zondag 23 januari 2011

Moai mar ek argewaasje

Krekt werom fan it optreden fan Gerry Wolthof yn Jimbar yn Wommels. De man út Veendam dy't Neil Young spilet. De man dy't yn 1985 yn de Soudmixshow de tredde priis helle. Wat in geweldige Neil Young stim hat dy man. 3 sets lang hat er ús meinommen yn it grut ferskaat fan lieten. It gefoel dat Neil syn lieten mei joech, wie yn de Jimbar. De perfekte omjouwing om in geweldich konsert te jaan, sa fûn de Grinser sels ek.
Mar ik soe ik net wêze at ik gjin argewaasje hie. Twa sels dizze kear. Wêr't de measte argewaasje tsjin giet wit ik net. Tsjin de minsken dy't der net wiene en dus hiel wat mist ha of tsjin de minsken dy't der wol wiene mar gjin respekt foar de muzyk hiene en net 3 kear 30 minuten harren praatfolume net wat oanpasse kinne.
Ik tink tsjin de lêsten, want fan de earsten hie ik gjin lêst mar fan de lêsten wol.
Namkje Koudenburg makke in filmke, wêr't jim Gerrie net echt sjen kinne, mar dan hiene jim der ek mar wêze moatten. Te hearen is dêr de stim fan Gerrie, it meisjongen fan de leafhawwers en in gepraat fan de respektleazen.

1 opmerking:

Hans zei

In kroech is fansels gjin konsertseal! ;)

Oan it filmke te sjen wie de sfear poerbêst. Miskyn is oare kear in freed- of sneontejûn in better keazen momint, ik tink dat dat mear minsken lûke sil.