens 

en seach dat immen mij al foar west hat 

mei minstens in kilo sipels út it Bildt




Hast Kryst

 Je soene hast sizze, 

hij freget der om.

Wa giet no twa dagen foar Kryst op sjou yn de buert.

Brutaal jout er him del yn ús foartún.

Op de bank, yn de lijte

mei sa no en dan in tikje tsjin it rút

Pakesizer Syb fynt it wakker moai

en wij binne bliid dat er in rút tuskensit

Jûn let hat de eigner him wer helle

Hij hie al mist, mar koe him net fine

Koartsein, dizze hat de kryst oerlibbe

alteast dat tink ik..





vrijdag 22 december 2023

Gemeentefytse

Al wer in jieroersicht

Koppele oan Strava

dus binne de fytskilometers en de fytsdagen gjin ferrassing

Dit programma hâldt bij yn hokker gemeenten ik fytst haw

sûnt april 2020

Yn 2023 45 nije gemeenten der bij





Yn 2023 mar in lang wykein nei Brabân



woensdag 20 december 2023

Puzzelje

 


Topografy, dat is myn ding

Puzzelje is net echt myn ding

Mar topgrafypuzzels binne wol myn ding

It nije boek is wer út

lykas oare jierren krekt foar Kryst









dinsdag 19 december 2023

Sport 2023

 


Ek bij Strava binne se wer te betiid.

It sportjier 2023 fan mij rint mar oant heal desimber 2023.

Dus wat jim hjir sjogge

is in yndikaasje.

Der komt noch fan alles bij

maandag 18 december 2023

Top 2000

Och, dy top 2000 sa oan de ein fan it jier,

dat is suver wat efterhelle, 

fêstruske yn deselde nûmers.

De top 10 is wer it selde as ferline jier, 

bergyp ik út de krante

Wat is wol nijsgjirrich fyn is dit ferhaal.



In stik as 12 nûmers 

dy't mei strjitten te meitsjen hawwe.

Sjoch hjir


Hoekens

Ik fytste fannemoarn in slach om, 

sa as hast alle moanrtiden

Fia Easterein nei Reahûs 

en doe rjochting de Kliuw.

De Slachtedyk is reedlik rjocht

útsein dy iene kronkel yn de dyk


Dat is bij Hoekens, sa hjit it dêr.

Hoe sit it ek al wer mei dy kronkels yn de Slachte,

hjir en dêr

Ik pak de Eastereinder bibel der bij.


Sa neame de Easterenders dit boek.

Ik bin der wis fan dat it dêr yn stiet.

Ik fyn. yn it âlde testamint, bibelboek Reahûs






zaterdag 16 december 2023

Geoverlijd

 It giet net goed mei it lêzen

dan giet it ek net goed mei skriuwen

In foarbyldsje




vrijdag 15 december 2023

Ferkear(d)

John Vanderaart is redakteur bij Computer Idee

Hij skriuwt dêryn in kollum  

Hij wennet yn Haarlem.

It ferkearsplan hat er foar soarge 

dat diken ienrjochtingsferkear wurde

Hij wennet oan sa'n ienrjochtingsdyk

Hij sil de strjitte út

lâns de goeie rjochting 

mar dan......




Langste nacht

 



Alle jierren wer nijsgjirrich

it tiidskema fan de langste nacht.

Middeis bliuwt it al wer langer ljocht,

al is it mar in pear minuten per dei.


woensdag 13 december 2023

Foto

 


Lâns de Boalserter trekfeart

wylst de sinne nei in healoerke skinen 

yn de dize ferdwynt,

meitsje ik wat foto's

Dizze springt der út

Dat sjoch ik pas at ik thús bin

dinsdag 12 december 2023

In idoal?

 Sneon is der in BN-er yn Wommels.

Hij sil in ferhaal hâlde yn it Dielshûs.

Wim Kieft,

bekend as spits yn de jierren 80 

bij Ajax, Pisa en PSV.

Ek in Nederlânske alvetal hat wol wat oan him hân

Syn ferslaving is ek faak in ûnderwerp

at it oer him giet.

Hij is alle jûnen op tv

want hij mei neist Derksen en van der Gijp sitte

Syn bijdrage is meast minimaal

yn myn herinnering

want ik sjoch al hiel lang net mear 

nei dat beledigjen fan oare minsken

yn dat programma.

Der binne ek oaren

dy sjogge him as in "held" miskien wol as in "idoal"

Sij meie mei him op de foto

en miskien hawwe se ek wol in hânteken krigen.

Ik haw it oer folwûksen minsken

dy't ik fierder wol as normaal beskôgje.


maandag 11 december 2023

Dwinger

 


De jiske auto yn de jierren 60 mei syn fjouwer mannen

ik sjoch it sa noch foar mij.

Palsma, de sjoffeur, Eisma, ynfal sjoffeur, Bakker en Boersma,

alle fjouwer wennen se yn Wommels

en trije dêrfan sels op de dr Sipke Stapertstrjitte.

Sij leegje de swiere amers en wat der neist leit yn de wein

Wat se sels brûke kinne, lizze se fansiden.

Yn myn byld binne it earst net allinne de jiske-amers

mar ek de húsketûntsjes, dy't yn in karre lege wurde.

De rotsoai giet nei de dwinger, 

dy't krekt bûten Wommels leit

oan de Boalserterfeart.

Der is yn dy tiid minder kwetsbere rotsoai as hjoeddedei,

mar alles komt wol bijelkoar.

Sa no en dan wurdt it opbaarnd, dat mei dan noch.

De tiid feroaret.

Hinnaarderadiel giet op yn Littenseradiel (1984)

en konteners hawwe dan de jiske-amers al ferdreaun.

It smoargens giet nei Aldehaske of Harns om ferbaard te wurden.

Wat oerbliuwt is de dwinger, dêr oan de Boalserterfeart

Altyd maklik om wat oerstallige rommel del te smiten

sa riddenearret de gemeente Littenseradiel.

De fierstentegrutte gemeente Súdwest Fryslân fynt dat net 

Sij brûke leaver in oantal grutte terreinen

yn en bij harren stêden.

De dwinger yn Wommels wurdt ôfsletten 

mei in stek en dat is it.

De rommel bliuwt lizzen,

it strewelleguod groeit en groeit

en ûntnimt it sicht fan de Wommelsers 

dy't fanôf it trekpaad skodholjend fan in skande sprekke.

Sa'n moai plak oan it wetter en dan sa fersloere litte.

De jeugd ûntdekt de dwinger.

It stek is al net mear sa ticht as earst 

en boppedat wat soe dat no sa'n stek

Sij meitsje hutten want der is hout en oare rotsoai genôch.

Dan ynienen is der panyk.

Yn oktober 2023.

Soe it allegear wol sûn wêze dêr op de dwinger?

Leit er net skealike rommel foar bern.

Sels wij krije in brief op Swingoerd.

Fan de GGD

Der is neat oan de hân 

mar it terrein wurdt wol hermetysk ôfsletten.

Hutten sille fuorthelle wurde 

en fierders hat it de oandacht fan 

ien fan de fierstente grutte laden

fan ús fierstentegrutte gemeente


It is hjoed 12-12

De hutten steane der noch.......






zaterdag 9 december 2023

Hardcore Freed

 


Wat in hearlik feest yn Neushoorn freedtejûn.

Twa moanlikse Hardcore Friday jûn.

Mei Tsjeard der hinne.

Yn de bus.

Trije bands

Pressure Pact, Zubzero en Lies!

Unbekende bands, mar der wie neat mis mei.

Wij hawwe gjin ferwûningen oprûn,

want it liket wat rûch allegear



donderdag 7 december 2023

From Ingland

 


In kaart út Manchester

De safolste dit jier fan Gerrit Tjallema.

Sa moai, om sa no en dan in ferrassende kaart te krijen.

Neffens mij is dit tegeltablo te sjen op it stasjon yn Ljouwert

Ek de foarige dy't ik yn de hjerst krige

wol ik jim net ûnthâlde




maandag 4 december 2023

De froulju fan de fetweider



Op souder lei noch in boek fan Douwe H. Kiestra,

sa't ik earder al skreau.

It boek is fan 1939.

Kritisi binne earst net sa entûsjast.

Syn "erotysk realisme" jout lilkens

stiet er op it omslach.

Ik bin op syk gien nei dat "erotysk realisme"

troch it boek noch in kear te lêzen.

It is in ferhaal út de jierren tritich

at earmoede troef is ek bij de lytse boerkes.

Ien fan de lytsboerkes hat trije dochters.

Dêr wol hij goed op passe, mei oare wurden

hij wol bepale mei wa't se omgean 

Mar moaie dochters dy stjoere je net.


It boek is prachtich Frysk, dat yn it earste plak.

wurden/sinnen as

útkloarkje

wirktúchlik

in swym fan ûnoandwaanlikheid

nommel-moedich

foralterearre

alderbiminlikst

formoedsoenjen

yn 'e winkelheaksalve

hij rint wat tsjalskonkich

dat gobbet en mûskoppet

kwânskwize


binne in lust foar it each en sjogge je no hast net mear

Oer de erotyk fyn ik net folle.

Ik frees dat dizze sin foar opskuor soarge hat


it sterke kymkrêftige sied fan in laet út in âld en taei boerelaach dat yn sa'n jonge en ûntfanklike skerte frucht sette moat


Sa'n moaie sin, 

sa'n moaie tekst mei gefolgen,

want se rekket yndie swier.

At it boerke dat heart seit er:

dus dou hast ús fanke al to nei west,
foar dat sij dines is,
wylde bruijer dato biste






vrijdag 1 december 2023

Spotify 2023

Google wit alles, sizze wij wolris

mar Spotify ek.

Se hawwe it wer kreas op in rychje setten

Mear as 41.000 minuten nei Spotify harke.

Ik leau it gelyk.

Thús of op de fyts

in muzykje heart der bij.















 









 

Moai yn de moarn

 




It is gjin fytswaar

mar it is wol hiel moai yn de moarn

om der efkes op út

at de sinne opkomt 

en at der dan ek noch wat snie leit hjir en dêr,

dan kin ik it wol ferneare

dizze winterske perioade