woensdag 29 februari 2012

Sa moai

Foarjiersfakânsje. Wêrom it sa hjit en wêr't it foar nedich is, ik wit it net.
Ik ûndergean it. Net mei tsjinsin.
Ik kom de tiid wol troch mei wat ienfâldige kluskes, wat boeken, in boadskipke, itensiede, al wer lêze, wat ynternette, rin wat muzykagenda's troch, romje hjir en dêr wat op en twitterje net mear as oars.
Ik meitsje de fyts wer sâltfrij, ferskinje it kafiahok in kear ekstra, helje it grien fan de stoepe, set de túnstuollen  al bûten en sykje al fêst op wat ik it wykein yn Parys yn april besjen wol. En foaral wat net.
Besjoch alfêst lange fytsroutes foar ús simmerfakânsje en pas in pear oerkes op Jelske.
Dan sjoch ik fol ferwûndering hieltyd wer nei dy hearlike toet fan ús earste lytsbern.
Hast 2 moanne jong no. Sa moai.
En dan meitsje ik mar wer in foto.
.........Sa helpt  Jelske mij de foarjiersfakansje no noch troch te kommen.......
letter sil dat miskien wol in natoer of in oar dochmuseum wurde


dinsdag 28 februari 2012

Rinne

Ik bin net sa'n rinner. It sjit net genôch op dat rinnen.Ik wurd der ek wurch fan. Mear wurch as fan it fytsen. Tusken in rockjûn yn Itens en in bluesmiddei yn Easterein dochs mar efkes bewege. Want al dat stean bij de muzyk is ek net echt goed foar myn lea.
Gelyk mar in doel steld. 10 km rinne. Op  "afstandmeten" in rûntsje útmjitten fan te foaren. Yn de buert fan Riis en Aldemardum. Lekker rêstich tusken al dy beammen. Lâns de Wyldemerk en de Luts. Dy lei noch iepen

 ....wat brânhout útsocht bij Riis......

.........it earste terraske pikt yn 2012 yn Aldemardum


Tidens de rintocht de mobile op Runtactic en dy registrearde alle stappen en sa kom ik dizze kear mei de folgjende oersichten.





.....in reedlik strak skema tocht ik sa............

maandag 27 februari 2012

Blues yn Easterein

Sneontejûn in moaie jûn hân yn Itens mei RockynItens en sneintemiddei mei in lichte dan wol swiere útrin nei de jûn ta, galmden de blueslûden wer troch de túnseal fan Noflik Easterein. Fan hein en fier komme de bluesleafhawwers de lêste snein fan de moanne om de blues te snuven, te priuwen en te happen. Ek no wer in geweldige sfear mei de band 12Bar Grooves.  Sij hiene noch net earder yn Easterein spile en meie seker noch wol in kear komme, wat mij oan giet.
Wij kinne noch efkes neigenietsje want de filmer fan justermiddei hat gelyk tiid makke om it op JoeTjoep te setten. 

Skuorpapier blues neame se it sels...ik fyn it prima.

donderdag 23 februari 2012

Boek

Nico Dijkshoorn, da man mei de skerpe pinne hat wer in boek skreaun. Hij ljochte it ta yn DWDD. Ik haw dat net sjoen mar begreep wol dat it op syn minst in opmerklik boek wêze soe en dat hij wat stevige útspraken dien hie oer syn relaasje mei syn heit.
In nijsgjirrich tema en troch de ferhalen wie ik wol wat benijd wat der no krekt bedoeld waard.
Ik haw it boek út, bin bliid dat ik it sels lêzen ha, want ik haw nettsjinsteande meardere fehalen fan oaren in oar byld fan in boek dan at ik fan te foaren tocht hie troch de ferhalen.
In moai boek fûn ik en mear wol ik der net oer sizze want wat ik der yn lês en wat ik der yn fyn is fêst oars as in oar syn ynterpretaazje.

dinsdag 21 februari 2012

1981

sc Hearrenfean is yn goeie dwaan. Dat is moai salang se mar ûnder Feyenoord einigje haw ik dêr gjin probleem mei. Dat sjoch ik dit jier ek wer barren.
Der hawwe tiden west dat ik net folle wedstriden miste fan de sportklup út it Fryske Haagje. En ik bewarje noch wolris wat.
Ien fan de wedstriden dy't mij it meast stiet wie de pot tsjin DS 79. Op sneintemiddei.
In geweldige oerwinning nei in prachtige wedstriid. En dat foar 5 euro lekker stean efter it doel sûnder dak boppe de holle.
Myn plakboek seit dit der fan:

zondag 19 februari 2012

Karnafal of CCR

It wie juster karnafal. Feest foar de katoliken. Ek yn Snits, middeis in optocht en jûns wat alave en lalalalallale. In goed momint om yn dat selde Snits in feessie te bouwen mei de herfoarmden, de griffermearden, de iepenbieren en de yslamiten.
Yn it Bolwurk dus. Mei de oansprekkende titel "Bolwerk gaat met Creedence terug in de tijd" wiene der oankundigingen west. Der wie in goeie foarferkeap en om 21.00 oere soe de doar iepen gean. Dat waard earder. Der stiene al safolle minsken betiid foar de doar dat it better wie om se der mar yn te litten.
Krekt foar tsjien oere kamen de 3 mannen fan Fortunate Sons op it poadium.
Op dat selde tiidstip gyngen de doarren ticht. It wie útferkocht.
Dêr hiene de minsken binnen fierder gjin boadskip oan. Dy waarden meisleept yn it geweldige Creedence lûd. Toon Eppink, sjonger en gitarist waard strak begeliden troch in bassist en drummer. It meast wat âldere publyk mei in opfallend soad froulju, lieten de fersen der yn gean as de preek yn de âlderling. En der waard lûder meisongen as mei psalmen en gesangen.
I putt a spell on you, Bad moon Rising, He Tonight, it kaam allegear foarbij yn in goeie twa oeren. Wa't net meisong doochde net en wá't it net waarm hie mei ek wol nei de dokter want it ienige minpunt wie wol dat it krekt sa waarm wie as yn eardere tiden bij Bram yn it Park yn Boalsert en ik hie net tocht dat dy waarmterekords út de jierren 70 yn Boalsert noch ferbrutsen wurde soene.
Fortunate Sons wolle it Creedence-lûd yn libben hâlde en dêr slagje se geweldich yn.
Ik kin mij hast net foarstelle dat it karnafal leuker wie. Nee, ik bin der wol wis fan dat ik dit leuker fyn.

zaterdag 18 februari 2012

Lawine oan deskundigen

In lawine oan berjochten oer in alpineskier dy't troffen is troch in lawine oan snie. De hiele winter binne soksoarte berjochten oan ús foarbijgien, mar op dizze freedtemiddei is it ynienen keninklik nijs. At ús premier foar seizen al ropt dat hiel Nederlân meilibbet dat witte je wol dat de hiele jûn de stuollen oan de praattafels beset wurde troch deskundige gelearde minsken dy't allegear fan út harren eigen gesichtspunt it ûngemak fan kommentaar fersjen sille.
Ik haw freedtejûn de t.v mar net oandien, want ik haw neat oan ferûnderstellingen.
Sneontemoarn moat ik der lykkols wol oan leauwe. It AD kopte mei Telegraaf eftige letters dat "Prins Friso voor zijn leven vecht".
Omslaan nei side 2 en 3 helpt ek net folle, want dêr wurde mei kaartsjes en foto's oanjûn wat der dy dei noch krekt bard is. Oke, dat binne de feiten en dêr haw ik wol wat oan.
Mar dan giet it hielendal mis. Side 4 en 5.
"Een lawine verzoorzaakt botbreuken en zuurstoftekort" wêrbij in hege learaar oan it wurd komt en op basis fan de summiere ynformaasje dy't jûn is oan no ta al konkludearret dat it him soargen jout at dit wol goed komt.
Mar gelokkich kopt de twadde helte fan side 4 dat  "Innsbruck te boek staat als topziekenhuis". Gelokkich mar. Je moatte der net oan tinke dat no krekt dit sikenhûs ûnderyn de list fan it Eastenrykse AD sikenhuzenklassemint stean soe.
Side 5 komt de polityk oan it wurd "Geschokte reakties op bizar ski ongeluk prins" .Grutte foto fan Mark Rutte en hij jout noch mar in kear oan dat "Heel Nederland leeft mee".
"En opnieuw treft het noodlot koningin Beatrix" fult it twadde diel fan dy side en dêryn wurdt ferwezen dat se har âlders en har man ferlern hat.
Ik haw myn nocht allang en hoop op side 6 en 7 oar nijs te finen. Mar neat dêrfan. It is krekt of is hij al stoarn want der wurdt in útwreidch byld sketst wa't dizze Friso is. Ik fyn it wol best. Mar moat 8 en 9 ek noch troch want dêr stiet dat de Prins it lawine drame wierskynlik sels feroarsaakte, dat Mabel op nij bange dagen hat, dat it in moaie dei wie om yn farske skie te skien en dat in snowborder ín fergelykber ûngemak oerlibbe.
Gelokkich side 10 it echte nijs: Hoewol, "Hoelang nog, Job? is ek net echt nijs.
De strips kinne it AD fan hjoed al net mear rêde.


woensdag 15 februari 2012

Rock Tube yn Itens

"Foar rockers en rokjes" stiet der altyd sa moai op it affysje fan de Rock Itens.
Dan is it dúdlik: at jim net fan rock hâlde, gewoan net komme, mar at je wol fan rock hâlde meie jim dit net misse.
Ferline jier in jûn mei allinne filmkes fan Joe Tjoep. Hearlike jûn mei alle rockartisten fan de wrâld:  fan Led Zeppelin oant Foo Fighters en fan de Dropkick Murphys oant Eddy Vedder syn Pearl Jam.
Dit jier in kombinaasje fan libbende muzyk en klipkes. Alle fêste rockers en rokjes binne al wer útnoege en komme.
Nije rockers en rokjes binne ek wolkom.
De oankundiging fan dit jier
25 febrewaris geane we wer los!! Dizze kear twa bands en fansels wer klipkes. Foar jim spylje de 3-mans Rock & Roll-band Loaded Dice en de 6 mannen fan Voskovs Grodzemods. De measte klipkes dy't we draaie komme út it genre: Alternatieve gitaarrock. Dus rokjes: Njoggen rockers op it podium en lekkere klips!! Jim kinne hielendal los.


maandag 13 februari 2012

Burdmuts

"It is hast wer foarbij dy moaie winter" soe Gerad Cox sjonge kinne at hij syn bijdrage leverje woe oan dizze horrorperioade.
Teiwaar jonges en famkes.
Wij ha der efkes op wachtsje moatten, mar it is der.
No in pear nachten lij wetter reine, oerdei it sintsje der wat bij, de gemalen graach op tiid oan en Fryslân leit der oer in pear wike wer bij sa't it heard. Moai grien.
De mûtsen, de wanten, de sjaals en nepburden kinne wer yn de kast.
De redens kinne wer yn it fet, de snieskower yn it hok en it oerbleaune sâlt kinne jim letter wol brûke tsjin de slakken. Mar net op alle slakken sâlt lizze soe ik sizze wolle.
It wurdt foarjier.
Hoera!

zondag 12 februari 2012

Op snein

No de tocht net troch gien is, is de diskusje oer wol of net op snein ride ferstomd.
Ik fyn dy diskusje wol nijsgjirrich. Wij kinne der hast wis fan wêze dat de Urkers en Staphorsters harren kaart net brûke sille, mar foar de rest tink ik dat in rest fan tsjerklik Nederlân dizze dei licht of swier sundigje woe nei gelang de sterkte fan de lear.
Sneon yn de LC in ynstjoerd stik fan in dûmny en in kollum fan in oare dûmny oer dit ûnderwerp.
Om mar te begjinnen bij it ynstjoerde stik.

Skreaun troch Doede Wiersma fan Ljouwert. Earder dûmny ûnder oaren yn Wommels. Sa te sjen hat er noch altiten in strange lear. Ik haw him kinnen leard yn Wommels as in aardige man, dy't freonlik en belangstellend wie. In dûmny dy't goed preekje koe (dêr bedoel ik mei dat hij in moaie wurdenskat hie en in ferhaal goed opbouwe koe) , mar ek as immen dy't tige fêsthâldend is (trochdrammer?).
Hij is noch altiten ien fan de âlde stimpel en is hingjen bleaun yn eardere tiden. Yn syn stikje hat er it oer Wommels, wêr't net op snein feesten en keatst wurdt. Dêr hat er gelyk oan. Dat wie sa yn de tiid dat hij yn Wommels stie. Hij hie lykwols de hakken noch net opnommen of it keatsen begong ek op snein. It is no al sa dat de measte partijen op snein binne. De tiid hat ek yn Wommels net stil stien.




Wim Beekman fan Koudum sjocht der hiel oars tsjinoan. In moaie ûndertitel as de "hearlikste bijsaak fan Fryslân" jout al oan dat je it trochgean fan dy tocht op snein wol yn it goeie perspektyf sette moatte. De tosk fan de tiid hat ek syn wurk dien.
Op sa'n dei moat de tsjerklike lear mar efkes jilde foar de net riders. Ik soe der hast oan taheakje wol at al dy riders en feestfierders harren op dy dei gewoan oan de tsien geboaden hâlde dan is der neat mis mei.

It falt mij op dat beide skriuwers harren beroppe/ferwize nei oare gelearden. Sa docht mar wer bliken dat ek dy gelearden der oars tsjin oan sjen kinne.

Ta beslút noch dit. De ynstjoerde stikken fan Wiersma binne hearlik om diskusjes te krijen ek al it no gjin sin mear want oer 15 jier leit it der wer oars bij  en de kollums fan Wim Beekman binne al wiken in lust om te lêzen. Net omdat it better yn de buert komt bij myn lear. De snein wie yn it ferline in freeslike dei omdat je neat mochten en is no in prachtige dei omdat je alles dwaan kinne wat je wolle. Sels nei tsjerke gean.



zaterdag 11 februari 2012

Bonke...bonkefeart

Freedtemiddei tsjin fiven seagen wij in tweet foarbij kommen fan ús soan Tsjeard. Om 17.17 oere, in oerke foardat it tsjuster wurde soe.

Wij wisten dat hij freed te riden soe, wij wisten ek dat hij fan in útdaging hâldt, wij wisten dat hij jierren net folle riden hie en dat hij dizze wike toch mar nije redens kocht hie, wij wisten dat hij in goeie kondysje hat en dat hij op karakter hiel wat berikke kin.
Mar dat hij op dizze dei moarns om 7.00 oere bij de Swette alinnne fan start gien wie foar de tocht, hie der net echt oanjûn.

Jûns tsjin achten belle hij fanút Dokkum. Hij wie noch altyd oan it riden en hij hoopte binnen twa oeren op de Bonkefeart oan te kommen. Goed 21.00 oere stiene wij op de útkyk bij de Bonkefeart. Tsientallen minsken stiene dêr mei ús om te wachtsjen op harren eigen helden. Ien foar ien, twa bij twa, of trije bij trije kamen se binnen.
Yn de fierte seagen wij de skommeljende ledlampen oankommen en fol ferwachting hoopte elkenien dat it dan einliks safier wie.
Tsjin healwei tsienen kamen der fjouwer ljochtsjes oanskowen. Fan fieren hearden wij syn stim: "meielkoar oer de finisj" hearde ik him sizzen. Mei 3 ûnbekenden hat er fanôf Frjentsjer trochsetten. Stapke foar stapke foarútsjen en streekje  foar streekje op nei de Bonkefeart.

Leadswier, min iis en in soad klúne.
Mar wol op karakter trochsetten.
En dat ik noch in kear sjonge soe Bonke..bonke...bonkefeart op de finisjstreep om ien binne te heljen  is hast net te leauwen.

Oer dat karakter haw ik noch in moaie foto. In fytsfakânsje fan 1992 of 1993. 11 of 12 jier. Fytskarre efter de fyts krekt as syn heit. De paden wiene net altyd like moai. Der moast betiden flink klúnd wurde.



donderdag 9 februari 2012

Borst

Yn desimber haw ik al in pear oanjûn dat Hugo Borst mei syn kollums it nivo fan it Ad ferleget. Aldwivepraat, neat om de hakken, geeamel fanút in brân-út, en gjin humor.
Hast oan de ein fan jannewaris tocht ik ynienen: he, Borst haw ik al in skoft net lêzen. Soe it al sa fier wêze dat troch myn argewaasje ik dy bledside gewoan net sjoch? Of hat hij him wat oanlutsen fan al dy ynstjoerde stikken (yn it AD) oer syn minne kollums?
Hat hij miskien ein desimber syn lêste soere praatsje opskreaun?
En krekt doe't ik mij sels wiismakke dat it gelokkich foarbij is, steane se der ynienen wer yn. Mar leafst in heale side pruttelprottelpraat. Jeetje noch oan ta. Moat ik dan echt drige  it AD op te sizzen om it AD te twingen dêr in lekkere grutte adfertinsje del te setten. Makket neat foar wat. At it mar net foar "kippeborst" is.

woensdag 8 februari 2012

Kneppelfreed

Je moatte goed oplette yn de krante oars misse je berjochten. Alles giet oer it reedriden en liket of is der gjin oar nijs. Helaas wol. Op 56 jierrige leeftyd ferstoar Eelke Scherjon.
Bekend as fierljepper en klompemakker.
As trouwe besiker fan Winsum seach ik him dêr altiten. Opfallend ferskynsel. Mei snor, op klompen. Earst as ljepper dêrnei as trainer fan ûnder oaren syn soan Hannes.
Eelke wie foar mij ek in bytsje muzyk.
Jûn hearde ik Froskpôle de stim fan Gerrit Breteler yn in folkeftich liet: Kneppelfreed, rôp ik gelyk. Gurbe Douwstra befestige dat.  Kneppelfreed in moai wurd, mar foaral moaie muzyk yn de jierren 1978 en wat letter. Yn 1978 seach se yn Snits , yn 1979 yn Frjentsjer en yn 2007 yn Oentsjerk op in reunykonsert. Dêr haw ik foar it lêst mei Eelke praten oer de folkmuzyk en de goeie âlde tiid. Eelke hij wie noch mar 56.

dinsdag 7 februari 2012

1stêdentocht

It is tsjintwurdich in hiel geklaai sa moarns tsjin sânen. Legging, de legersokken, in waarme fytsbroek, in switsjurt, in fytssjurt, in dikke jas, in sjaal fan oardel meter, in mûtse, in bivakmûtse en in pear thermo wanten. Sa stapte ik fannemoarn op de fyts nei Snits ta wylst ik krekt heard hie dat it -15,4 wie en dat it boppedat -22,8 oanfielde.

Fol goeie moed sa as de oare dagen mar wol iets fan ik moat wat mear avenseare as oars want at ik bij de Kliuw al kâlde fuotten ha yn myn fytsskuon, dan wurdt it in ferfelende tocht.
Al gau fielde ik dat ik foar de rest goed ynpakt wie en fan kjeld neat te frezen hie. It swit kaam sels op de rêch. Bij de Kliuw wist ik dat it hurder moast want ik fielde hiele kâlde fuottten. Teannen ienelkoar knipe holp al net mear. Bij de Turnserhoeke fielde ik twa iisbonkjes ûnder mij.
Hurder fytse wol net mei kâlde poatten (sa neamde ik se dêr). Langsumer fytse betsjutte noch langer yn de kjeld.
Bij Ysbrechtum wer wat mear lijte, wylst it net iens waaide, mar gjin waarmte. Iis en iiskâlde poaten en stopje bij it stopljocht wie in baalmomintsje. Nettsjinsteande myn langstme nei de waarme brûs wol bij it stasjon lâns foar de Spits. Se wiene op, fergees in eintsje omfytst dus.
It fytsehok bij skoalle fielde al waarm oan ek al wie it dêr ûnder 0, hoeden rin ik de gongen troch en de treppen op. Stapke foar stapke sleep ik mij nei de kantine yn de hoop dat de fuotten in bytsje waarm wurde foardat ik ûnder in hite brûs gean. In bakje mei Jan en André. Sels dy hiene it kâld en dat binne ek noch wol Snitsers.
De kâldste tocht ea, dizze 1stêdentocht op de fyts.
Ik ha mij sels mar in krúske jûn:    X

zondag 5 februari 2012

De knop moat om

Ik begjin mij serieus ôf te freegjen at in wol in echte Fries bin. Frysk lêze, - skriuwe, -kwetterje is net genôch tink ik no. Dat ik in soad wit fan it keatsen, it fierljeppen en it skûtsjesilen klinkt wol aardich Frysk mar docht der net echt ta. Dat ik der simmers ek noch faak hinne gean, seit alhielendal neat.
Soe ik no eksamen dwaan moatte om as Fries yn te boargerjen dan sakje ik (troch it iis).
Ik hâld nammentlik net fan iis en fan snie. Dat is net fan hjoed op juster, dat is allang sa.
It is ien en al lijen en ik begryp net dat minsken dy't oars ornaris seure oer it waar, no oars net dogge as it waar de himmel yn priizgje  fan "wat is it lekker (-10), wat liket it moai (snietroep), wat is goed foar de natoer (ús kafias bestjêre it hast) en mear fan dy freeslike winterske útspraken.
Mar de knop sil wol om moatte bij mij.
Oars bliuw ik de kommende wike hingjen yn it leksoaien oer de winter. Leksoaie oer dy freeslike 11 stêdentocht, dy't in soad minsken it gefoel jout dat dat it hichtepunt fan it libben wêze en wurde kin. Wêr't se harren hiele libben sterke ferhalen oer fertelle kinne sadat net riders it gefoel krije dat se mar sufferts binne.
De knop moat om dus. Mar dat is net dreech. Ik begjin gelyk.
Wat binne wij bofkonten. Kening winter hat ús 2012 libben dizze winter ferrike mei strange froast. Hearlik dochs?. Kinne wij allegear lekker bûten want it is sa goed foar liif en lea. Wij kinne op iisbanen lekker ride,  mar miskien ek al op fearten. Spitich fan dy snie op it iis fansels, mar oan de oare kant it jout sokke moaie plaatsjes. Fotograven sjitte harren tastellen hielendal fol. En wat is der no moaier as in kompjoeter fol mei winterske foto's.
Ik sjoch út nei nije wike. Want sa't it no liket giet it dan oan. Ja, ja ik bin in echte optimist, want ik wol it ek sa graach. Dat dy 11 stêdentocht komt.
Dat soe sa moai wêze. Dat hâldt myn tinzen al sa lang yn de besnijing.  It sjoch der sa nei út om de hiele dei te klomjen lekker bûten te wêzen oan de route te stean en al dy stoere mannen en frouen oan te moedigjen.
Ik haw it der foar oer want it moaie is dan ek dat it de kommende 15 jier ek net wer stil falt op in jiersdeisfeest. Gewoan efkes ferwize nei 11 febrewaris 2012, de dei dat wij allegear in Fries wiene sa't it bedoeld wie dat Friezen wêze moasten.

vrijdag 3 februari 2012

Trekfeart

Foar de twadde kear wie der in lêzing yn museum it Tsiispakhús yn Wommels. Ek no wie it wer grôtfol en dat die de foarsitter fan de organisearjende  klup sichtber goed.
Sprekkers wiene op dizze 2 febrewaris Meindert Seffinga, direkteur fan Scheepvaartmuseum yn Snits en berne yn Easterlittens en Dirk Zijlstra (neffens mij neamden wij him earder Durk), earder molkfarder en molkrider.
Nijsgjirrich ferhaal oer it ûntstean fan de ferskate trekfearten yn Fryslân en seker at it giet om de Boalsertertrekfeart, wêr't de measte tahearders wol wat mei hawwe of hiene.
Moaie printsjes en moaie ferhalen. Mei út de seal goeie oanfullingen sa as it ferhaal fan de pealtsjes mei nûmmers dy't hjir en dêr wer opdûke, foaral troch de ynset fan Piter Kamstra fan Wommels.
Seffinga hie him goed tarieden om ek wat reklame te meitsjen foar syn museum troch meardere printsjes sjen te litten fan foto's en ark wat yn it museum leit en ferbûn is mei Wommels.

It skoft waard fuld mei in filmke oer it wettergeraas bij de Lemmer doe't it gemaal dêr earder dit jier syn wurk dwaan moast.

Nei it skoft wie Durk Zijlstra oan bar. Dizze Wommelser dy't oan ien fan de inkele strjitten yn Wommels wennet mei in namme dy't ferbûn is mei de feart (Rolpeal) helle herinneringen boppe oan de hân fan kaartsjes en foto's fan de molkfeart nei it súvelfabryk yn Wommels.
Syn heit die dat en ek hij hat dat jierren dien foarat er op molkauto kaam.
Foaral de (âld-)Wommelsers kamen goed ta harren gerak want de herenneringen kamen út de teannen wei en it oh, ja kaam der betiden hiel spontaan út.
Ek bij mij kamen de herinneringen werom fan de tiid dat wij as jonges fan in jier as 10 oant 12 of sa mei Dirk Zijlstra of Rein (Kievit) Strikwerda meimochten om de molke op de heljen bij de boeren.
Want myn jongste berne jierren lizze op de Hofkmap mar myn jongesjieeren lizze foaral yn de arbeiderswente bij de fabryk.
Op de foto hjirûnder (komt fan Wommels.nl) liket it of leit de boat bij ús foar hûs. It hie kind, mar ik bin der hast wolwis fan dat dy boat fan in skjirresliper of âldizerkeapman wie, dy't  sa no en dan lâns kaam yn de doarpen dy't mei de boat te berikken wiene. Ien fan de Sulverfloat tink?