zondag 23 januari 2011

Ten years after

"Utferkocht" hong der sneontejûn op de doar bij poppoadium it Bolwerk yn Snits. De 4 jonges fan Ten Years After hawwe noch safolle namme dat sij in seal fol krije mei keale koppen, grize hierren en (te) lange burden. Allegear leafhawwers fan it kompakte lûd fan Ten Years After. Allegear is krekt wat te folle sein, want efter yn de seal wiene der te folle dy't mear foar it praat kamen as foar de gitaar. En dat jout yn it Bolwerk swierrichheden. De desibelmeter stiet dan wol kreas ôfstimd op 90 sa wat, mar it is dan efteryn net goed te hearen. Alteast je krije dy jankende gitaar net fol yn de bealch, je fiele de drums net yn de lea, de bas docht je net triljen en it lûd fan de sjonger komt net oer.
Doe't wij ús troch de mannichte nei foaren wraksele hiene (dêr is "vader Abraham" net populêrder fan wurden en syn broer ek net), omdat wy wol foar de muzyk komme (eamelje kin letter wol), seagen wy it entûsjasme en hearden wy it folle lûd, dat hielendal klopt.
Oan de mannen op it poadium lei it dus net. De wite hierren fan basgitarist Leo Lyons wapperen as wie hij in jonge God fan 67 en hij wie it symboal fan entûsjasme. De âldsjes yn de groep diene it noch bêst. De tradisjonele jierren 70 drumsolo wie der fan Ric Lee en Chick Churchill sloech op de keyboards of wie it in waskboerd.
Allinne sjonger Joe Gooch wie ynbannich en at dat no troch syn karakter komt, troch syn leeftyd (hij is noch mar 33) of troch syn sichtbere rêchklachten, it past hielendal bij in sologitarist. Machtich om te sjen hoe't hij hingjend op in kruk (hij wie hielendal stikken) Going Home spile. Doe waard dúdlik hoe goed dat nûmer is en wat der yn in gitaar sit en wat der út te heljen is.
Twa oeren lang Ten Years After en dêrnei noch in oerke lekker nei-eamelje mei Ate, Ype, Elly, Lolke en Johannes, dy't der ek hielendal trochhinne siet, mar dêrtroch maklik yn te passen wie as 4-de man op de efterbank.
Hearlik.

Geen opmerkingen: