It wie noch net echt fytswaar hjoed. Op de fyts sitte is kâld, op de fyts lizze is noch kâlder. Mar hawar, de stoute (âlde) skuon oandien en op nei de Amerikaanske Basis yn Boalsert om nije skuon te heljen. Stevige rinskuon wylst ik hielendal net fan rinnen hâld. Moaie skjinne diken. Fia de Bieren,de Burchwerterhoeke en Hichtum. En Hichtum dêr haw ik wol wat mei. Fan febrewaris 78 oant april 82 ha wij dêr wenne. In tsjerke, wat pleatsen mar frijwol gjin boeren en wat tsjerkehúskes. En yn ien fan dy húskes wennen wij. Wat is der nei 30 jier oars en wat is it selde bleaun.
De blombakken op de dyk, de reade lantearnepeallen en de dûbele boerden "Hichtum" ( je soene it ris misse kinne) jouwe in oar oansjen. En de kamping Fûgelfrij jout oan dat Hichtum mei gien is yn de ûntwikkeling fan de lytse rekreaasje.
De tsjerke en ús húske sjocht der noch krekt sa út as oars. En de bewenners? Ik soe it net witte, útsein Jan en Griet Kooistra. Dy wenje noch altiten oan it wetter.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten