zondag 9 september 2012

Saai?



Al wer fytse? Ja!
Saai? Nee!

Altyd wat te sjen en goed foar it liif.
68 kilometer om de Snitsers hinne dy't allegear op de mar wiene yn harren boat.
Hoewol...wij binne 232 fytsers tsjinkommen yn de trije en in heal oere dy't wij fytst hawwe.
Fan dy 232 fytsers wie der ien lisfyts bij.
Der wiene 217 fatsoenlike fytsers. Se gyngen efterelkoar fytsen op in smel fytspaad of se seien goeie.
Der wiene 15 fan dy bline reesers dy't foar in brêge wachte hiene.
No is wachtsje foar in brêge net sa slim foar dat soarte lui dan sjogge se ek noch wat.
De brêge del en klik..klik...klik dêr sette se wer útein.
Gau wer sjen at se yn de formaasje komme en dat betsjut meast twa of noch leaver trije neist elkoar.
No hiene se de pech dat foar ús twa âldtsjes fytsten en de man oan de bûtenkant wie net fan doel oan de kant te gean. Ik kin dat gefoel.
Manmoedich bleau hij neist syn frou fytsen mei it idee dat dit fytspaad foar de helte fan him en syn frou is. Dêr tochten de hearen yn de snelle pakjes oars oer en sij hiene gjin begrutsjen.
De man moat wol nei binnen fytse en bringt syn frou oan it skrikken en se kinne noch krekt fia de berm op de fyts bliuwe.
Ik lis op myn fyts te folle yn ûnmacht om mij ek breed te meitsjen sa 't ik oars wol doch op myn bukfyts. Ik skel se út namme fan it skrokken echtpear foar ús de bealch fol.
In griis is it en alle stikken yn de krante oer dit ûnderwerp dringt bij in grut oantal net nei binnen.






Geen opmerkingen: