woensdag 25 juni 2025

Jonge

 


Bin noch wat dwaande mei stikjes yn de kranten oer Wommels

Fanôf it jier 1954 sykje ik dat wat út

Bin no yn 1962

Dêr kom ik boppesteande stikje tsjin

Tilkema wurdt boargemaster yn Oldemarkt

Moaie boel wie dat.

Dy gemeente Oldemarkt berôve mij fan in klasgenoat

Sjoerd Tilkema

Sjoerd en ik wiene de ienige twa jonges

Nei klas 2 giet hij fuort

Ik bliuw allinne oer mei 5 famkes

Pas yn klas 6 (de lêste klas doe)

krij ik wer selsskip fan in jonge.

De herfoarme en grifformeard komme bijelkoar 

In hânfol famkes derbij en ien jonge

Jan Joustra


Geen opmerkingen: