dinsdag 13 december 2016

Top 100



It hâldt net oer mei de Frysk muzyk
op Omrop Fryslân
Mei in oerke Froskepôle
jûns tusken 6 en 7 oer
hâldt it wol op.

Oerdei en nachts
noch ris in ferdwaalde fryske plaat
en dat is it dan wol.

Ik haw der dan ek net safolle mei
om yn ien dei krekt te dwaan as 
binne je pleitbesoarger foar de Fryske muzyk

Dat sij de Fyske muzyk
in hiel jier lang net serieus nimme
en ien dei wol
hâldt yn dat ik it ek net serieus nim

dus ik stim allinne op muzyk út Wommels
en tichtbij

Like goed noch in hiele moaie list
dy't ik maklik útwreidzje kin ta 100 nûmers
mar ja,
 at je Reboelje mar ien kear neame meie 
wurdt it lestich

Fansels hoopje ik dat Esther Vellinga
ek de top 100 hellet;
it nûmer komt fan in CD wêr't
ik de teksten foar skreaun ha.....
ha...ha...

It moaiste nûmer fan myn fiif is Sielesiik fan Reboelje.
En dan ek noch in live opname op Aaipop


\


Geen opmerkingen: