It stikje út Diggelfjoer fan febrewaris mei foto's
Kappersaak Buding hat twa kear oan
de Terp sitten. Hoe sit dat krekt?
Dit ferhaal fan kapper Buding begjint yn Schonebeek yn Drinte.
Dêr wurdt Sjieuwke berne. Sij ferhúzet yn
1945 mei har heit en mem nei de Walperterwei yn Wommels.
Sij begjinne dêr in
kapperssaak ( it pand neist kapsalon Bontje).
Yn 1946 is der in mooglikheid om
oan de Terp (sichtlokaasje!) in saak te begjinnen mei mear romte. In romte foar
mannen en in romte foar frouen en in “hokje” dat ôfsketten wurde kin want wa
wol no in frou mei krolspjelden of wiet hier yn de kappersromte sjen?
Heit en
mem hawwe beide harren eigen ôfdieling en dêrneist de húshâlding mei 4 bern.
Sjieuwke moat helpe yn de húshâlding en de kapsalon at se 14 jier is.
In
húshâldskoalle ôfmeitsje is der net bij.
At se 16 jier is mei se nei de
kappersfakskoalle sadat se it fak yn twa jier goed yn de fingers krijt.
Thús wurkje bij heit en mem is net altyd like maklik.
Se hat Jan Heeringa
troffen bij it dûnsjen en sa ferhuzet sij mei Jan nei Snits.
Gjin kapper mear
mar in karriêre yn it jaan fan dûnslessen.
Heit en mem Buding stopje yn 1972 yn
Wommels en dêrmei komt der in ein oan dizze kapperssaak oan de Terp.
It pand
wurdt ferkocht en de winkel krijt wol gauris in oare bestimming.
Antyk te keap
dat sille sommigen noch wol herinnerje. Mar dan wurdt it 1986. Sjieuwke en Jan
binne útelkoar en Sjieuwke siket
wenromte en in baan en fia it iene tafal nei it oare keapet se harren “eigen”
pand werom.
Werom op it âlde nêst. Se hat 25 jier net kapster west, dus is it
saak om de nije techniken en materialen te ûntdekken.
Mei Grietje Bijlsma krijt
Sjieuwke de saak oan de praat. Grietje
is fan de nije generaasje kapsters en dat wurket prima.
Wij prate efkes oer de ferskillen fan dy earste jierren at se bij heit en
mem yn de saak is en de perioade fanôf 1986. Wêr’t yn 1960 de krolspjelden de
oerhân hawwe , is it yn de jierren 80 coup soleil of blondeare.
Wêr’t yn 1960 sommige manlju meardere kearen per wike lâns komme om skeard
te wurden, is dat yn 1986 echt ferline tiid.
Wêr’t yn 1960 de salon iepen is, oant soms 9 oere jûns en sneons ek de
hiele dei, wurdt it 1986 oant 6 oere en sneontemiddeis fanôf 12.00 oere ticht.
Wat wol gelyk bleaun is de lektuer. Panorama, Margriet en foar de bern de
Donald Duck. Troch dat bledsje mochten bern graach nei de kapper gean yn 1960.
Yn 2005 is Sjieuwke stoppe mei de saak, mar se wennet der noch mei alle
wille en hat genôch plak foar har hobby: teepûdsjes sammelje. Foto’s fan de
saak yn eardere tiden kinne jim sjen op https://datfynik.blogspot.com/
Gelokkich hat se dy bewarre fan harren eigen pand
![]() |
| Rûn 1910 siet der in winkel yn it pand sa te sjen. Rjochts op de foto it bedriuw fan van Wieren/ Baarda |
![]() |
| De brêge seach der ek oars út |
![]() |
| Flak foar it pân wie der op de Terp in hoekje "tún", mei romte foar de wask |
![]() |
| It diakonijgebou links fan de dyk, de kapsalon rjochts |
![]() |
| In dûbele doar yn de kapsalon en op de bûtenmuorre wie te sjen hoe âld it gebou wie |









1 opmerking:
Alle tank oan dizze geweldige man mei de namme Dr. Agbazara, de grutte tsjoender, dy't de freugde yn my werom brocht hat troch my te helpen myn leafste werom te bringen dy't fjouwer moannen lyn mei my útmakke hat, mar no by my is mei de help fan Dr. Agbazara, de grutte leafdes tsjoender. Alle tank giet út nei him, jo kinne ek kontakt mei him opnimme foar help as jo him nedich binne yn tiden fan problemen fia: 📧 ( agbazara@gmail.com ) jo kinne ek WhatsApp: ( +2348104102662 )
Een reactie posten