vrijdag 17 april 2009

Sa bang as in hûn

De hûn stiet yn de belangstelling. It skynt sa te wêzen dat Obama in hûn krigen of kocht hat en dat no elkenien sa'n hûn ha wol.
Ik soe dus nea bij Obama op besite gean. Ik sil ek mei myn lisfyts bij it Wite Hûs del fytse. Want at it no komt fan mij, fan myn burd of fan myn fyts, feit is dat hûnen graach blaffe meie at ik der oan kom, dat se graach drigend heal de dyk op fleane en dat sommigen ek noch in byt dogge.
Ik haw dus alles tsjin op hûnen. At ik yn it wurdboek it wurd hûn op sykje dan stiet dêr "huisdier". At dat sa west hie dan seach ik hiel oars tsjin hûnen. Oars sein dan wie it foar mij wat makliker allegear.
De hûn yn de hûs, in boerd oan de muorre mei de wurden "hjir is in hûn de baas" en ik gjin stap binne sette.
Nee, ek net at men seit: "hij docht neat, hij moate efkes rûke, hij is sa goed as in hûn en hij jout him daliks wol del", dan noch bliuw ik bûten.
Ik kin jim sizze dat ik mij no ek beheind fiel yn myn frijheid troch dy ferrekte hûnen. Ik kin jim krekt fertelle wêr't hiel ferfelende hûnen binne of miskien wol wiene. Want at ik ea neisitten wurdt troch sa'n rotbist dan kom ik dêr earst net wer.
Sa haw ik mij sels in fytsferbot oplein foar Skrok (hûn Plantinga) en foar de Slachte tusken Swarte Beijen en Krabbedyk. Sa haw ik ek jierren net troch de Súdhoeke fytst troch hûn de Boer en gie ik nea de dyk del nei Iens (hûn Breeuwsma).
Myn binnentroch reis nei Snits stiet ek ûnder druk. Tusken Easterein en Reahûs haw ik alle moannen it ûngenoegen om lâns meardere hûnen te gean en hûn Jellema op de Ivige leane is ek myn favoryt net. Ik synt ek net trouwens.
It ienige wat moai is oan hûnen binne de sprekwurden en siswizen, sa as: de hûnen pisje mij oan wat betsjut dat de beurs leech is en kommandearje de hûn en blaf sels.
Fansels is der ek ien dy't net klopt: Blaffende hûnen bite net.
De muzyk oer hûne hâldt ek al net oer.