woensdag 14 januari 2026

Fuort


Wêr binne dy letters?

wêr binne dy wurden?

wêr is it gedicht?


Wie it de wyn?

wie it de rein?

wie it net wetterticht?


in treasteleas stikje metaal

dat is wêr't ik no fan baal


ik wol hjir graach nije poezij

oer de iisbaan en de riderij

ik wol wurden dy't wetterfûgels beskriuwe

ik wol wer teksten dy't hjir foar altiid bliuwe

Geen opmerkingen: