zondag 11 september 2011

Fryske Cash

De Fryske Cash is in projekt mei in ferskaat oan artisten dy't in oantal kearen meielkoar optrede, Johnny Cash spylje en sjonge en hoopje dat harren CD en Elpee kocht wurdt.
Doe't ik in skofke lyn de CD presintaasje yn it Bolwurk yn Snits op ynternet seach, wie ik net gelyk entoesjast mar ik fûn dat se in twadde kâns hawwe moasten yn de iepen loft.
Sneontejûn yn Starum dus. "Hast de ein fan de wrâld, in úthoeke" wiene regelmjittich weromkommende kreten fan presintator Jacco de Boer en ek meardere artysten liete wiette dat dit wol in hiel ein fuort wie. In skitterjende lokaasje mei it poadium op de brêge en it harkersfolk lofts en rjochts fan it wetter. En wat boatsjes yn de midden.
"Stagediven" wie tastien neffens ien fan de artysten, mar dêr waard net folle gebrûk fan makke.
It waard in prachtige jûn. It sjênre fan Cash is breed en dat kaam der op dizze jûn prachtich út. Rockabilly, country, ballades en gospel alles kaam foarbij. Utfierd troch in ferskaat oan artisten.
En it ferskaat oan nûmers en oan artisten dat soarge der foar dat it net in momint ferfeelde. Hast twa en heal oere Cashte de Voorstraat yn Starum en it lûd galme oer heal Starum hinne. It moaie wie dizze jûn ek dat it publyk echt oandacht hie foar de muzyk en wat minder foar de biertinten.
Fanôf in oere as tsien wie der ek noch in geweldige ljochtsjo bij yn de foarm fan bliksemskichten.
Kommende tongersdei binne se op AD yn Frjentsjer. Al wer op in Voorstraat en miskien sjoch ik der wol wer efkes want dit wie bêst genôch.

Bysûnder wie ek it optreden fan Baldrs Draumar en it liet Frije Friezen set ik hjir mei nocht ûnder. Al is it dan gjin nûmer fan Cash, foar sa fier ik wit.

Geen opmerkingen: