zondag 11 januari 2026

Polonêse

Bij it tredde nûmer fan All Star Wedding Band

frege de sjonger al om de polonaise.

Ik bin yn it muzykkafee yn Itens

en haw krekt sjoen nei in hearlik optreden fan  Florida Men

Strakke punk mei in útblinkende sjonger.

Ik hie fan te foaren al betocht 

dat dat optreden it hichtepunt fan de jûn wurde sil



De Belgyske groep All Star Wedding Band

is fan de willepunk, 

sadat hast elkenien de punk leuk fynt.

De polonêse dus, nei 3 nûmers al, en ik heakje ôf.

Ik doch trije stappen efterút en letter noch folle mear.

Machtich moai dat safolle oaren dat wol leuk fine.

In protte jongfolk dêr, dat is om bliid fan te wurden.

It lûd wie yn earsten ek min bij dizze band

se bleaunen oan it sykjen mei de gelûdsman.

It lêste healoerke noch efkes sjoen

en doe it lûd in stik better, 

mar ik stie no ek oan de oare kant fan de seal.

Mar hawar, ik hearde nûmers fan Guus Meeuwis,

John Denver, Brian Adams, the Ramones en sels Abba

as punk.


Gesellich is it  altyd yn Itens

en dat wie ek no sa.

It wie werom op de fyts net kâld en ek net glêd.


Oh ja: Rocker Tiede van der Velde mocht  ek noch efkes meidwaan

en dat wie sfearferheegjend




1 opmerking:

blogger zei

Alle tank oan dizze geweldige man mei de namme Dr. Agbazara, de grutte tsjoender, dy't de freugde yn my werom brocht hat troch my te helpen myn leafste werom te bringen dy't fjouwer moannen lyn mei my útmakke hat, mar no by my is mei de help fan Dr. Agbazara, de grutte leafdes tsjoender. Alle tank giet út nei him, jo ​​kinne ek kontakt mei him opnimme foar help as jo him nedich binne yn tiden fan problemen fia: 📧 ( agbazara@gmail.com ) jo kinne ek WhatsApp: ( +2348104102662 )