zondag 4 december 2016

Fryske hannen





Wêr is dat krekt en wêr leit dat?
dat binne altyd fragen dy't ik stel
at ik wat lês en sjoch

Foar mij komt it projekt "Fryske hannen"
mei dia's fan opjekten yn Fryslân
dan ek op in prachtich momint

net mear wurkje, dus mear tiid......

Ik kin der thús mei oan de slach:
gegevens dy't op dia's stean
yn in digitale databank sette


De Ljouwerter Krante weage der koartlyn ek in artikel oan
en it oantal frijwillige dielnimmers
is dy dei oprûn  nei boppe de 100.
En dat is net slim want 25000 dia's.........


Foar mij is it net net alinne ynfiere fan gegevens:
ik sykje ek alle adressen op Google Maps op
sadat ik it wat fergelykje kin mei no
sadat ik ek wer wit wêr't dat hús, gebou of monumint stiet

Sa kom ik de kroech fan Nijlân ek tsjin

en in stien yn de muorre 
op de pleats fan Lettinga yn Iens


Of kom ik yn Metslawier telâne en sykje dêr
de B. Bekkerstrjitte op


It wurket ferslavend bij mij,
want troch al dy prachtige statistiken 
per dielnimmer, per dei, per projekt
wol ik altyd krekt noch ien mear dwaan.

No in goeie wike oan de slach
en gemiddeld sa'n 20 per dei dien
dat wol ik mar wat oanhâlde..

en omdat der minsken binne
dy't op dei wol 100 dogge
(wêr helje se de tiid wei)
wurdt it noch in hiele put
om yn de top 10 te kommen
want ik bij dit wurk jildt:
al hoe frijwillich it is
je moatte wol in doel stelle


Geen opmerkingen: