maandag 7 september 2026

Triatlon

It is it wykein fan de triatlon yn Wommels

Freeds de bern fan trije basisskoallen 

en sneon de 1/4 en 1/8 foar de senioren

Beide dagen bin ik frijwilliger

Freed stean ik bij de mûne fan Wommels en Iens

De bern moatte dêr oan ta fytse,

fytse om mij hinne en gean werom

It rent en it waait dat it rikket,

se komme mei gong oan bij mij.

Se falle gelyk stil at se werom moatte

Ik gean efter de lêste fytser oan

en dy sjoch ik net foarút kommen

"Hasto net fersnellings", freegje ik him

Hij sjocht mij net begrypend oan 

Ik sjoch in skeakel en in 1, 2, 3 stean.

"Moast fan 3 nei 1 skeakelje "jou ik oan

Hij docht it en sjocht en reagearret ferheard: 

"so, dat skeelt"     

Wij fytse langsum troch en ik jou noch in tip

"Miskien oare kear it sadel in heale meter heger"

"En de bannen goed oppompe , dat kin ek helpe"

Dúdlik in jonge dy't nea op de fyts sit bûten it doarp

Dan binne je 10, 11 of 12 jier!



Geen opmerkingen: