Dat is lang lyn, safolle snie at je wekker wurde
It is in aardichheid om bûten te wêzen, krekt foar skoaltiid
Heiten en memmen rinne mei bern,
al of net op sliden, nei skoalle ta.
It jout in moai nostalgysk byld út de jierren 60
doe't de bern altyd rinde nei skoalle gongen
Nei hast in kilometer bin ik op Skrok
De iepen romte jout alle dagen in nij byld
Hjoed is it wyt om mei hinne
De moanne jout him hast del
en de donkere wolken foarsizze nije snie
De skiep, goed yn de wol, wurde net oars fan de snie.
Ik tekenje 2026
Bij skoalle mist der wat
In fol fytsenrek
Twa stoere jonges hawwe it oandoard





Geen opmerkingen:
Een reactie posten