zondag 25 januari 2026

In boek foar alle leeftiden

Ien fan myn favorite skriuwers is Joël Dicker

It is in jonge skriuwer út Switserlân

en hij skriuwt detektifs

Fia de byb krij ik troch dat hij in nij boek hat

Oanfreegje dus en woansdeitemoarn kin ik it boek helje

Freedtemoarn haw ik it út.

Fermaaklik boek mei in hiel soad  temas

In boek foar alle leeftiden stiet derop.

Fan 7 oant 80.....

Ik bin benijd at dat sa is 

en set dat freedtemiddei yn de famylje app

mei de klam op it feit

dat it foar bern fanôf  7 jier  geskikt is

Ek foar âlders fan dy bern fansels

Binnen 5 minuten jout Jelske fan 14 oan

"dat wol ik wol lêze"

Ek Samme fan 9 is in lêzer en hij seit Ja

Uterlik 11-2 moat it boek werom en dat haw ik oanjûn

Trochlêze dus, om oaren ek de kâns te jaan.

Sneontemoarn kom ik dochter Hildau tsjin

"ik haw it út, it wie prachtich, it lêst ek sa flot"

Dit giet moai









1 opmerking:

blogger zei

Alle tank oan dizze geweldige man mei de namme Dr. Agbazara, de grutte tsjoender, dy't de freugde yn my werom brocht hat troch my te helpen myn leafste werom te bringen dy't fjouwer moannen lyn mei my útmakke hat, mar no by my is mei de help fan Dr. Agbazara, de grutte leafdes tsjoender. Alle tank giet út nei him, jo ​​kinne ek kontakt mei him opnimme foar help as jo him nedich binne yn tiden fan problemen fia: 📧 ( agbazara@gmail.com ) jo kinne ek WhatsApp: ( +2348104102662 )