vrijdag 30 januari 2026

Etiket lêze

It falt mij bij mijsels op

dat ik hieltyd faker etiketten lês

Under iten haw ik dêr ek wol tiid foar

want neffens de rjochtlinen 

moat ik goed  kôgje en rêstich ite

Ik sit noch yn de learfase, 

want ite doch ik it leafst mei gong



Alle tiid dus om bijgelyks it etiket op dizze flesse te besjen

en der wat fan te finen

1. 

Wij hawwe de flesse kocht bij de Aldi. 

It is in "ympuls oankeap "

2. 

Nutri skoare is E

Dat is de leechste skoare 

en dy besykje ik gewoanwei te mijen

3.

It is produsearre yn Nederlân. 

Bijsûnder, want it is dochs Asiatysk?

4.

De yngrediinten komme oeral wei,

wêr wei dat jout it etiket net oan

5.

Der sitte 47 porsys yn.

Dat hawwe se dus foar mij bepaald.

Dat ik altyd mar in bytsje stip brûk per kear

is dêr yn net meinommen (tink ik)

6.

T.h.t. stiet boppe-oan de fles: 1-8-2027

Dat is moai, salang doch ik wol mei sa'n fles

7.

Oer bewarje wurdt ek wat sein:

kâld, droech en yn it tsjuster.

Mar: nei it iepenjen  binnen 2 moanne brûke...


Konkluzje

Ik moat binnen 61 dagen 47 porsjes fan 15 ml ite

om it maksimale út de fles te heljen.









1 opmerking:

blogger zei

Alle tank oan dizze geweldige man mei de namme Dr. Agbazara, de grutte tsjoender, dy't de freugde yn my werom brocht hat troch my te helpen myn leafste werom te bringen dy't fjouwer moannen lyn mei my útmakke hat, mar no by my is mei de help fan Dr. Agbazara, de grutte leafdes tsjoender. Alle tank giet út nei him, jo ​​kinne ek kontakt mei him opnimme foar help as jo him nedich binne yn tiden fan problemen fia: 📧 ( agbazara@gmail.com ) jo kinne ek WhatsApp: ( +2348104102662 )