dinsdag 25 september 2012

Skuld

Der binne op dit stuit dagen dat ik wat minder fyts as oars. Dat komt omdat ik soms ien soms twa dagen yn de wike yn Beetstersweach wurkje. Ik riid dan mei immen mei dy't oan dizze kant fan Snits wennet en dat skeelt mij deis 4 kilometer.
Ik tocht jûn lit mij dat gemis oan kilometers efkes kompenseare troch in lyts ritsje te dwaan nei it waarme miel.
Ik fyts Kûbaard om en beslút noch in stikje Slachte mei te nimmen.
De Nije Kromme liket mij it heechste doel dizze jûn mar nei amper 8 meter klommen te hawwen (ik tink sa'n 9 %) yn de lytse fersnelling fielt it as sakket de hiele fyts yn elkoar. Mei myn fuotten fêst oan de trapers, slagje ik der noch krekt yn de leuning te gripen sadat ik net omdonderje. Mei ferbjustering sjoch ik dat de hiele derailleur ôfbrutsen is, dat dy de speaken rekke ha en dat dêrtroch meardere speaken brutsen binne.


Wat in lijen. Mear as 2 kilometer fan hús en ik haw al sa it mier oan rinnen. En seker mei in fyts oan de hân.
Yn dy twa kilometer haw ik gjin tiid om mij hinne te sjen mar haw ik wol tiid nei te tinken oer de skuldfraach
Want hjir moat ien de skuld fan ha en dat moat in oaren as mij wêze.
Om te begjinnen de makker fan de fyts: de Raleighfabriek. Dat soks binnen 3 jier barre kin is raar en it is net it earste lijen mei de fyts.
Dan fansels de fytseferkeaper dy hie mij nea sa'n waardeloaze fyts ferkeapje moatten.
Ik kin de skuld ek jaan oan dy man wêr't ik mei nei Beetstersweach riidt. Hie dy yn fierderop yn Snits wenne, hie ik it net yn de holle helle mei dit rûzige waar noch kilometers te meitsjen.
De skuld leit ek Rein Hofstra, dy't dizze Nije Kromme betocht hat. Fierstente steil foar myn fyts en der stiet net in boerd bij dat rinnen better is.
Hat de provinsje dy brêge net betelle omdat der in Slachte maraton komme moast yn 2000? Wat hat dat betocht sa'n Slachtebrêge. Dus, dan leit dêr miskien wol de skuld.

De skuldige dêr geane wij altiten nei op syk.
Ik foar myn stikkene fyts en de rest fan Nederlân foar it fernielde Haren.


Geen opmerkingen: