donderdag 6 januari 2011

Taal

Op woansdei 5 jannewaris skreaun Martsje de Jong in moai stik op har blog. Oer it fertutearzjen fan de Fryske taal troch tadwaan fan ûnder oaren de omrop.
In pear wike lyn krige van Sjoerd van Beem, in jonge tritiger, in needgjalp:

De lêste tiid haw ik in protte argewaasje oan minsken om my hinne dy't (faaks sûnder dat se it sels witte) ús taal nei gichem helpe.
It giet dan om minsken fan myn leeftyd en jonger, mar ek âlder.
De measten binne thús opfieden mei de taal dy't ús sa nei oan it hert leit, mar troch dat se tsjinwurdich oeral en nearne yn it Hollânsk prate (moatte), fertink ik se der fan dat se ek hyltiid mear sa tinken gean.
Dit liedt ta (mis)brûk fan ús taal op in wize dy't by my regelmjittich de grize oer de grauwe lûken docht.
In oantal foarbylden:

# Wy hienen juster thús moatte fuotbalje
# Dat soe toch oars moatte kinne
# Ik wit net as ik sneon kin komme.

En gean sa mar fjirder.
Aant, ik bin sels ek net altyd like suver, mar wit al dat it my dwaande hâldt.
Hoe is dat by dy en kinne wy dêr miskien ek ien oft oare ludike aksje foar op tou sette?


Ik haw de meel efkes lizze litten. Mar hij stiet noch as in aksjemeel yn de boks. Ik haw noch gjin idee om dit oan te pakken.
Ik krige fan Wybren Jorritsma nei oanlieding fan Sjoerd syn foarbylden in "aardich" stikje.

Stel, dat wy it der nea wer út kinne krije,
dan bliuwt it dus sa
en dan sille wy der dus mei akkoart moatte gean
dat se yn de takomst sa sille prate.
En dat net alinne,
mar wy sille ek noch moatte ferkropje
dat se der wis fan sille wêze
dat dejingen binne
dy't mar net kinne begripe
dat it moderne Frysk sa moat klinke.
Ik hoopje dat ik it net mear
sil meimeitsje.


Ut: Ik woe dat ik in Drint wie, (Carla van der Heijde en Rients Gratema). Utjun by gelegenheid fan it 75-jierrich jubileum fan de Afuk 2003.

Potferdoarje tocht ik. Foar 2003 seach Rients Gratama dit al oankommen. Wat doe as as grappige tekst sjoen waard is no de tryste wierheid. 8 jier fierder en je heare net oars mear.
Wa kin ik de skuld jaan?

1 opmerking:

Martsje de Jong zei

Spitigernôch is de skuld uzes mei elkoar, al leit in grut part fansels by de oerheid en oermem yn De Haach, dy't it sa beskikt hawwe dat it Frysk as twadde Rykstaal neamd, mar as twadde Rangstaal behannele wurdt. Dat hat fan gefolgen dat der ús skoaltsjes amper mear omtinken oan'e taal jûn wurdt. Fansels, it Hollânsk moatte ús bern oan't yn'e perfeksje behearskje, mar it feit dat wy ús eigen taal wol praten, mar net skriuwen leare, jout de deastek. De grammatika fan it Hollânsk is krekt oarsom as dy fan it Frysk. Om't wy de earste lânstaal allegeduerigen skriuwe moatte, leit dy grammatika ús ek foaroan yn it bytsje ferstân dat wy meikrigen hawwe. Op'e Pabo wurdt ek net folle dien oan'e aktive behearsking fan it Frysk. Learkrêften fersteane it faaks noch wol, mar lang net elk praat it en praktysk gjin minske praat it noch geef. It grutste part fan ús bern sit tangele mei heiten en memmen dy't it Hollânsk folle wichtiger fine (dêr brekke jo ommers ynternasjonale potten mei) en op skoalle kriget de taal ek mar matich oandacht. Ynearsten dus om't de learkrêften de taal mar amper benei komme kinne, yn it twadde plak om't der in soad lesoeren en -sinten stutsen wurde yn sosjale omgongsfakken. Ek wichtich, mar sosjaal omgean yn jo eigen taal is der dan net mear by. Koartom, as jo net, krektlyk as ik eartiids, it gelok ha dat jo heit en mem tige op it Frysk binne en dan ek noch in skoalmaster treffe dy't jo grutbringt mei de Fryske Bernekrante, ynklusyf puzzels fan Omke Jaap, dan rinne jo in slimme efterstân op, dy't op lettere leeftyd mei in Afûk-kursus hast net mear yn te heljen is.
Hoenear komt it ljochtsje by de pommeranten dat it Frysk nei besibbe is oan it Ingelsk, neier as it Hollânsk ea wêze sil? Fryske en Ingelske grammatika hâlde foar in grut part de selde regels der op nei. Wêrom sille wy Friezen dêr ús foardiel net mei dwaan?
De skuld fan'e teloargong fan ús taal leit by bestjoerders, dy't alle foarmen fan Fryske edukaasje en Fryske taalstimulaasje, struktureel de nekke omdraait. De Omrop moat besunigje en mient dat dwaan te moatten op'e berneprogramma's. It ûnderwiis moat besunigje en docht dat op it Frysk. Faaks moatte wy nei in sitewaasje as destiids yn Finlân, doe't de minsken dêr ferplicht Sweedsk leare moasten (dat moatte se noch) en it Finsk net brûke mochten. De oerhearsking kaam ta in ein en de Finnen stoartten har op har eigen taal. Nea wie de leafde foar eigen lân en taal sa grut as nei't it in skoft ferbean west hie. Myn tip: freegje it regear de Fryske taal te ferbieden en oer tsien-tweintich jier libbet ús taal wer as in hert!

Groetnis,
Martsje