zaterdag 15 september 2012

In ponsjo

In hiel tin stik plastic yn in lyts pûdsje wat de foarm oannimme kin fan in minskefiguer is in ponsjo. Sa'n ding kostet net folle en skynt hiel maklik te wêzen. Je kinne sa 4 yn de bûse stekke at je der op út gean sûnder der lêst fan te hawwen.
Dat lêste die ik ek, doe't wij freedtejûn nei Jorwert gyngen om it iepenloftspul fan de Goeie, de Minne en Lilleke te sjen.
"It bliuwt droech" hie ik de waarman sizzen heard om 17.30 oere wylst wij swier driigjende loften temjitte riden. Mooglik dat it yn de buert fan Kollum droech bleaun is, yn Jorwert net.
De ponsjos wiene nedich krekt foar en tidens de foarstelling.
It gie de spilers makliker ôf om dêr in geweldich stik del te setten mei hearlike tekstgrappen en in soad ferrassingen dan myn poging om in ponsjo oan te lûken.
It punt is dat je romte ha moatte om sa'n ding sûnder lijen oan te dwaan. Je moatte it boppedat ek mei belied dwaan.
Om te begjinnen is it de keunst om it gat fan de holle te finen en dêr de holle ek troch te drukken. De rest moat dan dan fansels gean.
Triuw je de holle bijgelyks troch ien fan de earmsgatten, dy't te lyts binne dan ûntstiet der in probleem.
It plastik begjint te skuorren en op it momint dat je konstateare dat it mis is, liede de herstelaksjes ta noch mear skuorren. Nei in heal kertier omklauwe hawwe je mei wat gelok noch krekt in stikje plastik oer de broek hinne en dan mar hoopje je dat it ek noch reint.
Ik sprek út erfaring. Myn poncho trof it net. Hij mocht mar ien kear tsjinje as reinkearder.  Foar in stik fan myn jas en in stik fan myn broek. Mar goed dat it net hurd reinde.
Der is úteinlik in stik plastik oerbleaun wat no yn de kontêner leit yn Jorwert.
Fan de 4 ponchos binne der trije wer thúskommen en dy meie takem jier wer mei at wij wer nei Jorwert gean. Ik nim in gewoane reinjas mei.
Ien gelok, ik hie de hannen frij om in foto te nimmen fan trije ponchos dy't wol goed brûkt waarden troch frou en dochters.




1 opmerking:

Unknown zei

En dan mis je in stik fan de foarstelling fansels. Dan hie ik it mei myn wollen lange jas better foar elkoar!