dinsdag 28 augustus 2018

Fonteinen

Us fonteinenjacht
giet moandeitemiddei fierder;
Snits en Drylts steane op it programma,
wij binne benijd
wat Jelske en Roan en wij hjir fan fine.

Snits is gjin sukses
it reint,
it ding stiet te fier fuort
de bern kinne der net boartsje mei it spuitsjende wetter
en it is in fonteintsje....

Drylts
in fleurich en kleurich japansk keunstwurk,
en it wetter is te fielen.
Dit is in stik better...
mar de mûne dy't flakbij stiet
lûkt dúdlik mear







maandag 27 augustus 2018

Parren


Sa moai
dy kreamkes oan de dyk.
Der is betiden fan alles te keap

no sels ek al  op Swingoerd
binne parren en appels te keap

Krekt wat foar Samme  en mij
eurootsje yn de pot
en mei 10 stoofparren nei hûs



vrijdag 24 augustus 2018

Gatsjepanne

Sommige koppen yn de krante
dy wurkje op myn spieren
myn spieren dy't it laitsjen oansette





donderdag 23 augustus 2018

In gouden plakje


It is in gouden plakje
dat keatsfjild yn Weidum.
Net echt yn it skaad fan de toer,
mar wol fan wat beammen;
gelokkich mar,
want it is dêr gau smûk, lykas dit jier.

De PC,
De PC foar froulju,
in moaie útfynst
want it lûkt bulten minsken
en it is allegear krekt efkes nofliker
as bij dy oare PC.

Op it fjild foel it net ta dizze kear.
Twa partoeren dy't er útspringe
en oare partoeren dy't it al gau opjouwe
at se de favoriten treffe.

De moed soe je ek yn de skuon sakje
at je mar nea winne kinne fan dy twa bettere partoeren

It wie wat sfearloas,
it wie wat foarspelber
it wie net echt spannend


op ien partij nei
de partoeren 3 en 5 yn de heale finale

woensdag 22 augustus 2018

Google

Negatyf dwaan oer Google
dat is wat in dinkje fan dizze tiid,
JIerren waarden se de himel ynpriizge
omdat se ús sa fluch helpe koene
at wij wat witte woene;
en no wurde se delsetten as in meunster
dy't alles fan ús witte wol.

Ja, sa giet dat yn de grutte wrâld:
wij wolle alles witte,
sykje it op en slaan it net op,
want dan freegje wij Google wol wer
at wij it wer witte wolle.

en Google
sij slaan alles op wat wij net mear witte
en witte wolle

Ik help Google ek wolris,
dat hjit Local guide.
In foto op in bepaalde lokaasje
jou ik in plakje op Google maps
yn de hoop dat in oar der ek wat oan hat.

Google wurdearret dat
en lit mij dat sa no en dan witte....

Sjoch dizze link



dinsdag 21 augustus 2018

Fonteinen

Moai,
freeslik,
ferkearde plak,
it binne wat fan dy reaksjes fan folwoeksenen
oer de fonteinen yn de 11 stêden,
Reaksjes dy't er wiene sels foardat se der steane.

Wij gean mei twa pakesizzers op paad
3 en 6 jier,
en binne benijd wat sij fine
fan de fonteinen yn 5 stêden

Boalsert



de flearmûs.....
se binne razend entûsjast
at se it bist sjogge en
at se der op klimme kinne;
en streamend wetter is altyd moai


de Broeretsjerke makke ek yndruk

Warkum
op syk nei de liuwen,
se binne min te finen seit men
dus makken wij der mar in syktocht fan


liuwen op in gebou as foarbyld


en de (gouden) liuweroute lâns,


en dan steane each yn each mei de liuwen
se stiene earst echt ferbaasd nei te sjen
nei de twa ymponearjende bisten,
dêrnei wurdt it hin en wer drave
en dweiltrochwiet
en ûnder de drek
sykje wij de auto wer op

Hylpen

earst in slach oer de seedyk,
mei allegear fragen oer reddingsboaten
en dan is it echt sykjen.


It grutte keunstwurk hat wat in skiterich plakje krigen
efter de tsjerke., fine wij (net de bern)


Foar de bern is it fermaak grut dêr,
klimme en boartsje mei wetter,
se wolle hast net wer fuort

Starum,

pech, der is ûnderhâld
en wiet wurde is der net bij.
De fisk makket wol yndruk
fanwege de grutte en syn bek
dy't wol hiel útnoegjend iepen stiet

Sleat

de bern krije hast net mei
hoe moai dat keunstwurk is (fine wij),
it is te heech om te sjen foar bern
en it wetter is nijsgrjirriger


Noch efkes grieme mei in ysko
en wij prate ôf:
letter noch wat stêden besykje,
want se fine it prachtich
en it hat harren wol wat nijsgjirrich makke


zondag 19 augustus 2018

Bysûnder wykein

In bysûnder wykein wie dit
mei Frânske reuzen yn Ljouwert
en in reus yn it Fryske wetter

Wat in held dy Maarten van der Weijden
11 stêden beswimme

sneintemoarn him temjitte fytst
bij Nijhuzum tusken Parregea en Warkum
mei hûnderten oaren al betiid lâns de kant...

wat in entûsjasme...

Middeis noch efkes bij Arum sjoen
hûnderten auto's
en tûzenden minsken dêr......

einepikefel



Einepikefel hie ik net bij de reuzen
mar it wie wol bysûnder om te sjen
de technyk en de akrobatyk
om de reuzen foarút te krijen
dat boeide mij it meast.....

ek dêr wat in minsken
suver wat tefolle

gelokkich wiene wij op freed
want sneons en sneins wie it noch slimmer



maandag 13 augustus 2018

Smaken ferskille



Smaken ferskille:
wat de iene moai fynt
kin foar de oar sear dwaan
yn de earen

Sneon wie Into the Grave,
in muzykfestival foar leafhawwers,
metalleafhawwers bedoel ik yn dit gefal

it kleure wer swart yn de stêd sneon
en it like ek fertocht drok yn de strjitsjes
dy't lieden nei it plein bij de Aldehou;
drok mei minsken
dy't beweare dat it neat foar harren is
mar dochs efkes sjen wolle nei dat folk

binnen de stekken binne de leafhawwers ,
mar ek dêr binne ferskillen,
wat de iene moai fynt,
is foar in oar neat....




Nim no Suicidal Tendencies,
in crossover/trash/punkband,
it mûlfol omskriuwingen
en myn ferwachting is heech.....

freeslik,
ik sis it net gau oer muzyk,
mar ik ha dit jier noch net sa'n minne band sjoen.
foardat de earste klanken klonken
draafden de mannen al oer it podium
of wiene se oan it tikkertsje dwaan.

Mei in min lûd,
is der miskien ek wol net folle ear te heljen
mar dit sloech nearne op.
Ek tefolle gepraat yn in setsje fan 50 minuten.



wat bin ik bliid dat Paradise Lost,
dy't miskien wol tefolle rêst útstrielt
mar it muzikaal prima foarelkoar ha,
it goed makket mei in hiele moai set

It wie fierders gesellich lykas oare jierren,
en it  wie wiet op freed













donderdag 9 augustus 2018

Freuledei

De Freulepartij sit er wer op.
Neist it keatsen is it foaral in dei fan elkoar moetsje.
Ferhalen fan earder wurde wer krekt efkes skerper ferteld as ferline jier,
De freuledei is ek sa'n dei fan tradysjes en fêste gewoanten.
Ik sjoch alle kearen at ik it terrein oprin earst efkes op it boerd
en krij wer befestige hokker partoer wûn hat
yn de twa jierren
(1970 en 1971)
dat ik (kansleas foar in priis) meidien ha.


maandag 6 augustus 2018

Der giet iets mis

Nee, seure oer it iten dat doch ik net
nei 4 dagen kampeare
efkes seure oer de betsjinning dat mei wol

It tekoart oan fakkundich personiel yn de horeka
begjint ús op te brekken
dat is myn konklúzje

Earne yn Drinte
oan de Hunebed Highway leit Gasselte.
In kreas en rêstich doarp
mei wat restaurants,
in benzinepomp
in bakker
en in pizzaria......

Nei lang sykjen fûnen wij him.
Nei 94 kilometer fytse
wol der meast wol in pizza yn,
mei oare wurden,
wij hiene sin oan wat
en net sa'n bytsje ek.
En toarst fansels

Op it terras bûten wie noch plak
It wie ûnderwilens 20.30 oere.
Neidat er twa kear ien sein hie,
dat der sa ien lâns komme soe
moatte wij 20 minuten wachtsje
foardat er immen mei in kaart oankomt

wij hawwe yn dy 20 minuten
al hiel wat reaksjes opfongen
oer it lange wachtsjen...
wij hearden oardel oere 
en freegje foar de wissichheid mar efkes oan frou Pizza Ria
wat dêr fan wier is

Sij stelde ús gerêst,
dat wie sa, de drokte is wat oer
en wij sille seker foar tsjuster
werom fytse kinne...
dat soe moai wêze
want fytse sûnder ljocht yn it bosk.......

Om 21.50, it is hast tsjuster,
komt de pizza en de spagetti.
Der is dan al twa kear immen west
dy't seit dat se der oan wurken....

De pizzaria yn Gasselte
net geskikt om fluch efkes in pizza te iten
en tasizzingen wurde net neikommen

De oare moarn betiid
wer nei Gasselte
nei de bakker foar kofje en in broadsje

Besteld, betelle en nei it terras foar de winkel
"ik breng het zo"
klanten komme en klanten gean
mar der komt fromminske mei kofje.....
nei sa'n 20 minuten doch ik fersichtich de doar iepen
en wylst ik de fraach stel
 "at it kofjesetapparaat miskien stikken is "
krijt it fromminske in kaam en
wit yn alle skamte út te bringen:
"sorry, soryy , sorry, helemaal vergeten"

Ach, soks kin en wij hawwe noch in hiele dei foar ús

Wij krije ús kofje en broadsje
en krije der in bakje fan it hûs op ta
mei noch in kear de ekskuses

Sjoch , sa kin it ek

Jûns nimme wij plak bij in ytkafee
fan in net neier te neamen kamping.

De hiele famylje help mei
en it liket net allinne amateuristsyk, it is it ek.

Tafel 4 krijt it iten fan tafel 6
Tafel 5 krijt kâlde loempias
Foar de iene gast op tafel 3
docht wat let bliken dat er dochs gjin gehakbol mear is,
Foar de oare gast op tafel 3 komt efkes letter de boadskip
dat er noch wol shoarma is
mar gjin shoarmabroadsje
mar noch wol in wyt broadsje gelokkich

foar gast 1 op tafel 3 lizze der jirpels yn dit buord
ynstee fan patat
foar gast 2 op tafel 3 is it krekt oars om


zondag 5 augustus 2018

Electra

Ik hie der noch nea fan heard,
Electra as plaknamme.
No ja, plak, its is in útbuorren
yn Noard Grins

In gemaal.
in swimbad
3 huzen
in kamping
in boathûs
in hertekampke en


dit boerd........





vrijdag 3 augustus 2018

Dat sykje wij op.....

Wij wiene ûnderweis op de fyts
4 dagen troch Fryslân, Grins en Drinte
360 km en hiel wat sjoen

Hjir en dêr in foto makke
meast ynjûn troch de tekst dy't ik sjoch
en dy't mij nijsgjirrich makket


Sa as dizze
dêr yn Noard Grins
yn Antum, in útbuorren bij Garnwerd
yn dat prachtige Grinzer lânskip

Koepon....wat is dat no?
it stiet bij yn alle gefallen twa betonpaden
nei pleatsen

Dat sykje wij dus thús op
sa as wol faker.

In nijsgjirrich ferhaal
fan in stienrike man út de famylje Pon
dy't boer wurde woe:
hij neamde syn bedriuw KOEPON

Hjir it ferhaal fan 2001 út de Volkskrant
en dit is it reorganisaasje ferhaal fan 2017

maandag 30 juli 2018

Peace yn Riis

Peace yn Riis
sa hjitte it hast 50 jier lyn
it popfestival yn de teatertún yn Riis

Sûnt 2010 hjir it Gaasterland popfestival
en it is ien kear yn de twa jier;
de edysje fan 2018 wie top

Noflike sfear,
freonlike frijwilligers
muzykleafhawwende besikers
in lekker kâld bierke
en gewoan in hamburger mei sipels en sa

En....de muzyk
dy wie bêst genôch;
It strielde de goeie âlde tiid út
mei lekkere rockblues
mei akoestyske optredens
mei flower-power
en mei in nije jonge band
mei in lûd dat je wer hiel graach wer heare wolle


ik haw it oer de Electric Hollers
mei in strakke drums en bas
en in bjusterbaarlik goeie gitarist.
in band ek, mei in fleurige entoesjaste útstrieling
in band om te ûnthâlden


en dan wie dêr Kaz Lux:
wa kin him net as sjonger fan it eardere Brainbox;
hij hie der nocht oan dizze middei
troch it oandachtich publyk
fielde hij wurdearring

"Noch 1 nûmer, 5 minuten"
seit presintotor Douwe Kool.
Wij seagen de argewaasje bij Kaz Lux
no al,,,,,
it waarden 5 minuten dy't hiel lang duorje soene


en sa seagen wij Piet Kok en Roelof Reineman
mei harren Dylan programma.
akoestyske en elektryske gitaar
in moaie sound
nostalgy en herkenning giene hân yn hân



en wat te tinken fan Doctors Orders
dy't it Dr feelgood repertoire bij lâns gyngen,
in stevich setsje en it klonk mij as muzyk yn de earen

Kosmic Blue
mei dy rauwe stim fan de sjongster
dy't Janis Joplin wer ta libben komme liet:
sij brocht ús yn de Woodstock herinnering


en dy herinneringen kamen noch mear oan it ljocht
bij Roffel's Woodstock trip
mei û.o.  in moaie fertolking fan Jefferson Airplane


doe hiene wij de pitbullblues al hân
fan Roadhouse, bekind fan Snits
en de Bluescruise yn Easterein


en alles begong mei de suvere stim fan Sasha Elisah
op it akoestyske poadium

en doe't wij genôch hiene
fan al dy prachtige muzyk
wie der noch in optreden fan
Beano & Friends  Pete Seeger Sessions

miskien is dat myn ienige kritsyke noat
fan 15 oant 23 oere is lang genôch
en seker op snein
want moandeite moarn betiid
 haw ik it altyd al wer drok
mei pre pensjoeneare