Ik hâld fan bysûndere minsken.
lykas Sjoerd Zijlstra fan Boalsert.
Sjoerd wie in bijsûndere man.
Hij is stoarn, ferûngelokke mei syn fyts.
Sjoerd wie krekt as mij:
In fytser fan al den dei.
Oeral kamen wij elkoar tsjin.
Sjoerd hie ek altyd in miening oer iets.
In eigen miening en meast net de gongbere.
Ik wit it noch goed.
Ik fytst op myn lisfyts tusken Ysbrechtum en Tsjalhuzum,
ik haw dat "wibele ding" noch net sa lang en ik moat noch wat wenne.
Sjoerd komt mij efterop,
op in soarte fan reesfyts.
Goeie of hoi, sa groetet hij mij
hij sjocht,
hij sjocht nochris en dan komt it oardiel.
"Ik haw ek in lisfyts", jout hij oan.
folge troch in oantal technyske gegevens en oanwizigingen
Ik hear it oan en knik (net) begrypjend,
ik bin sa wol trefreden. sis ik,
ik bin noch op ûntdekkingsreis.
Hoi, seit Sjoerd, en hij fytst op nei Boalsert
wylst ik ôfslaan nei Wommels
Sjoerd tref ik ek faak bij de muzyk.
Aaipop, Greidhoekfestival, yn Boalsert en wêr ek net.
Hij siket mij altyd efkes op
en freget dan wat ik der fan fyn
at ik as oandachtige harker foaroan stean.
Ik fyn gau iets moai, ik haw gjin skerp ear,
bin net muzikaal en haw gjin ferstân fan muzyk.
Dat hie Sjoerd wol.
Hij wit mij dan altyd út te lizzen wat er net goed is
en wêr't dat oan leit.
At Sjoerd wer fierder buorket op syk nei in oar
dan hear ik oars nei de muzyk.
It tredde wat ús bûn wie 1954.
Syn en myn boujier.
In goed boujier seine wij wolris.
Net dus
net goed genôch foar Sjoerd ....
Beste Sjoerd
Moai dat ik dij kinnen ha
do hast in soad kleur jûn oan dyn eigen libben
en ek oan it libben fan oaren.
Dankjewol dêrfoar
Anneke en de jonges in hiel soad sterkte
![]() |
yn 2019 op Aaipop: Beatles Sessions mei de twa soannen Klaas en Willem |