zaterdag 8 september 2012

Samar in sneontemoarn




Neisimmer waar op dizze sneon.
In ritsje op de lisfyts om de stivens fan it fuotbaljen fan justerjûn der út te traapjen. Underweis is der altiten wol wat te sjen.
Bij de brêge fan Wommels stiet in buordsje: wurksumheden, 25 minuten wachttiid.
Sokke ynformaasje ha je wat oan. Hoe lang duorret it noch is foar mij wichtiger.
Werom en mar oer it heechhout.

Bij Lollum haw ik hast lêst fan in oerfleanende moter.
It skynt dat dêr hjoed aksje fierd wurdt foar jild om in team mei dwaan kinne te litten oan Paris Dakar. Gelokkich stelle se mij de fraach net om jild te jaan.
Dan hoech ik se ek net teloar te stellen.
Fierderop yn it lân op de dyk nei Arum in moai keunstwurk: wat rinnende hoannebalken.

Efkes fierderop sjoch ik in jerk op in flot yn tige rêstich wetter.
Ik tink gelyk oan Sterke Jerke it flot dat wat rûger wetter opsocht.

Minstens 5 kear kom ik Sander de Rouwe tsjin. Ik krij hast it idee dat wij tegearre (samen kunnen we meer) oan it fytsen binne.
Of wiist hij mij it paad?
Ik haw efkes werom lake.


De mûne bij de Krommesyl bij de Nije Kromme hat de flagge út. It is hjoed dan ek iepen dei.
De mûner start krekt de boel op.


Geen opmerkingen: