zaterdag 30 oktober 2021

Gjin ûnsinnige fragen stelle

 Oates en toates binne der keamerleden

dy't fragen stelle oan de minister

Dat is harren rjocht, mar dan moat it wol earne oer gean.

Net oer in bushalte yn de Westereen.

Ik hie itselde gefoel as Ton van der Laan, 

redakteur bij de LC,

doe't Habtamu de Hoop dy fraach stelde

oan de minister, wylst de provinsje giet oer it iepenbier ferfier.

Ton van der Laan skreau der in satyrysk stikje oer....


verzoekt Tweede Kamerleden, met speciale aandacht voor de uit Friesland afkomstige Kamerleden Habtamu de Hoop en Romke de Jong, geen overbodige schriftelijke vragen te stellen of overbodige moties te maken voor de bühne, om goede sier te maken bij de (Friese) achterban;

verzoekt hen om voor moties te stemmen waar ze echt voor zijn, en tegen moties te stemmen waar ze echt tegen zijn;

verzoekt hen om zich met volle overtuiging te blijven inzetten voor de Friese zaak;

en gaat over tot de orde van de dag.

TON VAN DER LAANton.van.der.laan@lc.nl



Brecht

Wij mochten trije dagen oppasse op Brecht,

 ús jongste pake- en beppesizzer

Hast twa en se ûntdekt de wrâld mei dwaan en wurden.

Brabbelje en neisizze.

It wie in grut fermaak mei ien hiele koarte nacht

want doe wie se noch lang net útpraten

nei de bieb en eigenwiis in boekje útsykje

hagelslach, dêr kinne je lekker mei grieme

Ut de stoel, want wij gean nei bûten

de rinfyts ûntdekt

mei de fyts nei de boarterstún

nei Bogerman op de fyts, werom sjout pake de fyts wol

efkes de ôfstânsbetsjinning ophelje

boekje lêze


maandag 25 oktober 2021

Drave

Der binne wolken,

de temperatuer is 9 graden

de fochtichheid is 91 %

de fielt as 6 graden

de wynrjochting is súdsúswest

en de wynsnelheid is 23 km per oere.

Mei oare wurden: it is it momint

om in rekôr te draven.

Dat doch ik.

It parkoer leit tusken ús garaazjedoar,

Iens en ús garaazjedoar.

5 kilometer en net in stap mear.

Gemiddeld 7 minút 40 sekonden per kilometer

in nije rekôr, gewoan op in moandeitemoarn 

tusken 7.50 en 8.00 oere.

Ik sit thús in kertier út te switten

en analysear de sifers op Strava en MiFit.

Hoe flak is it skema, 

hoe is de hertslach

wat is de beste kilometer

wêr leit de winst ten opsichte fan foarige kear

en wat kin noch ferbettere wurde.

Drave , ik haw it krekt ûntdekt,

fyn der hielendal neat oan

mar doch it al, 

twa kear per wike, 

5 kilometer lang,

foar de sûnens, 

foar de útdaging 

en foar wer in nij rekôr



vrijdag 22 oktober 2021

Wat is der mis mei it Skarrelspultsje

Us bern gongen earder nei it Skarrelspultsje.

Dat is de "peuter"skoalle yn Wommels.

Earst yn de kelder fan it Dielshûs

en dêrnei yn it gebou fan de Igge.

Myn pakesizzers krigen plak yn it Trochpaad.

In moai plak sa ticht bij de skoallen.

Mar,

it Skarrelspultsje, wat is der mis mei dy namme?

Dat er wat mis mei is, 

docht bliken út  dit doek


Kidsfirst,

hoe krije se it yn de plasse.

Us jongste pakesizzer yn Wommels

giet nije wike foar it lêst nei it Skarrelspultsje

net om dit boerd, mar fanwege de leeftyd.

Gelokkich mar...

Kids first, hoe betinke se it.

woensdag 20 oktober 2021

Op stap mei twa boefkes

 At it skoalfakânsje is en it is tiisdei

dan wolle wij der noch wolris op útgean

mei de neefkes Roan en Samme

Nei iets wêrfan wij tinke dat se it wol leuk fine.

Tiisdei setten wij ôf nei de Blokhúspoarte yn Ljouwert.

De eardere finzenis us, no kulturiel sintrum.

It wurdtsje "earder" kaam net echt oer

it wurd "finzenis"wol

Op foarhân is it al spannend

en bij it sjen fan dat grutte gebou,

mei al dy traaljes en grutte poarte 

is de ferwûndering al grut.

It is ek bijsûnder om dêr te wêzen

mei herinneringen oan in finzenis.

Mei al dy lytse bedriuwen

libbet it mear as ea soe ik sizze.


De jonges fûnen it wakker spannend hjir en dêr

en pake moast soms it foarbyld efkes jaan

foardat se de stoute sjuon oanlutsen

Ek noch efkes yn de dbieb sjoen

dy't ek yn it kompleks in plak hat

Moai en simpel fermaak.....









Op klompen



 "Op klompen troch de dessa" is in boek fan Hylke Speerstra. 

Mei syn kwaliteit om fertrouen te winnen 

en goed te harkjen wist hij út âld Ynje gongers ferhalen te lûken. 

Ferhalen dy't se net fertelle woene, 

mar dochs diene bij him. 

In prachtich boek, dat je wol faker lêze kinne as ien kear. 

Myn heit wie ek in Ynjegonger. 

Krekt as hast al dy oaren prate hij dêr net oer. 

Op dit stuit spilet yn Ljouwert in stik oer dy Ynjegongers. 

In teaterstik wêryn je fysyk "erfare"en "fiele" moatte wat dy 

Yndiegongers meimakke ha.  

Wij waarden ûnderdompele yn de omstannichheden fan doe 

mei foto's, 

bewegende bylden, 

gelûden en 

it yndringende ferhaal.   

En dat allegear yn ferskillende romtes.

It wie in bijsûndere erfaring doe't ik dêr justermiddei bij wie.

Wij hawwe noch wol wat foto's út heit syn argyf

 Sûnder ferhaal







maandag 18 oktober 2021

Poddestoel


 

Dit is de poddestoel fan de ANWB sa as wij dy kenne.

Dit eksimplaar stie op Flylân

mei dêrop de langste ôstân dy't op in poddestoel stiet

De poddestuollen wurde ferfongen haw ik begrepen.

Ik begryp wol dat de poddestuollen

wat minder fan belang binne

at er in knooppuntenrûte is.

Mar at je se dan ferfange wolle,

doch it dan goed





Lit ús dit asjeblyft gjin poddestoel neame.

Se stean op Flylân 

as ferfanging foar de echte poddestuollen

Freeslik.........

zondag 17 oktober 2021

Lofts

 


Freedtejûn wie ik yn Neushoorn

Dat wie lang lyn.

In hardcorejûn mei trije bandsjes

Spontaan idee fan Tsjeard om 5 foar healwei njoggenen

De bus gie 5 oer healwei njoggenen.

Skuon oan, mûlkapke en OV kaart sykje

en yn sân hasten nei de bus.



Hearlik sa'n jûn mei powermuzyk

en fleurige enersjike minsken

De Zwartekat wie der ek

ik hie der noch nea fan heard, 

mar se drukten mij in plakplaatsje yn de hân.

Snein fûn ik it werom yn de kontbûse.

Ik sil it plaatsje nearne opplakke

mar sil efkes yn dizze link oanjaan, 

sadat jim ek jim witte wat sokke lju dogge.



vrijdag 15 oktober 2021

1974

 7 july 1974 wenne ik op Flylân.

Wurke bij de Spar en wenne boppe de Spar.

Dy dei, it wie op in snein,

wie de finale fan it WK fuotbal.

Nederlân ferlear doe fan Dútslân.

Jammerlik en foar sommigen in histoarysk djiptepunt

Ik haw dêr gjin lêst fan.

Ik wie tongersdei efkes werom op it plak

wêr't ik doe wie om de finale te sjen.

It Posthuys op Flylân.


Der lei sân op de grûn, dat wit ik ek noch

en sûnt 35 jier wie dat fuorthelle


Wurkje bij de Spar 

dat die ik bij de griente en fruitôfdieling.





De froulju út Tsjalbert woene mar wat graach mei mij op de foto.......



maandag 11 oktober 2021

Wat soesto


 "Wat soesto"

it ferhaal fan Freark Smink 

dat hij spilet mei Klaasje Postma.

In yngrypend ferhaal 

wêr't moed foar nedich is om it sa te bringen

It ferhaal fan de soan oer de heit

dy't losse hannen hie en denigrearjend wie 

oer alles wat syn soan die.

mar foaral ek it ferhaal fan de soan

dy't úteinlik wol wat fan syn heit.

Mei in mem dy't op de eftergrûn har bêst die, op har wize

om grut skeel foar te kommen

Dy mem dy't no demint is 

en de soarch nedich hat fan in soan dy't hurd wurden is as beton.

Wat in aktearprestaasjes fan beide

yn dit boeiende ferhaal.

It wie moai om wer yn in fol útferkocht Dielshûs te sitten

hoewol it wat ûngemaklik oanfielde 

mei dy minsken foar, efter en neist mij sa tichtbij.




zondag 10 oktober 2021

Waarm fan de muzyk

 Der giet neat boppe muzyk

en ik bin dan ek bliid dat de agenda fan it Bolwerk yn Snits

oanjout dat der rock op it programma stiet.

Wa't er komme makket mij net folle út,

It wurd rock is genôch om de fyts fan stâl te heljen

De gewoane fyts wol te ferstean want wyn is der net.

Sa kom ik goed njoggen oere oan yn Snits.

(ûnderweis help ik in ferdwaalde jongfeint út Tsjerkwert

it paad nei de keet yn Turns te finen)

Myn fyts kin bij de oare 15 fytsen stean

It is net drok, dat sjoch ik gelyk oan de fytsen en de jassen.

Dy lêsten dy hingje der hast net.

It konsert is fergees, der binne twa bands

ik soe 't net witte wêr't it folk bliuwt.

Mei wat gelok tel ik in man as fjirtich

en ik sjoch in protte frijwilligers fan it poppoadium

Mei in steantafel en in kruk efteryn,

mei sa no en dan in alkoholfrij drankje

fermeitsje ik mij prima 

bij in kertierke Snakeoil Sun en oardel oere Anquest.

Anquest mei twa Hingsten yn de basis.

Lekkere hardrock dus.

In genot foar myn earen.

Werom oer de Kliuw fytst

mei de helm op, de wanten oan

haw ik it net kâld.

Ik bin waarm wurden fan de muzyk 

en dat gefoel bin ik 13 kilometer fierderop noch net kwyt.

In prima jûn



vrijdag 8 oktober 2021

33717


 33717 kilometer

dat is de ôfstân dy't ik ôflein ha op myn RIH.

Mear wurde it net.

De fyts is ynruile.

Sûnt 2013 yn besit

en dat jier fytste ik der 3640 kilometer op.

2015, 2016 en 2017 wiene syn topjierren

mei reizen yn Frankryk en Dútslân

mei kampearútrêsting op it pakjedrager


It is in deeglike fyts,

wol wat swier,

mar yn fergelyk mei in E-fyts in fearke.

Sûnt 2018 myn twadde fyts 

foar ritsjes yn eigen doarp en foar op stap.

Syn lêste trip wie in lange.

De tocht nei Venetie.......



donderdag 7 oktober 2021

Arena

 

Pakesizzer Samme fan fiif seach mei mij de foto's troch.
Dit is yn Verona
Dat is de Arena.
lit ik him witte

"Wij hawwe ek in arena,
op it skoalleplein!







woensdag 6 oktober 2021

It is safier

 


It sil noch krekt gjin fragen yn de twadde keamer opleverje

of it moat Habtamu wêze dy't it him net foarstelle kin,

dat ek ik in kear oerstap op in elektryske fyts

en dat hij fan de minister witte wol hoe't dat samar kin.

Begjin 2020 hie ik mei mij sels ôfpraten

dat ik der in fyts mei help bijkeapje soe

at ik 10.000 kilometer fytst hie yn dat jier.

Dat wie al begjin oktober

en ik soe it noch net oer myn hert krije.

Begjin 2021 makke ik deselde ôfspraak

en no haw ik mij der wol oanholden.

Wêrom?

Ik wol yn de hjerst en yn de winter

wat mear fytse as Hinnaard en/of Kûbaard om.

Ik wol gewoan nei Ljouwert, nei Snits, nei Warkum fytse

sûnder mij yn it swit te jaaien.

Ien lisfyts oan de kant,

de RIH ynwiksele

en no fierder op myn Batavus sûnder help

en myn Dutch ID mei help.

Om it ferlies fan ynspanning te kompensearjen

bin ik sûnt 4 wiken begong te draven

of hoe't je dat mar neame wolle, at je mij sjogge.

5 kilometer 

moarns betiid

It giet hieltyd better


zondag 3 oktober 2021

De reis nei Venetie

It sit er wer op: ús fytsfakânsje nei Venetie.

In reis dy't op 1500 meter hichte begjint 

op de grins fan Eastenryk en Ytaalje

en "einigt" op it San Marcoplein yn Venetie.

In prachtige reis omdat

  • it waar geweldich is... sinnich en waarm
  • it selsskip wêr't wij mei reizgje prima is
  • it in moaie delrinnende route is
  • de omjouwing om te fytsen geweldich is
  • it foar ús in nije omjouwing is
  • wij ûnderweis moaie stêden oandogge
  • prachtige bouwurken sjogge
  • de hotels goed genôch binne
In oantal bysûndere erfaringen yn byld

Nei in lange reis mei de bus, begjint it feest op 1500 meter hichte


in moai byld ûnderweis

Red delicious, dy appels seagen wij sa'n 100 kilometer oan ús linkerhân. Rjochts wie de rivier de Etsch

In drokke fytsroute mar ek in protte rinners

In kastiel

efkes útpûste nei in flinke beklimming

Noch mear appels mei op de eftergrûn de snie fan de Doalemiten

It grutste appelgebiet fan Ytaalje

Underweis fan Bolzano nei Trento....linksôf dus

Yn Trento is it feest. Dy't slagge is komt nei it plein en set in blommekrâns op en siket dêrnei mei famylje in terras op



Der gongen ús al 311 fytsers foar op dizze moarn

de Etsch

In pas oer om bij it Gardamar te kommen

in moai momint at wij ynienen dat Gardamar sjogge. In drege ôfdaling stiet ús noch te wachtsjen

doarpke bij it Gardamar

yn Verona

Nochris Verona

De Arena yn Verona. Spitich, wij mochten der net yn

Mei de boat oer nei Venetie

Maskers, wij hawe der mar 6 meinommen foar de pake-en beppesizzers

Ien fan de moaiste erfaringen. It San Marcoplein opstappe

de katedraal en it standsje mei soeveniers

je kinne der ek yn at je wat geduld hawwe om earst yn in lange rige te stean

Op de brêge

de weromreis mei leechhingjende wolken