maandag 26 september 2011

Raar praat

De ôfrûne wike waard dúdlik dat de politike partijen elkoar net mear mei arguminten bestride mar mei skelwurden en beledigingen. In sjenânte fertoaning op it Binnenhôf. Fertjintwurdigers dy't it oer fatsoensnoarmen hawwe, geane raar oer de skreef.
It it dan ek net raar dat minsken elkoar foar fan alles útmeitsje tsjintwurdich!. Min foarbyld docht wol folgjen.
Dizze en ferline wike dogge se bij ús op skoalle in projekt om it gebrûk fan skelwurden te ferminderjen. It sil net tafalle om struktureel it gebrûk fan skelwurden te ferminderjen bij bern at se yn harren neiste omjouwing en op tv oerstjalpt wurde mei skellerij en flokkerij.
Sneon stie ik te flagjen bij Zeerobben Da1 tsjin SDS Da2. Der is hast gjin wanklank fallen. Ien kear wie de lieder fan Zeerobben it net mei myn flagjen iens en hij liet dat efkes heare. Net op in ferkearde toan mar gewoan fanút syn emoasje in opmerking. Yn it skoft kaam er al bij mij. Hij hie it net sa bedoeld. Eksuses sa sei hij. Sa kinne je it ek oplosse meielkoar.
Op it fjild dêrneist wie Zeerobben 3 oan it fuotbaljen tsjin Leeuwarder Zwaluwen 3 of 4. In wedstriid mei in enerfearend skoareferrin wêryn de skiedsrjochter troch beide partijen betiden ferrot skolden waard. Freeslike skelwurden fleagen oer dat en oer ús fjild. Grutte mannen dy't totaal gjin rem yn de mûle hawwe.
Nei ôfrin siet de skeids yn it sikretariaat oan in bierke.
"Drege partij", sei ik tsjin him.
"Ja", sei der," ik wit net wat mij mankeard. Myn hobby is fluitsjen, mar ik lit mij 90 minuten ferrot skelle. It is echt skandalich. Kin better ophâlde"
Ik seach him oan en fielde mei him mei. Ik bin benijd at er der sneon wer stiet. Ik wist it wol. Mij seagen se net wer mei de fluit.
Se kinne om mij de rambam krije meielkoar. En dan haw ik it hiel fatsoenlik sein fyn ik sels.


Geen opmerkingen: