donderdag 29 april 2021

29 april 1961

It trekpaad as ferlingde fan de Molewâl. Lofts de pleats fan Wijbenga, yn it midden it hûs wêr't wij wennen en dêrefter it fabryk. (foto archyf Kuipers)


29 april 1961, it is in deagewoane sneon,

it is droech en de maitiid liket der oan te kommen.

Wij wenje ien dei oan de Molewâl yn Wommels

nûmer 30, in fabrykswente.

Us heit wurket op de molkfabryk as sentrifugist.

Wij wennen earst op de Hofkamp.

Ik haw no in eigen keamer.

Dat is wol sa moai.

Myn broer Hessel fan 8 ek,

Wij lizze op de efterste keammerkes

Myn âlders lizze foar, mei de jongste fan 1.

Dat is Lolke.

Op it oare lytse keammerke foar,

hat Meindert fannacht sliept.

Hij is 5 jier.  

Wij moatte it noch wat útfine dêr op de Molewâl.

De Hofkamp wie oersichtlik 

en dêr wiene in protte oare bern.

Wij wenje no hast tsjin de fabryk oan.

Net folle bern op de buert en noch wat ûnwennich

Wij wenje oan de feart, de Boalserterfeart

In feart mei in trekpaad.

Ik boartsje wat op eigen hiem en bij de fabryk.

Hessel ek. Wij binne ek al 6 en 8.

Meindert fan 5 skarrelt wat op syn autoped om. 

Foar hûs, op eigen hiem.

Hij sjocht trije jonges mei in pols foarbijkommen.

Dy gean it trekpaad op. 

Sleatsjespringe.

Dat liket him ek wol wat, dat trekpaad op.

Op syn autoped giet er der efteroan.

Hij hat klompkes oan.

Us heit en mem binne oan it útpakken,

juster ferhuze, dus hjoed in soad drokte.

Wat minder oandacht foar de bern, 

want dy boartsje wol.

Mar dan......

"Der leit in jonkje yn de feart"

"Der leit in jomkje yn de feart"

Twa jonges komme oandraven.

"In jonkje mei in giele broek en in autoped"

Wij heare it en ús heit ek.

Hij springt op syn fyts,

en flucht yn sân hasten oer it hobbelige trekpaad

Oare folge....

Ik ek

Ik draaf oer it trekpaad.

gean de bocht om 

en sjoch heit yn it wetter

Hij hat Meindert al beet.

Der binne no mear minsken en bern.

De autoped leit yn de wâl.

In klomp driuwt yn de feart

Se besykje him ta libben te bringen.

Dat slagget net.

Meindert ferdrinkt, 5 jier âld.

Grut fertriet bij heit en mem

en wij moatte de doar út.

Wachtsje op de molkwein fan Bouwe Talsma

en nei Spannum ta.

Dêr wenje pake Lolke en beppe Dutsje

Dêr gean wij útfanhûs.

Yn Spannum, 5 kilometer bij it fertriet wei.

Wij meie Meindert noch ien kear sjen

at hij yn de kiste leit,

yn syn eigen pyama

op syn eigen keammerke,

dêr't hij mar ien nacht sliept hat.

Twa dagen letter is de begraffenis.

Ik sjoch myn mem yn elkoar sakjen

at de kiste it grêf ynsakket.

29 april 1961, hjoed 60 jier lyn,

hat ús heit en mem in soad fertriet besoarge,

dat kin hast net oars.

Se hawwe der nea oerpraten mei mij.

It libben gie troch

ik wurd dy simmer sân jier

en der komt twa jier letter in nij broerke,

mei de namme Meindert.

29 april 1961 wie net in deagewoane dei


Op dit plak, flakbij wêr't no it Súdhoeksterhout oer de Boalsertfeart leit, is Meindert ferdronken. Op de eftergrûn de huzen fan de Dr Sipcke Stapertstrjitte. Rolpeal en de oare stjritten fan no wiene der doe noch net. Us hûs stie efter de pleats fan Douwe Wijbenga




"lief zorgenkind" dat is wat mij letter pas opfallen is, haw gjin idee hokker soargen dat wiene



Meindert leit no 60 jier flakbij de tsjerke yn Wommels,







dinsdag 27 april 2021

Ekologyske berm

 

Keningsdei 2021 wie der gjin fermaak.

De tompoezen bij de Jumbo wiene foar kofjetiid al op

en de oaljekoeken fan it korps wiene der ek al net.

