donderdag 29 september 2022

Bewegingspatroan

 


"Ontdek je patroon" seit Strava , de app foar beweging.

Ik rin, ik draaf, ik fyts mei en sûnder ûndersteuning fan Bosch.

Alles meielkoar bin ik de lêste 10 wiken wol aardich yn beweging.

Mar in patroan? Ik sjoch it net


Personiel frege

 De personielsadfertinsjes yn 1918 binne koart en dúdlik.

Hoewol dúdlik?

Een arbeider of vrijgezel.......

Een flink meisje of meid.....

in arbeider of frijgesel?




een flink meisje of meid


dinsdag 27 september 2022

IJsjes

 It moaie projekt fan de fûgelwacht 75+1  is dien.

Helaas koe ik net meirinne yn de slotmanifestaasje

Wij hiene de noed oer twa pake/beppesizzers.

Middeis seach ik efkes bij de fûgelshúskes yn de beammen bijit Trochpaad,

makke troch Brecht har neef en nicht

Mar Brecht sjocht wat oars.

In boerd.

"IJsje uitzoeken" seit madam yn heech Scharnegoutumers...

Ut de fierte liket dat wol sa,

mar it binne fûgelprintsjes






Fytsen yn 1918

 Begjin 1900 begjint de op mars fan it fytsen.

Yn de Jong's Nijblêd ( de Boalserter Krante) fan 1918 tal fan adfertinsjes.

karbid foar de lampe?






maandag 26 september 2022

Jumbo


Ik haw op myn twitter akkount in kolom

dy't alle twiits opsiket wêr't Wommels yn foar komt.

Dat binne der net safolle

De measten komme fan mijsels fan de brânwacht,

fan 112 at er in ûngemak is bij Wommels Noord

of at er in evenemint is.

Mar soms is it wat oars.

Sa as dizze Dútser dy't freed ûnderweis wie op de fyts 

en it reinde

De Jumbo as "uitweg uit het verdriet"







 

Boaz op AD

Dit wykein wiene de agraryske dagen yn Frjentsjer.

De namme dekt it gehiel fansels net mear.

It binne allegear aktiviteiten

en ite en drinke stiet foarop.

Der wie ek wat muzyk.

Ik hie mar twa nammen op myn listje setten.

De earste wie Boaz, 

de jonge (blues) sjonger út Harns.



Op it plein foar it stedhûs waard in in prachtich optreden.

It iene hichtepunt nei it oare.

Wat in stim, wat in útstrieling en wat in fine band.

In geweldige live útfiering fan dit nûmer wie it slotstik




De oare dy't op myn listje stie, haw ik oergean litten.

It soe net better wurde as dit

zaterdag 24 september 2022

Apenútsjes en in jong hynder

 Adfertinsjes fan 1918 wiene dúdlik.

Apenútsjes te keap

en in jong hynder oan de balke.

Ik wit net at sokke teksten hjoed de dei noch wol kinne




Dat je froeger (1917-1918) gewoan it lân ynkinne 

om te ljeppen en te aaisykjen

giet net oeral op




Keunsttosken en gebitten

wien ek noch wol wat wurdich





vrijdag 23 september 2022

Jorwert

 




Al moannen fyts ik hjir lâns

it boerd fan de Jacht mei de twa hollen fan Wybo Smids

Tiisdei nei Jorwert west.

Der wie neat te gnizen.

It wie geweldich. 

Ademleas stil betiden

Siet op it puntsje fan de stoel.

Wat in kin in tryst ferhaal moai wêze kin.

Wij moasten neitinke stie der yn it briefke

oer wat wij dwaan soene yn sa'n sitewaasje,

wat de les is nei sa'n jûn.

1. Nea  spul meitsje mei lytse bern derbij.

2. Tefolle drinke is net goed

3. Oardiel net te gau.

4.Tink sels nei

5. Fluchte sil net helpe



Alle stuollen en huzen

 It is klear.

Wij fytsen  dizze simmer lâns alle klokkestuollen en huzen.

In prachtich projekt.

68 totaal

De moaiste? Gjin idee

De meast bijsûndere? Gjin idee.

It folgjende projekt? Gjin idee

Klik op de foto foar in better oersicht




donderdag 22 september 2022

Klokkestoel yn Koartsweagen

De Tynje de lêste ?

Feitlik wol, mar........

........ der binne wat folgers dy't oanjouwe

dat sûnt 2018 der ek ien stiet yn Koartsweagen, bij de Mariatsjerke

Sa't wij yn Wommels "it profyl fan Klaas" hiene,

wie dêr in foarstelling oer dat se wer in klokkestoel hawwe woene.

Dat slagge dus,

in klokkestoel as keunstwurk







woensdag 21 september 2022

Oarloch yn 1917

 It is krap mei it ietn yn 1917-1918.

Iten is op de bon en boeren moatte it lân brûke 

om iten te ferbouwen.

Ut de Boalserter Krante fan 1917-1918










Klokkestoel de Tynje

 De Tynje is dat ús lêste?

Nûmer 67.

In kleurige ûndergrûn

wat ik mei grutte muoite krekt net lêze kin








De famylje Bok leit hjit op it tsjerkhôf

De famylje de Leeuw net of wol.....



maandag 19 september 2022

Klokkestoel Gerdyk

 In klokkestoel bij in RK tsjerke

hawwe wij noch net folle hân.

Yn de Gerdyk stiet er sán ien.

Opfallend eksimplaar, omdat der trije klokken yn hingje

wêrfan twa boppe-elkoar






zondag 18 september 2022

Klokkestoel Nijberkeap

 Mar goed dat er in boerd oan de kant fan de dyk stiet.

Klokkestoel, begraafplaats stiet er op

Oer in parkearterrein

troch in stek, oer it hiem fan in boer

en dan in lang grindpaad lâns.

Sa komme wij op it tsjerkhôf fan Nijberkeap