woensdag 30 november 2016

De beste master


It sil twa wiken lyn west ha, 
doe't twa jonges fan in jier as 12 
op Skoalle Lyndensteyn lâns kamen.

It wie nei skoaltiid
en wat ferlegen stapten se ús kantoar binnen.
Neidat se harren kreas foarsteld hiene,
(wij binne fan de iepenbiere legere skoalle)
kamen se mei de boadskip
"wolle jo ek stimme op ús master,
dat kin hij de beste master fan it lân wurde"

Se hiene in kreas briefke makke
mei in taljochting en in stimadres.

"is it wol in leuke master ?"
wie it ienige wat ik frege.
"jaaaa"seine se gelyk en it like oprjocht.

Ik hâld net fan sokke stimmerij,
ik fyn it mar neat om te stimmen op iets
wat je net fergelykje kinne...

ik haw it briefke wol oannaam
en wol dy aardige jonges net teloarstelle
dus stim ik jûns op master Freerk,
dy't ik net koe en wêr't ik noch nea fan heard ha...

Master Freerk hat leau ik wûn...
ik soe mij skuldich fiele moatte
mar ik fiel suver grutskens

ik ha dan dochs mar op de beste master stimd.......
blyn stimd sels,
want ik koe him net

Miskien moat ik faker blynstimme.....
yn 2017


Geen opmerkingen: