datfynik
Ik mei oeral wat fan fine. Wat in hearlik gefoel is dat.
maandag 9 november 2026
Lakse provinsje
zaterdag 7 november 2026
Stadions
Fia Strava en Wielervrienden wurdt ek fêstlein
at ik bij ien fan de 38 fuotbalstadions lâns fytst bin sûnt 2020
Ik haw dêr net echt mij dwaande west
mar dit is it rissultaat
Fan de 38 stadions bin ik bij 10 lâns fytst
Doel foar 2027: 9 derbij
vrijdag 6 november 2026
Eddington getal
Ik haw der noch nea fan heard,
mar kom it tsjin op in favorite webside fan mij:
wielervrienden.nl
Mei in koppeling fanút Strava wurde dêr nijsgjirrige dingen bijholden
Dêroer letter noch mear
No earst it Eddington getal
donderdag 5 november 2026
Bunker(s)
It sil yn de jierren 70 west ha
at ik kampear op kamping Dellewal op Skylge
Meardere jierren at ik it mij goed herinnerje
In fêst loopke is meast "efkes op de bunker sjen"
Dy bunker is dêr flak bij en jout útsicht op it waad.
Dit wykein bin ik op Skylge
Ik haw al sjoen dat der in boerd stiet fan "Bunkermuseum"
Ik kin mij dêr net folle bij foarstelle
want yn myn 'jierren 70 herinnering'
binne der mar ien , miskien twa bunkers
Mei Samme der dochs mar efkes sjen
en ik bin ferbaasd.
It binne dêr meardere bunkers
dy't op ien of oare wize mei elkoar ferbûn binne.
Der is fan alles te sjen foar in nijsgjirrige jonge fan 10
en in ferbaasde pake fan 72.
woensdag 4 november 2026
zaterdag 31 oktober 2026
Oebele
At ik yn 1998 bij de gemeente Snits in baan krij
kom ik Oebele Anema út Mantgum tsjin
Dy kin ik dan al fanwege it fuotbal bij SDS
Soan Skelte fuotballet yn Easterein
en heit Oebele is hast altiten fan de partij.
Hij fielt him goed thús bij SDS
en docht mei oan aktiviteiten

Meidwaan oan it klaverjassen
en it mei organiseare en de prizen útrikke
Oebele hat ek in noflike drink oer him
dat in neisit mei him is nea ferfelend.
At der te min spilers binne foar it beruchte 35 + Skylge tripke
hellet hij de skuon foar dy iene kear út de wylgen
Bij de gemeente wurket Oebele op jildsaken
en ik wurkje op ûnderwiis
Al gau fine wij elkoar tusken de middei
In lunsjloapke troch de stêd fan in lyts healoere
en dêrnei wer ynklokke en oan it wurk
Op tiisdei dogge wij in koarter loopke
want dan stiet de fiskboer op it Grutsân.
In lekkerbek of kibbeling is in fêste hap.
De krystbuorrels binne legendarysk
wêr't wij dan telâne komme betiden....
At Skelte mei fuotbal stoppet bij SDS 1
en ik gean nei in oare wurkjouwer
dan hawwe wij wat minder kontakt.
Noch in inkele kear sjoch ik him bij it fuotbal,
mar faker bij it keatsen.
Oebele hat mear mei it keatsen as mij.
Hij giet meast ek in wike nei Belgie mei syn pelotefreoenen
en komt dan mei moaie ferhalen werom
In jier as wat ferlyn wurd ik frege om te biljerten
In kear as trije yn it jier yn de Ouwe Pan yn Snits
Eardere kollega's (Jan, Peter, Henk, Andries en Oebele)
wolle graach wer in sechde biljertmaat
neidat der immen fuortfallen is
Ik stim yn en sa kom ik Oebele wer tsjin.
It is moai om elkoar dan wer te treffen.
It measte wit hij wol fan mij
want myn bloch hâld hij goed yn de gaten.
Ferline wike in tillefoantsje fan in biljertmaat
Oebele is slim siik en hat noch mar koart te libjen
Tiisdei 27 oktober is hij al stoarn
Ik haw efkes flokt......
Ik sil him misse!
Ik mocht him hiel graach.
Wat in gemis foar syn frou Doet
syn soannen Skelte en Wytske en Jelle en Nynke
en foaral ek foar syn pakesizzers
want dy hat er fan tichtbij opgroeien sjoen yn Mantgum
en dêr koe der fan genietsje
Sterkte, sterkte, sterkte mei dit grutte ferlies
Bearegoed
Wij binne op Skylge
De Beareloop
Helaas doch ik net mei, fanwege blessure
Mar Nyck is der wol
8 jier en 5 km drave!
Top prestaasje mei in geweldige tiid
25.38
Op foto mei mem Berber,
dy't flink oan de bak moast om yn syn spoar te bliuwen
donderdag 29 oktober 2026
Bylden
woensdag 28 oktober 2026
Klokkestoel
Ik stik as 66 binne dat.
In moaie útdaging en hij is ôffinkt
Mar wat lês ik no?
Jutryp krijt in klokkestoel
De kommende tiid mar in kear nei Jutryp ta.
maandag 26 oktober 2026
Oanrieder
dat is it museaum fan Marinus van Dokkum.
It stiet yn it sintrum fan Hurderwyk
en je komme der mei in goed sin wei.
Fanwege de kleurrike skilderijen
mar foaral fanwege de humor.
Hearlik hoe't hij hast elkenien glimkje lit
bij it sjen fan in protte fan syn skilderijen.
De audiotoer fertelt it ferhaal fan it hoe en wêrom.
Wij sjogge dat ek bern it grappich fine.
Dus gjin dolfinen mear dy't keunstkes dwaan moatte
mar nei it museum yn Hurderwyk
In ympresje.....
De K fan Keunst
donderdag 22 oktober 2026
Ik
Ik sei tsjin Chat GPT
'meitsje in 'spotprint' fan mij op basis watst wist
Ik haw gjin foarsetsjes jûn,
Ik kin der wol om gnize,
it sit ticht bij de wierheid...
It is ek wol wat nuver want....
hoe wit GPt dat wij in wite kat hawwe
woensdag 21 oktober 2026
Bylden
Ik mei graach oer bylden
Underweis stopje wij dêr foar
Gewoan in foto, meastal sûnder te witten wat of wa it is




















