De slach oer de Rommelmerk

en in blik bij it keatsen, 

it siet der net yn hjoed

Dus fytsten wij fanôf de Blauwe Tinte

bij Reduzum,

fia Eagum, Weargea, Warten, Grou, Akkrum en Jirnsum

werom nei de Blauwe Tinte

In moaie route troch it Leechlân

oer it kreaze fytspaad Warten Grou

Dêr wurdt hurd wurke oan in ekologyske berm

Oerlibberspakket

 


Us plakplaatsje bij de foardoar mei dêr op de tekst
"ferkeapers net wolkom" is wat ferkleure.
De letters binne net echt mear te lêzen,
de strekking is noch wol te sjen.

Mar ja, at  je de tekst pas lêze kinne
at je al bij de doar stean
dan is it te let.
Dan is de ferkeaper der al
en dy lit him meast net weromstjoere
troch in ûndúdlike plakplaat.

Dus stie ik op in middei tsjinoer in ferkeaper
op learzens en jirpelbroek,
dy't him kreas foarstelde en oanjoech
dat hij oars yn de muzyk sit
mar troch koroana yn de aaien,
de reade bieten en de smoeties
en noch folle mear.
" At ik ek in pakket keapke wol?
frege Cornelis Punter fan Skearnegoutum.

Ik hie tafallich it ferhaal oer him al heard
fan dochter Anne- Marije.

Ja dus, ik kocht in pakket,
fanwege it ferhaal en 
omdat hij net sitten giet te wachtsjen 
mar tydlik oan it suteljen is.

In pakket mei aaien, reade bieten, in pear jirpels,
wat spinaazje, in flesse smoeties
en de lytste komkommer dy't ik ea sjoen ha.


zondag 25 april 2021

Spegel en helm


De sifers lige der net om:
mear ûngemakken yn it ferkear meinamme bij fytsers.

Ik fyn mij sels in frij benaude fytser
dus soe ik mij gjin soargen hoege te meitsjen.
Ik haw ek in romme erfaring
mei ik hast wol sizze.

Der is lykwols ien ding
dat tsjin mij wurket,
dat is it âlder wurden.

Alder wurde makket trager 
en dat giet hiel langsum.
Alder wurde freget mear konsintraasje yn it ferkear
en dat is just wolris wat minder at je âlder wurde.

Mar âlder wurde betsjut ek dat je ferstanniger wurde.
Sûnt ferline jier is it begong
dat ik soms in helm op ha.
Yn it bûtenlân die ik it al op ús fytsfakânsjes.
Dat helmdragen hat him troch setten yn 2021 
want ik ha no faak in helm op
at ik wat langere einen fyts.

Sûnt dit jier haw ik der ek noch in spegel bij,
in âldmannespegel, soe ik earder sein ha,
mar it foldocht skoan.
Ik kin him elkenien oanriede,
je hoege der net iens âld foar te wêzen,
mar harkje nei dizze "âlde" fytser is genôch


woensdag 21 april 2021

Ofstappe

 


Dit is de Boksumerdaam bij Ljouwert

De brêge oer de Swette.

In gefaarlike brêge foar fytsers

Sij moatte ôfstappe

Al 30 jier lang.

Minstens

Want yn 1990 fytse ik hjir lâns

Simmers om de dei

Wenwurkferkear

30 jier kin sa'n boerd dêr stean

sûnder dat in gemeente it probleem oanpakt.

at er tenminste in probleem is.

Ofstappe,

wa hâldt wa foar de gek.

Net in minsk stapt dêr ôf.......

dinsdag 20 april 2021

Duivenhok

 Dêr earne tusken Wommels en Spannum 

op de ôfslach nei Kûbaard leit Kramershoek.

Alteast, dat neame wij sa.

Kramershoek, it stiet net op in kaart fan no en earder

want Kramershoek is de hoeke wêr't Kramer buorket.

Frjemde saak ûntduts ik dizze wike,

want dy hoeke dêr mei dy pleatsen en de mûne yn it lân

hiene (en dus hawwe) in namme


Duivenhok stie op in eardere kaart

en dus haw ik mar efkes fierder oan it sneupen west

en kom ik dit tsjin



Teetlum (Teatlum) dus en ek dêr hie ik noch nea fan heard.

Teatlum of Duivenhok wat is it no?

Sels Wikipedia  wit it antwurd



Dus foar mij is it it dúdlik

ik fyts tenein lâns it Dowehok of Teatlum

maandag 19 april 2021

O, wat een dag

Koroana en in begraffenis
it is in ferfelende kombinaasje.
Gjin ôfskie nimme kinne sa't je it graach wolle,
de neiste famylje en in pear oaren meie der mar bij wêze.

De rest moat it dwaan mei ynternet.
De mooglikheden dêrta binne aardich útwreide dit jier.
Technysk sjocht it der meast goed út
en dêrtroch is der op ôfstân dochs belutsenheid.

It klinkt frjemd
mar ik sjoch hiel wat tsjinsten de lêste tiid.

At ik minsken (ek mar in bytsje) kin
dan wol ik graach harren libbensferhaal heare.
In yn memoriam lêze mei ik ek graach dwaan
en no it ferhaal en bijpassende muzyk harkje,
ik mei der wol oer.

Dizze wike "rekke" in liet mij
fan in frij evangelyske tsjinst.
Dêr haw ik net folle mei, sis ik der mar efkes bij

It is hast in feestliet
mei in freeslike tekst, 
wêryn je wolkom hjitten wurde troch God,
wêryn besongen wurdt dat je útsjogge nei de dea
en dat it no einliks de grutte dei is.

"Oh wat in dag"
ik haw it noch mar efkes opsocht letter
en kin jim sizze dat dit bij mij net songen wurdt 
oer 33 jier of ja......



zondag 18 april 2021

Batterijen

 



Sokke stikjes yn de krante of tiidskrift

litte mij efkes skrikke.

118 batterijen, dat sil dochs net bij ús sa wêze?

Ik haw efkes om mij hinne sjoen

yn keamer en kantoar

en ik hoech net iens sa krekt te tellen

It binne der mear as 118.......

Komt ek omdat ik krekt wer in setsje kocht ha,

32 stiks yn ien kear, wol sa foardielich.

Dus ek wij binne gemiddeld.


Ik haw jierren lyn ek in skoft besocht 

it mei oplaadbere batterijen te dwaan.

Dat wie om meardere redenen net in sukses..

Te folle gedonder as earste

en as twadde hie ik it gefoel 

dat dy batterijen hiel gau leech wiene.

Dy oplaadbere batterijen wiene ek frij djoer

en troch hieltyd mear apparaten

hiene wij der ek hieltyd mear nedich.

Gjin sukses dus


vrijdag 16 april 2021

Blessum

Blessum is in "dearidend" doarp foar de auto.

Foar fytsers en rinners rint it net dea.

Fia in prachtich fytspaad fanôf Hoptille

komme je de stille/deade kant fan Blessum binnen.

Yn Blessum stiet de Marije tsjerke

en ek sêr stiet in kreas ynformaasjeboerd

dat de muoite wurdich is om te lêzen



Dat je ek sliepe kinne yn dizze tsjerke

at je ûnderweis binne op it Odolphusrinpaad

jout dat blau/giele buordsje oan


donderdag 15 april 2021

Fan iets yn Wommels nei....

Temafytse, dat doch ik dizze wike.

Sûnder plan foarôf.

Ik fyts, ik sjoch iets en meitsje yn tinzen in link nei Wommels

In tsjinstelling en in oerienkomst 

beide kin.

Sa as woansdei

Ik fyts troch Marsum en sjoch de kroech



Fan it Reade Hynder nei it Grauwe Paard.

Beide kafés, beide op in hoeke, beide yn in doarp, beide âld 

en beide iets mei hynders

Wommels en Marsum 


Sa as tongersdei

Ik fyts bij Jellum lâns en sjoch it fytserek



Fan freule Clara nei jonker Sikke

Beide fan adel, beide op in doarp 

Wommels  en Jellum

woensdag 14 april 2021

De jierren 50 - diel 4 (slot)

 


Noch ien kear in pear printsjes út dit boek

om herinneringen op te heljen

ik wit net at er wol oare merken wiene foar batterijen....
de Witte Kat......

in fototastel kaam yn dy tiid yn elke húshâlding.
it wiene bakbeesten
en neffens it boek wiene de mannen de fotograaf.
Frouen koene dat net, it wie te technysk......

Dinky Toys, dy izeren auto's
dy't skurf waarden, dy't wol tsjin in stjitsje koene
wat haw ik dêr wat mei boarte.
Foaral dy griene kypauto, myn favoryt doe.....

dit spul hat alle tiden oerlibbe. 
dat doch ik no mei de pakesizzers

Stap op, in fytsspul, ek dat hawwe wij no noch

Meccano, dêr haw ik ek hiel wat mei ôfskroeve.
Fan dy handichheid is neat oerbleaun bij mij

Sparje, dat diene wij allegear.
Sigarebandsjes, sûkerpûdsjes of speltsjes

Dik Trom en Pietje Belle boeken dy haw ik noch 


dinsdag 13 april 2021

Op reis

 


Ik bin op reis sûnt ferline wike moandei.

Op reis mei it boek "Dwaalspoor"

In boek fan Marica van der Meer út Warkum.

Sij hat al meardere fytsreisboeken skreaun

en ik haw se allegear lêzen.

Dit boek giet oer har reis yn Súd Amearika

It is mear as lêze.

Hast alle plakken dy't neamd wurde

 sykje ik op.

De tablet mei Google Maps 

binne net echt snelheidsbefoarderjend.

Oeral wêr't se in nacht trochbringt

besjoch ik de foto's op Maps 

en ik wurd op dy wize meinommen yn har belibbenis.

Prachtich om te lêzen

en fasinearjend om te sjen wat se oandoart.

Dat sij fan húsút reisliedster is, docht it boek hiel goed.

Tige ynformatyf oer omjouwing en sa

en dochs ek hiel persoanlik

oer honger, oer freeslike bergen, oer kjeld 

en oer ferskuorrend aardige minsken


sa fier bin ik op har reis



vrijdag 9 april 2021

Longerhou

 It ferline hâldt mij altyd wol wat dwaande.

Dizze maitiid dûk ik yn it ferline fan myn mem.

Se hat foar har trouen op 13 adressen (!) wenne

Wij hawwe op papier wêr't dat wie,

mar it byld dêrbij mist soms wol wat.

Dus fyts ik de kommende tiid nei sa'n adres ta.

Fannemoarn nei Longerhou.

Buren 14, dêr wennet ús mem fan 14 juny 1948 oant 6 juny 1952.

6 juny 1952 is de troudei en is it wurkjen dien.

Sij wennet bij dûmny Visser en gesin yn de pastorije.

Se hat de soarch foar de húshâlding en de trije jonge bern.

Dat hat in hiele goeie perioade west, 

want se hat altyd kontakt holden mei dy famylje

en se fielt dêr in soad wurdearring

Longerhou

is ek bekend fan syn ballade.

Skreaun troch Altena en prachtich songen troch Doede Veeman.

Fansels koe ik dy dêr lêze yn de haven

in ritsje  moai fêstlein yn Strava


Longerhou, it hjit dêr neffens mij allegear Buren



At je mei de boat oankomme, sjogge je dit

de ballade

de haven



Buren 14 ( foto út archyf Tresoar)







donderdag 8 april 2021

In loteling

 Ik kom it wurd "loteling" tsjin.

In Hollânds wurd dat yn de foarige iuw in betsjutting hie.

Foar it leger moasten der soldaten komme

en dan fregen se bij de gemeente gegevens op fan jongemannen

dy't oanmerking kamen foar de lotting

De lotelingen waarden omskreaun 

hoe't se der útseagen.

In moai foarbyld fan in jongeman út Burchwert







De jierren 50 - diel 3

 

 Ik sjoch noch in kear nei de jierren 50

oan de hân fan dit prachtich boekje

de kachel, foar de nacht leech sette
en at it goed gie dan wie der moarn net hielendal út;
it wie in lekkere waarmte

tsja, de kofjemolen
hat in skoft út de tiid west, troch de snelfilter,
mar yn de moderne apparaten wurde de neannen wer meald.
Bij ús hinget dizze noch as sier....

De kwattarepen, dat wie it merk

en heit rookte, sjek, bokjes, sigaren en ek wolris piip

ík sjoch him noch stean
sa'n radio
mei dy druk - en draaiknoppen

.....en ik hie in bânrekorder
mei muzyk fan Boudewijn de Groot, Jaap Fischer en Armand
Allegear sels opnommen fan de radio

Letter mear

woensdag 7 april 2021

Fytsbubbel

Yn Frankryk meie de minsken 10 kilometer fan hûs.

Foar in eintsje drave miskien grut genôch

foar in rûntsje fytse wat oan de koarte kant.

Gelokkich meie wij wat fierder

en dêr meitsje ik gebrûk fan

De fytssône is yn de winter net sa grut,

mar no't it soms iets waarmer wurdt

wurde de rûntsjes eklanger en dus fierder fuort.

In pear kear op lokaasje fytst earne oars,

dat binne hielendal moaie útsjes.

Strava hâldt alles bij 

en sa seach it der o.e.m. febrewaris út

en o.e.m. maart.

Strava.....2021 - jannewaris en febrewaris



Strava 2021 oant en mei maart



maandag 5 april 2021

Jannes

 


In dammer ferstjêrt

en dan dizze tekst boppe de adfertinsje

Prachtich......