zondag 29 december 2013

Voetbalgenen

De boppesteande foto siert de foarside fan in reedlik nij boek. Jeroen Siebelink hat bij in oantal eks Oranje spilers west, om te sjen hoe't sij omgean mei in fuotbaljende soan of dochter.
Ik haw it boek op de tablet lêzen fan de Vakantiebieb.
In tige nijsgjirrich boek, omdat it ferskil tusken de iene en de oare hiel grut is.  Nim no Jaap Stam fan wa't de dochter fuotballet bij C3 fan vv Hoonhorst.  "At se it mar leuk fynt" is de strekking fan it ferhaal.
Sjoch nei Ruud Geels dy't syn tonge der ôfbite moat om syn likens yn te halden at syn pakesizzer der neist stiet.
Nim no Dean Gorre.  Syn soan hat de hiele opleiding fan Manchester United troch rûn. In oplieding wêr't je benaud fan wurde. .
Nim no Dennis Bergkamp, wêrfan de soan fuotballet bij Almere City, in satellyt klup fan Ajax.
It moaie fan dit boek is dat it in ynsjoch jout yn de betiden "subjektive" geast fan dy eks fuotballer dy't it allegear better tinkt te witten en fuotbal foar eigen bern wol hiel wichtich fynt. It jout ek in prachtich ynsjoch hoe't der  mei bern omgien wurdt yn de hurde jeugdopliedingen. It giet ek oer de argewaasje fan bemuosike âlders wat in hieltyd grutter probleem is bij de (gruttere) klups.

In oantal nijsgjirrige saken yn it boek

Bij Manchester United hat elk jeugdalvetal syn eigen trainingsfjild. Dat giet fan U8 oant U18.
Fanôf U15 binne de oefenfoarmen geheim. Alders meie dêr nea bij wêze.

Het is stil langs de lijn bij Under 17. Over de volle lengte staan ouders en ze zwijgen. Toen Kenji (soan fan Dean Gorre) destijds werd aangenomen bij United moesten Dean en Magali een overeenkomst tekenen waarin ze beloofden dat ze langs de lijn geen enkel geluid zouden voortbrengen. Geen aanwijzing mag je hier geven, zelfs een aanmoediging is uit den boze. Na een doelpunt mag worden gejuicht, dat nog net. Elke andere prikkel brengt de geraffineerde coaching fan  United in gevaar en daar mee de uitgebalanceerde ontwikkeling van de spelers.

Bij één club uit de Premier League bleek een gescout jongetje, toen hij bukte om de bal met zijn handen op te pakken, een luier onder zijn broek te dragen.

Ik soe elkenien dit boek oanriede. It beskriuwt it fuotbalwrâldsje mei de eks Oranjespilers en harren soan of dochter yn de haadrol.
Nei Gorré, Bergkamp en Stam ek ferhalen fan Koeman, Helder, van Hooydonk, Makaay, de Wolf, de Jong en Perez.




Zittingszaal 14


It jier is hast om en dan sjogge je op sommige dingen werom. Sa as op twitter. Wat hat twitter mij oplevere, wat hat twitter mij brocht?
Ik kin dêr koart oer wêze. Ik bin folger fan sa'n 250 twitterakkounts. Leaver sprek oer it folgen fan 250 minsken dy't efter dy akkount sitte. Want myn kar om in nije folger ta te heakjen oan de list is altiten bewust.
Immen folge op twitter is foar mij: nijsgjirrich wêze nei de dingen dy't hij sij docht en sjocht. Dat is ek de reden dat ik in ferskaat oan minsken folch dy't ferskillende ynteresses hawwe. It hat foar mij gjin sin om allegear nijsstjoerders en sportnijs en soks sa wat te folgen. Ik gean foar de minsk dy't wat fertelt oer syn muzyk, oer syn natoer, oer har libbenfysje, oer har reizgjen, oer syn wurk, oer har sport, oer syn treinerfarings, oer har bakken, oer syn leafde foar Snits, oer syn eilân en oer har wize fan tinken en gean sa mar troch.
Sa hawwe alle minsken wol in reden wêrom ik se folch.
De meast bysûndere fyn ik @zittingszaal14.
Bin tige ynteressearre yn de misdie en wat ik dêr fia twitter fan mei krij, haw ik fan Rob Zijlstra dy't efter @zittingszaal14 sit.
Streekrjocht krije je op in humorfolle en relativearjende wize wat mei fan de saken dy't yn de rjochtbank fan Grins spylje.
Boppedat ferrykt hij ús sa no en dan mei moaie kollums.
It tip dus.




zaterdag 28 december 2013

Liftsje nei.....

Tsien jier lang wie de liftploech fan Wommels aktyf. Op 1 jannewaris 2004 gie de reis nei Land's End. Der diene 9 twatallen mei wêrûnder Namkje Koudenburg en Gert-Jan Brandsma en Wybren Jorritsma en Klaas Malda.
No 10 jier letter is der yn Sennen op Lands End in feessie.
Wybren en Namkje dy't 10 jier lyn op dat plak "in stel" wurden binne, binne okkerdeis troud.



It feest lykwols wurdt fierd mei freonen en famylje op it plak wêr't it begong: Sennen bij Lands End.
Dat feest wurdt holden op âld en nij.
Der giet in fleantúch fol gasten hinne ien fan de kommende dagen......
Mar hjoed krige ik in sms-ke fan Beitske Kooistra. Sij hat ek 6 kear meidien oan de liftwedstriid, mar wie der net noch bij doe't de reis nei Lands End gie.
Dat hellet se no yn want sneontemoarn  kaam it earste sms'ke binnen.

sneontemoarn 10.35
Hoi Aant
Myn freon en ik binne ûnderweis nei Sennen foar de bruloloftfan Nam en Wyp. Kin it net litte dy in lift update te stjoeren: Nei in trage start yn Grins no  in flinke klapper nei it suden te pakken. De beste man moat nei Eindhoven mar riidt foar ús fia Breda.
Groetnis fan Ron en Beitske.


sneontemiddei 13.18
Wij bliuwe sa no en dan in update stjoeren. No yn Kia mei Tukkers ûnderweis nei Gand!

sneontemiddei 15.30
Aansens troch de tunnel ......mei de auto yn de trein ......nei Londen

sneontemiddei 16.58
Brrlluupp in sms fan ûnder wetter. Mei de trein yn in healoerke nei UK (sppitich dat it gjin wedstriid is). De bestjoerder fan ús lukse9 persoans buske riidt mei bands troch Europa, in hiel arsenaal oan muzyk knalt út de boksen en út syn mûle.


sneontejûn 21.09
Mei twa windsurfers'; we're surfing the motorway on tp Bristol.
PS : wij sille dy fannacht net wekkerhâlde mei sms-kes

sneintemoarn betiid 3.31
Finish. Lêste rit fan Taunten nei Sennen. Minsken út Cornwall dy't ús nei whitesands lodge brocht ha.

8 liften fan Grins nei Sennen.
Wyp en Nam hawwe ús yn pyama ûntfongen




donderdag 26 december 2013

Grappich

Tsja , at je der binne merke je der neat fan, tink ik. At je it út de loft sjogge is it wol grappich. Hoewol, it skynt dat sommige húseigners in skeafergoeding ha wolle neidat dit yn de belangstelling kommen  is, want sij freze dat harren hús minder wurdich wurden is.

dinsdag 24 december 2013

800%


Ek yn 2014 hinget er wer in taalkalinder yn é hús bij ús. Taal...it bliuwt boeien. Fan sokke koppen yn de krante wurd ik net goed. It AD fanb ferline wike freed.
Hoe sil dit gien wêze? Ik tink dat ferslachjouwer Chris Klomp net sa faak bij it fuotbal komt en der ek net folle oer skriuwt en lêst. Hij hat op teletekst sjoen dat Groningens ferlern hat en hij hat fan dyn baas de opdracht krigen dêr iets oer te skriuwen. 
Hij bellet de trainer op en dy hat it oer acht 100% kânsen. Aha tink Klomp 800 % kânsen.




Oh ja...ik moat der wol bij sizze dat Klomp myn favorite sjoernalist net is. Hij hat jierren de berjochtjouwing yn it AD fersoarge oer de saak Vaatstra en hij die dat net objektyf.


Frysk


Sa sjogge je mar wer. Goed foarbyld docht goed folgen. 

Pop yn Romein

Freed 20 desimber wie der yn  Poppoadium Romein in aardich muzykevenemint. As ûnderdiel fan it wrâldrekord muzyk meitsje (mear as 360 oeren oan ien stik wei) wie der in fryske middei/jûn mei hiel aardige Fryske bandsjes. 




Bin der fan 5 oant 11 west en mei troch de strakke planning om it rekord te heljen koe ik mar leafst 11 bandsjes sjen en heare. En dêr wiene trije toppers bij. Dat wie yn it earst plak de band Stanton, dy't foar it lêst spilen. Dat is spitich want it wie hearlike rock. Ald Wommelser Simon Schoon spile net ûnfertsjinstelik gitaar.

De twadde band wie foar mij in bekende: Cosmic U. Yn Wommels op it Greidhoekfestival wie it foar mij de ferrassing en ek no fûn ik it wer in bysûnder moai optreden. It pakt je bij de strôt.....
En net allinne mij want it wie moai om te sjen dat minsken dy't (te let) binnenkamen earst wat weromhâldend mar dêrnei fol ferwûndering nei de twa manlju en twa froulju stiene te sjen. It "frjemde" sjongen fan Hiltsje Andringa mei de mystike lûden der bij makket it ta útsûnderlik moaie mominten. En seker at je krekt as mij foar oan bij it poadium stean...

Diff, in hearlike gitaarband, mocht ik ek wol lije. It swingde as in tyt en de stampfolle seal wist it tige te wurdearjen. Dy wol ik wol wer ris sjen (yn Wommelse bijgelyks)



Oh ja....
Ik haw ek noch efkes bij it glêzen hûs west...hiel efkes mar, ik waard der net oars fan.

zaterdag 21 december 2013

3 nûmers letter

It is wat mei de bussen. Wêr't it foarhinne in tsjinstferlienend bedriuw wie, is it no net oars as in kommersjeel bedriuw. Bûn oan kontrakten mei oerheden mar wol yn de omstannichheden om der sels in ynfulling oan te jaan.
Mei grutte bliidskip haw ik de ynhâld fan it nije busboekje ta mij nommen. Bij wize fan sprekken dan, want ik leau dat der gjin busboekjes mear binne.  Foar de tiden kinne je no telâne op 9292.
Neffens de oankundigingen wie der hjir en dêr wat feroare. Dan hâld ik meast myn hert fêst. Feroaringen binnen yn dizze tiid hast altiten gjin ferbetteringen..
Line 92 fan Boalsert nei Ljouwert en foaral werom (nei Wommels) is feroare. Ik seach it freedtejûn krekt foardat ik ôfreizge nei in Popjûn yn Romein.
Ik koe myn eagen hast net leauwe. De lêste bus fan Ljouwert rjochting Wommels giet mar leafst 15 minuten letter út Ljouwert.
Net mear om 23.05 mar om 23.20.
Utdrukt yn muzyk, kinne je sizze dat wij 3 nûmers langer bliuwe kinne yn Poppoadium Romein of Asteriks.
Dy lêste trije nûmers binne dus de tajefte dy't ik hjirbij opdraach oan Arriva...


Ps: Noch in oerke letter is ek net slim....dan binne wij noch moai op tiid thús.

maandag 16 december 2013

Sweeds gers

 
Wa is in Fries? Dat is in fraach dy't sa no en dan oan de oarder komt. Is in Fries immen dy't hjir hikke en tein is, hjir noch altiten wennet en Frysk praat. Of moat hij ek Frysk skriuwe kinne. En moat je om in Fries te wêzen ek Fryske boeken lêze?
Kinne je as ymport Hollanner ea in Fries wurde at je fol faasje begong binne mei de kursus Frysk foar net Friezen en dat Frysk dêrnei ek noch yn praktyk bringt. Kin dy Hollannder dy him ynset foar de Fryske klutuer en taal ea in Fries wurde?
 
Ik tocht der oan bij it sjen fan it boppesteande boerd. Al jierren hinget dat boerd op in hikke tusken Wommels en Easterein.  "Hier groeit Zweeds gras" stiet dêr al jierren.
Dat skynt better te wêzen foar de kij en it skynt ek better te rûken.
Al jierren groeit op dit stikje lân Sweeds gers. Wannear kin dat boerd der wei? Wannear is dit Frysk gers?
 

zaterdag 14 december 2013

Jelmer yn WPB

Fleurich winterwaar hjoed. SDS moat út. Nei Berltsum. Yn de winter te fier op de fyts. Dan mar efkes nei Snits. Want Jelmer freon fan Anne-Marije sil wer meidwaan yn it earste. De need is heech want Jelmer stiet net echt te springe. Is al jierren op holden sa'n bytsje. Traint ek net folle. Klupleafde sille wij mar sizze. "It lykt wel 35 plus" seit er immen oan de kant. Richard de Jong en Tinus Vermaning dogge ek wer mei.
WPB it hat sich deljûn bij degradaasje neffens mij. Se wolle noch wol, mar it slagget net mear. Ien helte is it noch bij te hâlden dan is it oer. it Fean skoart yn de twadde helte 4 kear.
Jelmer stiet dan al oan de kant. Aanflarden.....kondysjoniele efterstân. Wol lekker spile, jout er oan.
Ferklomme werom...At ik yn Wommels bin haw ik mij wer waarm fytst.


Ard en Keessie



 In moaie foto yn it AD fan ferline wike.
Ard en Keessie, de twa mannen dy't ek yn myn jongesjierren helden wiene.
Op sneon en snein mei skema's op de skurte folgen wij it riden.
It Ek en it WK
Ard en Keessie ?
Anna Palowna en Puttershoek.
 Foar myn gefoel wie it gjin Ard tsjin Keessie.
 Foar myn gefoel wiene je foar beide. 
Beide hawwe se in soad wûn oan medaljes,  ja sels gouden medalje.
Ard bliuw altyd wat yn de publisiteit.
Ard hie syn medaljes nedich om te reizgjen.
Om wat fan de wrâld te sjen.
Ard wie de wrâldboarger.
No safolle jierren letter stiet Ard mei lege hannen mar wol mei prachtige herinneringen yn de holle.
En Keessie dy koestert syn metaal.
Ik tink dat dy noch yn Puttershoek wennet.
Yn it selde hûs
mei in muorre fol medaljekasten

vrijdag 13 december 2013

Wa kin de beam yn?


Wij krigen dit jier in nijjierskaart mei de boppesteande tige nijsgjirrige en prikkeljende fraach.
De goeie lêzer sjocht dat er stiet wat de beam yn kin. Ik meitsje der fan wa kin de beam yn.
Sa'n fraach wie net yn ien wike te beanderjen, dêr haw ik wol in moanne as 11 foar nedich. Gjin 12.
Ik bin der út.
It leafste stjoerde ik ien man de beam yn. Hielendal allinne sa fier mooglik nei boppen sadat hij gjin kâns hat om de deskundige út te hingjen at it om Ajax, om de dea fan Mandela, om iisbearen op it waad, om korrupsje yn de polityk, om de dea fan Kennedy giet of oer de moard op Marinanne Vaatstra.
Boppe yn de beam sûnder tillefoan en ôfsluten fan de ether, de kabel en de satellyt sadat hij fier wei bliuwt bij bij programmamakkers fan P&W en DWDD.
De PR de Vries beam......
En at hij mei syn moaie praatsjes it folk oertsjûge kin dat hij immen mei ha moat om tsjin oan te lullen dan mei Bauke Vaatstra him selsskip hâlde.
De heit fan Marianne dy't nei it oppakken fan in ûnskuldige dieder bewearde dat hij no rêst krije soe, dat hij no bûten de publisiteit bliuwe woe en dat it no oer wie.
De man dy't no de oandacht noch mear op him sels festigt mei in belachlike skeafergoeding.





woensdag 11 december 2013

In soan derbij




It is hjoed 11-12-13. Dat skynt in moaie datum te wêzen om te trouwen. It duorret haw ik begrepen hast 90 jier foardat wij wer sa'n soarte fan datum krije. Dus at je dan dochs trouwe wolle dat kin it ek likegoed op dizze dei.
Om it noch aardiger te meitsjen is it tiidstip om te trouwen ek oanfullend: om 14.15 oere . Sa krije wij in 11,12,13.14,15 trou momintsje.
Grutte flecht op de koai om op dat tiidstip te trouwen.
Dus moasten sommige sykje om in alternatyf.
9.10 oere op 11,12,13 dat kin like goed.
De trou amtner moat der efkes earder út, de bruid hat moarns gjin tiid mear om noch nei de kapper te gean en de brêgeman kin de krullen net mear foar njoggenen oplapje. Mar fierders kin it best en hawwe je nei de seremony ek noch wat oan de dei.
Sa troude hjoed dochter Hildau mei Meindert.
In 9.10.11.12.13 troudei dus.
Mei dochter Jelske derbij, dat is net ûngewoan tsjintwurdich.
Sa'n troudatum kinne je hast net ferjitte. Dêr binne gjin smoeskes foar te betinken.
Wij nimme der jûn in pear op yn lytse rûnte.
Fan herte lokwinske foar it breidspear.







maandag 9 december 2013

De molkbus

deYn myn kantoar brûk ik al moai wat jierren in molkbus as papierbak.  Net samar in molkbus mar ien dy't noch herinnert oan de tiid dat de Terpen hjir yn de greidhoeke 4 suvelfabriken hie. De datum jout oan dat dat goed 6 jier duorre hat. Doe gyngen der ferskillende fabriken ticht. Easterein, Wiuwert, Skearnegoutum en ta eintsjebeslút Wommels.
In prachtich beskildere molkbus, mei in oantinken oan de 4 doarpen. Net mei in byld fan it fabryk mar fansels fan de tsjerketoer. 









Yn de bus steane de initsjalen J.H.W. 
Dat soe Jan Hosftsra Wommels wêze kinne en dat soe betsjutte dat elkenien bij it ôfskie sa'n moaie bus krigen hat? Want dat hij dit sels skildere hat, is útsletten.



zondag 8 december 2013

Mislearre

 



Kosten noch muoite wiene besparre op it kongres PO/VO ôfrûne woansdei yn Nieuwegein. De râne ferskynselen wiene yn oarder lykas de de ûntfangst de ynlieding en de tusken de middei hapkes.
Trije wurkwinkels koene wij foar ynskriuwe. De earste oer Privacy en Beveiliging wie prima. In sterk ferhaal en goed brocht.
Fol goeie moed begong ik dan oan oan de middei sesje. It soe gean oer de bekostiging fan it ministearje fan ûnderwiis en de weromkoppeling nei ús as skoallen. It soe dus gean oer ynformaasjefoarsjenning.

It ministearje hie ien of oare deskundige ynhierd fan in ien of oare organisaasje (foar it gemak neam ik de man mar efkes Twijnstra of Gudde.
Menear Twijnstra of Gudde wie al hiel lang lyn ynhierd troch it ministearje om de probleemkes út de ynformaasje foarsjenning te heljen en der in goed gehiel fan te meitsjen.
Menear Twijnstra of Gudde hie op kantoar wakker oan it tekenjen west mei ferâlderde en nije skema. Miskien hie der it ek wol dwaan litten. Dy kâns achtsje ik bij neier ynsjen grutter want menear Twijnstra of Gudde fertyske hielendal yn hoe't it wie en hoe't it komme soe.
No hie menear Twijnstra of Gudde ek noch pech of wie it gelok. Want fan de 30 oanwêzigen dy't yn de seal sieten, wiene der likernôch 15 fan it ministearje sels. Dy woene ek wolris heare wat menear Twijnstra of Gudde ûndersocht en betocht hie.
Menear Twijnstra of Gudde trof it dus net want al dy froulju fan it ministearje woene fansels graach merkbite litte dat sij wisten dat it net allegear sa wie as menear Twijnstra & Gudden allegear fertelde.
Hij bleau suver laitsjen en grapte sels dat dit wol in ûnferwachte ynteraktive wurkwinkel wie mar in gruttere ôfgong wie hast net tinkber.
En wij sieten der bij en harken al lang net mear nei de diskusjes dy't de ministearje froulju fierden mei menear Twijnstra of Gudde en de froulu ûnderling.
Wij wiene wol hiel bliid dat it oere om wie en dat it mar in heale minút útrûn.
De dei wie bedoarn, de oandacht bij de tredde wurkwinkel kaam net echt wer op gong en foardat de neisit begong riden wij al werom nei Fryslân.
Ferslein troch it foarbyld hoe't menear Twijnstra of Gudde in dei mislearje litte koe.

zaterdag 7 december 2013

Hjerstwinter


Sjoch ik freed 6 desimber bij de garaazjedoar dan is it dúdlik dat it earste winterske byld ús berikt hat, 

Rin ik troch nei de tún dan krij ik dochs weol wat in betiid hjerstgefoel mei trossen druven. Troch de heilstiennen wol allegear mei in deukje.


vrijdag 6 december 2013

In sterke lea

Der giet yn de popmuzyk altyd in soad oandacht út nei de muzikanten dy't te jong dea gyngen oan  lit ik it mar neame drank, drugs, rock en roll en  froulju. Hoewol,  it is twiveleftich dat dy lêste twa saken der wol bij heare.
Der binne ek artysten dy't al dy ûngeneugten al lang oerlibje. Dat dy der noch binne wurdt der faak sein.

In oersicht fan de top 10 fan artisten dy't ús ferstelde stean litte dat se der noch binne. Muzikanten fan in sterke lea, in protte gelok of goeie genen.


donderdag 5 december 2013

Sinterklaas

Hjoed is it 5 desimber. De dei fan Sinterklaas. No ja dat wie earder sa. Yn myn herinnering waard Sinterklaas gewoan op 5 desimber fierd. Wat fan dei it ek wie. No is dat net mear sa. No sykje gesinnen en skoallen nei in gaadlik momint sadat it elkenien past. Sinterklaasfiere  it is net mear wat it west hat. 
Ien kear haw ik Sinterklaas de hân drukt. Dat wie doe't ik yn Ljouwert bij Cenaco wurke. As foarsitter fan de PV mocht him wolkom hjitte sadat hij de bern fan mij en myn kollega's ferrasse koe mei wat leuks. Dizze foto is fan 1986. Myn burd is no like griis sa dat fan de Sint.



woensdag 4 december 2013

Feyenoord


Fyn ik yn ien fan myn plakboeken noch in affysje fan Feyenoord. Ut de VI fan 1970. At ik dizze foto sjoch dan sjoch ik keardels. Echte keardels. Hiel oars as no, mei al dy jonge jonges dy't amper droech binne efter de earen.
Ik sjoch de ûnfersetlikheid fan dizze mannen mei lofts Theo Laseroms. Dy kamen je leaver net tsjin yn it fjild.
Wat in team...wat in ploech....Feyenoord

maandag 2 december 2013

De assistint skiedsrjochter

Mei hiele grutte argewaasje hawwe wij sneon sjoen hoe't in assistint skiedsrjochter der hielendal neat fan begrypt.  It wurd is oars wol dúdlik. Assistint skiedsrjochter.
Dat betsjut net mear en minder as de skiedsrjochter assisteare.
De ûnpartijdige skiedsrjochter dy't besykje moat mei twa partijdige klupgrinsrjochters de wedstriid goed te lieden.
Sa'n grinsrjochter moat de klup tsjinje mar hij moat foaral de skiedsrjochter tsjinje.
De assistint skiedsrjochter fan Nijland 1 dy sjocht dat wat oars.
Hij is de tredde koach fan it team.
Hij hat gjin betrouen yn it duo Posthuma en Nota.
Want hij is de hiele wedstriid oan it koachen. Hij ropt en raast noch mear as de twa echte koaches.
It is ûnbegryplik dat de skeidsrjochter hjir net wat fan sein hat. Sa falt  de partijdichheid wol hiel bot op.
It is  boppedat sa dat goed flagjen al in soad konsintraasje freget. Dan kinne je it "koachen"der net efkes bij dwaan.
As immen fan  it publyk der wat fan seit dan stekt er syn middelfinger op. Tryst.
It wurdt tiid dat skiedsrjochters optrede tsjin sokke opfallend partijdige flaggers.
Te begjinnen bij Nijland 1.



zondag 1 december 2013

Physical Grafitti

In oankundiging yn de sneonskrante, dy't net mislik is. At je dit lêze dat soene je hast tinke dat se better binne as Led Zeppelin, dat je dit net misse meie as Led Zeppelin fan. Ik haw it lêste jier trije Led Zeppelin tributes sjoen en allegear wiene net ferkeard. Ien fan harren wie dizze band mar dat wie oars, dat wie yn de iepen loft ûnder de Aldehou bij de tribute fan Jan Giro.
Soe dit dan noch better wêze at syn Romein optrede. Soe it de muoite wurdich wêze om hjir dochs hinne te gean?
 
It antwurd op de lêste fraach is ja. It wie de beste Led Zeppelin band dy't ik sjoen ha. Wat er yn it stikje stiet oer de sjonger is hielendal wier. Syn stim is sa goed te fergelykjen mei Robert Plant.  It wie in prachtige muzikale jûn fan herkenning.
 
It koe justerjûn sa wie sa net better. Gjin foarprogramma mar om klokslach 21.00 oer los. Wij koene de oankundiging fan it lêste nûmer noch heare foardat wij yn 10 minuten nei it busstation rûnen om de lêste bus fan 23-03 te heljen.
 It hoecht om ús nea oars. Op tiid begjinne op tiid ophâlde en wa't noch stappe wol kin dêrnei alle kanten noch út. Wij hawwe nei soks it goeie genoaten en hoege der net mear op út.
Ta beslút ek noch mar efkes oanhelje dat Poppoadium Romein in machtige seal is mei  yn dit gefal it perfekte lûd.