vrijdag 23 december 2016

20 desimber 2016

20 desimber 2016,
in datum mei in betsjutting:
myn lêste echte wurkdei

dy mocht ik trochbringe op Skoalle Lyndensteyn
yn Beetstersweach.



In wurkdei begjint bij mij altyd mei Brinta...
dat hat nea oars sa west.

Ik sil no bepaalde frije dagen útsykje
om de lêste Brinta op te meitsjen.....

dit waard de ienige dei
dat ik net earst nei Snits fytste,
om mei te riden nei Beetstersweach,
kollega Jildou út Winsum helle my op



Hjir haw ik hast 5 jier sitten,
mei Eefje Bonnema
midden yn de skoalle,
tusken de klaslokalen
oan de brede gong 
mei útsicht op boartsjende bern
tidens de pauzes.

it wiene 5 geweldige jierren
mei wurk wat bij mij past en
mei prachtige minsken



it wie in moai ôfskie,
mei presintsjes
mei moaie wurden
en wat drank en in hapke yn de Posthoarn
en in wat happen en in in drankje bij de Sjinees

en kollega Jildou brocht mij ek wer thús


en...
ik hie dit jier toch noch ien krystpakket.....



Geen opmerkingen: