zondag 22 december 2019

Fuotbalje

Ik bin wer los.
de hiele moanne desimber alwer.
Freedtejûn efkes balje.
Wat in genot.
Wer hielendal fit en bin der sterker útkommen
soe in prof wol sizze nei in lange blessure.
Dus kin ik myn stikjes en wer skriuwe
foar de SDS side:

Freed 20-12

Efkes Balje
Op boksing jûn, de freed foar kryst, at krystbuorrels lonkje wol it Efkes Baljen noch wolris de dupe wurde.
It eage freed tsjin seizen sa min dat er in dikke streep troch koe.
It wie Lieuwe Vriesema dy’t dêr persoanlik in stokje foar stuts.
“Ik kom wol efkes” wiene se wurden yn de app en dêrmei wiene der 8, it minimum oantal.
De ideale omstannichheden soargen der mei foar dat it wer in bijsûnder spannend en aardich potsje fuotbal waard. Mei 8 is der romte en in efterstân fan trije doelpunten (giele hesjes) kin mei wat tûk ferdigenjen wer maklik omsetten wurde yn in gelikense stân troch in oantal flymskerpe kounters.
Wij hiene juster allegear wol ien aksje dy’t as in eigen djiptepunt beskôge wurde sil.
Wij hiene lykwols allegear folle mear hichtepunten. It nivo fan de doelpunten wie tige heech. Mei in einstân fan 16-15 hiene  wij allegear ús momint fan gloarje hân nei it meitsjen fan wer in prachtich doelpunt.
Myn momint? Dat wie om 20.08  oere, seach ik letter op myn “sportive” horloazje.
Op dat momint joech Ferrie Korbach in djiptepas omdat hij tocht dat der wol in snelle spits efteroan soe.
De bal wie op maat neffens him, de bal wie oan de hurde kant neffens mij en ek de tsjinpartij wie yn de ferûnderstelling dat er de efterline wol helje soe, sûnder gefaar. Wat mij mankearde wit ik net. Ik hie noch gjin kryst buorrel hân en gie dochs efter dy bal oan, hurd, hurder en noch hurder (of langsum, iets minder langsum en noch iets minder langsum) .  Ik fleach troch de gelûdsbarriere (nee, dat wie gjin betiid fjoerwurk, wat jim hearden) myn hertslach fleach nei 133 (seach ik letter) 
en ik ferbettere myn rekôr op de 60 meter (11,4 sekonden) dat festige wie op it sportfjild fan Spannum tidens de gemeentelike sportdei en al sûnt 1 july 1965  (10 jier) yn de boeken stiet en doe fêstlein is mei in diploma.
In meter foar de efterline, 2 meter neist it doel, koe ik mei it uterste puntsje fan myn tean de bal noch yn it doel skowe. It sil gjin gesicht west, dat “hurd”draven fan mij mar wij wûnen úteinlik wol  mei 16-15 wylst de oaren de hiele partij in foarsprong hiene.
Dat wij dan ek noch de finale winne mei 2 doelpunten út, wie spitich want wij gean graach allegear nei hûs mei in oerwinning yn de bûse.
Sûnder hes: Lieuwe, Harry, Johan en Pieter
Mei hes: Sipke, Ferrie, Frank en Aant





,























zaterdag 21 december 2019

Hichtepuntsje


Alle kearen wer in hichtepunt
foar it earst de fles jaan
oan de jongste pakesizzer.

Brecht,
hjoed twa wiken âld.

Se hie gjin toarst.......

Yetris


Yetris, it seit hast nimmen wat, 
mar it is de muzykgroep
dy't Roel Slofstra begeliede
mei it ferhaal oer Eije Wykstra.

Dat wie in tryst ferhaal
wat wol in moaie cd oplevere yn 1980.

Roel wie doe 40
en is no 80 wurden.
9 konserten stiene der op it program
fan dizze reunytoer.

Tongersdei wiene wij bij it lêste optreden
yn de Gysbert Japiksseal yn Tresoar.

Roel Slofstra
noch altiten prachtich bij stim
song tal fan lieten mei moaie teksten
fan Reinder van der Leest, fan Tiny Mulder en fan Meindert Bijlsma

Moaie muzyk dêrbij fan Geppie Haarsma, Alco Hoogcarspel en Hans Kerkhoven.
In moai jûn, wêr't de tillefoan fansels útmoasten
en wêr't foto's meitsje net tastien wie.



dinsdag 17 december 2019

Smoke

Smoke
dat is net mear iets fan dizze tiid.

Dit wykein foelen mij twa dingen op
oer it smoken.
Ik wie yn Balk bij de wedstriid
Balk - Leeuwarder Zwaluwen
en foardat it begong
en neidat de opstellingen omropt wiene,
kaam de meidieling "dat smoke op en om it fjild hinne net tastien is "
Smoke efter de tribune mei wol
mar dat wie sneon  it meast wynerige hoekje fan it sportpark
ik tink net dat dêr folle smokers stien ha.

Net smoke , it goeie foarbyld jaan as sportklup, ik fyn it prima.

It ferkearde foarbyld joech de LC
mei de krante fan sneon,
troch bij it ynterfjoe mei Hans Wiegel
in foto te pleatsen dy't "blau" wie fan de reek.
Ik fertink Wiegel derfan dat hij sein hat
dat dy foto pleatst wurde moast en gjin oaren.

It min foarbyld fan Wiegel en de LC.

Image result for niet roken

Hjir hie oars de foto fan Wiegel stien,

mar dat liket mij iets te folle ear 
foar dat sigaremantsje

maandag 16 december 2019

In nije busboekje

Dit stik giet oer it nije busboekje
net te ferwarren mei it bûsboekje.

It busboekje dus.
Mar miskien
is der wol hielendal gjin busboekje mear.
Miskien moatte wij it allegear wol opsykje
op ynternet.
9292.nl is dan de side.

It giet dus net oer it busboekje,
mar oer de tsjinstregeling.
Dy wurdt alle jierren oanpast
en dan is der mar ien ding
wat mij ynteressearret:
hoe let giet de lêste bus út Ljouwert.

"Ien nûmer minder", is de konklúzje
nei it besjen fan de line 92.
Ien nûmer earder fuort út Neushoorn,
út Sealen Skaaf of bij in oare festiviteit.

It wie 23.29
it is no 23.25 op freed em sneon
en 23.26 op snein

Spitich, ik hie der leaver in nûmer bij,
of twa, of trije.......


vrijdag 13 december 2019

Brecht






Foar de 5de kear
binne wij pake en beppe wurden.
Ek no wer bijsûnder
dat dit lyts famke it libbensljocht sjocht.
Sûn en wol.

Moai om sa'n famke op de earm te hawwen 
en der gewoan wat nei te sjen.
Nei dy eachjes 
dy moaie blaue eachjes
dy't muoite hawwe
iepen te bliuwen.
Der wat mei te praten
al komt it mar út ien mûle.






dinsdag 10 december 2019

Hidde


Ik pak de foto der mar wer bij,
de foto fan 1960-1961
ik bin 6 jier, sit yn klas 1,
Hidde is 7 en sit yn klas 2

De skoalfoto is 60 jier lyn nommen
bij de herfoarme skoalle yn Wommels.

Al wer is ien ús ûntfallen:
Hidde Frankena,
noch mar 66 jier âld,
de safolste op de foto dy't net âld wurden is.

Hidde stiet op de foto op de twadde rige
as twadde jonge fanôf lofts.

De earste jierren wenje wij beide op de Hofkamp,

Hidde is net in sporter lykas ik.
Der stjit mij net folle fan bij 
dat Hidde mei docht oan it fuotbaljen op de Terp
of it keatsen op it keatslân.

In saak thús, dan is der altyd wol wat te dwaan.
Boppedat is Hidde in fûgeltsjeman
en dêr haw ik wat minder mei.

Yn ús earste útgeansjierren
is Hidde wol fan de partij.
Ik ek......
Nei de Koornbeurs, nei it Park of nei
de Hobo String band yn Warkum
dat stiet mij noch wol bij.
Hij mocht soms it blauwe buske
mei de dûbele kabine brûke

Op fakânsje nei Skylge 
dat stiet mij ek noch bij
want dat is op in ferkeard momint
foar Hidde
Hij hat Woltsje krekt dêrfoar moete
en syn ferlangen nei har is grutter as
de sin om wille te meitsjen yn dancing Dellewal of bar Wyb

De measten fan ús ploechje trouwe
en de earste jierren bliuwe wij goed kontakt hâlden.
Wij klaverjasse en boeredridge in hiel soad
en sa no dan hawwe wij in sportyf útsje.
Wij bamintonne of wij fytste

Alvestêdentochten yn Fryslân
en 11 heuvelentochten yn Epe

De bern wurde grutter
it wurk drokker 
en ús kontakt ferwettert,
sa't dat soms giet

Wij binne  doarpsgenoaten
dy't elkoar groetsje,
sa't doarpsgenoaten dat dogge.

Ik sjoch Hidde net folle,
wij hawwe ferskillende ynteresses 

Fia it tsjerkekrantsje bliuw ik op de hichte
fan Hidde syn striid tsjin allegear krupsjes
dy't syn libben yn de macht hawwe

It ienige kontakt wat er noch is
is fia Facebook.
Tsja, wij geane beide mei de tiid mei.

Rêst sêft Hidde
en sterkte foar Woltsje en de bern



maandag 9 december 2019

it Noard



It Noard yn Wommels
dat moat wol in pine-yn-'e holle dossier wêze
foar in gemeente.
Ek dizze wike wer swier materieel
om de safolste feroaring oan te bringen

Der sille dochs net
noch mear,
noch grouere betonblokken pleatst wurde
tocht ik efkes doe't ik lâns fytste

It Noard dat in diel fan syn funksje ferlern hat
dy't it hie
doe't ik wat jonger wie.

Je kamen dêr bijelkoar
en dat wie net allinne
om nei de grienteboer of de bakker
en ek net om oan te stekken yn de kroech
of ien oan te stekken bij "sigarenmagazijn van der Velde"

Nee, yn it Noard begong eltse reis.
Keatse, fuotbalje, folleybalje yn in oar doarp,
hjir praten wij ôf.

Ek foar in jûntsje út, begong it dêr
mei eventueel in foardrankje yn it kafee.

Mei de bus fuort, dy stopten allegear yn it Noard,
sels de line tsjinst fan de LAB

As jong mantsje sieten wij dêr
de nûmerbuorden te notearjen,
want dêr kaam  de auto's fan trije kanten.

Letter kamen der mear auto's
en it Noard sa't it wie
koe it net mear oan,
seine wierskynlik ferkearskundigen en amtners.
It moast oars, it moat better, it moat feiliger.

Rânen, pealtsjes, peallen, betonstientsjes,
en al in skoft dy betonblokken
it jout it Noard in freeslik karakter.
Mar it kin net oars, sa't it skynt
It grutte en swiere (trekker) ferkear
nimt graach in stikje stoepe mei.
Se merke der neat fan  yn harren hege kabine
dat se in betonblok heal út de grûn ride.

No is it wer oanpakt, ik bin benijd......

Hjir en dêr in foto weijatten (Tresoar, facebook) om sjen te litten
hoe't it west hat yn in tiid dat der folle minder autoferkear wie.





1903



vrijdag 6 december 2019

Frank Blueka

It wie sneontejûn drok yn de stêd Ljouwert.
Ek ik wie dêr.
Net foar it Luna ljocht spektakel
mar foar in optreden fan Frank Blueka.

Ik nim it nimmen kwea-ôf
dat dy namme jim neat seit,
mar it is wol spitich dat ik dêr hast allinne siet
yn teater de Bres..

Frank Blueka libbet letterlik en figuerlik fan de muzyk.
hij komt mei in ferskaat oan ynstruminten
en hat ek yn dizze foarstelling in tema.

"Einstein was a Rolling Stone",
en dat makke mij nijsgjirrich.
Syn eardere programma
Neil Young meets Tom Waitz
fûn ik ek nijsgjirrich en boeiend.

Frank song ek dizze jûn wer prachtige selsmakke lieten
mar foaral ek Stones ferskes.
Dan wer op piano,  de syntersizer,
de akoestyske of de elektyske gitaar.
Moai spile en moai songen.
Ik haw genoaten fan de mzuyk.

Einstein is te yngewikkeld
om dêr  in konkreet ferhaal fan te meitsjen.
It slagge Farnk ek net hielendal.

De bylden op de eftergrûn en de muzyk soargen der wol foar
dat ik in jûn hie om oer nei te tinken.

Net folle publyk
wachtsje op de bus
dat soarge der foar dat ik nei ôfrin
noch in moai petear hie mei Frank,
dy't fan earder út yn it Hearrenfean komt.

Ik bin wol in bytsje fan fan dizze muzikant en aardige jonge.

Noch wat sitaten fan Einstein:
Logica brengt je van A naar B, fantasie brengt je overal.
Voorstellingsvermogen is belangrijker dan kennis.
Ons eigen geluk hangt af van de glimlach van de anderen.
Een avond waarop iedereen het eens is, is een verloren avond.
Te midden van de moeilijkheid ligt de mogelijkheid.
Het mooiste wat we kunnen meemaken, is het raadselachtige. Daar komt alle ware kunst en wetenschap uit voort.





woensdag 4 december 2019

Mienskip


At je as Wommelser op facebook sitte
mei alle privacy gefaren dy't dat meibringt,
dan is it in logyske stap
om ek "lid" te wêzen fan Mienskip Wommels.

Oant no ta levert it mij neat op.
Der binne trije ûnderwerpen,
dy't de boppetoan fiere
en lit dat no krekt dingen wêze,
dy't mij net oangean.

It giet it meast oer katten
dy't fermist wurde
en hast altiten wol wer werom komme.
Ek ús kat lit him soms dagen net sjen
en sit dan sûnder skuldgefoel samar wer foar de doar.
Wij belûke de mienskip dêr mar net bij.

It giet ek in soad oer folders
en de Boalserter krante.
Dy wurde regelmjittich net besoarge
en elkenien wit wol werom.
Foar in pear euro oeren pakketten folders rûnbringe
is net iets wat je lang folhâlde.
In strjitsje oerslaan is in oantreklike opsje.
It gemis oan folders yn de bus
is in populêr ûnderwerp
bij de mienskip fan Wommels

It hûntsje fan Okkema fan Easterein
is ek sa'n dinkje om it oer te hawwen.
Yn syn algemienheid
is der net folle begryp bij Wommelsers
dat ek gjin hûn mear yn Easterein wenje wol.
Alle dagen pakt hij de  âld dyk
en letter op de middei rint hij werom,
Yn dy tuskentiid is der in melding dien
op ús aller mienskipside
en wurdt it hûntsje wer karakterisearre
as in gemien kring of as in leaf hûntsje.
Dêr is de mienskip yn Wommels it net oer iens.
Dat dy net samar los omrinne mei,
dêr binne wij it allegear wol oer iens.



zaterdag 30 november 2019

7 deugden


Bij de keunst let ik net allinne hoe't it der útsjocht
mar foaral hoe't it hjit.
Ferbaas mij hiel faak oer de titel.

Bij dizze keunstner wie it oarsom.
De titels wiene dúdlik,
de 7 deugden,

Ik haw foto's makke
om der thús noch efkes rêstich oer nei te tinken
en te ûntdekken
at ik oansluting fyn
bij wat ik sjoch en wat ik lês as titel.

Ik fyn dit slagge tige slagge keunst



moed

gematigdheid

wijsheid

geloof

hoop

liefdadigheid

rechtvaardigheid

vrijdag 29 november 2019

Amelân

Novimber stiet op Amelân de keunst sintraal.
Hûnderten grize en keale koppen 
ride yn harren eigen auto,
gean mei de elektryske Arriva bus,
of ferpleatse harren op de hierde elektryske fyts
it eilân oer nei ien fan de 40 lokaasjes
wêr't keunst útstald is.

Alles is keunst,
en sa fytsten wij yn trije dagen it hiele eilân oer
op ús eigen fyts sûnder ûndersteuning.

Wij seagen op alle lokaasjes
en de foto's dy't ik dêrfan makke komme letter.

Wat op dizze acht foto's stiet, 
is dêr altyd te sjen



Oan de waadkust dit prachtige keunstwurk

Yn it bos efter Hollum in minitaferieltsje

mei poddestuollen en kabouters

De mûne bij Hollum draaide tafallich en makke de Amelander mostert. .... Wat kin mostert dan rûke/stjonke.....

In klinkerpaad bij Nes dat útriden is en plak makket foar in hiel soad heale klinkers...

Foar de safolste kear wiene wij dik tefreden oer ús oernachtingsplak bij Nes

It natoermuseum yn Nes is dêr altyd moai

Moai sein op de terminal yn Nes





donderdag 28 november 2019

Yn Diggelfjoer


At je Diggelfjoer,
it doarpskrantsje fan Wommels net lêze,
en je wolle dochs graach witte
hoe't it gien is op de ferhalenjûn yn Wommels
dan is dat hjir dus te sjen.

In kreaze foto Pieta......



zaterdag 23 november 2019

Sliepe


In koart nachje 
sis je wolris at je wat te fieren hân hawwe
en moarns betiid wer op moatte.

Myn slim horloazje registrearret alles
en komt nei in jûntsje Volbeat yn Amsterdam
en twa jonge útfanhúzers yn de nacht dêrnei
ta dit oersicht.




vrijdag 22 november 2019

Bassie




Foar de safolste kear komt hij wer oansetten mei it boek.
Hij dat is Nyck fan 1 en it boek hjit "Waar is Basje Bollebeer".
Sa bysûnder dat dit boek sa populêr is
bij ús pakesizzers.
En de twa oare jonges ,
Roan en Samme
treaunen mij dit boek altyd yn hannen

Ik lês it net foar
ik fertel it ferhaal yn myn eigen wurden
yn it Frysk
en let goed wêr't se op reageare.

Bij Nyck is dat at se Basje wer fûn ha
en heit  Bear him útprottelt.
Basje moat gûle,,,, sis ik dan,
gûle, gûle, gûle, seit Nyck dan
en dat sjocht ek hij fertrietlik
prachtich is dat




donderdag 21 november 2019

Yn de partybus nei Volbeat


Volbeat yn de Ziggodome
en wij wiene der wer bij.
De rock/metalband út Denemarken
hat in soad fans yn Fryslân,
sadat it gjin probleem wêze mocht
in bus fol te krijen.
Wij troffen it, te sjen oan de tekst op it rút.
 "de gezelligste partybus  van Nederland"
soe ús dy middei nei Amsterdam bringe
en jûns wer nei hûs




De muzyk yn de bus wie ek prima (lûd)
en it oantal stops op sa'n eintsje boppemjittich.

De muzyk yn de Ziggodome wie top,
Danko Jones rockte op syn eigen wize
Baroness is in prima band
en Volbeat foldie oan de hege ferwachtings

Wij sieten dizze kear
en dat moast wenne. mar foar trije bands
in prima alternatyf foar it stean.
It wie tige relakst dêr op de twadde ring
en tusken de muzyk troch koene wij sûnder wachttiid
in bierke helje en in bierke fuortbringe

It lûd op de twadde ring wie goed
it sicht ek en de stoel siet fantastysk.
Ek dizze rocker wurdt wat âlder

Krekt nei 11 oere dien
en tsjin trijen thús.......
Dan moat it wol hiel gesellich
yn de partybus west ha...

Of gie der iets mis?
Ja dus, gjin rezjy fan de partybusreislieder,
Gjin tiden ôfprate en net strak yn de planning
is min, striemin sels.
In heal oere wachtsje op de lêste
dy't net komme
fuortride en weromgean
om dochs wer in heal oere te wachtsjen op dy lêsten
dy't úteinlik dochs net komme

In prima idee om in partybus yn te setten
foar konserten hjir en dêr
mar regelje it dan wat strakker weromreis.
Wij binne foar de muzyk fuort
en at dat dien is wolle wij gewoan hûs,
it hat dan moai en goed west.

At ik wer mei de partybuis gean?
Nei Iron Maiden yn july 2020
en wat strakker regelje
dan slút ik dat net út

zondag 17 november 2019

Ferhalenjûn


De ferhalenjûn 2019 sit er werop.
In moaie boppe etaazje fol
yn  museum it Tsiispakhús yn Wommels

Trije ferhalen
Wieke de Haan fan Mantgum lies foar út har eigen wurk
Feja Attema út Frjentsjer fertelde it ferhaal  oer de fioelbouwer fan Froonacker
en ik hie foar dizze gelegenheid in stik skreaun
mei as titel: de lêste stien dy moat wat sizze

Reaksjes nei ôfrin wiene wer tige posityf
lykas dizze:


vrijdag 15 november 2019

Boek


Der binne boeken dy bliuwe je echt bij.
Dit sil der fêst ien wurde bij mij.
De prijs van Erik Betten

Ik wol neat oer de ynhâld fertelle,
mar ik haw selden sa'n spannend
eangstoanjaaiend boek lêzen.

In ferhaal fan no en de takomst?
Hoop it mar net.



woensdag 13 november 2019

dinsdag 12 november 2019

Boartersguod

Moai boartersguod foar de pakesizzers
dat binne de medaljes.
Jierrenlang fuortstoppe yn in doaske
en ynienen komme se wer op de proppen.

Medaljes, fertsjinne mei sport en spul.
Medaljes krigen
troch in priis te winnen
lykas mei it keatsen, it folleyboljen en it kaarten.
Medaljes krigen
troch allinne mar mei te dwaan.
In tochtje ride yn de winter
in ritsje fytse yn de simmer
en loopkes rinne yn myn betide jeugd

Medaljes, se hawwe gjin wearde,
at der in stik as wat fuortreitsje
dan seur ik dêr net oer.

Ik helje der efkes fiif út.
De earsten sa'n bytsje.
Keatse bij Lyts begjin
of better sein it bekertsjekeatsen.
Dy medaljes dy wûnen je en dan wiene je grutsk.

De medaljes fan de rintochten
dy't ik meidie yn de legere skoalle leeftyd.
Sneons mei master Geertsma op 'n paad,
yn de maat rinne
op de  President Rooseveltrintocht fanút Snits
of de Kennedytocht fanút Menaam

Dy medaljes dy hawwe herinneringswearde
en dêrtroch binne dy úteinlik wol wat wurdich.

In teloarstellend gefoel haw ik noch altiten bij de medalje
fan de "Avond4daagse"
It earste jier de medalje en dêrnei in oantal jierren
sa'n lúzich nûmmerke, 2, 3, 4.....
ik fûn it mar neat










donderdag 7 november 2019

Ella


Op 7 oktober 2019 ferstoar Ella Vogelaar.
Sij seach it libben net mear sitten.
"Vogelaar, Ella", hoe sit it ek al wer.
Mei dy fraach gûgele ik mij nei in boek.
"Twintig maanden knettergek"
Nijsgjirrich nei de eftergrûn fan dy titel
freegje ik it boek oan bij de byb.

Ik haw it út.
It measte lêzen, net alles.
Al dy politike dilemma's fan 2007 en 2008 
dat is mij no wol goed.

Mar fan wat ik lês, slacht de skrik om myn hert.
Wat hat dy frou in ûnmooglike striid fiere moatten
tsjin de eigen partij, tsjin mei namme Wouter Bos.

Dy glêde prater,
dy't sels gjin belsissingen doarde te nimmen
dy't fol griffermearde streeksjes sit
dy hat har oan de kant setten.

Hij as minister fan jildsaken joech har in portefeuille
sûnder budzjet. 
20 moannen hat se oars net dien as fjochtsje om jild 
om it troch oaren fêststelde belied út te fieren.

Djip respekt haw ik foar har,
foar de striid dy't sij levere.

Dat it minister wêzen yn algemiene sin
gjin earebaan is, wurdt mij ek dúdlik.
Fan moarns 6 oant jûn 12 oere is sij oan de slach.
Eigen tiid bestiet net.

Dêrom is dit boek sa moai.
It is skreaun troch har partner
dy't al pensionado is op dat momint
mar dy't har stipet mei rie en dieden.

20 maanden knettergek,
in prima titel fan in moai boek


dinsdag 5 november 2019

Tafal bestiet net

De Hobo String band
wie yn de jierren 70 in alderaardichste folkband.
Sa kamen út Aalsmeer
en no en dan soargen se foar in moaie jûn yn Fryslân.
Ik seach se yn Bakhuzen, in Sint Nyk, yn Warkum of Koudum
allegear op jûnen fan de KPJ,
de katolike plattelâns jongerein

Tafallich (of net) ferline wike socht ik op Spotifij
at harren elpee út dy tiid der ek op stiet.

Ja dus en sa "draaide"ik de fleurige lietsjes
in oantal kearen.

Hjoed seach ik op it ûnfolprezen Facebook
in oankundiging fan de Gekroonde Leeuw yn Arum:
kommende sneon in optreden fan de Hobo String Band
of wat er noch fan oer is.
Twa man fan de eardere band binne der noch
en sij dpgge it no mei 3 oaren.
De hûn Fiedel, dy't altyd foar op it poadium lei
dy sil der wol net mear wêze.

Wurdt it sneon in jûntsje Hobo String Band?
Ik wit it noch net.
Myn muzykkar is wat oars wurden
dus at ik gean , dan is it fanwege jeugdsentimint.

Ut myn plakboek fan 1970

zaterdag 2 november 2019

Fanôf de Bunnikside

(begjin oktober skreaun foar de Treffer, helaas is it net pleatst, dan samar)

Ien sitbank en twa leunbanken.
Dat is de Bunniksite.
Meastal goed beset.  Bij thúswedstriden fan SDS 1.
In man as 10 en Pytrik.
In deskundige, in analytikus, in drammer, in realist, in opportunist, in seurpyt, in  gekoanstekker, in waarman, in stille, in romantikus.  Allegear SDS supporters.  Se binne sa’t se binne.
Sneon 5 oktober.
Moai waar.
De middelste bank is gau beset.
De earsten skarrelje der al betiid hinne.
Oaren folgje.
Plakje sykje. SDS 1 – Makkum 1.
Sij 0, wij 4 punten.
Oer 90 minuten 7.
Dêr is de opportunist wis fan.  
“Wij moatte mei twa nûmers 6 spylje”, seit de deskundige foarôf. Hij leit it út. Nimmen harket.
“Wij moatte mei trije spitsen”, seit de opportunist. Hij leit it út. Nimmen harket.
“Wij moatte winne”, seit de drammer.
“Fan Makkum winne je net samar”, seit de realist.
It earste doelpunt falt. Foar Makkum.
“Sjochst wol” seit de realist eigenwiis.
“Wij moatte mei trije spitsen” werhellet de opportunist,
“wij steane efter”, seit de realist
“It sit hjir lekker” seit de romantikus
 “Ha se wol traind dizze wike” seit de seurpyt.
“Wat is der mei de bal” seit de gekoanstekker.
Makkum skoart mei in kopbal.
“Slop ferdigene” seit de deskundige.
“Fan Makkum winne je net samar” seit de realist.
“Wij winne sa net” seit no de seurpyt
 “It is ûnsoarchâldich” seit de analitikus yn it skoft.
 “Wij moatte mei trije spitsen” seit de deskundige yn it skoft.
“It waar is better as juster”, seit de waarman

Twadde helt.

“Gjin wiksels” seit de stille. Peter skoart de 1-2
 “No trochgean” seit de opportunist”.
“De twa bûtenste middenfjilder stean djipper”, seit de deskundige.
“Mear spirit no”, seit de analytikus.
“No trochgean” seit de opportunist.
“Fan Makkum winne je net samar” seit de realist.
“Fan Makkum winne je net samar” seit de gekoanstekker.
“Jaap hâldt ús yn de wedstriid” seit de deskundige.
“Jakob der yn en Erik yn de spits” seit de opportunist.
“Let op” warskôget de romantikus krekt op tiid.
 Alle hollen (útsein dy fan Pytrik) draaie nei lofts.
Froulju út Makkum panderje foarbij.
Mei opset net te fluch.
“Goed spul” seit de deskundige
“Genôch djipgong” seit analytikus
“Wol wat fris mei dy rokjes”seit de waarman
“Sjocht er goed út” seit de romantikus.
 “Neat mis mei” seit de stille.
“Moaie froulju” seit de realist
“Se stean der foar” seit de seurpyt.
“Fan Makkum win je net samar” seit de opportunist.
“It sit er net yn hjoed” seit de deskundige at se foarbij binne.
“Earste helte ûnder de ûndergrins” seit de analytikus.
“Ik seit it al, fan Makkum win je net samar” seit de realist.
“Yn Aldehaske winne se ek net” seit de seurpyt.
“It siet hjir lekker yn it sintsje” seit de waarman.
“Oer 14 dagen wer thús” seit de deskundige.
“Wat soe Ate hjir fan fûn ha”, seit de stille
“Se ha ferlern” seit de realist
“Wij keapje der ien op” seit de gekoanstekker


woensdag 30 oktober 2019

Ljocht oan

In moaie aksje fan de ANWB
om tags te pleatsen foar fytsljocht.
Undersyk hat útwezen
dat troch sokke teksten op de dyk
6 fan de 10 minsken it ljocht oansette.
Dat wie earder 4.

Op meardere plakken yn Wommels steane se al
dus haw ik it parkearterrein bij SDS opfleure
sadat jeugdige fuotballer
en ek de âldtsjes
it ljocht oan dogge at se nei hûs fytse
fanôf in training of wedstriid