maandag 1 februari 2010

Kwaliteit

Nee, ik lit mij net wer ferliede ta it hawwen fan krityk op de Wommelaars. Omdat se de doar hast net út te krijen binne, dat skreau ik in skofke lyn doe't it oantal besikers bij in Sneinslûd wat tsjinfoel.
Pyt Paulusma, rôp sa as alle wykeinen ek dizze snein wer dat wij wer min waar krije soene en dat thús bliuwe al wer de beste opsje wie.
Dêrom wie it in wûnder dat sa'n 35 minsken út Wommels de stoute learzens oanlutsen hiene, de swiere sniebuien trotsearden om om 16.00 oere yn it Dielshûs te wêzen om it optreden fan trio Bauke van der Woude bij te wenjen.
Neist de 35 út Wommels wiene der ek noch wiere helden. 15 man/frou fan bûten Wommels. Ik gean hjir net seuren dat der noch wol wat stuollen klear stiene foar noch mear Wommelaren en net Wommelaren. Nee, ik sjoch leaver nei de kwaliteit fan dit publyk. Dat wie fan útsûnderlik heech nivo. En dat wie ek nedich want tekstskriuwer Bauke (en soms oaren) liet ús meitinke, ja sels meiprate. Dit prachtige publyk soarge der foar dat it in moai optreden waard mei lieten oer it lytse lijen thús, it grutte lijen yn de wrâld en de humor op de strjitte en yn de wenboat bij Parregea.

Net de kwantiteit mar de kwaliteit fan dit publyk wie bepalend om it in tige slagge middei/jûn te neamen. Ik wit wol seker dat dit geweldige publyk wer komt at Gerrit Breteler op 28 maart optreedt yn it Dielshûs.




It foel efkes stil sneintemiddei. Bauke van der Woude liet it publyk witte dat hij mei dûbele gefoelens op it podium stie yn Wommels. Wie it net sa dat Sytse van der Werf op dizze dei optrede soe? Bauke hie foar it optreden mei Welmoed van der Werf kontakt hân en sa hearden wij dat it al wer wat better giet mei Sytse en hij drok oan it revalidearen is yn Beetstersweach.

Geen opmerkingen: